Springe nei ynhâld

Inside Out (film út 2015)

Ut Wikipedy
Inside Out
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Pete Docter
Ronnie del Carmen (ko-regisseur)
produsint Jonas Rivera
senario Pete Docter
Meg LeFauve
Josh Cooley
kamerarezjy Patrick Lin (kamera's)
Kim White (beljochting)
muzyk Michael Giacchino
filmstudio Pixar Animation Studios
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Amy Poehler
Phyllis Smith
byrollen Lewis Black
Bill Hader
Mindy Kaling
Richard Kind
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 16 juny 2015
foarm lange tekenfilm
sjenre fantasykomeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 95 minuten
budget en resultaten
budget $175 miljoen
opbringst $858,8 miljoen
prizen 1 × Oscar
1 × Golden Globe
1 × BAFTA
1 × Saturn Award
1 × Satellite Award
10 × Annie Award

Inside Out is in Amerikaanske komeedzjefilm, fantasyfilm en coming-of-agefilm út 2015 yn 'e foarm fan in lange kompjûteranimearre tekenfilm fan 'e filmstudio Pixar. De film stie ûnder rezjy fan Pete Docter, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Amy Poehler en Phyllis Smith, mei Lewis Black, Bill Hader, Mindy Kaling en Richard Kind yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Binnenstbûtenst". It ferhaal fynt plak yn it ferstân fan in alvejierrich famke, dêr't fiif personifiëarre emoasjes (Blydskip, Fertriet, Lulkens, Eangst en Ofkear) har troch it libben besykje te lieden. Dat slagget hiel aardich, oant it famke mei har âldelju ferhuzet fan it plattelân fan Minnesota nei de binnenstêd fan San Francisco, wylst Blydskip en Fertriet ferdwaald reitsje yn 'e opslach fan it lange-termynûnthâld.

Regisseur Docter kaam op it idee foar it meitsjen fan 'e film doe't er de feroarings yn 'e persoanlikheid fan syn eigen dochter opmurk. Inside Out waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tige loovjende resinsjes en groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. Inside Out wûn de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm, de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm, en fierders in BAFTA, in Saturn Award, in Satellite Award, tsien Annie Awards en ferskate oare prizen.

Yn it ferstân fan it famke Riley Anderson besteane fiif basale emoasjes dy't al har hâlden en dragen behearskje: Blydskip, Fertriet, Lulkens, Eangst en Ofkear. Har ûnderfinings wurde oantinkens dy't, eltse jûn as Riley har deljout, yn 'e foarm fan kleure bollen opslein wurde yn har lange-termynûnthâld (in ûnbidich grutte dwaalhôf fan withoehege rekken mei fan sokke bollen). Har fiif wichtichste oantinkens, oftewol har 'kearnoantinkens', wurde yn in spesjaal opslachplak bewarre yn it 'haadkertier' fan har ferstân. Dy fiif oantinkens driuwe elts in aspekt fan Riley har persoanlikheid oan, dy't de foarm hawwe fan swevende eilannen. Mei't Riley as poppe alderearst blydskip ûnderfûn, is Blydskip de âldste fan har emoasjes. Mei dêrom nimt sy ornaris it foartou. Ien fan har wichtichste (selsopleine) taken is om 'e ynfloed fan Fertriet te beheinen.

As Riley alve jier is, kriget har heit in nije baan. Dêrfoar ferhuzet it gesin fan it plattelân fan Minnesota nei de binnenstêd fan San Francisco, yn Noardlik Kalifornje. Dy feroaring hat grutte ynfloed op it libben fan Riley. Nettsjinsteande it krewearjen fan Blydskip om oan alle nije ûnderfinings in positive draai te jaan, is wat it fanke meimakket fral negatyf. It nije hûs, dêr't Riley har safolle fan foarsteld hie, blykt lyts, âld en smoarch te wêzen en gjin tún te hawwen. De ferhúswein mei alle besittings fan 'e húshâlding rint fertraging op en bedarret úteinlings op in ferkeard adres yn Teksas, mei as gefolch dat Riley en har âlden wikenlang op primitive wize bivakkearje moatte yn in hûs dat se net himmelje of ynrjochtsje kinne. Har heit, mei wa't se oars sa'n wille hawwe kin, is alhiel besteld mei syn nije wurk en hat gjin tiid foar har. It pizzarestaurant yn 'e strjitte servearret mar ien soarte pizza: mei brokkoly, wat Riley net mei.

Wannear't Riley foar it earst nei har nije skoalle giet, freget de skoaljuffer har om wat oer harsels te fertellen. Riley seit dat se út Minnesota komt, en dan kriget de juffer it idee om har wat oer dy steat fertelle te litten, mei't har oare learlingen dêr noch nea west hawwe. Op dat punt feroaret Fertriet mei weromwurkjende krêft blide oantinkens yn drôve, mei as gefolch dat Riley foar it each fan al har nije klasgenoaten begjint te gûlen. Dy fernederjende ûnderfining leveret in drôf kearnoantinken op. Blydskip wol beslist dat alle kearnoantinkens bliid binne, dat se fiert de it drôve kearnoantinken fia in fakuumbuis ôf nei de opslach foar it lange-termynûnthâld. Fertriet fielt de ûnbedimbere oanstriid om 'e oare kearnoantinkens oan te reitsjen, mar om't dy dêrtroch ek drôf wurde soene, besiket Blydskip dat te dwerseidzjen. Yn 'e wrâkseling fan 'e beide emoasjes wurde de oare kearnoantinkens los stompt, wat de persoanlikheidseilannen ûnklear makket. Blydskip, Fertriet en de kearnoantinkens wurde troch de fakuumbuis opsûgd út it haadkertier en útspuid yn 'e opslach fan it lange-termynûnthâld. Dêr reitsje se strâne om't tusken de opslach en it haadkertier yn in djippe kleau gappet, dy't inkeld fia de persoanlikheidseilannen oer te kommen is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 'e ôfwêzigens fan Blydskip en Fertriet hawwe Ofkear, Eangst en de dominante Lulkens it yn it haadkertier foar it sizzen. Se dogge har bêst om Riley troch it libben te lieden, mar om't it famke no gjin blydskip (of fertriet) mear fiele kin, is dat flink behelpen. De resultaten binne jammerdearlik. Riley lûkt har werom yn harsels, en as har âlden har út har skulp besykje te lokjen, jout se har heit in grutte mûle, mei as gefolch dat se nei har keamer stjoerd wurdt. Wannear't se byldbellet mei har bêste freondinne út Minnesota, wurdt se lulk as se heart dat har plak yn 'e pleatslik iishockeyklub oernommen is troch in nij famke, dat it poerbêst docht. Se kappet it petear ôf en isolearret harsels op dy wize fan har âlde freonen. Har mem meldt har oan by in pleatslike iishockeyklub, mar as se in try-out dwaan mei, fielt Riley inkeld eangst om te falen en jout se de hiele boel yn ôfkear oer. Op 't langelêst fiert Lulkens in nij idee yn: om fuort te rinnen fan hûs en werom te gean nei Minnesota, sadat Riley nije blide kearnoantinkens meitsje kin.

Underwilens ferdwale Blydskip (dy't de oarspronklike fiif kearnoantinkens wer gearfandele hat) en in no apatyske Fertriet yn 'e opslach foar it lange-termynûnthâld. Troch alle kalamiteiten yn 'e bûtenwrâld begjinne Riley har persoanlikheidseilannen ien foar útinoar de fallen en del te stoarten yn 'e kleau dêr't se boppe sweve. Op 'e boaiem fan dy kleau leit de rúchskerne fan oantinkens, dêr't alle ferdizene en ûnbelangrike oantinkens úteinlik bedarje. Mei't de persoanlikheidseilannen de iennichste ferbining tusken de lange-termynopslach en it haadkertier foarmen, freze Blydskip en Fertriet dat se no foargoed yn 'e opslach fêstsitte. Dan moetsje se Bing Bong, it ûnsichtbere freontsje fan Riley út har iere jonkheid. Hy suggerearret dat se de 'gedachtetrein' nimme kinne om wer yn it haadkertier te kommen. Om it stasjon te berikken moat it trijetal ferskate gefaarlike dielen fan Riley har ferstân trochkruse, lykas it plak dêr't abstrakte tinzen foarme wurde en in krite dy't "fantasijlân" hjit. Lang om let helje se trein, mar dy komt stil te stean wannear't Riley yn 'e sliep falt. Troch de dreamproduksjes te ynfiltrearjen slagget it Blydskip en Fertriet om Riley wer wekker skrikke te litten, mar de gedachtetrein ûntspoart alhiel wannear't Riley beslút om har plan út te fieren en fuort te rinnen nei Minnesota. In oar gefolch is dat it lêste persoanlikheidseilân, Famyljebannen, útinoar falt.

Yn in lêste wanhoopsbesykjen wer op har plak te kommen, dêr't dúdlik in skriemend ferlet oan har bestiet, lit Blydskip Fertriet efter en besiket se harsels mei de rêden kearnoantinkens fia in 'tebinnenbringbuis' weromsûge te litten nei it haadkertier. Dat slagget hàst, mar de ferwoastging fan it persoanlikheidseilân Famyljebannen skuort in diel fan 'e lange-termynopslach mei de kleau yn. De grûn ûnder de tebinnenbringbuis sakket wei, en Blydskip en Bing Bong falle yn 'e kleau en bedarje op 'e oantinkensrúchskerne. In telider sleine Blydskip ûntdekt dêre dat se ien fan 'e rêden kearnoantinkens efterútspylje kin oant it in drôf oantinken wurdt oan it ferlies fan in wichtige iishockeywedstryd, en dan wer foarút oant it in bliid oantinken wurdt fan Riley dy't treastge wurdt troch har âldelju en opfleure troch har teamgenoaten. Foar it earst beseft Blydskip dat net alle oantinkens mar ien emoasje hoege te hawwen.

Underwilens merkt Bing Bong dat er stadichoan ta reek begjint te ferdizenjen, sa't mei alle fergetten oantinkens bart. Hy en Blydskip sykje syn âlde raketwein, dy't earder al op 'e oantinkensrúchskerne bedarre wie. De raketwein wurdt oandreaun troch de enerzjy fan sjongen, mar it slagget harren oant twaris ta net om heech genôch te kommen om 'e râne fan 'e kleau te berikken. De trêde kear springt Bing Bong, dy't efter Blydskip sit, út 'e raketwein, sadat dy, mei allinnich Blydskip har gewicht, de râne fan 'e kleau hellet. In skokte Blydskip sjocht fan 'e râne fan 'e kleau ta hoe't in nei har wiuwende Bing Bong yn 'e djipte alhiel ferdizenet ta reek.

Blydskip en Fertriet keare op in komplekse en ûnwierskynlike wize werom nei it haadkertier. Se arrivearje dêr lykwols te let, om't it idee fan Lulkens om fuort te rinnen it hiele kontrôlepaniel swart en ûnbrûkber makke hat. Dat stiet der symboal foar dat Riley no hielendal neat mear fiele kin. Blydskip, dy't leard hat dat Fertriet gjin yrritante neatnut is, sa't se altyd tocht hie, draacht it paniel foar it earst yn Riley har libben oer oan Fertriet. Dy wit it te reäktivearjen om't inkeld fertriet yn dizze steat noch ta Riley trochkringe kin. Riley komt ta besinning en stapt út 'e bus wêryn't se mei de stellen creditcard fan har mem al in inkele reis nei Minnesota boekt hie. Fertriet docht de rêden kearnoantinkens wer teplak, dy't troch har oanrekking feroarje fan blide ta drôve oantinkens. Blydskip langet har it nije drôve kearnoantinken oer fan Riley har earste skoaldei yn San Francisco, dat se op 'e rúchskerne weromfûn hat, sadat dat ek syn rjochtlike plak krije kin. Riley arrivearret thús, dêr't se eangstich oan har ûngerêste heit en mem opbychtet dat se der hielendal neat oan fynt yn San Francisco en dat se werom wol nei Minnesota. Har âlden treastgje har en fertelle dat sy Minnesota ek misse. Blydskip en Fertriet betsjinje it kontrôlepaniel tegearre en skeppe sa fan dizze ûnderfining in nij kearnoantinken, dat foar in part bliid en foar in part drôf is. Ut 'e kleau rize nije persoanlikheidseilannen op, ta teken dat Riley har nije libben yn San Francisco akseptearre hat.

Amy Poehler.
Phyllis Smith.
Lewis Black.
Bill Hader.
Mindy Kaling.
Richard Kind.

In jier letter hat Riley har hielendal oanpast oan it libben yn har nije wenplak. Se hat nije freonen, is lid fan in nije iishockeyklub en hat dêropta nije hobbys krigen. Yn it haadkertier yn har ferstân wurkje har emoasjes no gear op in nij, folle grutter kontrôlepaniel, dêr't se allegearre tagelyk by kinne. Der sit ien ûnbekende knop op, mei de tekst "Puberteit" derby. Blydskip wit net wat dat is, mar se is derfan oertsjûge dat it neat foarstelle kin en dat se alle swierrichheden no efter de rêch hawwe.

haadrollen
personaazje                           akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
 
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Blydskip Amy Poehler Peggy Vrijens
Fertriet Phyllis Smith Marjolein Algera


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Lulkens Lewis Black Marcel Hensema
Eangst Bill Hader Richard Groenendijk
Ofkear Mindy Kaling Georgia Verbaan
Bing Bong Richard Kind Stan Limburg
Riley Anderson Kaitlyn Dias Elaine Hakkaart
Riley har mem Diane Lane Jannemien Cnossen
Riley har heit Kyle McLachlan Huub Dikstaal
ferjitster Paula Paula Poundstone Maria Lindes
ferjitter Bobby Bobby Moynihan Reinder van der Naalt
dreamregisseur Paula Pell Hilde de Mildt
ûnderbewustebewekker Frank Dave Goelz Paul Disbergen
ûnderbewustebewekker Dave Frank Oz Ruben Lürsen
Jangles de clown Josh Cooley Leo Richardson
ferstânsplysje Jake Flea Fred Meijer
Fritz John Ratzenberger Kevin Hassing
Brazyljaanske helikopterpiloat Carlos Alazraqui Job Bovenlander
mem har Lulkens Paula Pell Hilde de Mildt
mem har Ofkear Mona Marshall Donna Vrijhof
skoaljuffer Dawnn Lewis Carolina Dijkhuizen
de jonge Riley Lola Cooley Manou Jue Cardoso
Jangles syn Blydskip Peter Sagal Thijs van Aken
emoasjes fan cool famke Rashida Jones ?

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inside Out waard regissearre troch Pete Docter, mei Ronnie del Carmen as ko-regisseur. It senario fan Docter, Meg LeFauve en Josh Cooley wie basearre op in idee fan Docter, dat er krige doe't er de feroarings yn 'e persoanlikheid fan syn eigen opgroeiende dochter opmurk. As produsint wie Jonas Rivera by it projekt belutsen foar tekenfilmstudio Pixar. Foar de film wie in budget beskikber fan $175 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Patrick Lin (kamera's) en Kim White (beljochting). De filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino.

Produsint Rivera rôp de help yn fan 'e psycholooch Paul Ekman en heechlearaar psychology Dacher Keltner fan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley, om alle eventuele flaters op it mêd fan 'e wurking fan it minsklik ferstân út it ferhaal te heljen. Yn totaal waarden 26 emoasjes yn omtinken nommen foar in rol yn 'e film, wêrûnder argewaasje, jaloerskens, ynklauwerigens, somberens, wanhoop, leafde, leedfermaak, ferfeling, skamte, ferlegenheid en hoop. It wie lykwols fan it begjin ôf dúdlik dat de emoasjes ta in oersichtlik oantal werombrocht wurde moasten om 'e film net ta yngewikkeld te meitsjen. Uteinlik waard keazen foar blydskip, fertriet, lulkens, eangst en ôfkear.

De distribúsje fan Inside Out waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjedifyzje fan The Walt Disney Company, dat de memme-ûndernimming fan Pixar is. De film waard foar it earst fertoand op 18 maaie 2015 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes (sûnder dielname oan 'e kompetysje). Inside Out gie dêrnei op 16 juny yn it El Capitan Theatre yn Los Angeles yn premiêre, en iepene op 19 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen.

It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 16 juny by platemaatskippij Walt Disney Records. Inside Out kaam op 13 oktober 2015 beskikber as digitale download en waard yn novimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray. Op 'e dvd's en blu-rays wiene as bonusmateriaal inkele efter-de-skermendokumintêres tafoege, audiokommentaar, by de filmmontaazje fuortknipte sênes en teffens twa koarte films: Lava en Riley's First Date?

Fan 'e filmkritisy krige Inside Out oer it algemien tige positive resinsjes. Ferskate resinsinten, ûnder wa Peter Debruge fan it tydskrift Variety, Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times en Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter, wiene ûnder de yndruk fan it fakmanskip fan 'e Pixar Animation Studios, dat se yn it gefal fan dizze film benammen taskreaune oan 'e jierren fan ûnderfining fan regisseur Pete Docter. Turan kwalifisearre de film fierders as "ferfine en [dochs] ienfâldich", wylst McCarthy him as "stoutmoedich" omskreau.

Yn it blêd The New Yorker priizge Anthony Lane de orizjinaliteit fan Inside Out, dêr't neffens him mar kwealk wat oan te ferbetterjen foel. Scott Mendelson fan Forbes fûn de film "opmerklik súksesfol by it fertellen fan in ûngewoan kompleks ferhaal". Dat smiet neffens A.O. Scott fan The New York Times in tige fermaaklike plot op. Op 'e webside RogerEbert.com hie Matt Zoller Seitz fral lof foar it senario fan 'e film.

Regisseur Pete Docter.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Inside Out in ekstreem heech goedkarringspersintaazje fan 98%, basearre op 379 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Inside Out is finingryk, prachtich animearre en tige oangripend, en is dêrmei alwer in treflike tafoeging oan 'e Pixar-bibleteek fan moderne tekenfilmklassikers." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Inside Out in goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 55 resinsjes. Bioskoopgongers dy't nei it sjen fan 'e film oer har ûnderfining befrege waarden troch CinemaScore, joegen Inside Out in 91/2 à 10 op in skaal fan 1 oant 10.

Inside Out brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $356,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $501,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $858,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $175 miljoen betsjut dat in winst fan $683,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Inside Out de op seis nei meast opbringende film fan 2015, nei Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, Jurassic World, Furious 7, Avengers: Age of Ultron, Minions en Spectre. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst foar Inside Out op $279,5 miljoen.

By de Oscars waard Inside Out yn 2016 nominearre foar prizen yn 2 kategoryen, wêrûnder bêste orizjinele senario. De film wûn de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm. Inside Out wûn ek de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, wie der in nominaasje foar de priis foar bêste orizjinele senario en wûn de film de priis foar bêste animaasjefilm. Inside Out wûn ek de Saturn Award foar bêste animaasjefilm. By de Satellite Awards waard de film nominearre yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste orizjinele senario, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste lûd en bêste blu-raypublikaasje. De film wûn de Satellite Award foar bêste film (animaasje of mingde media).

By de Annie Awards, de wichtichste Amerikaanske prizen útslutend foar tekenfilms, waard Inside Out nominearre yn 14 kategoryen, wêrûnder bêste stimaktrise yn in lange animaasjefilm (Amy Poehler), bêste storyboarding foar in lange animaasjefilm (Domee Shi), bêste personaazje-animaasje yn in lange film (Travis Hathaway), en bêste animearre effekten yn in animaasjeproduksje. De film wûn 10 Annie Awards, foar bêste lange animaasjefilm, bêste rezjy fan in lange animaasjefilm, bêste stimaktrise yn in lange animaasjefilm (Phyllis Smith), bêste senario fan in lange animaasjefilm, bêste filmmuzyk yn in lange animaasjefilm, bêste produksje-ûntwerp foar in lange animaasjefilm, bêste storyboarding foar in lange animaasjefilm (Tony Rosenast), bêste filmmontaazje fan in lange animaasjefilm, bêste personaazje-animaasje yn in lange film (Allison Rutland) en bêste personaazje-ûntwerp foar in lange animaasjefilm.

Inside Out waard ek nominearre foar de David di Donatello, de wichtichste Italjaanske filmpriis, yn 'e kategory bêste bûtenlânske film, en foar de Golden Space Needle Award op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle. Kaitlyn Dias, dy't de rol fan Riley Anderson fertolke, wûn de Young Artist Award yn 'e kategory bêste jonge stimaktrise (12–21 jier). Fierders waard Inside Out nominearre foar 2 Empire Awards (1 wûn), 3 Critics' Choice Awards (1 wûn), 1 MTV Movie Award (wûn), 3 People's Choice Awards (0 wûn), 3 Teen Choice Awards (0 wûn) en 2 Nickelodeon Kids' Choice Awards (1 wûn).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.