Springe nei ynhâld

Kristoffel fan Seton

Ut Wikipedy
Kristoffel fan Seton
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Ingelsk
bertedatum 1278
berteplak Skelton? (Ingelân)
stjerdatum ±14 augustus 1306
stjerplak Kastiel fan Loch Doon (Skotlân)
etnisiteit Normandysk
Ingelsk

Kristoffel fan Seton (Ingelsk: Christopher Seton; Normandysk-Frânsk: Christophe de Seton; Skelton? (Ingelân), 1278Kastiel fan Loch Doon (Skotlân), ±14 augustus 1306) wie in Midsiuwsk ealman fan Normandysk-Ingelsk komôf, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen oan 'e kant fan 'e Skotten focht. Hy wie in sweager fan 'e fereneamde Skotske kening en frijheidsstrider Robert de Bruce, en waard yn 1306 yn opdracht fan kening Edwert I fan Ingelân eksekutearre.

Seton wie de âldste soan fan 'e ridder Jan fan Seton út Skelton, yn it Noardingelske greefskip Kumberlân. Syn bruorren wiene Jan en Humphrey fan Seton. Dizze tûke fan it Seton-laach hie in tradysje fan tsjinst oan it Hûs Bruce yn Yorkshire en Kumberlân, en bytiden ek yn Skotlân. (Men hat noch gjin famyljerelaasje ûntdekke kind tusken dizze Setons en Aleksander fan Seton, de gûverneur fan Berwick-upon-Tweed.)

Yn 1301, doe't er 23 jier âld wie, troude Seton mei Kristina fan Bruce, in suster fan 'e lettere Skotske kening Robert I. Dat wie foar syn breid mooglik har twadde houlik, mei't se earder mei Gartnait, greve fan Mar († 1305) troud west hawwe soe, de soan fan Donald I, greve fan Mar. Resint hawwe histoarisy it lykwols yn twifel lutsen oft dat eardere houlik wol ea wier plakfûn hat.

Under de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch wie Seton op 10 febrewaris 1306 oanwêzich doe't syn sweager Robert yn 'e Greyfriars Kirk yn Dumfries syn rivaal Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch deadie. Dêrby soe Seton eigenhandich de ridder Robert fan Comyn delslein hawwe doe't dy syn omkesizzer te help komme woe. Neitiid waarden Robert, Seton, Seton syn broer Jan en Aleksander Lindsay fan Barnweill foar de moard yn 'e Greyfriars Kirk troch paus Klemins V ekskommunisearre.

Seton wie op 25 maart 1306 te Scone ek oanwêzich by de kroaning fan Robert fan Bruce ta kening fan Skotlân. Guon boarnen neame him as ien fan 'e dielnimmers oan 'e Slach by Methven, op 19 juny datselde jiers, mar it is wierskynliker dat der him doe al yn it Kastiel fan Loch Doon befûn, dêr't er neitiid by de ferdigening belutsen wie. Loch Doon wie in wichtich kastiel foar it Hûs Bruce yn harren hoedanichheid fan greven fan Carrick, en it wie ien fan trije fêstings dy't Robert fan Bruce besocht te behâlden nei't er it mei syn kroaning iepentlik tsjin Edwert I fan Ingelân yn 'e kant set hie.

It garnizoen fan it Kastiel fan Loch Doon, ûnder de ridder Gilbert fan Carrick, moast him lykwols omtrint 14 augustus 1306 oerjaan oan 'e Ingelske belegerders. Neitiid waard Kristoffel fan Seton troch de Ingelsen ophongen. Syn lânerijen yn Kumberlân, útsein dy dy't ta de breidsskat fan syn mem heard hiene, waarden troch Edwert I oan 'e ridder Robert fan Clifford jûn. Yn 1326 waard ta oantins oan har man troch Kristina fan Bruce in lytse kapel stifte te Dumfries.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.