Irrfan Khan
Irrfan Khan | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sahabzade Irfan Ali Khan | |
nasjonaliteit | Yndiaask | |
berne | 7 jannewaris 1967 | |
berteplak | Jaipur (Radjastan) | |
stoarn | 29 april 2020 | |
stjerplak | Bombay (Maharasjtra) | |
etnisiteit | Pataansk | |
jierren aktyf | 1985 – 2020 | |
prizen | National Film Award 2013 Asian Film Award 2014 4× Filmfare Award | |
offisjele webside | ||
Irrfan Khan op Instagram |
Irrfan Khan of koartwei Irrfan (wiere namme: Sahabzade Irfan Ali Khan; Jaipur, 7 jannewaris 1967 – Bombay, 29 april 2020) wie in Yndiaask film-, tillefyzje- en toanielakteur. Hy waard yn syn heitelân bekend mei rollen yn Haasil, Maqbool, The Namesake, Life in a… Metro en Paan Singh Tomar. Foar de titelrol yn dy lêste film wûn Khan yn 2013 de National Film Award yn 'e kategory bêste akteur. Dêrnjonken wûn er in Asian Film Award foar syn rol yn The Lunchbox, en dêropta noch fjouwer Filmfare Awards. Yn 2011 waard him fierders fan oerheidswegen de ûnderskieding Padma Shri takend. Behalven yn Bollywood-produksjes spile Khan ek yn ferskate Britske en Amerikaanske films, wêrûnder Slumdog Millionaire, The Amazing Spider-Man, Life of Pi, Jurassic World en Inferno. Neffens filmkritikus Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian wie Khan dêrmei fan grutte wearde as ferbining tusken Bollywood en Hollywood.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Khan waard yn 1967 berne yn 'e stêd Jaipur, yn 'e Yndiaaske steat Radjastan, as telch yn in islamityske famylje fan etnysk Pataansk komôf. Syn heit, Yaseen Ali Khan, dy't autobannen ferkocht, kaam út it doarp Khajuriya, yn it distrikt Tonk, wylst syn mem, Saeeda Begum Khan, ôfkomstich wie út 'e stêd Jodhpur. Khan brocht syn jonkheid troch yn Tonk en letter yn Jaipur. Hy wie goed yn cricket, de nasjonale sport fan Yndia, en waard op in stuit útkeazen om mei te dwaan oan 'e CK Nayudu Trophy, in toernoai foar spilers ûnder de 23 jier dat beskôge wurdt as in opstapke nei it profesjoneel beoefenjen fan cricket. Khan moast lykwols ferstek gean litte om't er de kosten fan 'e reis dêrhinne net opbringe koe.
Troch in omke oan memmekant dy't teäterartyst yn Jodhpur wie, kaam Khan foar it earst yn oanrekking mei aktearjen. Fia de omke kaam er neitiid yn 'e kunde mei ferskate ferneamde toanielspilers yn syn wenplak Jaipur, dêr't er inkele kearen op 'e planken stie foar't er him yn 1984 ynskriuwe liet oan 'e Nasjonale Toanielskoalle (NSD) yn New Delhi. Nei't er dy oplieding yn 1987 ôfrûne hie, ferfear er nei Bombay, it sintrum fan 'e Hindytalige Yndiaaske filmyndustry, dy't bekendstiet ûnder de namme Bollywood. Dêr fûn er net daliks wurk as akteur, en sadwaande ûnderhold er himsels ferskate jierren as reparateur fan airconditioningapparatuer. Yn dy hoedanichheid kaam er ûnder mear yn 'e hûs by syn grutte idoal, de akteur Rajesh Khanna, wat er letter yn in fraachpetear omskriuwe soe as in bizarre ûnderfining.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn earste rol hie Khan fan 1985 oant 1986 yn 'e tillefyzjesearje Shrikant. Yn 1987, koart nei't er slagge wie oan 'e Nasjonale Toanielskoalle, waard him in lyts roltsje oanbean yn 'e film Salaam Bombay!, fan Mira Nair; syn sênes waarden lykwols by de filmmontaazje fuortsnien. Sadwaande wie syn debút op it wite doek de rol dy't er yn 1989 hie yn 'e film Kamla Ki Maut, fan regisseur Basu Chatterjee, as tsjinspiler fan Roopa Ganguly. Yn 'e 1990-er jierren hie Khan lytse rollen yn súksesfolle films as Ek Doctor Ki Maut (1990) en Such a Long Journey (1998).
Yn datselde desennium fertolke er de rol fan Lenin yn 'e tillefyzjefilm Laal Ghaas Par Neele Ghode, dy't basearre wie op in oersetting troch Uday Prakash fan in Russysk toanielstik fan Michail Sjatrov. Dêrnei waard er cast as in psychoatyske moardner yn 'e tillefyzjesearje Darr, en ek spile er de ferneamde revolúsjonêr, dichter yn it Oerdû en marxistyske politike aktivist Makhdoom Mohiuddin yn searje Kahkashan. Fierders hied er gastrollen yn ferskate oare tillefyzjesearjes, wêrûnder Chanakya, Bharat Ek Khoj, Banegi Apni Baat en Chandrakanta, en weromkearende rollen yn Star Bestsellers en Bhanvar.
Trochbraak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2001 waard Khan troch regisseur Asif Kapadia yn 'e rol fan 'e haadpersoan cast yn 'e Britske histoaryske film The Warrior, dy't opnommen waard op lokaasje yn Himachal Pradesh en Radjastan. Yn 2003 spile er yn 'e koarte film Road to Ladakh, dy't mei in protte lof ûntfongen waard op ferskate ynternasjonale filmfestivals. Datselde jiers hie Khan ek de titelrol yn 'e súksesfolle film Maqbool, in Yndiaaske adaptaasje fan it toanielstik Macbeth, fan Shakespeare. Syn earste haadrol yn in grutte Bollywood-produksje krige er yn 2005, doe't er resjersjeur Uday Rathore spile yn 'e film Rog. Dêrnei krige er yn ferskate grutte films de haadrol of in byrol as de wichtichste antagonist. Yn 2004 wûn er foar sa'n rol yn Haasil syn earste Filmfare Award, yn de kategory bêste smjunt. Hy spile yn 2006 ek de antagonist yn 'e Telûgûtalige film Sainikudu.
Yn 2007 wie Khan te sjen yn 'e kommersjeel tige súksesfolle films The Namesake en Life in a… Metro. Fral dy lêste film waard troch kritisy sjoen as ien fan 'e hichtepunten fan syn karriêre, yn 't bysûnder troch syn treflike gearwurking mei syn tsjinspylster Konkona Sen Sharma. Hy krige dêr in twadde Filmfare Award foar, yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur. Foar The Namesake waard er nominearre foar in Amerikaanske Independent Spirit Award. Yn 2007 kamen ek twa ynternasjonale films út dêr't Khan yn spile, te witten: A Mighty Heart en The Darjeeling Limited. Yn deselde snuorje wie Khan (ûngewoan foar in Bollywood-stjer) ek aktyf as presintator fan 'e tillefyzjeprogramma's Mano Ya Na Mano en Kyaa Kahein.
Ynternasjonaal súkses
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynternasjonaal briek Khan yn 2008 troch mei syn rol fan in plysjeman yn Slumdog Millionaire, fan regisseur Danny Boyle. Mei de rest fan 'e cast wûn er foar dy film in Screen Actors Guild Award foar treflik optreden fan in cast yn in langspylfilm. Ek yn 2008 fertolke er as tsjinspiler fan Natalie Portman de rol fan in Gûdjaratyske diamanthanneler yn New York, I Love You. Yn 2009 spile Khan yn 'e film Acid Factory, en hied er de rol fan in FBI-agint yn de film New York. Yn 2010 wied er te sjen as de iensume widner Sunil yn 'e Amerikaanske tillefyzjesearje In Treatment.
Khan spile de rol fan dokter Rajit Ratha yn 'e superheldefilm The Amazing Spider-Man, dy't yn 2012 útkaam. Datselde jiers wied er te sjen yn ien fan syn bekendste rollen as de folwoeksen ferzje fan 'e haadpersoan yn 'e tige súksesfolle aventoerefilm Life of Pi. Ek spile er yn 2012 de titelrol fan 'e sporter en bandyt Paan Singh Tomar yn 'e Yndiaaske biografyske film mei deselde namme. Foar dy rol waard him de National Film Award yn 'e kategory bêste akteur taparte, de heechste eare dy't in Yndiaask akteur tafalle kin, en ek wûn er der nochris twa Filmfare Awards mei, ien foar bêste akteur en ien foar bêste akteur beoardiele troch filmkritisy. Yn 2013 fertolke er de haadrol yn The Lunchbox, dy't in priis wûn op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en nominearre waard foar in BAFTA, en dy't him ûntjoech ta de meast opbringende Hindytalige film oant doe ta. Mei dyselde rol wûn Khan yn 2014 de Asian Film Award foar bêste akteur.
Yn 2014 spile Khan de haadrol yn Gunday, in film dy't tuskenbeiden súkses yn 'e bioskopen hie. Dêrnjonken fertolke er byrollen yn The Xpose en Haider. Yn 2015 wied er mei Bollywood-stjerren Deepika Padukone en Amitabh Bachchan te sjen yn Piku. Datselde jiers spile er ek yn 'e Amerikaanske film Jurassic World, yn 'e Yndiaaske skriller Talvar en mei Aishwarya Rai yn 'e Yndiaaske film Jazbaa, dy't priizge waard troch de filmkritisy. Mei û.o. Tom Hanks wied er yn 2016 te sjen yn Inferno, de Amerikaanske ferfilming fan it boek Inferno fan Dan Brown. Ek fertolke er dat jiers de rol fan Nirmal Kumar yn 'e Yndiaaske maatskiplike skriller Madaari, fan regisseur Nishikant Kamat, en wied er as stimakteur belutsen by de Disney-film The Jungle Book, wêrfoar't er syn stim oan it personaazje Baloo de bear liende.
Khan wie yn 2017 û.m. te sjen yn 'e film Hindi Medium dy't sawol kritysk as kommersjeel súksesfol wie. Foar syn rol as Raj Batra yn dy film ûntfong er syn twadde Filmfare Award foar bêste akteur. It duorre eefkes, mar úteinlik woeks Hindi Medium út ta de meast opbringende Hindytalige film ea, wêrmei't er The Lunchbox foarbystribbe. Oare films fan Khan út 2017 wiene û.m. Doob: No Bed of Roses en Qarib Qarib Singlle. Yn 2018 spile er mei û.o. Dulquer Salmaan, Mithila Palkar en Kriti Kharbanda yn Karwaan, en mei Kirti Kulhari yn Blackmail. Khan syn lêste film wie Angrezi Medium, fan regisseur Homi Adajania, dy't útkaam op 13 maart 2020.
Oar wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn septimber 2015 waard Khan oansteld as wurdfierder foar Resurgent Rajasthan ("Oplibjend Radjastan"), in kampanje fan it steatsregear fan Radjastan dy't ynvestearrings en toeristen lûke moast.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn febrewaris 1995 troude Khan mei skriuwster Sutapa Sikdar, mei wa't er oan 'e Nasjonale Toanielskoalle yn 'e kunde kommen wie, doe't hja dêr allebeide studearren. Mei har krige er twa soannen.
Yn 2012 feroare Khan syn foarnamme offisjeel fan 'Irfan' yn 'Irrfan' (mei twa r-en). Hy sei dat er wol oer it lûd fan 'e dûbele r yn syn namme mocht. Letter liet er syn efternamme 'Khan' falle en wurke er inkeld noch ûnder de namme 'Irrfan'. Yn in fraachpetear yn 2016 seid er dat er dat die om't er woe dat syn wurk mei himsels ferbûn reitsje soe, en net mei syn famylje.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maart 2018 makke Khan fia in berjocht op Twitter buorkundich dat der by him in neuro-endokrine tumor fêststeld wie. Hy ferbleau in jier yn it Feriene Keninkryk om him dêrfoar behannelje te litten, mar kearde yn febrewaris 2019 werom nei Yndia. Op 28 april 2020 waard Khan hommels opnommen yn it Kokilaben Dhirubhai Ambani Sikehûs yn syn wenplak Bombay mei wat in ynfeksje oan syn terms bliek te wêzen. De behanneling foar dy oandwaning kaam te let, en hy ferstoar de folgjende dei oan 'e gefolgen fan 'e ynfeksje. Irrfan Khan waard 53 jier.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](Yn 'e ûndersteande tabel giet it by Yndiaaske films en searjes om Hindytalige produksjes as it net oars oanjûn stiet, ek as de titel Ingelsktalich is.)
Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1987 | Shrikant | man fan Abhaya | |
1988 | Bharat Ek Khoj | Abd al-Qadir Bada'uni | |
1991 | Kahkashan | Makhdoom Mohiuddin | |
1991 | Jazeere | Alfred | tillefyzjefilm |
1992 | Chanakya | Senapati Bhadrashaal | |
1993 | Kirdaar | ferskaat | |
1994 | Chandrakanta | Badrinath / Somnath | |
1994 | The Great Maratha | Najib-ud-daula / Gulam Kadir Khan | |
1995 | Banegi Apni Baat | Kumar | |
1996 | Just Mohabbat | Singh | |
1997 | Jai Hanuman | Maharishi Valmiki | |
1997 | Bombay Blue | Rameez | Britske tillefyzjesearje |
1997 | Laal Ghaas Par Neele Ghode | Lenin | |
1998 | Sparsh | Debu | |
1999 | Geeta Rashasya | Kans | |
2000 | Star Bestsellers | Mahesh | ôfl. Ek Shaam Ki Mulaquat |
2000 | Star Bestsellers | Ganesh | ôfl. Govind Aur Ganesh |
2000 | X Zone | Rahul | ôfl. Kirdar |
2000 | Darr | searjemoardner | |
2003 | Ssshhhh... Koi Hai | Amar | ôfl. From Reel to Real |
2004 | Kyaa Kahein | n.f.t. | presintator |
2006 | Mano Ya Na Mano | n.f.t. | presintator |
2009–2010 | MTV Hero Honda Roadies 7 | himsels | |
2010 | In Treatment | Sunil Sanyal | Amerikaanske tillefyzjesearje |
2016 | Tokyo Trial | Radhabinod Pal | Japanske tillefyzjesearje |
film | |||
1988 | Salaam Bombay! | briefskriuwer | |
1989 | Kamla Ki Maut | Ajit | |
1990 | Drishti | Rahul | |
1990 | Ek Doctor Ki Maut | Amulya | |
1991 | Pita | dokter Sen | |
1992 | Mujhse Dosti Karoge | Mir Hassan | |
1993 | Karamati Coat | Jaggu | |
1994 | The Cloud Door | Irfan | Yndiaask-Dútske koarte film |
1994 | Vaade Iraade | Naresh Tripathi | |
1994 | Purush | ûnbekend | Maratysktalige film |
1995 | Adhura | homoseksuele man | nea útbrocht |
1997 | Private Detective: Two Plus Two Plus One | ynspekteur Khan | |
1998 | Such A Long Journey | heit fan Gustad | Yndiaaske Ingelsktalige film |
1998 | Bada Din | plysje-ynspekteur | |
1999 | The Goal | Anupam Singh | |
2000 | Ghaath | Romesh Bhagwat Dogra (Maamu) | |
2001 | Kasoor | ofsier fan justysje Nitin Mehta | |
2001 | The Warrior | Lafcadia / Warrior | |
2002 | Kali Salwar | Shankar | |
2002 | Gunaah | Digvijay Pandey | |
2002 | Pratha | preester Ninni Pandey | |
2002 | Haathi Ka Anda | Badruddin | |
2002 | Bokshu – The Myth | tantryske hegepreester | Yndiaaske Ingelsktalige film |
2003 | Dhund | Ajit Khurana | |
2003 | Haasil | Ranvijay Singh | wûn Filmfare Award foar bêste akteur yn in negative rol |
2003 | Supari | Baba | |
2003 | Footpath | Sheikh | |
2003 | The Bypass | korrupte plysjeman | koarte film |
2003 | Maqbool | Miyan Maqbool | |
2004 | Charas | resjersjeur Randhir Singh Rathore | |
2004 | Aan: Men At Work | Yusuf Pathan | |
2004 | Shadows Of Time | Yani Mishra | Bingaleesktalige film |
2004 | Road To Ladakh | terrorist | koarte film |
2005 | Rog | ynspekteur Uday Rathore | |
2005 | Chehraa | Chandranath Diwan | |
2005 | Chocolate | Pipi | |
2005 | 7½ Phere | Manoj | |
2005 | The Film | Shamim Bhai | as stimakteur |
2005 | Dubai Return | Aftab Angrez | |
2006 | Yun Hota Toh Kya Hota | Salim Rajabali | |
2006 | The Killer | Vikram / Roopchand Swaroopchand Solanki | |
2006 | The Namesake | Ashoke Ganguli | Yndiaaske Ingelsktalige film nom. Independent Spirit Award foar bêste byrol fan in akteur |
2006 | Deadline: Sirf 24 Ghante | Krish Vaidya | |
2006 | Sainikudu | Pappu Yadav | Telûgûtalige film |
2006 | Mr. 100% | Mr. Perfect | |
2007 | Partition | Avtar Singh | Yndiaaske Ingelsktalige film |
2007 | Life in a... Metro | Monty | wûn Filmfare Award foar bêste byrol fan in akteur |
2007 | A Mighty Heart | Javid Habib | Yndiaaske Ingelsktalige film |
2007 | The Darjeeling Limited | de heit | Yndiaaske Ingelsktalige film |
2007 | Apna Asmaan | Ravi Kumar | |
2007 | Aaja Nachle | Farooque | cameo |
2008 | Tulsi | Suraj | |
2008 | Sunday | Kumar Mangat | |
2008 | One Two Three | ferteller | |
2008 | Krazzy 4 | dr. Mukherjee | |
2008 | Mumbai Meri Jaan | Thomas | |
2008 | Chamku | Vishal Kapoor | |
2008 | Migration | Abhay | koarte film |
2008 | Slumdog Millionaire | plysje-ynspekteur | Britske film |
2008 | New York, I Love You | Mansukhbhai | Amerikaanske film; segmint Mira Nair |
2008 | Dil Kabaddi | Samit | |
2009 | Billu | Bilas "Billu" Rao Pardesi | |
2009 | New York | FBI-agint Roshan | Amerikaanske film |
2009 | Acid Factory | Kaiser | Amerikaanske film |
2010 | Right Yaaa Wrong | ynspekteur Vinay Patnaik | |
2010 | Knock Out | Bachhoo Bhai / Tony Khosla | |
2010 | Hisss | ynspekteur Vikram Gupta | |
2011 | Yeh Saali Zindagi | Arun | |
2011 | 7 Khoon Maaf | "Musafir" Wasiullah Khan | |
2011 | Thank You | Vikram Chopra | |
2012 | Paan Singh Tomar | Paan Singh Tomar | wûn National Film Award foar bêste akteur nom. Filmfare Award foar bêste akteur |
2012 | The Amazing Spider-Man | dr. Rajit Ratha | Amerikaanske film |
2012 | Life of Pi | de folwoeksen Piscine Molitor Patel | Amerikaanske film |
2013 | Saheb, Biwi Aur Gangster Returns | Indrajeet Pratap Singh alias Raja Bhaiyya | |
2013 | The Lunchbox | Saajan Fernandes | wûn Asian Film Award foar bêste akteur |
2013 | D-Day | geheim agint Wali Khan | |
2013 | Qissa | Umber Singh | |
2014 | Gunday | resjersjeur Satyajeet "Satya" Sarkar | |
2014 | The Xpose | Alec D'Costa | cameo |
2014 | Haider | Roohdaar | cameo |
2015 | Piku | Rana Chaudhary | |
2015 | Jurassic World | Simon Masrani | Amerikaanske film |
2015 | Jazbaa | ynspekteur Yohan | |
2015 | Talvar | Ashwin Kumar | |
2015 | Bajirao Mastani | ferteller | |
2016 | The Jungle Book | Baloo | as stimakteur; Amerikaanske fillm |
2016 | Madaari | Nirmal Kumar | |
2016 | Inferno | Harry Sims | Amerikaanske film |
2017 | Hindi Medium | Raj Batra | wûn Filmfare Award foar bêste akteur |
2017 | Raabta | ferteller | |
2017 | Doob: No Bed Of Roses | Javed Hasan | ek filmprodusint nom. Filmfare Award foar bêste akteur |
2017 | The Song Of Scorpions | Aadam | Switsersk-Frânsk-Singapoereesk-Yndiaaske film, meartalich, de rol fan Khan Radjastaansktalich |
2017 | Qarib Qarib Singlle | Yogendra "Yogi" Kumar Devendra Nath Prajapati | |
2018 | Puzzle | Robert | Amerikaanske film |
2018 | Blackmail | Dev Kaushal | |
2018 | Karwaan | Shaukat | |
2020 | Angrezi Medium | Champak Bansal | wûn Filmfare Award foar bêste akteur nom. IIFA Award foar bêste akteur |
2021 | Murder at Teesri Manzil 302 | Shekhar Sharma | postúm útbrocht |
fideospultsjes | |||
2015 | Lego Jurassic World | Simon Masrani | as stimakteur |
2015 | Lego Dimensions | Simon Masrani | as stimakteur |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Irrfan Khan op Istagram
- (in) Folsleine filmografy fan Irrfan Khan yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|