Springe nei ynhâld

Donald II, greve fan Mar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Domhnall II, greve fan Mar)
Donald II fan Mar
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ±1302
berteplak Saline (Skotlân)
stjerdatum 11 augustus 1332
stjerplak Dupplin Moor (Skotlân)
dynasty Hûs Mar
etnisiteit Skotsk
Welsk
greve fan Mar
amtsperioade 13051332
foargonger Gartnait
opfolger Tomas
beskermhear fan Skotlân
amtsperioade 211 augustus 1332
foargonger Tomas Randolph
opfolger Andréas fan Murray

Donald II fan Mar, greve fan Mar (Skotsk-Gaelysk: Domhnall a Màrr; Saline (Skotlân), ±1302Dupplin Moor (Skotlân), 11 augustus 1332) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen focht. Hy wie mooglik in omkesizzer fan 'e ferneamde Skotske kening en frijheidsstrider Robert de Bruce. Yn 1332 wied er goed wike regint foar Robert syn soan David II yn 't plak.

Donald waard omtrint 1302 berne yn Saline, yn 'e krite Fife, as de soan fan Gartnait, greve fan Mar. It is ûndúdlik wa't syn mem wie. Foarhinne waard tocht dat Gartnait fan Mar troud wie mei Kristina fan Bruce, in suster fan kening Robert I fan Skotlân. Resint hawwe histoarisy it lykwols yn twifel lutsen oft dat houlik wol ea plakfûn hat, mei't der gjin inkele boarne is dêr't Kristina yn beskreaun wurdt as 'grevinne fan Mar' of 'Kristina fan Mar'. De mearderheid fan 'e saakkundigen beskôget dêrom dit houlik no as in fabeltsje.

Ek de boarnen oer it fierdere libben fan Donald II fan Mar binne krap. Nei it iere ferstjerren fan syn heit waard Donald yn 1305 greve fan Mar. It liket der sterk op dat er ûnder de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch yn maart 1322 yn 'e Slach by Boroughbridge oan 'e kant fan 'e Ingelske kening Edwert II focht, mei't der neitiid melding fan makke waard dat Donald Bartoloméus fan Badlesmere, 1e baron fan Badlesmere, ien fan 'e Skotske kriichsfinzenen, nei Canterbury ta brocht.

Letter moat er him lykwols wer mei syn heitelân en it Skotske gesach fermoedsoene hawwe, mooglik nei't der yn 1328 mei de Frede fan Edinburch-Northampton in ein oan 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch kommen wie. Yn 1329 waard, nei it ferstjerren fan 'e Robert I fan Skotlân, Thomas Randolph, 1e greve fan Moray as beskermhear fan Skotlân (oftewol regint) oansteld foar Robert syn minderjierrige soan David II. Doe't Moray yn 1332, koart nei it útbrekken fan 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, hommels kaam te ferstjerren, wierskynlik oan in nierstien, waard Donald II fan Mar foar him yn 't plak oansteld as berskermhear. Dat barde op 2 augustus, by in gearkomste fan Skotske eallju te Perth.

Donald sette fuortfarrend útein en loek in leger gear om 'e striid oan te gean mei de troepen fan Edwert fan Balliol, in ferballe Skotsk ealman dy't mei stipe fan Edwert III fan Ingelân it lân binnenfallen wie. Njoggen dagen nei't er ta beskermhear oansteld wie, op 11 augustus 1332 sneuvele Donald II fan Mar yn 'e Slach by Dupplin Moor. Ut syn houlik mei Isabella Stewart hie Donald in soan, Tomas, greve fan Mar, dy't him opfolge, en in dochter, Margareta, grevinne fan Mar, dy't neitiid har broer opfolge as grevinne suo jure.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.