Springe nei ynhâld

Sleat (gemeente)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gemeente Sleat)
Sleat

De stêd Sleat.
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Sleat
grutste plak Sleat
ynwennertal 658 (1980)[1]
befolkingstichtens 291,2 / km²
oerflak 2,26 km²[2]
tal stêden 1
skiednis
oprjochte 1426
opheft 1984
opgien yn Gaasterlân-Sleat
no part fan De Fryske Marren
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
Dizze side giet oer de eardere gemeente Sleat. Foar de stêd, sjoch: Sleat (stêd).

Sleat (Nederlânsk en offisjeel: Sloten) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân, dy't inkeld it histoaryske stedsje Sleat omfieme. De gemeente Sleat hie op 1 jannewaris 1980 658 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan 2,26 km².[2] De gemeente Sleat gie yn 1984 op yn Gaasterlân-Sleat.

De gemeente Sleat lei yn it suden fan Fryslân, oan 'e súdlike igge fan 'e Sleattemer Mar. Yn it westen grinzge it oan 'e buorgemeente Gaasterlân, yn it suden oan Lemsterlân en yn it easten en noardeasten oan Doanjewerstâl. Yn totaal hie de gemeente Sleat in oerflak fan 2,26 km².[2]

Sleat krige yn 1426 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. It hearde ta it kertier Sânwâlden en wie binnen dat kertier de iennichste Fryske stêd. By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard Sleat as gemeente opheft en mei de oanbuorjende gemeente Gaasterlân en in diel fan 'e gemeente Himmelumer Aldefurd gearfoege ta in nije gemeente. Dy hiet yn 't earstoan ek fan Gaasterlân, mar naam yn juny 1985 de namme Gaasterlân-Sleat oan.

Gaasterlân-Sleat waard yn 2014 op syn beurt opheft en mei Lemsterlân en Skarsterlân gearfoege ta De Fryske Marren.

Op 1 jannewaris 1980 hie de gemeente Sleat in befolking fan 658 minsken.[1] De befolkingstichtens bedroech doe 291,2 minsken de km².

Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1971 50% fan 'e befolking fan Sleat herfoarme, 23% grifformeard en 11% roomsk. Fierders bestie 13% fan 'e ynwenners út ateïsten en agnosten.[1]

Wat de polityk oangie, wie it CDA yn Sleat fierwei de grutste partij. Fierders hie ek de FNP der in soad oanhing. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 55,0% fan 'e stimmen; de FNP 18,6%; de PvdA 12,8%; de VVD 8,5%; en D66 0,5%.[1]

Yn 1971 wie fan 'e befolking fan 'e gemeente Sleat 10,6% wurksum yn 'e lânbou; 53,2% yn 'e yndustry; en 31,9% yn 'e tsjinstesektor.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 62.
  2. 2,0 2,1 2,2 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 966.

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje