Springe nei ynhâld

Vignette (koart ferhaal)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Publicity and Advertising)
Vignette
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2002
oarspr. útjwr. www.jim-butcher.com
bondel Side Jobs
rige
rige The Dresden Files

Vignette is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "Wurdskildering". It is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e searje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. Yn 'e ynterne gronology fan dy rige spilet Vignette tusken de romans Death Masks en Blood Rites yn.

Vignette is in tige koart ferhaal dat Butcher skreau op fersyk fan syn redaktrise by útjouwerij Roc Books, Jennifer Heddle, dy't it nedich hie as promoasjemateriaal foar The Dresden Files, om fergees wei te jaan op konvinsjes en sa. Yn it foarwurd by it ferhaal skriuwt Butcher dat er dy ôfspraak glêd fergetten wie en dat it him de jûns foar de deadline pas tebinnen skeat, en net om in oere as acht, mar om twa oere nachts. It ferhaal wie neffens him sadwaande fierhinne skreaun troch in koälysje fan kaffeïnemolekulen en senuwen.

Publikaasjeskiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Butcher publisearre it ferhaal letter ûnder de titel Publicity and Advertising ("Publisiteit en Reklame") op syn eigen webside, www.jim-butcher.com. Yn 2010 makke it ûnder de nije titel Vignette ûnderdiel út fan Butcher syn ferhalebondel Side Jobs, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, hat in petear mei Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium. Se hawwe in mieningsferskil oer de advertinsje dy't Harry yn de Gouden Gids pleatst hat, mei de tekst:

HARRY DRESDEN – TSJOENDER
Ferlerne dingen weromfûn. Paranormale ûndersiken.
Konsultaasje. Advizen. Ridlike prizen.
Gjin leafdesdrankjes, ûneinige beurzen, feesten of
oar amusemint.

Bob fynt dy advertinsje saai en ûnynteressant, mar Harry wiist de aparte opstigings dêr't Bob mei oankomt ôf, om't er dy ferrifeljend en ûnoannimlik fynt. Uteinlik betinkt Bob in tekst dy't, ferwizend nei Harry syn eardere aventoeren, inkeld poere wierheid is, hoewol foar de measte lju noch altyd ûnoannimlik. Harry lit it yn him omgean, mar beslút úteinlik dat in feroaring him tefolle kostje soe om't Bob syn omskriuwing tefolle letters telt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Butcher, Jim, Vignette, op: www.jim-butcher.com, 2002.
  • Butcher, Jim, Vignette, yn: Butcher, Jim, Side Jobs, New York, 2010 (Roc Books), ISBN 0 45 14 63 65X.
The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases