Coco (film út 2017)

Ut Wikipedy
Coco
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Lee Unkrich
Adrian Molina (ko-regisseur)
produsint Darla K. Anderson
útfierend
   produsint
John Lasseter
senario Adrian Molina
Matthew Aldrich
kamerarezjy Matt Aspbury (kamera)
Danielle Feinberg (beljochting)
muzyk Michael Giacchino
filmstudio Pixar Animation Studios
Walt Disney Pictures
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Anthony Gonzalez
Gael García Bernal
byrollen Benjamin Bratt
Alanna Ubach
Renée Victor
Ana Ofelia Murguía
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 27 oktober 2017
foarm lange tekenfilm
sjenre fantasykomeedzjedrama
taal Ingelsk (ek wat Spaansk)
spyltiid 105 minuten
budget en resultaten
budget $175 miljoen
opbringst $807,8 miljoen
prizen   2 × Oscar
  1 × Golden Globe
  1 × BAFTA
  1 × Satellite Award
  2 × Saturn Award
11 × Annie Award
  1 × Empire Award

Coco is in Amerikaanske kompjûteranimearre fantasykomeedzjedrama en coming-of-agefilm fan Pixar út 2017, ûnder rezjy fan Lee Unkrich. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Anthony Gonzalez en Gael García Bernal. De titel ferwiist nei de oerbeppe fan 'e haadpersoan. It ferhaal giet oer in tolvejierrige Meksikaanske jonge út in famylje fan muzykhaatsjende skuonmakkers, dy't op 'e Dei fan 'e Deaden by fersin oerbrocht wurdt nei yn it Lân fan 'e Deaden. Om dêr wer wei te kommen, hat er ferlet fan 'e help fan syn (deade) betoerpake, dy't muzikant wie. Fan 'e filmkritisy krige Coco oer it algemien tige positive resinsjes en yn 'e bioskopen woeks de film út ta in grut kommersjeel súkses. Coco wûn yn 2018 de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm, de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm en in grut ta oare prizen, wêrûnder in BAFTA, in Satellite Award, twa Saturn Awards en alve Annie Awards.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Meksikaanske plakje Santa Cecilia dreamt de tolvejierrige Miguel Rivera derfan om in muzikant te wurden. It probleem is lykwols dat er heart ta de iennichste famylje yn hiel Meksiko dy't alle foarmen fan muzyk hatet. Syn betoerbeppe Mamá Imelda wie troud mei in man dy't har en har jonge dochterke Coco yn 'e steek liet om in karriêre as muzikant nei te stribjen en nea weromkaam. Dêrop ferballe Imelda alle foarmen fan muzyk út har eigen libben en dat fan Coco, learde harsels skuonmeitsjen en sette útein mei in eigen bedriuw om harsels en har dochter te ûnderhâlden. Sûnt binne de Rivera's sûnder útsûndering skuonmakkers en is muzyk by harren thús ûnbesprekber. Mar Miguel is krekt oarsom: hy hatet skuonmeitsjen en tinkt allinne mar oan muzyk.

Miguel bewennet mei fjouwer generaasjes fan syn famylje ien wente. Dêr makket Abuelita, syn bazige beppe, de tsjinst út, en hawwe syn heit en syn mem (dy't op alle dagen rint) eins net folle yn te bringen. Syn oerbeppe Coco is no tige heech op jierren en rekket stadichoan demint, sadat se amper noch praat. Fan 'e hiele famylje is sy Miguel lykwols it neist, om't se sa goed taharkje kin nei syn ferhalen. Temûk is Miguel in reuseftige fan fan 'e ferneamde muzikant Ernesto de la Cruz, dy't ek út Santa Cecilia kaam. Hy wurdt rûnom beskôge as de bêste sjonger, lietsjeskriuwer en gitarist út 'e Meksikaanske skiednis, dy't yn 1942 op relatyf jonge leeftyd omkaam doe't er ferplettere waard ûnder in losrekke tsjerkklok. Miguel hat himsels gitaarspyljen leard troch âlde tillefyzjebylden fan De la Cruz op te nimmen en yngeand te bestudearjen, mar moat dat allegear foar syn famylje geheim hâlde. Syn iennichste freon, oan wa't er alles kwyt kin, is de ûnnoazele strjithûn Dante.

Op 'e Dei fan 'e Deaden (in wichtige Meksikaanske hjeldei en betinking fan ferstoarne famyljeleden en freonen yn it ramt fan Alderheljen en Aldersielen) wurdt der op it sintrale plein fan Santa Cecilia in talintejacht holden, dêr't Miguel beslist oan meidwaan wol. Syn plantsje om temûk út te piken, mislearret lykwols en hy en Dante wurde twongen om beskûl te sykjen yn it fertrek dêr't de ofrenda stiet, it famylje-alter mei de foto's fan alle foarâlden dy't op dizze dei betocht wurde. Dante stompt de foto fan betoerbeppe Imelda en beppe Coco om, sadat it listke stikken falt. Op 'e foto stiet ek Imelda har man, de fuortrûne muzikant, mar de hoeke, mei dy syn holle derop, is fan 'e foto ôf skuord. No't Miguel de foto út 'e list hat, docht bliken dat der ek noch in stik dûbeld teard is: de muzikant blykt in gitaar yn 'e hân te hawwen. It is in tige kreas fersierde gitaar, dy't Miguel werom ken fan 'e bylden fan Ernesto de la Cruz. Hy komt ta de konklúzje dat De la Cruz syn fuortrûne betoerpake wêze moat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As syn famylje foar it ferstân kriget dat Miguel fan doel is en doch mei oan in talintejacht foar muzikanten, pakt Abuelita syn gitaar ôf en slacht it ynstrumint oan gruzeleminten. Miguel naait poerrazen út, en besiket op it plein in gitaar fan ien fan 'e oare dielnimmende muzikanten te lienen, sadat er dochs noch meidwaan kin. Dat slagget net. Dêrop beslút Miguel de liifspreuk fan De la Cruz, "Gryp dyn kâns", yn 'e praktyk te bringen troch de fersierde gitaar fan De la Cruz sels út syn mausoleum op it tsjerkhôf fan Santa Cecilia te stellen. Sadree't er de snaren poent, wurdt er lykwols grepen troch de magy fan 'e Dei fan 'e Deaden, dy't him ûnsichtber makket foar libbene minsken, mar just sichtber foar de deaden. De iennichste út 'e libbene wrâld dy't no Miguel noch gewaarwurde kin, is de hûn Dante, dy't nei beleavjen tusken de beide wrâlden hinne en wer bewege liket te kinnen.

Syn heit en mem en syn oare famyljeleden, dy't efter him oan kommen binne en him op it tsjerkhôf sykje, sjocht Miguel noch wol, mar hy kin harren net mear oanreitsje, en sy sjogge him net mear. Wa't him wol sjogge, binne syn deade foarâlden, dy't oan him ferskine yn 'e foarm fan bewegende en pratende skeletten. Dat binne Papá Julio, de man fan oerbeppe Coco, Miguel syn âldomkes Tío Oscar en Tío Felipe en syn âldmuoikes Tía Rosita en Tía Victoria. Hja sille op 'e Dei fan 'e Deaden op besite by harren libbene neikommelingen, mar as se de libbene Miguel middenmank de deaden oantreffe, beslute se him mei werom te nimmen nei it Lân fan 'e Deaden, om syn betoerbeppe, Mamá Imelda, om rie te freegjen. Imelda koe nammentlik fan 't jier net oerstekke nei it Lân fan 'e Libbenen om't har foto blykber net op 'e ofrenda stie. (Dat kloppet, mei't Miguel dy noch altyd yn 'e bûse hat.)

Mamá Imelda stelt fêst dat Miguel ferflokt is om't er op 'e Dei fan 'e Deaden fan ien fan 'e deaden stellen hat. Hy moat sjen dat de flok foar sinne-opgong opheft wurdt, want oars sil er nea mear nei it Lân fan 'e Libbenen weromkeare kinne. Dat opheffen fan 'e flok giet simpel genôch: hy moat de seine fan ien fan syn foarâlden krije. Imelda wol him har seine wol jaan, mar easket yn ruil dêrfoar dat er dan nea mear muzyk meitsje sil. Miguel stimt dêrmei yn en wurdt troch har seine weromtransportearre nei it Lân fan 'e Libbenen. Hy hat lykwols gjin inkele bedoeling om him oan syn ûnthjit te hâlden, en poent daliks de gitaar fan De la Cruz wer, mei as gefolch dat er op slach fannijs nei it Lân fan 'e Deaden oerbrocht wurdt. Syn ferstoarne famyljeleden beskrobje him en besykje him jitris deselde seine te jaan yn ruil foar itselde ûnthjit. Miguel byt harren lykwols ta dat er nea syn dream opjaan sil om muzikant te wurden en naait út om ynstee De la Cruz te sykjen, sadat dy him syn seine jaan kin.

Sûnder dat er it sels opmerkt, wurdt Miguel op syn syktocht meifierd troch de hûn Dante, dy't mooglik ien fan 'e rjukleurige beskermgeasten is dy't yn it Lân fan 'e Deaden rûnom foarkomme (hoewol't Miguel dat ûnwierskynlik achtet, it ûnnoazele hâlden en dragen fan it bist yn acht nommen). Underweis moetet Miguel de suterige Héctor, in deade dy't wanhopige graach noch in kear nei it Lân fan 'e Libbenen weromkeare soe om syn dochterke te sjen. Hy is nammentlik lang lyn stoarn en as syn dochter him ferjit, is der gjin libbene mear oer dy't noch oantinkens oan him hat. As dat bart, ferdwine de deaden yn it neat. Syn probleem is dat er op 'e Dei fan 'e Deaden gjin besyk oan it Lân fan 'e Libbenen bringe kin om't nimmen syn foto op in ofrenda set hat. It docht lykwols bliken dat Héctor kunde hat oan De la Cruz. Dat hy en Miguel prate ôf dat Héctor Miguel by syn betoerpake bringe sil, en dat Miguel dan Héctor syn foto mei werom nimme sil nei it Lân fan 'e Libbenen om dy op in ofrenda te pleatsen.

Underwilens hawwe Mamá Imelda en de oare deade Rivera-famyljeleden de efterfolging ynset, mei't se wisberet binne om Miguel fan syn eigen nuvere opstigings te rêden. Om him werom te finen, ropt Imelda de help yn fan har beskermgeast Pepita, in reuseftige, fel kleure, fleanende kat. Héctor blykt al yn gjin tiden mear gedoente mei De la Cruz hân te hawwen, dat om tagong ta de ferneamde sjonger te krijen, dy't yn it hjirneimels yn in paleis wennet en in hiele kloft befeiligingsdeaden yn 'e tsjinst hat, nimt Héctor Miguel mei nei in talintejacht wêrfan't de winner De la Cruz moetsje mei. Sadwaande is Miguel syn earste optreden foar in publyk fan deaden. Mei helpt fan Héctor wurdt it in grut súkses, mar as Mamá Imelda-en-dy by de talintejacht arrivearje, moat Miguel wer útnaaie. Hy en Héctor krije wurden, en Miguel wit op eigen manneboet it paleis fan De la Cruz yn te glûpen.

Miguel kriget úteinlik De la Cruz sels te wurd, oan wa't er fertelt dat er syn betoerpakesizzer is. De sjonger is bliid ferrast en hjit him freonlik wolkom. Ear't er lykwols Miguel syn seine jaan kin, sadat dy nei it Lân fan 'e Libbenen weromkeare kin om in wurkpaad as muzikant te folgjen, wurdt harren moeting ûnderbrutsen troch Héctor, dy't noch altyd wanhopige graach wol dat Miguel syn foto mei weromnimt en op in ofrenda pleatst. Der blykt âldsear tusken Héctor en De la Cruz te bestean oer in partnerskip dy't se by it libben hiene. Héctor is nammentlik dejinge dy't alle lieten skreaun hat dêr't De la Cruz ferneamd mei wurden is, en dyselde hat altyd beart dat hy se sels skreaun hie. Dan komt út dat De la Cruz Héctor fermoarde hat troch him te fergiftigjen doe't Héctor harren partnerskip beëinigje woe om werom te kearen nei syn wiif en bern. Héctor hie altyd tocht dat it itensfergiftiging of sokssawat wie, mar as Miguel fertelt dat De la Cruz letter yn in film krekt sa'n sitewaasje brûkt hat, mar omdraaid, wêrby't immen it personaazje fan De la Cruz besiket te fergiftigjen en dêrby sekuer deselde wurden tsjin him sprekt as dy't De la Cruz by Héctor syn dea tsjin Héctor spriek, komt de moard (letterlik) út. Om foar te kommen dat syn misdie bekend wurde sil, lit De la Cruz sawol Héctor as Miguel oppakke troch syn befeilingslju en yn in djippe cenote (in natuerlike kalkstiennen saad) smite.

As Héctor foeteret dat De la Cruz him nei syn ferskes en syn gitaar no ek noch syn kâns op in weromsjen mei syn dochter ûntstelle sil, kriget Miguel foar it ferstân dat net De la Cruz, mar Héctor syn betoerpake is. It sjocht der min út foar harren, mei't der gjin kâns bestiet dat se eigenhandich út 'e cenote ûntsnappe kinne. Dante liedt lykwols de beskermgeast Pepita nei de cenota ta, en de fleanende kat hat gjin muoite om Miguel en Héctor derút te krijen. Mamá Imelda is der net wiis mei om har fan har ferfrjemde man Héctor werom te sjen, mar as Miguel har útleit dat Héctor al ûnderweis werom nei har en Coco wie doe't er troch De la Cruz fermoarde waard, begjint se (hiel stadich) te ûntteien. Neitiid lit Dante einlings syn wiere foarm sjen as in rjukleurige beskermgeast.

Om 'e foto fan Héctor werom te krijen, dy't De la Cruz ôfpakt hat, ynfiltrearje Miguel en syn deade famyljeleden in konsert fan 'e grutte muzikant, dat holden wurdt yn in stadion op 'e top fan in steile heuvel. Dêr wurdt Imelda troch omstannichheden twongen om foar it publyk in liet te sjongen, wylst se op 'e gitaar begelaat wurdt troch Héctor. Efter de skermen fan it konsert smyt De la Cruz Miguel by it klif fan 'e heuvel del, net wittende dat Miguel syn famyljeleden in kamera oanset hawwe, sadat wat er docht live te folgjen is foar it hiele publyk. Miguel wurdt rêden troch Pepita, mar ferliest de foto fan Héctor, dy't foargoed ferlern giet. As De la Cruz neitiid syn optreden ferfetsje wol, wurdt er ta syn ferbjustering útgeid troch it publyk en bekûgele mei tomaten. Dêrnei wurdt er troch Pepita it stadion út smiten, dat er delkomt yn in tsjerketoer dêr't er (op 'e nij) ferplettere wurdt ûnder in fallende tsjerkklok.

Wylst de dage al oan 'e loft is, wol Mamá Imelda Miguel mei har seine weromstjoere nei it Lân fan 'e Libbenen, mar Miguel is syn rie te'n ein no't er de foto fan Héctor net mei weromnimme kin. Coco har oantinkens oan Héctor binne oan it ferdizenjen, dat it sil net lang mear duorje ear't er foargoed yn it neat weiwurdt. Héctor oanfurdet lykwols moedich syn lot, en dat bringt Miguel derta itselde te dwaan: hy is no ree om te ûnthjitten dat er nea wer muzyk spylje sil en om him dêroan te hâlden. Mar Mamá Imelda ferbynt diskear gjin betingsten oan 'e seine dy't se him tegearre mei Héctor jout.

Werom yn it Lân fan 'e Libbenen hastiget Miguel him nei hûs, dêr't er it liet Remember Me foar syn no folslein deminte oerbeppe Coco spilet. Dat is it bekendste liet fan Ernesto de la Cruz, mar oarspronklik wie it in ferske dat Héctor foar de lytse Coco skreaun hie. As se dat liet heart, begjint Coco, dy't al yn tiden gjin wurd útbrocht hat, ta ferbjustering fan hiel har tasjende neiteam, stadichoan mei te sjongen, wylst de oantinkens út har iere jonkheid har wer tebinnen komme. Har gesicht ljochtet op en as it ferske út is, begjint se ynienen oer har heit te fertellen, wêrmei't se it fuortlibjen fan Héctor yn it Lân fan 'e Deaden bewissiget. It docht bliken dat Coco it ôfskuorde stik fan 'e foto op 'e ofrenda mei it gesicht fan har heit bewarre hat, sadat de foto wer folslein makke wurde kin. Teffens hat se alle brieven bewarre dy't har heit oan har skreaun hie. Dit ûnferwachtse barren liedt ta in folsleine fermoedsoening fan 'e famylje Rivera ûnderling, mar ek mei muzyk.

In jier letter, op 'e Dei fan 'e Deaden, lit Miguel oan syn nije, ien jier âlde suske de ofrenda fan 'e famylje Rivera sjen, dêr't no de hiel makke foto fan Mamá Imelda en Héctor mei de lytse Coco boppe-oan stiet. Der stiet ek in foto op fan 'e âlde Coco, dy't it ôfrûne jier kommen is te ferstjerren. De iepenbier makke brieven fan Héctor, dêr't er al syn lietteksten yn optekene hie, hawwe bewiisd dat Ernesto de la Cruz neat oars as in dief en in oplichter wie, sadat er alhiel yn ûngenede fallen is. Tillefyzjeploegen besykje no it berteplak fan 'e grutte sjonger en muzikant Héctor Rivera, dy't sa tragysk oan syn ein kommen is. Yn it Lân fan 'e Deaden binne Mamá Imelda en Héctor, tusken wa't it wer hielendal goedkommen is, no weriene mei Coco. Op 'e Dei fan 'e Deaden bringe se in besyk oan harren libbene, musisearjende neikommelingen, hoewol't allinne de hûn Dante en in sipertske kat (nimmen oars as Pepita) foar de libbenen te sjen binne.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anthony Gonzalez.
Gael García Bernal.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Miguel Rivera Anthony Gonzalez
Héctor Gael García Bernal


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ernesto de la Cruz (praten) Benjamin Bratt
Ernesto de la Cruz (sjongen) Antonio Sol
Mamá Imelda, Miguel syn deade betoerbeppe Alanna Ubach
Abuelita, Miguel syn beppe Renée Victor
Mamá Coco, Miguel syn oerbeppe Ana Ofelia Murguía
de jonge Coco Libertad García Fonzi
Chicharrón Edward James Olmos
Papá Julio, Miguel syn deade oerpake Alfonso Arau
Tía Rosita, Miguel syn deade âldmuoike Selene Luna
Tía Victoria, Miguel syn deade âldmuoike Dyana Ortellí
Tió Oscar en Tío Felipe, Miguel syn deade twilling-omkes Herbert Sigüenza
Papá, Miguel syn heit Jaime Camil
Mamá, Miguel syn mem Sofía Espinosa
Tío Berto, Miguel syn omke Luis Valdez
de mariachi op it plein Lombardo Boyar
Frida Kahlo Natalia Cordova-Buckley
plysje yn it Lân fan 'e Deaden Cheech Marin
Juan Ortodoncia John Ratzenberger

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Coco waard regissearre troch Lee Unkrich mei Adrian Molina as ko-regisseur. Hja wurken nei in senario fan Molina en Matthew Aldrich op basis fan in idee fan Unkrich. Dêr kaam dyselde yn 2010 foar it earst mei by Pixar oan, fuort nei de premiêre fan in oare film fan him, Toy Story 3. Yn earste ynstânsje soe de nije film gean oer in Amerikaanske jonge dy't him ferdjippe yn syn Meksikaansk komôf. Yn in fraachpetear yn 2017 murk Unkrich oer de útwurking fan syn oarspronklike idee op dat dy "it feit beljochte dat net ien fan ús op dat stuit sels út Meksiko kaam." Meitiid besleaten hy en syn team dat it útgongspunt foar it ferhaal ferkeard wie, en dat se fan it begjin ôf oan út Meksiko wei begjinne moasten. Om't de film oer in besteande kultuer gie, fielde Unkrich nei eigen sizzen in swiere lêst op syn skouders weagjen "om it goed te dwaan".

As produsint wie Darla K. Anderson by it projekt belutsen foar de filmstudio's Pixar Animation Studios en Walt Disney Pictures, wylst John Lasseter as útfierend produsint it algemien tafersjoch hie. Foar de film wie in budget beskikber fan $175 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Matt Aspbury (kamera's) en Danielle Feinberg (beljochting), wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Michael Giacchino. De lieten dy't yn Coco te hearren binne om't se diel útmeitsje fan it ferhaal (de film is gjin musical), waarden skreaun troch Giacchino, Germaine Franco, Adrian Molina, Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez. Op 13 april 2016 giene de animators mei de film oan it wurk.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Coco waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjepoat fan The Walt Disney Company, dêr't Pixar ûnder falt. De film waard foar it earst fertoand op 20 oktober 2017 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Morelia, yn Meksiko. Coco iepene dêrnei op 27 oktober (de dei foar de Dei fan 'e Deaden) yn 'e Meksikaanske bioskopen. Yn 'e Feriene Steaten kaam de film op 22 novimber út. By de fertoaning yn bioskopen waard Coco foarôfgien troch in koarte film fan 'e Walt Disney Animation Studios: Olaf's Frozen Adventure, út 'e Frozen-franchise.

Regisseur Lee Unkrich.

It soundtrackalbum fan Coco ferskynde op 10 novimber 2017 by platemaatskippij Walt Disney Records. Coco sels kaam op 13 febrewaris 2018 beskikber as digitale download, en waard op 27 febrewaris fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray. Fan 29 maaie ôf koe de film fierders streamd wurde op Netflix, foar't er op 29 novimber 2019 oerbrocht waard nei Disney+, de eigen streamingtsjinst fan The Walt Disney Company.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Coco oer it algemien tige positive resinsjes. Sa omskreau Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film as "fol fan libben" en as "in útskroeven en oangripend aventoer" mei "fantastysk" en "earsteklas" wurk fan 'e stimakteurs. Brian Truitt fan USA Today neamde de film "ien fan Pixars prachtichste animearre útstapkes" en "de muzikaalste fan alle Pixar-films, mei in ferskaat oan oanstekkende deuntsjes." Yn The New York Times priizge A.O. Scott de "betsjoenende orizjinaliteit" fan 'e film, dy't er fierders omskreau as "kultureel ynklusyf" en "in 21e-iuwske Disney-klassiker".

Matt Zoller Seitz fan 'e webside RogerEbert.com joech de film 4 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Ik hie wat lytse oanmerkings op Coco doe't ik der nei siet te sjen, mar ik kin my net mear tebinnenbringe wat dat wiene. Dizze film is in klassiker." Yn it tydskrift Rolling Stone parte Peter Travers de film 31/2 fan 4 stjerren ta. Hy omskreau Coco as "in leafdefolle hulde oan 'e Meksikaanske kultuer". Michael Phillips fan 'e Chicago Tribune neamde de film "prachtich animearre" en ferliek him kwa emosjonele toansetting mei Inside Out.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Coco in tige heech goedkarringspersintaazje fan 97%, basearre op 341 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It rike fisuele genot fan [de film] wurdt belike troch in betochtsum ferhaal, dat kwestjes as kultuer, famylje, it libben en de dea op in famyljefreonlike – en djip oangripende – manear yn byld bringt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Coco in goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 48 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Coco brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $210,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $597,4 miljoen (wêrfan yn Meksiko $41,4 miljoen). Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $807,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $175 miljoen betsjut dat in winst fan $632,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Coco in grut kommersjeel súkses en de op fyftjin nei meast opbringende animaasjefilm aller tiden.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2018 wûn Coco by de Oscars beide prizen dêr't de film foar nominearre wie, yn 'e kategoryen bêste lange animaasjefilm en bêste orizjinele liet (Remember Me fan Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez). By de Golden Globes wie Coco yn deselde kategoryen nominearre, mar wûn de film 'allinne mar' de priis foar bêste lange animaasjefilm. Coco wûn ek de BAFTA foar bêste lange animaasjefilm, de Satellite Award foar bêste lange film mei animaasje of mingde media, en de Saturn Awards foar bêste animaasjefilm en bêste filmmuzyk (Michael Giacchino).

By de Annie Awards, de wichtichste Amerikaanske prizen spesjaal foar animaasjefilms, waard Coco yn 2018 nominearre foar 13 prizen, en wûn de film dêrfan 11: bêste animaasjefilm, bêste rezjy fan in lange animaasjefilm, bêste stimakteur yn in lange animaasjefilm (Anthony Gonzalez), bêste senario fan in lange animaasjefilm, bêste filmmontaazje yn in lange animaasjefilm, bêste animearre effekten yn in animaasjeproduksje, bêste personaazje-animaasje yn in lange animaasjefilm, bêste personaazje-ûntwerp yn in lange animaasjefilm, bêste filmmuzyk yn lange animaasjefilm, bêste produksje-ûntwerp yn in lange animaasjefilm, en bêste storyboarding yn in lange animaasjefilm.

Fierders wûn Coco de Empire Award foar bêste animaasjefilm, de Critics' Choice Movie Awards foar bêste lange animaasjefilm en bêste liet (Remember Me), de Kids' Choice Award foar favorite animaasjefilm, en de Teen Choice Awards foar favorite fantasyfilm en favorite akteur yn in fantasyfilm (Anthony Gonzalez). Coco waard ek nominearre foar twa Grammy Awards.

Trademarkkontroverse[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2013, doe't Coco yn preproduksje wie, besocht The Walt Disney Company de fraze "Día de los Muertos", de Spaansktalige namme fan 'e Dei fan 'e Deaden, fêst te lizzen as in trademark, sadat it bedriuw dêrop it auteursrjocht yn 'e hannen krije soe foar merchandisingdoelen. Dat brocht de Latino-mienskip yn 'e Feriene Steaten yn ferset. Mear 21.000 minsken ûndertekenen in online-petysje wêryn't soks omskreaun waard as "kulturele dieverij en eksploitaasje op syn alderslimst". In wike nei't it bekend wurden wie, loek Disney syn oanfraach yn. Yn in ferklearring sei it bedriuw dat it altyd besocht it auteursrjocht op alle mooglike titels foar oankommende films fêst te lizzen, mar dat no besletten wie dat de film net sa kaam te hjitten, sadat in trademark op "Día de los Muertos" net mear nedich wie.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.