Flylân
Flylân | |
---|---|
It strân op Flylân. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Flylân | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
boargemaster | Michiel Schrier (SP) |
sifers en geografy | |
haadplak | East-Flylân |
grutste plak | East-Flylân |
ynwennertal | 1.234 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 33 / km² |
oerflak | 315,80 km² |
● wêrfan lân | 36,13 km² |
● wêrfan wetter | 279,67 km² |
tal doarpen | 1 |
skiednis | |
oprjochte | 1818 |
1818–1942 | ûnderdiel fan Noard-Hollân |
oar | |
netnûmer | 0562 |
postkoade | 8899 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.vlieland.nl |
Flylân (Nederlânsk en offisjeel: Vlieland) is ien fan de fiif Nederlânske Waadeilannen. Fan it westen út rekkene is Flylân it twadde bewenne waadeilân. It eilân foarmet polityk in gemeente, mei in oerflak fan 315,8 km² (wêrfan 279,7 km² wetter), en hat in 55,9 km lange kustline. De gemeente Flylân hat 1.234 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS). Mei in befolkingstichtens fan 31 ynwenners de kante kilometer is Flylân nei Skiermûntseach de tinstbefolke gemeente fan Nederlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Flylân hat lange tiid oan it fêstelân fan Fryslân fêst sitten. Mar nei de Wettersneed fan 1287 waard Flylân skaat fan it oare part fan Fryslân. Dizze feroaring wie in part fan it proses dêr't de Waadsee by ûntstie. It noardlike part fan Tessel, Aailân, wie ea in part fan Flylân. Troch it ûntstean fan it Aailânske Gat waard Aailân fan Flylân ôfskieden. Troch fierdere feroarings yn seestreamen is Flylân oan de westkant hieltyd fierder erodearre. Yn de wandasêge wurdt in ferklearing jûn foar dy natuerramp.
Earder hat der neist East-Flylân ek noch in twadde doarp west; West-Flylân, ek wol Westeynde. Dit doarp is yn 1736 hielendal ûntromme, nei desenniums fan oerstreamings en it besykjen fan it wer op 'e nij opbouwen fan it stik lân. Lykwols leit Flyhors likernôch op it selde stee dêr't earder it Westeinde lei.
Flylân waard yn 1818 in gemeente. Oant 1942 makke it eilân ûnderdiel út fan de provinsje Noard-Hollân, krekt as Skylge. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie Flylân ûnderdiel fan de Dútske Atlantikwall. De Dútsers bouden dêr twa batterijen loftôfwargeskut. De Dútsers dielden it eilân yn by Fryslân. Nei de oarloch is dit nea weromdraaid. It Posthuys op it eilân herinneret noch oan de tiid dat Flylân noch by Noard-Hollân hearde. It Posthuys stiet op it westlik part fan Flylân, omdat de post mei de boat fan Tessel ôf kaam.
It eilân hat lange tiid hast allinnich sân west. Sûnt de tweintiger jierren fan de 20e iuw hat Steatsboskbehear west fan East-Flylân in stik bosk oanlein, dat it doarp minder lêst fan ferstowend sân krige.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Flylân is in lang, smel eilân dat bestiet út de Flyhors, in grutte sânflakte oan de súdwestkant, dunen en bosken yn it midden en nei it easten. Op it súdeastlike diel fan it eilân leit it ienigste plak, East-Flylân. It heechste punt fan Fryslân leit op Flylân, it Fjoerboetsdún is 45 meter heech en op dat plak is gâns it eilân goed oer te sjen.[1] Boppe op dat dún stiet de fjoertoer fan it eilân. De totale strânlingte fan it eilân is 20 kilometer.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferdieling gemeenteried
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeenteried fan Flylân bestiet út 9 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:
partij | ferkiezings 2018[2] | ferkiezings 2022[3] | ||
---|---|---|---|---|
% | sitten | % | sitten | |
Nieuw Liberaal Vlieland | 45,8 | 4 | 28,7 | 3 |
GroenWit | 37,1 | 3 | 11,3 | 1 |
Algemeen Belang | 17,1 | 2 | 21,5 | 2 |
Lijst Fier | 0 | 0 | 38,5 | 3 |
opkomst/totaal sitten | 63% | 9 | 63,3% | 9 |
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De meast foarkommende ynkomstenboarne fan de Flylanners is it toerisme. Op it eilân binne sa'n fyftjin hotels en hûnderten fakânsjehûskes en -aparteminten. Der binne twa kampearterreinen op it eilân; Stortemelk en Lange Paal. Op it eilân leit sa'n 26 kilometer oan fytspaad.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich wurdt der op Flylân hast allinnich noch mar Nederlânsk sprutsen. It Frysk noch it Flylânsk wurde der noch sprutsen. It Flylânske dialekt dat op it eilân praat waard wie tige besibbe oan it Tekselsk. It dialekt hie in protte oerienkomsten mei de dialekten fan Noard-Hollân. De lêste sprekster fan it Flylânsk, frou Petronella de Boer-Zeylemaker, is wei wurden yn 1993 doe't hja 107-jier wie.
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Flylân is foar toeristen net taganklik mei auto's of motors. Bewenners kinne by de gemeente in B-ûntheffing oanfreegje foar in motorfoertúch.
Rederij Doeksen ûnderhâldt in feartsjinst tusken Harns, Skylge en East-Flylân. Rederij De Vriendschap ûnderhâldt yn de simmerperioade in feartsjinst tusken De Cocksdorp op Tessel en de Flyhors oan de súdwestkante fan Flylân, spesjaal foar fytsers en kuierders. Fan de Flyhors ôf ferrint it ferfier mei in spesjale auto, de Flyhors Express.
De ienichste busline op it eilân, line 110, wurdt útfierd troch de TCR Flylân. Dy busline giet fan Feardaam by East-Flylân nei it Posthuys en werom.
Ferneamde Flylanners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nicolaus Cruquius (1678-1754), mearsidich wittenskipper, berne yn West-Flylân
- Willem de Vlamingh (1640-1698), ûntdekkingsreizger dy't û.o. fanwege de VOC de westkust fan Austraalje yn kaart brocht, berne yn East-Flylân
- Betzy Akersloot-Berg (Aurskog 1850-1922 Flylân), seeskilderesse, learlinge en freondinne fan Hendrik Willem Mesdag, wenne fan 1896 oant har dea mei har man Gooswinus Akersloot op Flylân
- Liesbeth List (Bandûng, 12 desimber 1941), sjongster en aktrise, waard troch heit en styfmem - nei in fakânsje - op Flylân efterlitten.
- Jan Jacob Slauerhoff (1898 - 1936), dichter en romanskriuwer, hold alle jierren in pear moannen op it eilân ta om syn astma te ferlichtsjen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|