Ynternasjonaal Filmfestival fan Morelia
Ynternasjonaal Filmfestival fan Morelia | ||
plak en tiid | ||
lân | Meksiko | |
steat | Michoacán | |
plak | Morelia | |
tiid fan it jier | 2e wike fan oktober | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | FICM | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 2003 – no | |
offisjele webside | ||
www.moreliafilmfest.com |
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Morelia (Spaansk: Festival Internacional de Cine de Morelia), ôfkoarte ta FICM, is in filmfestival dat elts jier yn 'e twadde wike fan oktober holden wurdt yn 'e Meksikaanske stêd Morelia, yn 'e steat Michoacán. It evenemint bestiet sûnt 2003 en wol in moetingsplak wêze foar lju út 'e Meksikaanske en ynternasjonale filmyndustry mei de befolking fan Michoacán. Op it filmfestival wurde sawol lange films as koarte films, en sawol fiksjewurken as dokumintêres fertoand. Ek tekenfilms meitsje diel út fan 'e seleksje.
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Morelia is sûnt syn oprjochting fluch útwoeksen ta ien fan 'e meast foaroansteande filmfestivals fan Meksiko. Yn 2008 krige it evenemint erkenning fan 'e Amerikaanske Academy of Motion Picture Arts and Sciences (AMPAS), de organisaasje efter de útrikking fan 'e Oscars, doe't dy de winnende spylfilm, dokumintêre en koarte tekenfilm fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Morelia opnaam yn syn shortlist fan films dy't yn omtinken nommen wurde foar in Oscar-nominaasje.
Sûnt de oprjochting fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Morelia hat in 'Wike fan 'e Kritisy' ûnderdiel útmakke fan it evenemint. Dat is in platfoarm dêr't Meksikaanske filmkritisy de films fan harren kar oanpriizgje. De Wike fan 'e Kritisy op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Morelia wurdt organisearre yn gearwurking mei in lyksoartich ûnderdiel fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn Frankryk.
Elts jier wurdt op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Morelia in akteur of aktrise of filmmakker út 'e steat Michoacán eare. Ek wurdt der in oeuvrepriis útrikt, de Priis foar Artistike Treflikens, dêr't lju út alle lannen foar yn oanmerking komme. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Morelia hat yn it ferline alris as earegast ferwolkomje meien: Javier Bardem, Gael García Bernal, Geraldine Chaplin, Alfonso Cuarón, Terry Gilliam, Salma Hayek, Werner Herzog, Tommy Lee Jones, Jennifer Lawrence, Julia Ormond, Robert Redford, Robert Rodriguez, Quentin Tarantino, Guillermo del Toro en Danny Trejo.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|