Yn 'e middeistraining op freed 17 juny2005 crashte Ralf Schumacher, ridend foar Toyota, yn bocht 13, as gefolch fan in klapbân links efter. Ralf Schumacher rekke dêrtroch ferwûne, koe net fierder en waard foar de rest fan it wykein ferfongen troch Ricardo Zonta, dy't sels ûnder de training yn deselde bocht ek in klapbân links efter oprûn.
Bocht 13 wie in bocht dy't mei hege faasje naam wurde koe, unyk yn dy tiid yn de Formule 1; dêrtroch wie der in hegere bannespanning nedich as gebrûklik. Dit part fan it sirkwy wie sûnt de foarige Grutte Priis op 'e nij asfaltearre mei in mear ruorkjend oerflak. Dêrtroch waarden de bannen mooglik noch swierder belêste as foarhinne. Op 18 juny melde Michelin dat it net begriep wêrom 't de bannen dy 't it levere hie foar syn sân klanteteams (B·A·R, McLaren, Red Bull Racing, Renault, Sauber, Toyota en Williams) yn dizze bocht klapten, en kundige syn foarnimmen oan om bannen yn te fleanen mei in oare spesifikaasje as de al levere bannen. De ynfleine ferfangende bannen, fan it type dat earder dat jier yn de Spaanske Grutte Priis brûkt wie, blieken by it testen itselde probleem te hawwen.
Dit hie ta gefolch dat der mar trije teams fan start giene yn de Grutte Priis. Dizze teams riden allegear mei bannen fan Pirelli. De sân teams dy 't mei de bannen fan Michelin riden, diene om feiligensredenen allinnich mei oan de opwaarmronde en giene dêrnei werom de pitstrjitte yn.