Margareta Drummond, keninginne fan Skotlân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Margareta Drummond
Crown linear.svg aadlik persoan en/of hearsker(esse)
nasjonaliteit Royal arms of Scotland.svg Skotsk
bertedatum ±1340
berteplak ? (Skotlân)
stjerdatum nei 31 jannewaris 1375
stjerplak ? (Skotlân)
dynasty Hûs Drummond
Hûs Bruce (troch har houlik)
etnisiteit Flag of Scotland.svg Skotsk
keninginne-gemalinne fan Skotlân
amtsperioade 13641369

Margareta Drummond (Ingelsk: Margaret Drummond; ±1340 – nei 31 jannewaris 1375) wie in Skotske ealfrouwe dy't yn 1364 troch har houlik mei kening David II keninginne fan Skotlân waard.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer Margareta is mar in bytsje bekend. Hja waard omtrint 1340 earne yn Skotlân berne as de dochter fan 'e ridder Malcolm Drummond († ±1346) en dy syn frou Margareta fan Graham, grevinne fan Menteith. Hja troude letter mei in Jan Logie fan Logie, en krige mei him in soan, dy't ek Jan Logie fan Logie hie.

Nei't se widdo wurden wie, waard se op in stuit de mêtresse fan kening David II fan Skotlân. Nei it ferstjerren fan David syn earste frou, Jehanna fan de Toer, yn 1362, troude de kening op 20 febrewaris 1364 te Inchmurdach yn Fife mei Margareta, sadat hja keninginne fan Skotlân waard.

It houlik tusken David en Margareta wie net populêr by it Skotske folk en alhielendal net by de Skotske hegerein, mei't de measte lju fan betinken wiene dat it stânsferskil tusken de kening en syn frou te grut wie en dat er himsels oan har fergoaid hie. Doe't it houlik sûnder bern bleau, liet de kening him lykwols op 20 maart 1369 fan Margareta skiede op grûn fan it feit dat sy ûnfruchtber wêze soe.

Margareta liet it dêr net by sitte, mar reizge alhiel nei Avignon ta, dêr't se oan it Pauslik Hof tsjin 'e skieding yn berop gie. Yn acht nommen dat se út har earste houlik in soan hie, stelde paus Gregoarius X har yn it gelyk, en ferklearre de yn Skotlân tsjin har útsprutsen skieding neatich. Om't syn earste houlik fan 34 jier en ferskate oare bûtenhoulikse relaasjes fan sines ek al sûnder bern bleaun wiene, hat it der alle skyn fan dat David II sels ûnfruchtber wie.

It is ûnbekend hoe't de pauslike útspraak yn Skotlân opnommen wie, mar it is ûnwierskynlik dat Margareta der in protte oan hân hat. Yn elts gefal oerlibbe se David II, dy't yn 1371 hommels kaam te ferstjerren. It is net bekend wêr't of wannear't se sels stoar, behalven dat dat nei 31 jannewaris 1375 west hawwe moat, doe't se noch yn libben wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.