Jurassic Park (film)

Ut Wikipedy
Jurassic Park
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Steven Spielberg
produsint Kathleen Kennedy
Gerald R. Molen
senario Michael Crichton
David Koepp
basearre op de roman fan Michael Crichton
kamerarezjy Dean Cundey
muzyk John Williams
filmstudio Amblin Entertainment
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Sam Neill
Laura Dern
Jeff Goldblum
Richard Attenborough
byrollen Joseph Mazzello
Ariana Richards
Wayne Knight
Martin Ferrero
Samuel L. Jackson
Bob Peck
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 juny 1993
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-horrorfilm
taal Ingelsk
spyltiid 128 minuten
budget en resultaten
budget $63 miljoen
opbringst $1.031,2 miljoen
prizen 3 × Oscar
1 × BAFTA
4 × Saturn Award
1 × Hugo Award
filmsearje
filmsearje Jurassic Park
● folgjend diel The Lost World: Jurassic Park

Jurassic Park is in Amerikaanske science fiction-horrorfilm út 1993 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Sam Neill, Laura Dern en Jeff Goldblum. De titel kin oerset wurde as "Sjuerapark", en ferwiist nei it Sjuera, in geologysk tiidrek doe't de dinosauriërs de wrâld behearsken. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Michael Crichton, dy't ek as senarioskriuwer by it projekt belutsen wie. It ferhaal fynt plak op it fiktive tropyske eilân Isla Nublar, foar de Pasifyske kust fan Kosta Rika. Dêr hat de rike sakeman John Hammond in safarypark opset dêr't troch kloanen en genetyske manipulaasje dinosauriërs wer ta libben brocht binne. Foarôfgeande oan 'e iepening fan it park nûget Hammond syn beide pakesizzers en in selekt selskip fan wittenskippers út om alles te testen. As bedriuwsspionaazje ta sabotaazje liedt, komme de besikers by stoarm yn it park fêst te sitten, wylst alle ferbliuwen fan 'e dinosauriërs iepengeane.

Foar de werjefte fan 'e dinosauriërs makke Jurassic Park gebrûk fan baanbrekkende special effects. Fan 'e filmkritisy ûntfong de film tige loovjende resinsjes en yn 'e bioskopen wie it in reuseftich kommersjeel súkses en woeks Jurassic Park út ta de (doe) meast opbringende film aller tiden. De film waard bekroane mei trije Oscars, in BAFTA, fjouwer Saturn Awards, in Hugo Award en ferskate oare wichtige prizen. Yn 2018 waard Jurassic Park opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register. It súkses fan 'e film late wrâldwiid ta in raazje op it mêd fan dinosauriërs, en teffens ta it ûntstean fan 'e Jurassic Park-franchise, yn it ramt wêrfan't yn 2022 de fyfde ferfolchfilm útkaam. It direkte ferfolch op Jurassic Park wie The Lost World: Jurassic Park, út 1997.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De smoarrike Skotske sakeman John Hammond hat in safarypark fêstige op Isla Nublar, in (fiktyf) eilân yn 'e Stille Oseaan, dat 200 km foar de kust fan Kosta Rika leit. Hy hat it park, mei de namme Jurassic Park, befolke mei in grut tal ûnderskate soarten dinosauriërs dy't allegearre al miljoenen jierren lyn útstoarn binne. De bisten binne wer ta libben brocht troch it kloanen fan dinosaurus-DNA, dat oantroffen is yn bloeddrippen yn 'e lichems fan prehistoaryske langpoaten dy't bewarre bleaun binne yn fossilisearre beamsop, oftewol barnstien. De gatten yn it genoom fan 'e dinosauriërs binne neitiid troch genetyske manipulaasje opfolle mei it DNA fan kikkerts.

As der in wurknimmer fan Jurassic Park omkomt by it ferpleatsen fan in gefaarlike Velociraptor¹, stjoere de ynvestearders abbekaat Donald Gennaro, dy't derop stiet dat de feilichheid fan it park garandearre wurdt troch in stikmannich foaroansteande saakkundigen. Gennaro komt sels mei de glêde wiskundige en gaosteorist dr. Ian Malcolm op 'e lapen. Hammond reizget nei Montana ta, dêr't er de stive paleöntolooch dr. Alan Grant en dy syn freondinne, paleobotaniste dr. Ellie Sattler, foar it putsje wit te bestrûpen troch oan te bieden harren opgravings foar de kommende trije jier te finansieren.
¹) De Velociraptors út Jurassic Park komme net oerien mei de leden fan it echte skaai fan dinosauriërs mei dy namme. Dy wiene ntl. in stik lytser en dêrmei ek oansjenlik minder gefaarlik. Koart foar't de film útkaam, waard by paleöntologysk ûndersyk lykwols de Utahraptor ûntdutsen, dy't wol deeglik yn hege mjitte oerien kaam mei de Velociraptor út 'e film. Special effects-technikus Stan Winston makke doe de grap: "Wy hawwe him makke, en doe hawwe sy him ûntdutsen." Troch nije ûntdekkings geane paleöntologen der no fan út dat Velociraptors eins ek oerdutsen wiene mei fearren ynstee fan dat se keal wiene mei in skobbe hûd, lykas yn 'e film.

As de trije saakkundigen op Isla Nublar arrivearje sûnder dat Hammond se krekt fertelt hat hoe en wat, binne se alhiel feralterearre as se ûnderweis nei it besikerssintrum in libbene Brachiosaurus sjogge. Yn it besikerssintrum krije se in rûnlieding wêrby't harren útlein wurdt hoe't it team fan wittenskippers dat Hammond gearbrocht hat, it kloanen en de genetyske manipulaasje útfierd hat. Se binne tsjûge fan it út it aai kommen fan in Velociraptor en om't dy bisten sa gefaarlik binne dat Grant dêr ûngerêst fan wurdt, bringe se in besyk oan it Velociraptor-ferbliuw, ein in koai, dy't hermetysk ôfsletten is mei tige hege, tige sterke stekken dy't oanhâldend ûnder stroom steane.

De hiele rûnlieding ropt by de saakkundigen inkeld mear fragen op. Under de lunch is Malcolm it meast útsprutsen yn syn feroardieling fan Hammond syn dwaan, mei't er fynt dat de dinosauriërs har kâns hân hawwe, en dat se troch de natoer ôftanke binne, en dat it dêrom ûnfoechsum is om te besykjen en bring se werom. Boppedat, hoe kin Hammond miene dat it mooglik is om bisten yn 'e stringen te hâlden dy't al miljoenen jierren wei binne en dêr't we frijwol neat oer witte? Hammond leit út dat der soarchfâldich op ta sjoen is dat alle dinosauriërs op it eilân wyfkes binne, dat fuortplanting is ûnmooglik. Malcolm lit him net oertsjûgje, en hâldt út dat de natoer yn sokke sitewaasjes altyd wol foar in oplossing soarget. Ek fynt er it lakonike ynsetten fan genetyske manipulaasje troch Hammond-en-dy wat dat om problemen freget. Nei syn miening sil Jurassic Park yn triennen einigje. Grant en Sattler binne mylder as Malcolm, mar sjogge likemin yn hoe't dit wurkje kin. Inkeld Gennaro is nei it sjen fan 'e Brachiosaurus lôgjende entûsjast oer it park.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei it iten jouwe Hammond syn pakesizzers, it alvejierrige famke Lex en it sânjierrige jonkje Tim, har by de gasten foar in toer troch it safarypark. Hammond bliuwt efter yn it kontrôlesintrum, dat yn itselde gebou ûnderbrocht is as it besikerssintrum. Dêrwei hâldt er mei haadtechnikus Ray Arnold, haadparkwachter Robert Muldoon en haad automatisearring Dennis Nedry tafersjoch oer de toer. It sit Hammond net bot mei: de measte dinosauriërs bliuwe ferburgen yn 'e oerwâldfegetaasje as de selsridende elektryske auto's der lâns komme, en it iennichste libbene eksimplaar dat se sjogge, is in sike Triceratops. Ta oermjitte fan ramp leit Isla Nublar yn it paad fan in orkaan, dêr't Hammond fan hope hie dat er ôfbûge en it eilân misse soe. Dat bart lykwols net, sadat de toer oan 'e ein fan 'e middei hommels ôfbrutsen wurde moat. Wylst de measte wurknimmers fan it safarypark it eilân ferlitte op in fearboat nei it fêstelân fan Kosta Rika, keare de selsridende auto's werom nei it besikerssintrum mei alle gasten útsein Sattler, dy't langer by de Triceratops bliuwe wol en letter by it sintrum ôfset wurde sil troch bistedokter Harding.

Underwilens lêst haad automatisearring Dennis Nedry út in eigen skript. Hy hat finansjele swierrichheden, dy't er sels feroarsake hat, mar hy is fan miening dat er sa geniaal is en sok briljant wurk leveret, dat Hammond him better heart te beteljen. Mei't Hammond dat wegeret, wrokket Nedry tsjin syn baas en hat er him ta bedriuwsspionaazje omkeapje litten troch Dodgson, in man dy't foar Biosyn Genetics wurket, in konkurrint fan Hammond syn bedriuw InGen. Hy hat in spuitbus skearsjippe krigen mei dêryn in lyts kuolfek ferburgen, dêr't er in stikmannich stellen embryo's fan ûnderskate soarten dinosauriërs yn ferstopje kin. Om himsels tagong ta de embryo-opslach te jaan en neitiid mei it stellen guod by de fearboat te kommen, stelt Nedry in meastepart fan 'e automatisearre systemen fan it park bûten wurking. Troch dy sabotaazje reitsje de elektryske toerauto's strâne krekt foar it ferbliuw fan 'e Tyrannosaurus rex, in reuseftige rôfdinosaurus.

De Tyrannosaurus rex brekt troch de no net mear ûnder stroom steande stekken hinne. Gennaro naait út en siket beskûl yn in bouwurk dat in pear iepenbiere húskes befettet, mar de dinosaurus ferwoastget it gebou en ferslynt de abbekaat. De auto dêr't Lex en Tim yn efterbleaun binne, wurdt ek oanfallen troch de Tyrannosaurus rex, mar Grant en Malcolm komme harren te help. Malcolm rekket slim ferwûne en bliuwt efter, wylst Grant mei Lex op 'e rêch by in steile wand njonken it paad del klimt. De Tyrannosaurus rex triuwt de auto mei Tim der noch yn ek oer de râne, dy't op in hier nei boppe-op Grant en Lex falt en úteinlik hingjen bliuwt yn in beam. Nei't er mei Lex feilich de grûn berikt hat, klimt Grant yn 'e beam om Tim te rêden, wêrby't se op 'e nij oan 'e dea ûntsnappe as de auto losrekket en boppe-op harren falt.

Underwilens besiket Nedry mei syn bút fan dinosaurusembryo's de fearboat te berikken foar't dy ôfset, mar yn it tsjuster en de rein en wyn rekket er paadbjuster. As er mei syn Jeep út 'e bocht fljocht en útstapt om 'e auto mei de ynboude liere oan in beam wer flot te lûken, wurdt er oanfallen, deade en opfretten troch in Dilophosaurus.² Muldoon en Sattler geane derop út om 'e oare gasten te sykjen. Se treffe Malcolm ferwûne oan en fine fuotprinten werom fan Grant, Lex en Tim dy't by it autowrak ûnderoan 'e beam wei liede, mar moatte dan sjen dat se fuortkomme as de Tyrannosaurus rex weromkomt. It bist efterfolget harren wylst se yn in Jeep útpike, en se witte mar nauwerneed te ûntkommen.
²) De Dilophosaurus yn 'e film ferskilt sterk fan 'e echte Dilophosaurus. Hy waard yn 'e film folle lytser makke sadat it filmpublyk him net mei de Velociraptors betiizje soe, en de halskraach en it spuien fan gif binne folslein fiktyf.

Grant, dy't net goed mei bern omgean kin en oan Sattler ferteld hat dat er fynt dat se lûdroftich en ferfelend binne en stjonke, sit no ynienen mei twa bern oantangele dêr't er ferantwurdlik foar is. Hy nimt Lex en Tim mei djipper it park yn, by it territoarium fan 'e Tyrannosaurus rex wei, en se bringe de nacht troch heech yn in beam, dêr't se de oare moarns wekker makke wurde troch in blêde-itende Brachiosaurus. As se dy deis fierder tsjogge yn 'e rjochting fan it besikerssintrum, fine se in stikmannich útkommen dinosaurusaaien. Grant beseft dan dat Malcolm gelyk hie doe't er sei dat de natoer wol in oplossing betinke soe. Om't Hammond-en-dy it DNA fan 'e dinosauriërs oanlinge hawwe mei kikkert-DNA, en guon Westafrikaanske kikkerts spontaan fan geslacht feroarje kinne as se har earne befine dêr't allinne mar soartgenoaten fan itselde geslacht binne, kinne de dinosauriërs fan Isla Nublar dat no ek.

Mei't se net by steat binne om Nedry syn befeiliging fan it kompjûtersysteem te omsilen, beslute Hammond en Arnold om it hiele systeem út te setten en dan wer hielendal op 'e nij op te starten. Dêrfoar lûke Hammond, Arnold, Sattler, Muldoon en Malcolm har werom yn in bunker foar needgefallen. It útsetten fan it systeem giet poerbêst, mar it wer opstarten wol net om't de stoppen trochslein binne. It is ienfâldich genôch om dy wer om te setten. It probleem is allinnich dat de stoppen yn 'e kelder fan in gebou hielendal oan 'e oare kant fan it kompleks sitte. Arnold giet dêrhinne om it putsje op te knappen, mar hy komt net werom. Dêrom sette de mei in swier jachtgewear bewapene Muldoon en Sattler him efternei. Se ûntdekke dat troch it útsetten fan it systeem ek de noch funksjonearjende elektryske ôffredings deäktivearre binne, mei as gefolch dat de trije Velociraptors no frij omrinne.

Grant, Tim en Lex berikke ien fan 'e elektryske ôffredings, dêr't se oerhinne moatte om it besikerssintrum te berikken. Aldergeloks, sa sjogge se, is de stroom derôf helle, dat se begjinne te klimmen. Underwilens berikt Sattler de kelder mei de stoppekast, wylst Muldoon de Velociraptors ôfliedt. Mei't se oer de portofoan ynstruksjes fan Hammond en Malcolm ûntfangt, fynt se de juste kast en set se útein om 'e elektrisiteitsfoarsjenning yn it hiele park wer oan 'e gong te bringen. Grant en Lex berikke feilich de grûn, mar Tim leit efter en talmet boppe-oan it stek. As der in swaailjocht begjint te knipperjen ta teken dat de stroom der wer op komt, ropt Grant him ta dat er springe moat. Dêr wachtet er te lang mei, en as Sattler de elektrisiteit wer op alle ôffredings set, wurdt er troch de skok fan it stek smiten. Grant fangt him op, mar troch de skok hat er in hertstilstân krigen. Grant past by it jonkje hertmassaazje en mûle-op-mûlebeäzeming ta, wêrmei't er him wer bybringt.

De Velociraptors binne Muldoon te fluch ôf: wylst ien as lokkebrea fungearret, falt in oarenien him fan 'e sydkant oan. De parkwachter wurdt dêrby deamakke en opfretten. Yn 'e kelder ûntdekt Sattler, as dêr de lampen wer oangeane, wat der noch oer is fan it lyk fan Arnold, dy't ek troch in Velociraptor ferslynd is. Sels wurdt se troch de trêde Velociraptor oanfallen, mar se wit fuort te kommen en it bist yn 'e kelder op te sluten. Grant berikt mei Tim en Lex it besikerssintrum, dat se leech oantreffe. Hy lit Tim en Lex dêr efter yn 'e oertsjûging dat se der feilich wêze sille, en giet sels wer nei bûten om 'e oaren te sykjen. Hy fynt Sattler werom, dy't op dat stuit krekt weromkeart út 'e kelder mei de stoppen. Sy is derfan oertsjûge dat de Velociraptor dy't se yn 'e kelder opsletten hat, net ûntsnappe kin, of it moat wêze dat de bisten leard hawwe om doarren iepen te dwaan.

De beide Velociraptors dy't Muldoon deade hawwe, kringe it besikerssintrum binnen en efterfolgje Lex en Tim nei de koken, dêr't se demonstrearje dat se yndie tichte doarren iepenkrije kinne. Ien fan harren helpt himsels tydlik út 'e tiid troch mei de kop tsjin in kokenkastke oan te draven, wylst Tim de oare wit op te sluten yn 'e kuolsel. Lex en Tim jouwe har by Grant en Sattler, en de kompjûterwize nerd Lex kriget it kompjûtersysteem fan it park wer oan 'e gong, sadat de tillefoanen it wer dogge en Hammond it fêstelân skilje kin om in helikopter te stjoeren. Grant, Sattler en de bern wurde op 'e nij oanfallen troch de wer by besleur kommen Velociraptor út 'e koken en ûntkomme troch yn it systeemplafon te klimmen. Boppe-yn 'e grutte hal fan it besikerssintrum komme se wer foar 't ljocht en klimme dan fia in skelet fan in Tyrannosaurus rex, dat dêr opsteld stiet, nei ûnderen. Ienris op 'e grûn wurde se lykwols ynsletten troch de Velociraptor út 'e koken en de Velociraptor dy't Sattler yn 'e kelder opsletten tocht te hawwen.

It liket min mei harren te einigjen, as ynienen de libbene Tyrannosaurus rex it besikerssintrum binnenkringt en ien fan 'e Velociraptors grypt en deabyt. Wylst de oare Velociraptor de Tyrannosaurus rex oanfalt, glûpe Grant en Sattler mei de bern fuort. Bûtendoar wurde se opwachte troch Hammond en Malcolm yn in Jeep, wêrmei't se har nei it lâningsplatfoarm foar helikopters bejouwe. Yn 'e hal fan it besikerssintrum byt de Tyrannosaurus rex de lêste Velociraptor dea en lit dan syn boalderjend lûd hearre wylst in banier mei de tekst Doe't Dinosauriërs oer de Ierde Hearsken los skuort fan it plafon en foar him lâns omleech dwarrelet. Yn 'e helikopter nei it fêstelân krûpe Lex en Tim tsjin Grant oan en falle yn 'e sliep, wylst Sattler fertedere tasjocht.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sam Neill.
Laura Dern.
Jeff Goldblum.
haadrollen
personaazje                       akteur/aktrise
dr. Alan Grant Sam Neill
dr. Ellie Sattler Laura Dern
dr. Ian Malcolm Jeff Goldblum
John Hammond Richard Attenborough


byrollen
personaazje akteur/aktrise                     
Tim Murphy Joseph Mazzello
Lex Murphy Ariana Richards
Dennis Nedry Wayne Knight
Donald Gennaro Martin Ferrero
Ray Arnold Samuel L. Jackson
Robert Muldoon Bob Peck
dr. Henry Wu B.D. Wong
dr. Harding Gerald R. Molen
Juanito Rostagno Miguel Sandoval
Dodgson Cameron Thor
stim fan 'e toergids Richard Kiley
stim fan "Mr. DNA" Greg Burson
snotjonge by opgraving yn Montana Whit Hertford

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Preproduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It idee foar Jurassic Park kaam oarspronklik út 'e koker fan skriuwer Michael Crichton, dy't al yn 1983 in senario betocht oer in dinosaurus dy't fan fossyl DNA kloand en wer ta libben wekke wurdt troch in studint. Dat waard lykwols nea ferfilme. Crichton hold oan mei it omboartsjen mei it idee fan wer ta libben wekke dinosauriërs, en skreau yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren de roman Jurassic Park, dêr't er ferskate jierren mei besteld wie. Oarspronklik waard it ferhaal ferteld út it perspektyf fan in jonge jonge, mar de feedback dy't Crichton krige, wiene tige negatyf, dat hy feroare de haadpersoan yn in folwoeksen man, wat folle bettere reäksjes opsmiet.

Roman- en senario-skriuwer Michael Crichton.

Regisseur Steven Spielberg rekke noch foar de publikaasje fan 'e roman yn 1990 op 'e hichte fan it bestean fan it ferhaal, mei't it te praat kaam doe't hy en Crichton in senario besprieken dat letter de sikehûssearje ER wurde soe. Warner Bros., Columbia Pictures, 20th Century Fox en Universal Pictures tongen allegear noch foar de publikaasje fan 'e roman nei de filmrjochten, wêrby't Universal, mei stipe fan Spielberg syn filmstudio Amblin Entertainment, úteinlik yn maaie 1990 as de winner út 'e bus kaam. Crichton liet him foar de filmrjochten in priis fan $1,5 miljoen betelje, mei dêroerhinne in persintaazje fan 'e winst út it filmprojekt.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er yn 1991 de fantasyfilm Hook foltôge hie, woe regisseur Steven Spielberg mei de Holokaustfilm Schindler's List oan 'e gong. Sid Sheinberg, de algemien direkteur fan 'e Music Corporation of America (MCA), dat doedestiden de memme-ûndernimming fan filmstudio Universal Pictures wie, joech him dêrfoar it griene ljocht, op betingst dat er earst Jurassic Park makke. Spielberg sei letter yn 'e biografy Steven Spielberg dy't Joseph McBride yn 1997 oer him skreau, dat er mei de film eins allinne mar in goede ferfolchfilm op syn horrorfilm oer haaien Jaws (1975) meitsje wollen hie.

Foar Jurassic Park wurke Spielberg op basis fan in senario dat skreaun wie troch Michael Crichton en David Koepp. As produsinten wiene Kathleen Kennedy en Gerald R. Molen by it projekt belutsen foar Spielberg syn eigen filmstudio Amblin Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $63 miljoen, dat finansierd waard troch Universal. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Cundey, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams.

In replika fan 'e Ford Explorers út 'e film (de selsridende elektryske auto's), yn Universal Studios Japan.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rol fan dr. Alan Grant waard earst oanbean oan akteur William Hurt, dy't it oanbod lykwols ôfsloech sûnder it senario lêzen te hawwen. Dêrnei waard Harrison Ford frege, dy't der likemin belangstelling foar hie. De Nijseelânske akteur Sam Neill waard úteinlik pas cast trije oant fjouwer wiken foar't de opnamen úteinsetten. Laura Dern wie de earste kar fan Steven Spielberg foar de rol fan dr. Ellie Sattler, hoewol't dyselde rol, foar't sy tahapte, ek oanbean waard oan Robin Wright, dy't derfoar betanke. It idee om Jeff Goldblum te casten as dr. Ian Malcolm kaam út 'e koker fan casting director Janet Hirshenson. Jim Carrey die ek audysje foar dy rol, en eltsenien wie fan syn aktearjen ûnder de yndruk, dêr net fan, mar men fûn dochs dat Goldblum better by de rol paste.

Ariana Richards, dy't de rol fan it jonge famke Lex Murphy spile, sei letter oer har casting: "Ik waard yn it castingkantoar roppen, en dêr woene se allinne mar dat ik in gjalp joech. Letter hearde ik dat Steven dy deis castingopnamen fan in pear famkes besjoen hie, en dat ik de iennichste wie dêr't syn frou, dy't op 'e bank lei te sliepen, wekker fan waard, en se kaam deroan draven troch de gong om te sjen oft der wat mei de bern wie." Foar deselde rol die Christina Ricci ek audysje. Joseph Mazzello, dy't Lex har jongere bruorke Tim spile, hie twa jier earder audysje dien foar in rol yn Hook (1991), mar waard doe noch te jong achte. Spielberg hie him doe ûnthjitten dat se yn 'e takomst oan in oare film gearwurkje soene.

Spielberg keas de doe noch ûnbekende Wayne Knight út foar de rol fan aaklike smjunt Dennis Nedry, nei't er him yn in lyts byroltsje as ofsier fan justysje sjoen hie yn 'e psychologyske skriller Basic Instinct (1992). Hy hie mei dat roltsje sa'n yndruk op Spielberg makke dat dy, sa seid er letter yn in fraachpetear, "wachte oant de ôftiteling en syn namme opskreau." Cameron Thor, dy't earder mei Spielberg gearwurke hie yn Hook, die audysje foar de rol fan Ian Malcolm, mar moast úteinlik genoegen nimme mei it lytse byroltsje fan Dodgson, de man dy't Nedry ynstruëarret oer de bedriuwsspionaazje en him in spuitbus skearsjippe jout om 'e stellen dinosaurusembryo's yn te ferbergjen. Hy sei dêroer: "Der stie yn it skript inkeld: 'spuitbus skearsjippe', dat ik brocht tiid sûnder ein troch yn in drogisterij om 'e meast fotosjenike te finen. Ik keas Barbasol út, en sa kaam dat yn 'e film telâne. Ik wie doe sa ta reapsein dat ik de spuitbus nei de audysje mei nei hûs naam om him op te brûken."

De libbensgrutte animatroanyske Tyrannosaurus rex op 'e filmset fan Jurassic Park.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Jurassic Park setten op 24 augustus 1992 útein op it eilân Kauaï, yn 'e Amerikaanske steat Hawaï. Hoewol't de film eins foar in lyts part spilet yn 'e Dominikaanske Republyk en foar it meastepart op in fiktyf eilân dat ta Kosta Rika heart, siet Steven Spielberg yn noed oer de ynfrastruktuer en tagonklikens dêre, sadat er keas foar in filmlokaasje dêr't er alris earder wurke hie. Inkele sênes waarden op oaren fan 'e Hawaï-eilannen filme, lykas de efterfolging fan 'e keppel Gallimimus troch de Tyrannosaurus rex (Oähû) en de iepeningssêne (Maui). In pear bykommende sênes waarden opnommen op it lytsere eilân Niïhau, dat oars gjin besikers fan bûten talit.

De opnamen op Kauaï moasten op 11 septimber in dei stillein wurde om't de orkaan Iniki oer it eilân raasde. Ferskaten fan 'e stoarmsênes yn 'e film binne echt by stoarmwaar filme, foar't en nei't it hichtepunt fan 'e orkaan it eilân berikte. It hie eins de bedoeling west dat Samuel L. Jackson, dy't yn 'e film de rol fan Ray Arnold fertolket, de bedriuwslieder fan it safarypark, in lange deadssêne spylje soe, wêryn't er efterfolge en opfretten wurde soe troch Velociraptors, mar de filmset foar dy sêne waard troch orkaan Iniki ferneatige, en de sêne waard net wichtich genôch achte om dy wer op te bouwen.

Mids septimber waard de produksje ferhuze nei Kalifornje, dêr't yn 'e soundstages fan it studiokompleks Universal Studios Hollywood ferskate binnendoarsênes opnommen waarden, wêrûnder de efterfolging fan 'e bern troch de Velociraptors yn 'e koken en de sêne yn 'e kelder dêr't Ellie de stroom der wer op docht. De nachtlike sêne fan 'e oanfal fan 'e Tyrannosaurus rex op 'e auto's waard filme yn 'e Warner Bros. Studios yn Burbank (Kalifornje). De foaroankundiging fan 'e komst fan it bist troch de ronfels dy't syn swiere fuotstappen yn in glês wetter feroarsaakje, stie net yn 'e roman en likemin yn it oarspronklike skript, mar waard ynspirearre troch in persoanlike ûnderfining fan Steven Spielberg, doe't er yn syn auto wat oan it drinken wie wylst er de muzyk fan Earth, Wind and Fire lûd oanstean hie. De sênes mei de paleöntologyske opgraving yn Montana waarden filme yn it Steatspark Red Rock Canyon, ek yn Kalifornje.

Special effects[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e postproduksje fan 'e film waarden de baanbrekkende kompjûtergenerearre special effects tafoege dy't oanmakke waarden troch Industrial Light & Magic (ILM), it bedriuw fan George Lucas. Dy kamen boppe-op (en net yn it plak fan) de libbensgrutte animatroanyske dinosauriërs dy't ûntwurpen wiene troch de Stan Winston Studio. De animatroanyske Tyrannosaurus rex, troch regisseur Steven Spielberg erkend as "de stjer fan 'e film", hie in hichte fan 6.10 m, in lingte fan 12 m en in gewicht fan 7,9 ton.

It neiboude 'ûntdekkingssintrum' fan it safarypark út 'e film, yn 'e Islands of Adventure yn Orlando.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Jurassic Park waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 9 juny 1993 yn Washington, D.C. yn premiêre. Hy wie fan 10 juny ôf as preview te sjen yn 1.412 filmsealen, mar iepene offisjeel op 12 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn 2011 kaam Jurassic Park yn it Feriene Keninkryk nochris yn 'e bioskopen yn it ramt fan 'e earste blu-ray-útjefte. Yn 2013 waard in 3D-ferzje fan 'e film yn 'e bioskopen útbrocht.

It by de film hearrende soundtrackalbum ferskynde op 25 maaie 1993 by platemaatskippij MCA Records. Jurassic Park waard op 4 oktober 1994 útbrocht as VHS-keapfideo, en ferskynde op 10 oktober 2000 foar it earst op dvd en op 25 oktober 2011 foar it earst op blu-ray. De film waard op 7 maaie 1995 foar it earst op 'e tillefyzje útstjoerd, troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Jurassic Park oer it algemien tige positive resinsjes. Sa omskreau Janet Maslin fan The New York Times de film as "in wiere mylpeal op it mêd fan film, mei ûntsach- en eangstoproppende bylden dy't nea tefoaren op it wite doek te sjen west hawwe." Yn it tydskrift Rolling Stone hie Peter Travers it oer "kolossaal fermaak: de alderûntychlikste achtbaanrit fan 'e simmer en nei alle gedachten fan it jier, dêr't jin de eagen fan út 'e holle springe en dat jin mei it ferstân net neikomme kinne." It Britske tydskrift Empire joech de film 5 fan 5 stjerren, en neamde it "hiel gewoan ien fan 'e grutste kaskreakers aller tiden."

Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte Jurassic Park dan wol 3 fan 4 stjerren ta, mar hy wie minder útskroevene loovjend. Hy skreau: "De film foldocht suver te goed oan syn ûnthjit om ús dinosauriërs te toanen. We sjogge se al ier en faak, en se binne yndie in triomf fan special effects-fakmanskip, mar it ûntbrekt de film oan oare kwaliteiten dy't er minder misse kin, lykas in gefoel fan ûntsach en ferwûndering en sterke minsklike ferhaalswearden." Datoangeande skreau Henry Sheehan yn Sight & Sound: "De klachten oer it gebrek oan ferhaal en karakterûntwikkeling yn Jurassic Park klinke my yn 'e earen as [hawwe de lju dy't dat op 't aljemint bringe] it punt mist." By wize fan ûnderbouwing ferwiisde er nei de ferhaalline fan Alan Grant, dy't leart om 'e pakesizzers fan Hammond te beskermjen en geandewei sels fan harren begjint te hâlden, wylst er oan it begjin fan 'e film in hekel oan bern hat.

It binnenwurk fan in animatroanyske velociraptor út Jurassic Park, tentoansteld yn 2011.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Jurassic Park in tige heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 128 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in spektakel fan special effects en libbensechte animatroanika, mei guon fan Spielberg syn bêste opienfolgings fan sênes sûnt Jaws, dy't beklibjend ûntsach en neakene eangst opwekje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Jurassic Park in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 20 resinsjes. Jurassic Park waard yn 2018 troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Nasjonaal Film Register, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jurassic Park brocht yn 1993 yn 'e bioskopen wrâldwiid $912,7 miljoen op. Trochdat de film letter noch ferskate kearen op 'e nij yn 'e bioskopen útbrocht waard, kaam de úteinlike opbringst wrâldwiid lang om let op $1.031,2 miljoen te lizzen, wêrfan't $402,5 miljoen yn 'e Feriene Steaten en Kanada binnenhelle waard en nochris $628,7 miljoen yn oare lannen en territoaria. Ofset tsjin it budget fan $63 miljoen betsjut dat in winst fan $968,2 miljoen, hoewol't dêr de (sûnder mis mânske) marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Jurassic Park de meast opbringende film fan 1993 en doedestiden ek de meast opbringende film aller tiden. Dat rekôr wie foartiid yn 'e hannen fan E.T. the Extraterrestrial (1982), ek in film fan Steven Spielberg, en waard yn 1997 oertroffen troch Titanic, fan James Cameron. Yn 2013, doe't de film yn 3D-ferzje op 'e nij útbrocht waard, wie Jurassic Park de santjinde film ea dy't oer de grins fan in opbringst fan $1 miljard hinne gie.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1994 wûn Jurassic Park by de Oscars de prizen yn trije kategoryen: bêste lûdsmontaazje (Gary Rydstrom en Richard Hymns), bêste lûdsmixing (Gary Summers, Gary Rydstrom, Shawn Murphy en Ron Judkins) en bêste fisuele effekten (Stan Winston, Dennis Muren, Phil Tippett en Michael Lantieri). By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Jurassic Park nominearre yn twa kategoryen, wêrûnder bêste lûd. De film wûn de BAFTA foar bêste special effects.

De neiboude yngong fan it safarypark út Jurassic Park yn it ferdivedaasjepark Universal Orlando yn Orlando (Floarida).

By de Saturn Awards waard Jurassic Park nominearre foar alve prizen, wêrûnder bêste aktrise (Laura Dern), bêste byrol fan in akteur (twa kear, foar Jeff Goldblum en Wayne Knight), bêste optreden fan in jonge akteur (Joseph Mazzello), bêste optreden fan in jonge aktrise (Ariana Richards), bêste filmmuzyk en bêste kostúmûntwerp. De film wûn fjouwer Saturn Awards, foar bêste science fiction-film, bêste regisseur (Steven Spielberg), bêste senario (Michael Crichton en David Koepp) en bêste special effects.

Fierders wûn Jurassic Park de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje, de People's Choice Award foar favorite film, de Priis fan 'e Japanske Akademy foar bêste bûtenlânske film en de Young Artist Award foar bêste famyljefilm fan it aksje/aventoeresjenre. Joseph Mazzello en Ariana Richards wûnen de Young Artist Awards foar bêste jonge akteur en bêste jonge aktrise yn in dramafilm. It senario waard nominearre foar in Bram Stoker Award, en der wiene ek nominaasjes yn trije kategoryen fan 'e MTV Movie Awards: foar bêste film, bêste aksjesêne en bêste filmsmjunt (de Tyrannosaurus rex). Komponist John Williams wûn foar de soundtrack fan Jurassic Park in BMI Film Music Award en waard nominearre foar in Grammy.

Mediafranchise[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Jurassic Park (franchise).

It daverjende kommersjeel súkses fan Jurassic Park soarge wrâldwiid foar it ûntstean fan in wiere dinosaurusraazje. It foarme ek it begjin fan in mediafranchise om 'e film hinne, dy't krektlyk fan Jurassic Park kaam te hjitten. Yn it ramt dêrfan waarden (oant en mei 2022) fiif ferfolchfilms makke: The Lost World: Jurassic Park (1997), Jurassic Park III (2001), Jurassic World (2015), Jurassic World: Fallen Kingdom (2018) en Jurassic World: Dominion (2022). Fierders bestiet de franchise út in koarte film (Battle at Big Rock), in romansearje, ferskillende oare boeken, in stikmannich soundtrackalbums, in tekenfilmsearje, in ferskaat oan fideospultsjes en strips, in toanielstik en karút oan merchandising. It is ien fan 'e meast opbringende franchises aller tiden.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Jurassic Park (filmsearje)
Jurassic Park (1993) • The Lost World: Jurassic Park (1997) • Jurassic Park III (2001) • Jurassic World (2015) • Jurassic World: Fallen Kingdom (2018) • Battle at Big Rock (2019, koarte film) • Jurassic World: Dominion (2022)