Margareta fan Bruce (dochter fan Robert I)
Margareta fan Bruce | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | ±1315 | |
berteplak | Dunfermline (Skotlân) | |
stjerdatum | 30 maart 1346 | |
stjerplak | Balmuto (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | Skotsk Iersk Ingelsk Normandysk |
Margareta fan Bruce (Ingelsk: Margaret Bruce, Normandysk-Frânsk: Marguerite de Brus; Dunfermline (Skotlân), ±1315 – Balmuto (Skotlân), 30 maart 1346) wie in Skotske prinsesse en de jongere dochter út it twadde houlik fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer Margareta fan Bruce is net sa'n soad oerlevere. Hja waard yn omtrint 1315 yn it Paleis fan Dunfermline berne as de dochter fan kening Robert I fan Skotlân en dy syn twadde frou Elizabeth fan Burgh, nei't har mem út in achtjierrige finzenskip yn Ingelân frijlitten wie. Sawol oan heite- as memmekant stamme hja út foarname Normandyske aadlike geslachten, mei dêropta Skotsk, Ingelsk en Iersk bloed.
Margareta hie in folle suster, Maud, dy't trettjin jier âlder wie, en in jongere broer, David II, mei wa't se njoggen jier skeelde, en dy't nei it ferstjerren fan harren heit kening fan Skotlân waard. In twadde broer fan Maud, David syn twillingbroer, dy't Jan hiet, kaam al mei trije jier te ferstjerren. Margareta hie ek in âldere healsuster, Marjorie, út har heite earste houlik mei Isabella fan Mar.
Yn 1345, doe't se likernôch tritich jier west hawwe moat, troude Margareta mei Willem fan Moraavje, 5e greve fan Sutherland, mei wa't se ien bern krige. Hja stoar op 30 maart 1346 yn Balmuto, yn Fife, yn it kreambêd, nei't hja har soan Jan (1346-1361) te wrâld brocht hie. Margareta waard omtrint 31 jier.
Foarâlden fan Margareta fan Bruce
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |