Springe nei ynhâld

Carlisle (Ingelân)

Ut Wikipedy
Carlisle
Loftfoto fan it sintrum fan Carlisle.
Loftfoto fan it sintrum fan Carlisle.
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Lânsdiel Ingelân
Regio Noardwest-Ingelân
Greefskip Kumbria
Distrikt Carlisle
Sifers
Ynwennertal 75.306 (2011)
Stêdekloft 108.000 (2011)
Oar
Stifting Aldheid
Tiidsône UTC
Simmertiid UTC +1
Koördinaten 54°53′28″N 2°56′38″W
Offisjele webside
www.carlisle.gov.uk
Kaart
Carlisle (Kumbria)
Carlisle
De lizzing fan Carlisle yn Ingelân en it greefskip Kumbria.

Carlisle (útspr.: [kɑ(ɹ)'lail], likernôch "karlail" of "kaalail", mei de klam op it twadde wurdlid) is in stêd yn noardwestlik Ingelân en de haadstêd fan it greefskip Kumbria. It is ek it bestjoerssintrum fan it stedsdistrikt Carlisle (City of Carlisle), in borough fan it greefskip Kumbria. Carlisle, dat as bynamme de Great Border City (de "Grutte Grinsstêd") fiert, leit op it plak dêr't in trijetal rivierkes gearfloeie, 16 km besuden de Skotske grins. It is it grutste plak fan Kumbria en neffens gegevens fan 'e Britske folkstelling fan 2011 doe goed 75.000 ynwenners.

De namme 'Carlisle' is in ferbastering fan it Kumbryske Caer Luel, dat wer basearre wie op 'e âlde Romeinske namme fan it plak, Luguvalium. Dêrút hawwe taalkundigen de wierskynlik oarspronklike Brytoanyske namme rekonstruëarre, *Luguwaljon, dat "krêft fan (de god) Lugus" betsjut.

Carlisle leit yn it noardlike part fan Kumbria, yn it gebiet dat oant 1974 it greefskip Kumberlân foarme. De stêd is sitewearre op it plak dêr't trije rivierkes, de Eden, de Caldew en de Petteril, gearstreame. Carlisle leit 16 km besuden de Skotske grins, en 150 km súdlik fan Glasgow. Newcastle-upon-Tyne leit 90 km nei it easten, en Lancaster leit op 114 km ôfstân yn súdlike rjochting.

It Kastiel fan Carlisle.

Yn 'e Aldheid tsjinne de delsetting Carlisle as befoarriedingsplak foar de Romeinske fêstings by de Muorre fan Hadrianus lâns. Yn 'e Midsiuwen ûntjoech Carlisle him ta in wichtich militêr bolwurk fanwegen de neite ta de Skotske grins. Yn 1092 waard yn oprdacht fan 'e Ingelske kening Willem Rufus it Kastiel fan Carlisle boud, dat noch altyd relatyf yntakt is. Kening Hindrik I stie yn 'e iere tolfde iuw de stifting fan in priorij te Carlisle ta. Yn 1133, doe't it Bisdom Carlisle stifte waard en de priorij ferheft waard ta katedraal, krige Carlisle tagelyk dêrmei stedsrjochten taparte.

Fral yn 'e snuorje fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen (1296-1357) wie Carlisle in fêstingstêd fan grut belang, dy't ferskate kearen troch de Skotten belegere waard. Sa sloech de doetiidske kastelein fan it Kastiel fan Carlisle, Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, yn maart 1296 in Skotske oanfal ôf, wylst syn soan, de Skotske kening Robert I, Carlisle yn 1315 sels belegere. Yn 1568 waard de Skotske keninginne Marije I tydlik op it Kastiel fan Carlisle finzen holden nei't hja de wyk nommen hie nei Ingelân. Letter waard yn it kastiel it Ingelske Rezjimint fan de Hartoch fan Lancaster legere.

Under de Yndustriële Revolúsje begûn yn Carlisle mei de opkomst fan 'e tekstylyndustry in proses fan sosjaal-ekonomyske feroaring. De stêd ûntjoech him ta in tichtbefolke plak dêr't it optilde fan 'e katoenspinnerijen. Tegearre mei syn strategyske geografyske lizzing joech dat Carlisle de kâns om him te ûntwikkeljen ta in wichtich spoarkrúspunt. Tsjintwurdich is Carlisle it kulturele, kommersjele en yndustriële sintrum fan Kumbria, dêr't in ferskaat oan ûnderwiisynstellings en museä fêstige binne.

Carlisle hat in wiet seeklimaat, mei koele simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 19,5 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 1,3 °C. De stêd kriget jiers trochinoar 827 mm delslach, dat soms mei bakken tagelyk omleech komt en wettersneed feroarsaket. Dat wie benammen it gefal yn begjin desimber 2015, en earder ek yn 2005 en 1822.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.