Jurassic World (film)

Ut Wikipedy
Jurassic World
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Colin Trevorrow
produsint Frank Marshall
Patrick Crowley
útfierend
   produsint
Steven Spielberg
senario Rick Jaffa
Amanda Silver
Derek Connolly
Colin Trevorrow
kamerarezjy John Schwartzman
muzyk Michael Giacchino
filmstudio Amblin Entertainment
Universal Pictures
Legendary Entertainment
The Kennedy/Marshall Company
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Bryce Dallas Howard
Chris Pratt
byrollen Nick Robinson
Ty Simpkins
Vincent D'Onofrio
Irrfan Khan
Jake Johnson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 29 maaie 2015
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-horrorfilm
taal Ingelsk
spyltiid 124 minuten
budget en resultaten
budget $150 miljoen
opbringst $1.670,3 miljoen
prizen 1 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Jurassic Park
● foarich diel Jurassic Park III
● folgjend diel Jurassic World: Fallen Kingdom

Jurassic World is in Amerikaanske science fiction-horrorfilm út 2015 ûnder rezjy fan Colin Trevorrow, mei yn 'e haadrollen Bryce Dallas Howard en Chris Pratt. It wie de fjirde film út 'e Jurassic Park-filmsearje en it earste diel fan 'e Jurassic World-trilogy. De titel betsjut "Sjuerawrâld", en ferwiist nei it Sjuera, in geologysk tiidrek doe't de dinosauriërs de wrâld behearsken. It ferhaal spilet op Isla Nublar, foar de kust fan Kosta Rika. Dêr is, 22 jier nei it jammerdearlik einige earste besykjen om in safarypark mei dinosauriërs te iepenjen, it nije park Jurassic World yn fol bedriuw. As in genetysk manipulearre superdinosaurus losbrekt op in eilân mei 22.000 besikers, litte de gefolgen har riede. Jurassic World krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en woeks yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. In fyfde film yn 'e Jurassic Park-rige, mei as titel Jurassic World: Fallen Kingdom, kaam út yn 2018.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bruorren Zach fan fyftjin en Gray fan tsien wurde troch harren yn skieding lizzende âldelju nei Isla Nublar ta stjoerd, in eilân yn 'e Stille Oseaan foar de kust fan Kosta Rika. Dêr wurket harren muoike Claire Dearing as bedriuwsliedster fan it safarypark en ferdivedaasjepark Jurassic World. It park draait om troch kloanen en genetyske manipulaasje wer ta libben brochte dinosauriërs, dy't mear as sechstich miljoen jier lyn útstoarn wiene. It is in fuortsetting fan Jurassic Park, in earder safarypark fan itselde type op itselde eilân, dat lykwols nea iepengie omreden fan in útbraak fan 'e dinosauriërs doe't it park noch yn oanbou wie, dêr't ferskate minsken by omkamen (sjoch: Jurassic Park). Jurassic World hat lykwols wiermakke wat John Hammond, de grûnlizzer fan it wer ta libben bringen fan dinosauriërs, foar eagen stie, en de eigner fan it park, Simon Masrani, is dêr bot grutsk op.

By oankomst op Isla Nublar docht bliken dat Claire dy deis noch ferskate agindapunten hat dy't wichtiger binne as om har lestige muoikesizzers te begelieden, dat sadwaande draacht se dat putsje oer oan har assistinte Zara. De jonges pike lykwols al rillegau út om it park op eigen manneboet te ferkennen. Earnewêr oars op it eilân is Owen Grady, in etolooch en feteraan fan 'e Amerikaanske Marine, al in skoft dwaande om in fjouwertal Velociraptors* te trainen en ûndersyk te dwaan nei harren yntelliginsje. Blue, Echo, Delta en Charlie, sa't de bisten hjitte, witte krekt wat er fan harren wol, mar oft se dat ek dogge, dat hat der wol oan. Grady is him der tige by tige fan bewust dat it freeslik gefaarlike bisten bliuwe. Vic Hoskins, it haad befeiliging fan InGen, it bedriuw efter Jurassic World, is der lykwols fan oertsjûge dat de bisten troch de striidkrêften as wapen ynset wurde kinne yn oarlochssitewaasjes. Dat is in idee dêr't Grady en syn assistint Barry har sterk tsjin oankantsje.
*) De Velociraptors út 'e Jurassic Park-franchise komme net oerien mei de leden fan it echte skaai fan dinosauriërs mei dy namme. Dy wiene ntl. in stik lytser en dêrmei ek oansjenlik minder gefaarlik. Koart foar't de earste film útkaam, waard by paleöntologysk ûndersyk lykwols de Utahraptor ûntdutsen, dy't wol deeglik yn hege mjitte oerien kaam mei de Velociraptor út 'e films. Troch nije ûntdekkings geane paleöntologen der no fan út dat Velociraptors eins oerdutsen wiene mei fearren ynstee fan dat se keal wiene mei in skobbe hûd, lykas yn 'e films.

Om 'e oandacht fan it publyk fêst te hâlden, moat Jurassic World om 'e pear jier mei in nije en leafst gruttere en gefaarlikere dinosaurus oankomme. Njonken bgl. Velociraptors en de Tyrannosaurus rex beskikt it park dêrom ek oer in Mosasaurus, in reuseftige yn see libjende dinosaurus, dy't yn in lagune fuorre wurdt mei haaien, wêrby't it bist leard is dat er boppe it wetter útspringe moat yn it bywêzen fan it entûsjaste publyk. De nijste oanwinst fan it park is de Indominus rex, in op lân libjende dinosaurus dy't noch grutter en gefaarliker is as in Tyrannosaurus rex. It is lykwols gjin natuerlik bist, mar is út 'e genen fan ferskate soarten dinosauriërs opboud troch dr. Henry Wu, in genetikus sûnder folle skrupules dy't 22 jier lyn al by Jurassic Park belutsen wie yn 'e tsjinst fan John Hammond.

Mei't de Indominus rex sawat ree is om oan it publyk presintearre te wurden, bringe Masrani en Claire in besyk oan it ferbliuw fan it bist, dêr't reuseftich hege muorren omhinne steane. Masrani is twifelich oer de effektiviteit fan alle feilichheidsmaatregels, en stelt foar om Grady der ris nei sjen te litten, dy't mei syn folslein oare eftergrûn miskien oare dingen opmerkt as 'gewoane' wittenskippers. Claire, dy't mei Grady op in ôfspraakje west hat dat einige yn in fiasko, is net botte bliid dat se wer mei him omgean moat. Nettsjinsteande dat siket se him yn syn frije tiid op en freget him it ferbliuw fan 'e Indominus rex te ynspektearjen. As Grady dêr de boel oereaget, warskôget er Claire dat it nije bist, dat syn hiele libben lang allinne fêstholden is, gjin sosjale feardichheden hat, wat it hâlden en dragen gefaarlik en ûnfoarsisber makket. Fuort letter docht bliken dat de Indominus rex net mear yn syn ferbliuw is, mei't it kompjûtersysteem nearne syn lichemswaarmte registrearret. Op ien plak binne djippe klau-ôfdrukken fan ûnderen nei boppen yn 'e muorre ynkurven.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Grady en in pear oare parkmeiwurkers har yn it ferbliuw bejouwe om 'e klau-ôfdrukken fan deunby te besjen, docht lykwols bliken dat de Indominus rex noch wol deeglik yn it ferbliuw is. Allinnich hat it bist nei't it skynt it fermogen om syn eigen lichemswaarmte te maskearjen. Boppedat is it bist blykber sa grizelige yntelligint dat it mei sin de klau-ôfdrukken yn 'e muorre oanbrocht hat om 'e minsken syn ferbliuw yn te lokjen. As ien fan 'e parkmeiwurkers yn panyk de poarte iepenet om fuort te kommen, slagget it de Indominus rex om út te brekken, wêrby't er de beide parkmeiwurkers ferslynt. Grady oerlibbet de konfrontaasje inkeld troch himsels mei benzine te oerjitten, sadat syn lichemsrook maskearre wurdt.

Neitiid riedt Grady oan Masrani oan om 'e Indominus rex sa gau mooglik dea te sjitten, mar Masrani, dy't syn ynvestearring beskermje wol, stjoert ynstee in befeiligingsteam efter it bist oan om it te fangen. De Indominus rex is lykwols sa yntelligint dat it de stjoerder, dêr't it mei tarist is, útskuort. Ek docht bliken dat it bist himsels kamûflearje kin yn 'e kleuren fan syn om-en-by. Hy komt it befeiligingsteam oer it mad en deadet harren op in pear nei allegearre. Dêrnei jout Claire opdracht om 'e noardlike sektor fan Isla Nublar te ûntromjen. Masrani giet nei it laboratoarium, dêr't er dr. Wu ûnderstiet oer de genetyske gearstalling fan 'e Indominus rex. Mei't dat in bedriuwsgeheim is, wegeret Wu him dêr folle oer te fertellen, behalven dan dat it bist foar it meastepart út Tyrannosaurus rex-genen bestiet. Dy binne lykwols oanlinge mei genen fan alderhanne bisten; it fermogen om kamûflearjende kleuren oan te nimmen komt fan inketfisken, en it fermogen om syn lichemswaarmte te maskearjen, komt fan 'e beamkikkerts.

Underwilens binne Zach en Gray it safarypark oan it ferkennen yn in bolfoarmich toerfiertúch. As der in oprop komt om werom te kearen nei it begjinpunt, om't dit diel fan it park ûntromme wurdt, jouwe se dêr gjin gehoar oan. Krektoarsom, as se in gat yn in stek sjogge, dêr't de Indominus rex dwers troch in ôffreding gien is, beslute se in ferbean diel fan it park binnen te gean. Dêr wurde se al rillegau oerfallen troch de Indominus rex, dy't harren fiertúch ferneatiget. De beide jonges witte lykwols nauwerneed te ûntkommen troch fan in klif yn in wetterpoel te springen. Fierderop stjitte se op 'e ruïnes fan it besikerssintrum fan Jurassic Park. Dêr fine se in âlde Jeep, dy't se reparearje troch in akku ta te foegjen út in deunby lizzende, troch de Indominus rex ferwoastge, moderne SUV.

As Claire fan Zara heart dat dy har muoikesizzers kwytrekke is, freget se Grady om help en geane se tegearre op 'e siik nei de jonges. Se treffe in spoar fan deade en stjerrende dinosauriërs oan, mei't de Indominus rex alles op syn paad ombringt sûnder it op te fretten. Claire en Grady fine it stikkene parkfiertúch fan 'e jonges en folgje harren spoar nei de ruïnes, dêr't se sels ek oanfallen en op in hier nei opfretten wurde troch de Indominus rex. As Claire de lokaasje fan it bist trochjout oan 'e kontrôlekeamer fan it park, set Masrani mei de oerlibjende leden fan it befeiligingsteam yn in helikopter ôf. Diskear binne de mannen bewapene om it bist te deadzjen. De Indominus rex lokket de helikopter lykwols mei nei de foliêre fan it park, in reuseftich koepelfoarmich gebou dêr't de (fleanende) pterosauriërs húsfêste binne. It bist batst dêr dwers troch in glêzen muorre en jaget de pterosaurïers nei bûten ta, dy't dêrnei de helikopter fan Masrani delstoarte litte. Masrani en syn befeiligingslju komme dêrby om.

De pterosauriërs fleane neitiid nei it resort fan it park, dêr't alle tûzenen besikers gearklofte binne, en sette útein mei in massale oanfal út 'e loft wei op wat se as proai beskôgje. Zach en Gray witte ûnderwilens yn 'e Jeep it resort te berikken, dêr't se opfongen wurde troch Zara. Dyselde wurdt lykwols oppakt troch in pterosauriër, dy't mei har fuortfljocht. As se te swier blykt te wêzen, stoart it bist mei har del yn it wetter fan 'e lagune, dêr't se allebeide opfretten wurde troch de Mosasaurus. Grady en Claire witte it resort ek te berikken. Se jouwe har by it bewapene personiel fan it park jouwe, dat úteinset is mei it delsjitten fan 'e pterosauriërs. Claire wurdt einlings weriene mei har muoikesizzers.

Nei de dea fan Masrani grypt haad befeiliging Hoskins yn 'e kontrôlekeamer de macht troch in groep swierbewapene kommando's binnen te heljen. Hy wol de Velociraptors ynsette tsjin 'e Indominus rex. Claire har fertrouling Lowery Cruthers warskôget har dêrfoar, wêrnei't sy mei Grady en de jonges nei it ferbliuw fan 'e Velociraptors riidt. Grady set útein mei Hoskins in terwinkel te ferkeapjen, mar lit him dêrnei mei tsjinnichheid troch de man beprate dat it ynsetten fan 'e Velociraptors de iennichste kâns is om 'e Indominus rex te oerwinnen. Boppedat fiert Hoskins syn plan likegoed út, oft Grady dêr no oan meiwurket of net. Grady beslút syn meiwurking deroan te ferlienen en set de Velociraptors op it spoar fan 'e Indominus rex, wêrnei't hy, Barry en de kommando's fan Hoskins mei de bisten op jacht geane.

De Velociraptors hawwe net folle muoite om 'e Indominus rex op te spoaren, mar as se him ienris fûn hawwe, docht bliken dat de Indominus rex foar in oansjenlik part út Velociraptor-DNA bestiet. It bist kin sadwaande Grady syn posysje as lieder fan 'e troep oernimme. De kommando's iepenje it fjoer op 'e Indominus rex, dy't lykwols wit te ûntkommen, wêrnei't de kommando's oanfallen wurde troch de Velociraptors, dy't fluch mei harren ôfweve. Ien fan 'e Velociraptors, Charlie, komt ek om. Yn it haadkertier fan it park begjint Hoskins dêrnei oan 'e evakuaasje fan dr. Wu en syn dinosaurusembryo's. Claire en har muoikesizzers ûntkomme yn in frachtwein fan it Velociraptor-ferbliuw nei it haadkertier, wêrby't se in grut part fan 'e wei troch de Velociraptors efterfolge wurde. Underweis jout Grady him by harren. Yn it haadkertier treffe se Hoskins oan, dy't noch mear embryo's út it laboratoarium besiket te heljen. Grady konfrontearret him mei it mislearjen fan syn plan, mar Hoskins lêst him it leksum oer hoe't je de geskinken oannimme moatte dy't de natoer te bieden hat. De wurden binne him kwealk út 'e mûle of de Velociraptor Delta brekt yn it laboratoarium yn, byt him dea en fret him op.

Grady, Claire en de jonges ûntflechtsje it haadkertier. Bûtendoar is no alles stil en ferlitten om't alle besikers en hast alle personielsleden fan it eilân evakuëarre binne. Op it iepen pleintsje foar it haadkertier wurde se ynsletten troch de trije oerlibjende Velociraptors. Grady wit it fertrouwen fan 'e liedster fan 'e groep, Blue, werom te winnen troch har har halsbân ôf te dwaan. As de Indominus rex ferskynt en Grady-en-dy oanfalle wol, kieze de Velociraptors partij foar Grady en falle de Indominus rex oan. Yn it gefjocht rekket Blue in skoft út 'e tiid, wylst Delta en Echo troch de Indominus rex deade wurde. As Gray seit dat se "ferlet fan mear tosken" hawwe om 'e Indominus rex te ferslaan, kriget Claire in helder idee. Se lit de Tyrannosaurus rex los en lokket dy mei yn 'e rjochting fan 'e Indominus rex.

Wannear't de beide reuseftige bisten inoar yn 'e rekken krije, falle se inoar oan. De genetysk ferbettere Indominus rex wurdt de Tyrannosaurus rex al rillegau oermânsk, mar as er op it punt stiet en byt syn tsjinstanner dea, ferskynt Blue op it toaniel, dy't ûnderwilens wer by besleur kommen is. De lytse Velociraptor falt ûnferskrokken de Indominus rex oan en liedt dy dêrby langernoch ôf dat de Tyrannosaurus rex wer oereinklauwe kin. Mei syn twaen driuwe se de Indominus rex tebek, oant it bist op 'e râne fan 'e lagune stiet. Dan sjit ynienen de ûnbidich grutte Mosasaurus boppe it wetter út, grypt de Indominus rex en sleept him it wetter yn om him sûnder fierdere swierrichheden op te fretten. Neitiid geane de Tyrannosaurus rex en de Velociraptor beiden har eigen wegen. De lêste oerlibbenen, ûnder wa Grady, Claire en de beide jonges, wurde fan it eilân evakuëarre. Yn in opfangkamp op it fêstelân fan Kosta Rika wurde Zach en Gray letter weriene mei harren âlden, dy't rare kjel wurden binne fan har aventoer. Claire freget Grady wat sy beiden no moatte, en hy antwurdet dat se mar better byinoar bliuwe kinne, wat neffens him nedich is "om te oerlibjen".

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bryce Dallas Howard.
Chris Pratt.
haadrollen
personaazje                             akteur/aktrise
Claire Dearing Bryce Dallas Howard
Owen Grady Chris Pratt


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Zach Mitchell Nick Robinson
Gray Mitchell Ty Simpkins
Vic Hoskins Vincent D'Onofrio
Simon Masrani Irrfan Khan
Lowery Cruthers Jake Johnson
Barry Omar Sy
dr. Henry Wu B.D. Wong
Vivian Lauren Lapkus
Hamada Brian Tree
Zara Katie McGrath
Karen Mitchell Judy Greer
Scott Mitchell Andy Buckley
fleanynstrukteur fan Masrani Patrick Crowley (cameo)
oppasser by ferbliuw Indominus rex Eric Edelstein
himsels Jimmy Fallon (cameo)
himsels Jimmy Buffett (cameo)

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie 2001, noch foar't it foargeande diel fan 'e Jurassic Park-filmsearje, Jurassic Park III, yn premiêre gien wie, begûn filmstudio Amblin Entertainment al oan 'e preproduksje fan in fjirde diel. Foar de plot wiene yn 't earstoan ferskate ideeën. Ien dêrfan wie de migraasje fan dinosauriërs fan Isla Nublar nei it fêstelân fan Kosta Rika, wêrby't in team fan ekspêrs (ûnder wa dr. Alan Grant en dr. Ian Malcolm, personaazjes út eardere films) in ekologyske ramp troch de nije eksoaten sjen moatte foar te kommen. In oar idee wie de ûntwikkeling fan minsklike supersoldaten troch genetyske manipulaasje mei dinosaurus-DNA. Steven Spielberg, dy't de film produsearje soe, wie lykwols ûntefreden oer alle ideeën, en tsjin 2005 kaam de preproduksje muorrefêst te sitten.

Pas yn 2012, doe't senarioskriuwers Rick Jaffa en Amanda Silver in nij skript oanleveren, kaam der wer skot yn 'e saak. Hja ynkorporearren yn it nije skript trije ideeën fan Spielberg sels: in funksjonearjend safarypark anneks ferdivedaasjepark mei dinosauriërs as de wichtichste attraksje; in minske dy't in bân hat mei ôfrjochte Velociraptors (oernommen út in eardere kladferzje fan John Sayles); en in minskeslinende dinosaurus dy't tsjinkeard wurde moat. Mei't noch Spielberg sels, dy't de earste beide Jurassic Park-films regissearre hie, noch Joe Johnston, dy't ferantwurdlik wie foar Jurassic Park III, noch in nije film yn 'e rige regissearje woe, moast der in nije regisseur fûn wurde. De kar foel úteinlik op Colin Trevorrow, dy't tegearre mei Derek Connolly it skript fan Jaffa en Silver nochris ûnder hannen naam. Dêrom woe Universal Pictures inkeld Trevorrow en Connolly op 'e ôftiteling fermelde as senarioskriuwers, mar dêr stiek it Writers Guild of America, it ynfloedrike fakbûn fan senarioskriuwers, by in formele harksitting in stokje foar.

Yn 't earstoan hie de ferwachting west dat de akteurs út eardere Jurassic Park-films foar de nije film yn harren âlde rollen weromkeare soene, lykas Sam Neill as dr. Alan Grant, Jeff Goldblum as dr. Ian Malcolm, Richard Attenborough as John Hammond, Laura Dern as dr. Ellie Sattler en Julianne Moore as dr. Sarah Harding. Trevorrow en Connolly fielden dêr lykwols neat foar, of it moast wêze dat der in goede reden wie foar personaazjes út eardere film om by it nije ferhaal belutsen te wêzen. Se fûnen dat dat inkeld gou foar dr. Henry Wu (spile troch B.D. Wong), de wittenskipper efter it kloanen fan 'e dinosauriërs, dy't earder yn 'e earste film te sjen west hie.

As produsinten wiene Frank Marshall en Patrick Crowley by it projekt belutsen foar de filmstudio's Amblin Entertainment, Universal Pictures, Legendary Entertainment en The Kennedy/Marshall Company. Steven Spielberg fan Amblin hie as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $150 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Schwartzman, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Jurassic World setten op 10 april 2014 útein en duorren oant en mei 5 augustus fan dat jier. Der waard benammen filme op 'e Hawaïaanske eilannen Kauaï en Oähû. De sênes yn it resort en om it haadkertier hinne waarden opnommen yn Louisiana, op it parkearterrein fan it fertutearze ferdivedaasjepark Six Flags New Orleans. Beskate grutskalige binnendoarsênes waarden filme yn 'e Michoud Assembly Facility, in fabrykshal fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, yn New Orleans.

Special effects[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de dinosauriërs yn 'e foargeande Jurassic Park-films foar in oansjenlik part werjûn wiene troch neimakke animatroanyske modellen, waard foar Jurassic World, mar ien sa'n animatroanyske dinosaurus brûkt, in Apatosaurus. De oare dinosauriërs waarden (foar in part ûnderstipe troch motion-capturetechniken) yn 'e postproduksje tafoege as special effects troch Industrial Light & Magic (IlM), it bedriuw fan George Lucas.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Jurassic World waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 29 maaie 2015 yn Parys yn premiêre, en iepene dêrnei op 12 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 9 juny 2015 by platemaatskippij Back Lot Music. Jurassic World waard op 20 oktober 2015 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Jurassic World oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian de film 4 fan 5 stjerren. Hy neamde it "in freeslik fermaaklik en spannend simmerspektakel". Yn The Telegraph, in oare Britske krante, parte Robbie Collin de film ek 4 fan 5 stjerren ta. Hy fûn Jurassic World in weardige opfolger fan 'e oarspronklike film. Peter Travers fan it Amerikaanske tydskrift Rolling Stone joech de film 3 fan 4 stjerren en murk op: "It is net de synyske, kommersjalisearre, goedkeape flauwekul dêr't je bang fan wiene dat it it wêze soe." Hy priizge fierders de rezjy fan Colin Trevorrow, de special effects en it aktearjen fan Chris Pratt en Bryce Dallas Howard.

Yn The Hollywood Reporter murk Todd McCarthy op dat Jurassic World "net botte grizelich" wie. Ek hied er krityk op 'e românse tusken de personaazjes fan Pratt en Howard, mar hy wie goed te sprekken oer de special effects en de soundtrack. It parseburo Associated Press (AP) parte oan Jurassic World mar 2 fan 4 stjerren ta en omskreau de film as "in mâle, oerfersêde film" dy't it ûntbriek oan it "knaphandich gefoel fan ferwûndering, de humor en de spanning dy't yn 'e orizjinele film ta utering kamen". De aktearprestaasjes fan Pratt en Howard hie AP dan wol wer lof foar.

Ferskate nijspublikaasjes giene fierders yn op 'e dea fan Zara (spile troch Katie McGrath), de assistinte fan it personaazje fan Howard, dy't de loft yn skuord wurdt troch in Pteranodon, yn 'e lagune falt en dan opfretten wurdt troch de Mosasaurus. It wie de earste kear dat der yn 'e Jurassic Park-films in froulik personaazje oan 'e dinosauriërs opfuorre waard. Regisseur Trevorrow woe noris immen ombringe dy't it totaal net fertsjinne, en hy hie har dea sa spektakulêr mooglik makke om it bioskooppublyk te skokken. Guon filmkritisy brochten oangeande dat stikje fan 'e film soargen oer seksisme en frouljushaat op 't aljemint, hoewol't oaren it krekt priizgen as gelykberjochtiging foar froulju.

Fierders fûnen ferskate nijsmedia, wêrûnder The New York Times en it blêd New York, it tsjûgjen fan seksisme dat Claire, it personaazje fan Bryce Dallas Howard, de hiele film lang op hege hakken omrint, ek as se troch it oerwâld kuieret. De filmmakkers ferdigenen harren tsjin dat lêste kritykpunt troch te sizzen dat Claire no ienris it soarte frou is dat op har wurk hege hakken draacht, en dat de ûntwikkelings inoar yn 'e film sa fluch opfolgje dat se gjin tiid hat om har te ferklaaien foar't se it oerwâld yn moat om har muoikesizzers te rêden.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Jurassic World in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 351 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] kin it orizjineel net belykje wat klearebare fernimstigens en impact oangiet, mar hy wurket poerbêst as in fermaaklike (en fisueel tûzelsinnige) […] skriller." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Jurassic World in goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 49 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jurassic World brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $652,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $1.018,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.670,3 miljoen, oftewol krapoan $1,7 miljard. Ofset tsjin it budget fan $150 miljoen betsjut dat in winst fan $1.520,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Jurassic World de op ien nei meast opbringende film fan 2015 (nei Star Wars: Episode VII – The Force Awakens) en doedestiden ek de op trije nei meast opbringende film aller tiden (nei Avatar, Titanic en Star Wars: Episode VII – The Force Awakens). It Amerikaanske tydskrift Deadline Hollywood berekkene de skjinne wist fan Jurassic World op $474 miljoen.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jurassic World waard nominearre foar 7 Saturn Awards, 2 Satellite Awards, in Screen Actors Guild Award, 2 Empire Awards, 2 Annie Awards, 5 Critics' Choice Movie Awards, 4 People's Choice Awards, 3 MTV Movie Awards, 5 Teen Choice Awards en 2 Kids' Choice Awards. De film wûn de Saturn Award foar bêste optreden fan in jongere akteur (Ty Simpkins) en de MTV Movie Award foar bêste akteur yn in aksjefilm (Chris Pratt).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Jurassic Park (filmsearje)
Jurassic Park (1993) • The Lost World: Jurassic Park (1997) • Jurassic Park III (2001) • Jurassic World (2015) • Jurassic World: Fallen Kingdom (2018) • Battle at Big Rock (2019, koarte film) • Jurassic World: Dominion (2022)