Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale
Robert fan Bruce | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | ±1210 | |
berteplak | ûnbekend | |
stjerdatum | 31 maart 1295 | |
stjerplak | Lochmaben (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | Normandysk Skotsk Iersk | |
hear fan Annandale | ||
amtsperioade | ±1230 – 1292 | |
foargonger | Robert IV | |
opfolger | Robert VI | |
hear fan Ireby | ||
amtsperioade | 1273 – 1295 | |
kastelein fan it Kastiel fan Carlisle | ||
amtsperioade | ±1230 – 1255 1267 – 1295 |
Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale, byneamd Robert de Nommele (Ingelsk: Robert Bruce, Normandysk-Frânsk: Robert de Brus; ±1210 – Lochmaben (Skotlân), 31 maart 1295), wie in Skotsk ealman fan Normandysk (en foar in diel ek Iersk) komôf, dy't by syn libben ferskate hege funksjes beklaaide yn sawol Skotlân as Ingelân. Nei't de Skotske troan yn 1290 leech rekke wie, wurp hy him op as ien fan 'e rjochthawwers op it keningskip, mar lei it dêrby ôf tsjin Jan fan Balliol. Sadwaande loek er him yn 1292 desyllúzjonearre werom út 'e Skotske polityk. Syn pakesizzer kaam yn 1306 op 'e Skotske troan as Robert I.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Annandale waard omtrint 1210 berne as de soan fan Robert fan Bruce, 4e hear fan Annandale, en Isabella fan Skotlân, grevinne fan Huntingdon. Hy wie de pakesizzer fan David fan Skotlân, greve fan Huntingdon, de oerpakesizzer fan Hindrik fan Skotlân, greve fan Huntingdon, en de betoerpakesizzer fan kening David I fan Skotlân. Behalven hear fan Annandale, yn Skotlân, wied er ek hear fan Hartlepool (ek wol bekend as Hartness), yn it Noardingelske greefskip Durham, en fan Writtle en Hatfield Broad Oak yn it Súdingelske Esseks. Yn 1240 troude Annandale mei Isabella fan Clare, de dochter fan Gilbert fan Clare, 4e greve fan Hertford en 5e greve fan Gloucester. De breidsskat omfieme û.m. it doarp Ripe, yn Susseks.
Yn Ingelân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't in grut diel fan syn lânerijen yn Ingelân leine, bemuoide Annandale him ek mei de Ingelske polityk. Sa wied er oant 1255 kastelein fan it keninklike Kastiel fan Carlisle, yn Kumbria. Under de Twadde Baronne-oarloch, in opstân ûnder lieding fan Simon fan Montfort, 6e greve fan Leicester, dêr't in oansjenlik diel fan 'e Ingelske adel yn behelle wie, focht Annandale oan 'e kant fan kening Hindrik III, en waard er yn 'e Slach by Lewes, yn 1264, troch de opstannelingen kriichsfinzen makke. Neitiid moast syn soan en erfgenamt, dy't ek Robert fan Bruce hiet, him tsjin in hege lospriis frijkeapje fan nota bene Annandale syn eigen broer Bernard en syn omkesizzer Gilbert fan Clare, 7e greve fan Gloucester, dy't har by de opstân oansletten hiene.
Nei de nederlaach fan 'e opstannige eallju yn 'e Slach by Evesham, yn 1265, koe Annandale syn lânerijen fierder útwreidzje, doe't er guon yn beslach nommen besittings fan 'e opstannelingen Walter fan Fauconberg, Jan fan Melsa en syn eigen broer Bernard fan Hindrik III taparte krige. Dit wie perfoarst in beleanning foar syn trou oan 'e kening, mar miskien moat it ek sjoen wurde as kompinsaasje foar de lospriis dy't Annandale syn famylje foar him ophoastje moatten hie. Yn 1267 beneamde Hindrik III Annandale ek op 'e nij ta kastelein fan it Kastiel fan Carlisle. It tinken is dat Annandale him neitiid by de krústocht joech dy't de Ingelske prinsen Edwert en Edmond de Bochel fan 1270 oant 1274 ûndernamen.
Yn Skotlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei alle gedachten kearde Annandale foartidich fan dy Njoggende Krústocht werom, mei't er yn 1273 wertroude, nei't er widner wurden wie. De breid wie diskear Kristina fan Ireby, de erfdochter fan Willem fan Ireby, dy't as har breidsskat de hearlikheid Ireby, yn Kumberlân, meibrocht. Hja hie sels ek earder troud west, en wie de widdo fan in Adam Jesmond, sheriff fan Noardumberlân. Nei it sluten fan syn twadde houlik liket Annandale him op syn Skotske lânerijen nei wenjen set te hawwen, wylst er it bewâld oer syn besittings yn Ingelân oan syn soannen oerliet. Yn Skotlân moat Annandale ûnder de minderjierrigens fan syn efterneef, kening Aleksander III, tusken 1249 en 1259, in skoft regint west hawwe, mar wannear krekt, is net bekend. Hy wie it naust besibbe manlike famyljelid fan 'e kening oant de berte, yn 1260-er jierren, fan Hugo fan Balliol, en waard dêrom lange tiid as erfgenamt fan 'e Skotske troan beskôge, oant Aleksander sels trije bern oansette.
Lykwols stoaren dy bern yn 'e 1280-er jierren alletrije binnen in pear jier. Dêrop wist Aleksander III fan 'e Steaten fan Skotlân dien te krijen dat se syn pakesizzer Margareta, de saneamde 'Faam fan Noarwegen', as syn erfgenamte erkenden. Al syn krewearjen bliek lykwols om 'e nocht doe't er yn 1286 sels hommels ferstoar by de fal fan syn hynder, en de sânjierrige Margareta fjouwer jier letter it libben liet doe't se fan Noarwegen nei Skotlân brocht waard. Dêrtroch ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau om't der ferskate pretendinten wiene dy't har oanspraken op it keningskip jilde lieten. De beide wichtichsten wiene Jan fan Balliol en Annandale sels, dy't de ôfstamming fia Margareta, resp. Isabella fertsjintwurdigen, de beide oerpakesizzers fan kening David I.
Yn 1292, besleat Edwert I fan Ingelân, dy't him op fersyk fan 'e saneamde beskermhearen fan Skotlân oer de saak bûgd hie, dat de Skotske troan oan Jan fan Balliol jûn wurde moast. Dat moat foar Annandale as in rare snútslach kommen wêze, temear om't er de Ingelske kening fuortendaliks hulde dien hie doe't dy yn 'e saak belutsen waard, wylst Jan fan Balliol it der datoangeande op oankomme litten hie. Suver fuort dêrnei joech Annandale net inkeld syn oanspraak op 'e Skotske troan op, mar ek syn hearskippij oer de hearlikheid Annandale, mooglik sadat er net trou hoegde te swarren oan syn efterneef Jan. Sawol de troanoanspraken as de hearlikheid Annandale waarden doe oernommen troch syn soan Robert, wylst syn pakesizzer, ek al in Robert, doe fan syn heit it regear oer it greefskip Carrick oernaam.
Lêste jierren en dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't er ôfstân dien hie fan syn persoanlike oanspraken op 'e Skotske troan, loek Annandale him yn noardlik Ingelân werom. Der is net folle bekend oer wat er dêr útfûn, mar yn elts gefal binne der dokuminten oerlevere, dêr't út blykt dat er yn 1292 in merk hâlde liet yn Ireby, en yn 1293 ien yn Hartlepool. Hy stoar yn 1295 op it Kastiel fan Lochmaben, yn Galloway, yn 'e âlderdom fan omtrint 85 jier, en waard begroeven yn 'e Priorij fan Gisborough, yn Cleveland.
Houliken en neiteam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale, troude op 12 maaie 1240 mei Isabella fan Clare (1226-nei 1264 en foàr maaie 1273), de dochter fan Gilbert fan Clare, 4e greve fan Hertford en 5e greve fan Gloucester en Isabella Marshal, grevinne fan Pembroke. Ut dat houlik kamen der folgjende bern fuort:
- Isabella fan Bruce (1249-±1284), troude mei de ridder Jan FitzMarmaduke fan Horden, Eighton, Lamesley, Ravensholm en Silkworth (yn it greefskip Durham), sheriff fan Noard-Durham en mei-warder oarekant de Skotske See tusken de Firth fan Forth en de Orkney-eilannen, dy't û.m. oan 'e Ingelske kant focht yn 'e Slach by Falkirk en letter fan 1310 oant syn dea de Ingelske gûverneur fan Perth wie.
- Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale en greve fan Carrick (1253-1304), troude mei Marjorie, grevinne fan Carrick en wie de heit fan û.m. kening Robert I fan Skotlân.
- Willem fan Bruce (125?-1???), troude mei Elizabeth fan Sully, mar krige gjin bern.
- Bernard fan Bruce, hear fan Connington (125?-1???), troude (1) mei Alisia fan Clare; (2) mei Konstânse fan Morleyn; hie ien soan, Jan fan Bruce, hear fan Exton.
- Richard fan Bruce (125?-1287), wie net troud en hie gjin bern.
Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale, wertroude op 3 maaie 1273 op it Kastiel fan Hoddam, yn 'e neite fan Glasgow, mei Kristina fan Ireby (†1305), erfdochter fan Willem fan Ireby. Ut dit houlik gjin bern. Nettsjinsteande ferskate teoryen bestiet der gjin histoarysk dokumintearre bewiis dat Annandale noch fierdere (oerwûne) bern hie.
Foarâlden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]16. Robert fan Bruce, 1e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
8. Robert fan Bruce, 2e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
17. Agnes fan Pagnell | ||||||||||||||||
4. Willem fan Bruce, 3e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
18. ûnbekend | ||||||||||||||||
9. Eufemia fan Aumale | ||||||||||||||||
19. ûnbekend | ||||||||||||||||
2. Robert fan Bruce, 4e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
10. ûnbekend | ||||||||||||||||
5. Kristina | ||||||||||||||||
11. ûnbekend | ||||||||||||||||
1. Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
24. David I, kening fan Skotlân | ||||||||||||||||
12. Hindrik fan Skotlân, 3e greve fan Huntingdon | ||||||||||||||||
25. Maud, 2e grevinne fan Huntingdon | ||||||||||||||||
6. David fan Skotlân, greve fan Huntingdon | ||||||||||||||||
26. Willem fan Warenne, 2e greve fan Surrey | ||||||||||||||||
13. Ada fan Warenne, grevinne fan Surrey | ||||||||||||||||
27. Elizabeth fan Fermandeezje, grevinne fan Leicester | ||||||||||||||||
3. Isabella fan Skotlân, grevinne fan Huntingdon | ||||||||||||||||
28. Ranulf fan Gernon, 4e paltsgreve fan Chester | ||||||||||||||||
14. Hugo fan Kevelioc, 5e paltsgreve fan Chester | ||||||||||||||||
29. Maud fan Gloucester, paltsgrevinne fan Chester | ||||||||||||||||
7. Maud fan Kevelioc, paltsgrevinne fan Chester | ||||||||||||||||
30. Simon III fan Montfort, hear fan Evreux | ||||||||||||||||
15. Bertrande fan Montfort, frouwe fan Evreux | ||||||||||||||||
31. ûnbekend | ||||||||||||||||
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |