Edwert fan Bruce (hege kening fan Ierlân)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Edwert fan Bruce
Crown linear.svg ealman en/of hearsker
nasjonaliteit Royal arms of Scotland.svg Skotsk
bertedatum ±1279
berteplak Kastiel fan Turnberry (Skotlân)
stjerdatum 14 oktober 1318
stjerplak Faughart (Ierlân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Flag of Normandy.svg Normandysk
Flag of Scotland.svg Skotsk
Flag of Ireland.svg Iersk
hege kening fan Ierlân
regear 13161318
foargonger amt fakant
opfolger amt fakant
greve fan Carrick
amtsperioade ±13111318
foargonger Robert VII
opfolger Robert VII (op 'e nij)

Edwert fan Bruce (Ingelsk: Edward Bruce, Normandysk-Frânsk: Edward de Brus; Skotsk-Gaelysk: Iomhair Bruis; Iersk: Edubard a Briuis; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), ±1279Faughart (Ierlân), 14 oktober 1318) wie in Skotsk ealman dy't oan heitekant ek fan Normandysk en Iersk etnysk komôf wie. Hy wie in jongere broer fan 'e ferneamde Skotske kening Robert I, en focht mei yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin Ingelân. Sa joech er û.m. lieding oan 'e Skotske ynfaazje fan (it troch de Ingelsen bestjoerde) Ierlân, en wied er koart hege kening fan Ierlân. Hy sneuvele yn 1318 yn 'e Slach by Faughart.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edwert waard omtrint 1279 berne yn Carrick, yn súdwestlik Skotlân, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, dat de residinsje fan 'e greven fan Carrick wie. Hy wie in soan fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, en dy syn frou Marjorie, grevinne fan Carrick. Dêrmei wied er in jongere broer fan kening Robert I fan Skotlân, dy't yn 1306, ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin Ingelân, op 'e troan kaam. Hy en syn broer Neil (ek Niall of Nigel) wiene de twadde en trêde soannen yn it gesin, mar it is ûndúdlik wa't fan har beiden de âldste wie. Mei't fostering (it útbesteegjen fan in part fan 'e opfieding fan jins bern oan in oare famylje) in âld Keltysk gebrûk wie, leit it neffens de Ierske histoarikus Seán Duffy foar de hân dat Edwert as bern in hoart grutbrocht waard troch in aadlike famylje yn Ierlân, wierskynlik de O'Neills fan Ulster. In oare skiedkundige, Archie Duncan, hat suggerearre dat Edwert in skoft trochbrocht is by de Bissetts fan Antrim.

Oarloch yn Skotlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch focht Edwert mei syn broer Robert en oare leden fan syn famylje om 'e Skotske troan foar it Hûs Bruce te winnen en de Ingelsen út Skotlân te ferdriuwen. Yn 1306 en 1307 wied er datoangeande belutsen by in guerrilja-oarloch tsjin 'e besetters yn it súdwesten fan it lân. Yn dyselde snuorje waarden trije fan syn bruorren, Neil, Aleksander en Tomas, troch de Ingelsen kriichsfinzen nommen en terjochtsteld foar ferrie, wylst syn suster Marije fjouwer jier lang yn in koai yn 'e iepen loft op it binnenplak fan it Kastiel fan Roxburgh finzen holden waard.

Edwert spile in wichtige rol by de ferovering fan ferskate troch de Ingelsen beset holden kastielen yn súdwestlik Skotlân, wêrûnder it Kastiel fan Rutherglen, yn 1313. Yn 1314, doe't er it Kastiel fan Stirling belegere, sleat er in oerienkomst mei de Ingelske kastlein, Filips fan Mowbray, wêrby't dy deryn tastimde en jou de fêsting oer as er foàr 24 juny fan dat jier net ûntset wie. As tsjinprestaasje liet Edwert by dy gelegenheid in koerier fan Mowbray troch om 'e Ingelske kening Edwert II fan 'e stân fan saken op 'e hichte te bringen. Dat liket efternei in dryste ûndernimming fan Edwert fan Bruce, mar it betearde goed, want doe Edwert II mei in leger opteach om it Kastiel fan Stirling te ûntsetten, waard er troch it Skotske leger opwachte en waarden de Ingelsen yn 'e ferneamde Slach by Bannockburn ferneatigjend ferslein. Yn dy slach fierde Edwert fan Bruce it befel oer in diel fan it Skotske fuotfolk.

Persoanlike oangelegenheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earne tusken 1309 en 1313 waard Edwert troch syn broer Robert ferheft ta greve fan Carrick, in titel dy't earder droegen wie troch harren pake oan memmekant Neil fan Carrick, doe troch harren mem (en neitiid troch syn houlik mei har ek troch harren heit), en sûnt 1292 troch Robert sels. Edwert hie yn dizze snuorje ek in relaasje mei Isabella fan Strathbogie, dochter fan Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl, dêr't in soan út fuortkaam, Aleksander fan Bruce, dy't letter ek greve fan Carrick wurde soe. It is noch altyd net dúdlik oft Edwert en Isabella troud wiene, of dat hja syn mêtresse wie. De measte moderne histoarisy omskriuwe Aleksander as in oerwûn bern, mar it soe skoan kinne dat soks krekt reden wie foar syn âlden om te trouwen. Der binne dokuminten oerlevere dêr't út blykt dat Edwert yn 1317 dispensaasje ûntfong om te trouwen mei Isabella fan Ross, dochter fan Willem II, greve fan Ross, mar dat wie nei de wierskynlike stjerdatum fan Isabella fan Strathbogie. It is tige twifelich dat dit twadde houlik wier plakfûn hat, mei't Edwert doedestiden op fjildtocht yn Ierlân wie. Der besteane lykwols histoaryske dokuminten dy't derop wize dat der in twadde soan, in Tomas, út dit twadde houlik berne waard. Mar oer him is fierders neat bekend.

Oarloch yn Ierlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin 'e iere fjirtjinde iuw hie Ierlân al mear as 120 jier gjin algemien erkende hege kening mear hân, net sûnt Ruaidri mac Tairrdelbach Ua Conchobair (Ingelsk: Rory O'Connor) yn 1186 ôfset wie. It lân wie ferdield yn in stikmannich lytse keninkrykjes en gebieten dy't bestjoerd waarden troch Anglo-Ierske eallju. Yn namme stie it hiele eilân ûnder Ingelsk bestjoer, mar de Ingelske Kroan hie yn 'e praktyk yn Ierlân net folle yn 'e molke te krommeljen, sels net yn 'e gebieten fan Anglo-Normandyske eallju, dy't yn Ierlân (ta ôfgriis fan eltse oprjochte Ingelsman) sterk de niging hiene om te ferierskjen.

De Skotske ynfaazje fan Ierlân, yn 1315, moat yn it ljocht sjoen wurde fan 'e Ierske famyljerelaasjes fan Edwert en syn broer Robert. Sa wie Robert troud mei Elizabeth fan Burgh, de dochter fan Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster, mar folle wichtiger wie dat beide bruorren oan heitekant ôfstammen fan leden fan ferskate Ierske keningshuzen, wêrûnder Eva fan Leinster (†1188), kening Brian Boru fan Munster en de keningen fan Leinster. Oan memmekant skaaiden de bruorren út 'e âlde keningen fan Galloway, dy't sels wer in tûke wiene fan 'e keningen fan Man en de Eilannen (deselde oarsprong dêr't ek Skotske klans as de MacDonalds en de MacDougalls út fuortkamen). Yn dy tiid bestie der noch gjin dúdlik etnysk of taalkundich ûnderskie tusken de Ieren en de Gaelen fan westlik Skotlân. Sadwaande propagearre Robert in pan-gaelyske uny fan Skotlân, Ierlân en it eilân Man.

Op polityk-militêr flak hie de ynfal yn Ierlân ta doel om in twadde front yn 'e oarloch tsjin 'e Ingelsen te iepenjen, dat Ingelân derta bringe soe syn gruttere mankrêft en materieel yn 'e boaiemleaze put fan in Iersk konflikt te smiten. Doe't de Ingelsen yn jannewaris 1315 it strategyske eilân Man, yn 'e Ierske See, weroveren op 'e Skotten, waard it Ierske front foar de Skotten bittere needsaak. Dêrby kaam noch dat der in formeel fersyk om stipe binnenkommen wie fan Donal mac Brian O'Neill, de kening fan Tyrone (in krite yn Ulster), dy't yn 'e benearing kommen wie troch ynfallen fan Anglo-Ierske eallju yn syn gebiet.

Sadwaande lâne Edwert fan Bruce op 26 maaie 1315 mei in leger fan mear as 6.000 man op 'e kust fan Ulster. Dêr loeken de ferskate Anglo-Ierske eallju út dy krite in leger tsjin gear, dat ûnder befel pleatst waard fan Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster, de skoanheit fan syn broer. In diel fan it Skotske leger ûnder Tomas Randolph, 1e greve fan Moray, makke lykwols koarte metten mei harren. Yn july krige de greve fan Ulster fersterking fan Felim mac Aedh Ua Conchobair, de kening fan Konnacht. Mar Edwert wegere snoad genôch om it op in iepen fjildslach oankomme te litten. Ynstee stokele er yn it Konnachtske kamp, dêr't er de rivalisearjende troanpretendint Cathal Ua Conchobair syn stipe ûnthiet, wat yn Konnacht ta in boargeroarloch late. Dat ûntsei de greve fan Ulster de stipe fan sawol kening Felim as fan Anglo-Ierske eallju út Konnacht, dy't har nei hûs ta hastigen om har besittings te beskermjen. Neitiid koe Edwert yn septimber ôfweve mei de restearjende troepen fan 'e greve fan Ulster.

Begjin novimber fersloech Edwert fierders Roger Mortimer, 1e greve fan March, yn 'e Slach by Kells. Dyselde hie ek diel útmakke fan it Ingelske leger dat by Bannockburn ferslein wie; hy wie dêrby troch de Skotten kriichsfinzen makke, mar op frije fuotten steld om it Ingelske keninklike segel, dat ek troch de Skotten bútmakke wie, oan kening Edwert II werom te jaan, by wize fan teken fan goede wil. Fanwegen de Skotske oerwinning by Kells begûn de Ingelske gûverneur fan Ierlân, Jan fan Hothum, biskop fan Ely, de stêd Dublin op in Skotske belegering ta te rieden. Doe't se de stêd Kells plondere hiene, diene de Skotten itselde mei Granard en oare plakken. Nei in relatyf rêstige rite yn it winterskoft en de maityd fan 1316 waard Edwert fan Bruce yn juny ta hege kening fan Ierlân kroane. Syn macht soe lykwols altyd beheind bliuwe ta it gebiet dat er militêr behearske, mei't de súdlike Ieren mar kwealk ferskil seagen tusken in Ingelske en in Skotske oerhearsking.

Om't tsjin dy tiid de Grutte Ierske Hongersneed fan 1315-1317 it lân 'e greep begûn te krijen, en grutte legers fan gefolgen suver net befoarriede wurde koene, fûnen der yn 1316 en 1317 mar amper gefjochtshannelings plak. Oan 'e ein fan 'e simmer fan 1318 marsjearre Jan fan Bermingham, 1e greve fan Louth, lykwols mei farske Ingelske troepen op tsjin 'e Skotske legermacht fan Edwert. Op 14 oktober troffen de beide legers inoar yn 'e Slach by Faughart, dy't útrûn op in nederlaach foar de Skotten. Edwert sneuvele op it slachfjild, en syn lichem waard neitiid troch de Ingelsen yn stikken houd. De fjouwer fearnen waarden nei fjouwer ferskillende Ierske stêden tabrocht, wylst de holle opstjoerd waard nei kening Edwert II, en sadwaande yn Londen bedarre. Neitiid waarden de lichemsdielen fan Edwert fan Bruce wer gearbrocht en begroeven op it tsjerkhôf fan Faughart, op it Cooley-skiereilân, by de stêd Dundalk, yn it greefskip Louth. De Skotske nederlaach waard yn 'e measte doetiidske Ierske annalen omskreaun as in geweldich ding foar Ierlân, mei't it in ein makke oan 'e geduerige plondertochten en hongersneden dêr't it miene folk fan Ierlân troch de oanhâldende striid ûnder litte.

Foarâlden fan Edwert fan Bruce[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Willem fan Bruce, 3e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
8. Robert fan Bruce, 4e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Kristina
 
 
 
 
 
 
 
4. Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. David fan Skotlân, 8e greve fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 
 
9. Isabella Canmore, grevinne fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Maud fan Kevelioc, paltsgrevinne fan Chester
 
 
 
 
 
 
 
2. Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Richard fan Clare, 4e greve fan Hertford
 
 
 
 
 
 
 
10. Gilbert fan Clare, 5e greve fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Amice FitzRobert
 
 
 
 
 
 
 
5. Isabella, grevinne fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Willem Marshal, 1e greve fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
11. Isabel Marshal, grevinne fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Isabella fan Clare, grevinne fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
1. Edwert fan Bruce
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Duncan, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
12. Cailean, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
6. Neil, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
13. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
3. Marjorie, grevinne fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Alan FitzWalter, 2e grutsteedhâlder fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
14. Walter Stewart, 3e grutsteedhâlder fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Alesta, grevinne fan Mar
 
 
 
 
 
 
 
7. Margareta Stewart, frouwe fan Dundonald
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Gille Críst, greve fan Angus
 
 
 
 
 
 
 
15. Bethóc, grevinne fan Angus
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Marjorie, grevinne fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.