Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl

Ut Wikipedy
Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ±1266
berteplak Atholl (Skotlân)
stjerdatum 7 novimber 1306
stjerplak Londen (Ingelân)
dynasty Hûs fan Strathbogie
etnisiteit Skotsk
Flaamsk
Frânsk
Ingelsk
Normandysk
Oksitaansk
greve fan Atholl
amtsperioade 12701306
foargonger David I
opfolger David II

Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl (Ingelsk: John de Strathbogie; Atholl (Skotlân), ±1266Londen (Ingelân), 7 novimber 1306) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen focht. Hy wie in meistanner fan 'e ferneamde Skotske kening en frijheidsstrider Robert de Bruce. Yn 1306 waard er troch de Ingelsen kriichsfinzen nommen en eksekutearre.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan fan Strathbogie waard omtrint 1266 berne yn 'e krite Atholl, yn Perthshire, as de soan fan David I fan Strathbogie, greve fan Atholl, en dy syn frou Isabella, de dochter fan 'e Ingelske ealman Richard fan Dover, baron fan Chilham, dy't lânerijen hie yn Kent. Fia syn memme famylje wie Jan fan Strathbogie de betoerpakesizzer fan kening Jan sûnder Lân fan Ingelân. Nei syn heite ferstjerren, om 1270 hinne, waard hy greve fan Atholl.

Yn 1284 joech Atholl him by de Skotske eallju dy't Margareta, de saneamde 'Faam fan Noarwegen', as kroanprinsesse fan Skotlân en erfgenamte fan har pake Aleksander III erkenden. Nei't yn 1290 troch Margareta har ûntidich ferstjerren de Skotske troan fakant rekke wie, ûntjoech er him ta in oanhinger fan Jan fan Balliol, byneamd Jan Leechmantel, dy't yn 1292 ûnder de saneamde 'Grutte Kwestje' (Great Cause) troch de Ingelske kening Edwert I op 'e Skotske troan holpen waard. Edwert ferwachte fan 'e nije kening lykwols hearrigens as fazal, mar dat wie foar de Skotten ûnfertarber.

Sadwaande briek yn 1296 de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch út. Yn maart fan dat jier focht Atholl mei yn 'e Slach by Dunbar, dêr't it Skotske legertroch Edwert fan Ingelân ferslein en hysels kriichsfinzen nommen waard. Nei't er in jier yn 'e Toer fan Londen finzen holden wie, waard er frijlitten op betingst dat er Edwert tsjinje soe by dy syn fjildtocht fan 1297 tsjin 'e Frânsen yn Flaanderen.

Yn 1305 brocht Atholl Edwert I hulde foar syn lânerijen te Lesnes, yn Kent, mar neitiid kearde er werom nei Skotlân. Dêr joech er him begjin 1306 by syn sweager Robert fan Bruce, greve fan Carrick, nei't dy op 10 febrewaris 1306 yn 'e Greyfriars Kirk yn Dumfries syn foarnaamste rivaal Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch, fermoarde hie. Op 25 maart wie Atholl te Scone oanwêzich by en wurke er boppedat aktyf mei oan 'e kroaning fan Bruce ta kening Robert I fan Skotlân. Dêrnei waarden syn lânerijen troch de Ingelske Kroan konfiskearre.

Neitiid bleau Atholl oant de simmer yn it gefolch fan 'e nije kening. Yn juny 1306 waard Robert lykwols troch de Ingelsen ferslein yn 'e Slach by Methven, en yn augustus kaam de fijân him oer it mad te Strathfillan, dêr't er beskûl socht hie, en moast er halje-trawalje flechtsje. Dêrnei gie er mei syn meast fertroude folgelingen ûndergrûnsk. De froulju en bern dy't diel útmakken fan syn selskip stjoerde Robert doe ûnder beskerming fan syn broer Neil en Atholl nei it Kastiel fan Kildrummy. Dêrûnder wiene Robert syn frou Elizabeth fan Burgh, syn jonge dochter Marjorie, syn susters Marije en Kristina en Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan.

Hja waarden lykwols yn Kildrummy belegere, en Atholl waard nei de fal fan it Kastiel fan Kildrummy kriichsfinzen nommen, al wolle guon boarnen hawwe dat dat al yn 'e Slach by Methven bard wie. Yn elts gefal waard er as finzene nei Londen ta oerbrocht. Dêr waard er op 7 novimber 1306 ophongen oan in galge dy't tritich foet heger wie as gebrûklik. Dat wie om Atholl syn hegere status as syn mei-finzenen oan te tsjutten, mei't it de earste kear yn 230 jier wie dat der yn Ingelân in greve eksekutearre wie. Nei syn dea waard Atholl syn lichem ferbaarnd (in teken fan minachting yn in tiid dat men leaude dat foar de weropstanning út 'e dea oan 'e Ein fan de Tiden in fysyk lichem nedich wie). Syn holle waard op in speetse setten op 'e Brêge fan Londen.

Houlik en neiteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl wie troud mei Margareta fan Mar. Dat wie de dochter fan Donald I, greve fan Mar, en de suster fan Isabella fan Mar, de earste frou fan Robert I fan Skotlân. Hja hiene twa soannen en in dochter:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.