Springe nei ynhâld

Sjajinnen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Cheyenne (folk))
Sjajinnen
Cheyenne

Ferneamde Sjajinnen: bopp. rige f.l.n.rj.: Jimmy Carl Black,
Lytse Wolf, Minnie Devereaux, Edgar Heap of Birds;
2e rige: David Pendleton Oakerhater, Kromme Noas, Harvey Pratt, Pam Grier; 3e rige: Swarte Tsjettel, Suzan Shown Harjo,
Edmond Guerrier, Twa Moannen; 4e rige: Ben Nighthorse Campbell, Bizonkeal, Stomp Mês, Cheri Honkala.
flagge
Noardlike Sjajinnen Súdlike Sjajinnen
populaasje
oantal 18.000 (2011/14)
taal Sjajinsk (ek Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy,
synkretisme
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Feriene Steaten
fersprieding
Feriene Steaten: 18.000
Montana: 10.000
Oklahoma:   8.000

De Sjajinnen (Ingelsk: Cheyenne) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat tsjintwurdich benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Montana en Oklahoma wennet. Harren taal, it Sjajinsk, heart ta de Algonkwynske taalfamylje, en hja binne nau besibbe oan guon oare Algonkwynske folken fan 'e Grutte Flakten, de Arapaho en de Gro Wânt (Gros Ventre). Hoewol't de Sjajinnen histoarysk sjoen bûnsgenoaten wiene fan 'e (Sioux) en op kultureel mêd witwat mei dat folk gemien hawwe, benammen fanwegen in wengebiet dat no ienris in gelikense libbenswize ôftwong, binne se net mei harren besibbe.

De namme Sjajinnen is in ferfrysking fan it Ingelske Cheyenne, dat wer ôflaat is fan 'e namme dy't de Dakota-Sû foar harren hiene: Šahíyena. Dat is in ferlytsingsfoarm fan Šahíya, en hoewol't ûndúdlik is wa't dêrmei bedoeld waarden, tinkt men gauris dat it in namme foar de Kry (Cree) wie, in oan 'e Sjajinnen besibbe Algonkwynsk folk. De betsjutting fan Šahíya is nei alle gedachten "readsprekkers", d.w.s. "lju dy in frjemde taal sprekke" (de Sû neamden harsels en folken dy't in dúdlik besibbe taal praten "wytsprekkers"). Šahíyena soe dan letterlik "lytse readsprekkers" betsjutte. De namme dy't de Sjajinnen foar harsels hawwe, is Tsétsêhéstâhese (inkeltal: Tsétsêhéstaestse; ek wol ferbastere ta Tsitsistas), dat oerset wurde kin as "sokken as ús" of gewoan as "minsken".

De Sjajinnen kinne opspjalten wurde yn 'e Noardlike Sjajinnen en de Súdlike Sjajinnen, dat eins twa ûnderskate folken binne. Foar likernôch 1800 moatte de Sjajinnen ien inkele etnyske groep foarme hawwe, mar troch in oar wengebiet, in aparte skiednis en it sprekken fan ferskillende dialekten, rekken de beide bruorrestammen geandewei de njoggentjinde iuw almar fierder faninoar ferfrjemde. Dêrby komt noch dat de Sûtajo (Sutaio), in mei de Sjajinnen ferbûn folk dat in nau oan it Sjajinsk besibbe taal spriek, om 1850 hinne yn 'e Súdlike Sjajinnen opgien binne.

De opperhaden Lytse Wolf en Stomp Mês (dat binne de troch blanken oernommen nammen dy't de Lakota harren joegen; harren Sjajinske nammen wiene Lytse Kojoate en Moarnsstjer).

De Noardlike Sjajinnen neame harsels Notameohmésêhese dat "noardlike iters" betsjut (of koartwei Ohmésêhese, "iters"). Hja libje sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw foar it meastepart yn Montana, dêr't se in eigen reservaat hawwe, it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat, mei as haadplak Lame Deer. De Noardlike Sjajinne Stamme is in federaal erkende stamme, wat sizze wol dat er troch Amerikaanske oerheid erkend wurdt as in soevereine naasje binnen de grinzen fan 'e Feriene Steaten. Neffens sifers út begjin 2014 hie de stamme doe likernôch 10.050 leden, fan wa't goed 4.900 permanint yn it reservaat wennen. Fan 'e befolking fan it reservaat is 91% fan etnysk Yndiaansk komôf en bestiet 72,8% út leden fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme. Goed 25% fan 'e befolking boppe de fiif jier sprekt in oare taal as it Ingelsk.

De Súdlike Sjajinnen neame harsels Heévâhetaneo'o, wat "bûne minsken" betsjut. Sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw hâlde sy fral ta yn Oklahoma, dêr't se tegearre mei de nau besibbe Súdlike Arapaho ien federaal erkende stamme foarmje, de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma. Dy stamme hat gjin eigen reservaat mear (hast gjin inkele stamme yn Oklahoma hat dat noch), om't it Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat yn 1898 opheft is. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Concho. De stamme hie yn 2011 12.130 leden, wêrfan't yn 2003 likernôch 8.000 har identifearren as Sjajinnen. Dêrby moat oantekene wurde dat it troch it oanhâldende yninoar omtrouwen hieltyd dreger wurdt om noch te sizzen wa't in Sjajinne en wa't in Arapaho is. Dat wurdt ek wjerspegele yn 'e namme fan 'e stamme, dy't sûnt 2000 feroare is fan Súdlike Sjajinne en Arapaho Stammen fan Oklahoma (meartal) yn Sjajinne en Arapho Stamme fan Oklahoma (inkeltal). Guon Súdlike Sjajinnen iverje foar it winnen fan federale erkenning foar de tradisjonele Súdlike Sjajinne Naasje, it Sjajinske diel fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma, mar dat liket net te einjen.

In Sjajinske, mei kralen fersierde learene jurk, út likernôch 1920.

Yn 'e tiid dat de Jeropeänen foar it earst kontakt mei harren makken, likernôch healwei de santjinde iuw, libben de Sjajinnen yn wat no it sintrale part fan 'e steat Minnesota is, tusken de rivier de Mississippy en de Mille Lacs-mar yn. Sels doe al wiene se gauris bûnsgenoaten fan 'e Arapaho en de . Neffens harren eigen oerlevering soene se yn 'e earste helte fan 'e santjinde iuw út it gebiet fan 'e Grutte Marren wei ferdreaun wêze troch Assiniboin (Assiniboine). Se foarseagen yn har ûnderhâld mei it sammeljen fan wylde rys en mei de jacht, yn it bysûnder op 'e Amerikaanske bizon, dy't op 'e flakten bewesten harren wengebiet libben. De Sjajinnen beskikten doedestiden net oer ryddieren, mar ûndernamen geandefoets mei troch hûnen lutsen travois lange foerazjearringstochten oer de flakten. Neffens harren tradysje berikten se dêrby yn 1676 foar it earst de iggen fan 'e rivier de Missoury.

Koart nei 1700 stieken se foargoed de Mississippy oer om har yn it gebiet te fêstigjen dat no Noard- en Súd-Dakota foarmet. Se fongen de wylde mustangs dy't op 'e flakten omdoarmen en ôfstammelingen wiene fan eksimplaren dy't de Spanjerts yn harren koloanje Nij-Spanje (it tsjintwurdige Meksiko) ûntkomd wiene, en namen de hynstekultuer oan dy't letter sa ûnferbreklik mei harren ferbûn rekke. Se fêstigen in nomadyske libbenswize yn 'e Black Hills fan Súd-Dakota en de krite fan 'e rivier de Powder, yn Montana, en yntrodusearren om 1720 hinne it hynder by harren bûnsgenoaten, de Sû.

Resint ûndersyk nei de iere Jeropeeske boarnen oer harren liket út te wizen dat guon Sjajinnen yn elts gefal noch oant likernôch 1765 yn it gebiet fan 'e Mille Lacs-mar yn Minnesota efterbleaune, doe't harren Dakota-bûnsgenoaten dêre ferslein waarden troch de mei gewearen tariste Odjibwe (Ojibwe). De lêste Sjajinnen yn Minnesota moatte doe mei de Dakota ferdreaun wêze nei de rivier de Minnesota, dêr't se yn 1766 waarnommen waarden. Underwilens hiene de Sjajinnen op 'e Grutte Flakten mei stipe fan 'e Arapaho de Kajowa (Kiowa) nei it suden ta ferdreaun, wylst sysels fierder nei it westen ta krongen waarden troch de Sû, dy't folle grutter yn oantal wiene. Tsjin 1776, doe't yn it easten fan it kontinint de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch begûn, wiene de Sjajinnen frijwol hielendal út 'e Black Hills ferdreaun, al besochten de ferneamde ûntdekkingsreizgers Lewis en Clark yn 1804 noch in oerbleaun Sjajinsk doarp yn Noard-Dakota.

In portret fan it opperhaad Wolf-op-'e-Heuvel, troch George Catlin, út 1832.

Op 'e flakten leine de Sjajinnen har as nomaden alhiel ta op 'e bizonjacht, en sammelen se gjin of hast gjin plantaardich iten mear. Neffens harren oerlevering wie it de profeet Rjochtoppige Hoarnen dy't de haadlju derfan oertsjûge om dy feroaring troch te fieren. In oare profeet, Swiet Medisyn, soe de oarlochsgenoatskippen fan 'e Sjajinnen organisearre hawwe, en teffens harren rjochtsstelsel en de Rie fan Fjouwerenfjirtich haadlju. It folk wie ferdield yn tsien troepen, dy't elts fjouwer haadlju hiene, en dy kamen op fêste tiden gear om mei-inoar te oerlizzen. Sokke gearkomsten fûnen ornaris plak yn 'e marzje fan it jierlikse sinnedûnsritueel, dat in inisjaasjerite foar jonge manlju wie.

De Sjajinnen doarmen op 'e Grutte Flakten om tusken de rivier de Missoury yn it noarden, en de Arkansas yn it suden, sadat harren wengebiet dielen fan Wyoming, Montana, Kolorado, Kansas, Nebraska en Oklahoma omfieme. Dêrby rekken de Noardlike en de Súdlike Sjajinnen hieltyd fierder útinoar. Nei't de Masikota, ien fan 'e meast foaroansteande fan 'e tsien troepen, yn 1849 hast hielendal útrûge wiene troch in goalera-epidemy, waard harren sit yn 'e Rie fan Fjouwerenfjirtich oernommen troch de Hûnskrigers (Hotamétaneo'o), in krigersgenoatskip dat tsjin 1850 frijwol in aparte troep wurden wie. De leden dêrfan, ûnder lieding fan mannen as Lange Bolle en Griis Burd, kanten har allegeduerigen oan tsjin fredesopperhaden lykas Swarte Tsjettel en Stiennen Keal, en namen it foartou yn 'e striid tsjin 'e blanke kolonisten en militêren. Troch de groeiende kleau tusken de Hûnskrigers en de Rie fan Fjouwerenfjirtich waard it genoatskip úteinlik suver ta in trêde diel fan 'e Sjajinske naasje, dat it lân tusken de Noardlike en de Súdlike Sjajinnen beset hold. Yn 1869 waarden de Hûnskrigers troch it Amerikaanske leger hast oan 'e lêste man ta útrûge yn 'e Slach by Summit Springs.

Iere njoggentjinde iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1811 of dêromtrint sleaten de Sjajinnen in formeel bûnsgenoatskip mei de Arapaho, dat oant hjoed de dei stânhâldt. Tegearre fochten de beide stammen yn it suden fan harren domein, yn 'e krite fan 'e Reade Rivier, tsjin 'e Komansjen, Kajowa en Flakte-Apachen. Dy striid waard yn 1840 beëinige, doe't der in fredesferdrach en sels in ferbûn sletten waard. Mei de stipe fan harren nije Kajowa-bûnsmaten wisten de Sjajinnen doe foar it earst troch te kringen yn Teksas en yn 1853 sels in ynfal yn Meksiko te ûndernimmen, al einige dat jammerdearlik doe't se yn gefjocht rekken mei in ôfdieling Meksikaanske lansiers. Oan 'e noardkant fan harren territoarium fernijden de Sjajinnen harren alliânsje mei de , mei wa't se yn 'e kompe diene tsjin mienskiplike fijannen as de Swartfuotten, Krieën (Crow), Assiniboin en Pâny (Pawnee).

It opperhaad Swarte Tsjettel.

Geandewei de njoggentjinde iuw krigen de Sjajinnen en de oare flaktestammen mear te stellen mei de blanke kolonisten, dy't har net inkeld harren lân ûntfytmannen, mar teffens gefaarlike sykten as de pokken en goalera ferspraten, dêr't de Yndianen gjin ferwar tsjin hiene. Sa rûst men dat yn 1849 likernôch twatûzen Sjajinnen beswieken oan goalera, wat delkaam op miskien wol de helte fan harren totale populaasje. It earste Ferdrach fan Fort Laramie, fan 1851, befêstige de Sjajinnen en Arapaho yn it besit fan harren diel fan 'e flakten, mar yn 1856 resultearre de ferwûning fan in Sjajinske kriger troch in blanke yn in eskalearjende útwikseling fan gewelddiedichheden, dy't syn hichtepunt berikte yn 'e strafekspedysje fan 'e Amerikaanske kavalery tsjin 'e Sjajinnen yn 1857. Oan 'e rivier de Solomon waard in skermutseling mei ûnbesliste útkomst útfochten dy't de skiednis yngie as de earste slach tusken de Sjajinnen en it Amerikaanske leger. De útbraak fan 'e saneamde "Lytse Boargeroarloch" mei de mormoanen yn Utah wjerhold de Amerikanen der op dat stuit fan om 'e Sjajinnen fierder noch tenei te kommen.

De Flakte-Yndiaanske Oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanôf de Goudkoarts fan Kolorado, yn 1859, begûnen blanke kolonisten har yn it Wylde Westen op lân nei wenjen te setten dat neffens it Ferdrach fan Fort Laramie reservearre wie foar de Sjajinnen en oare Flaktestammen. Under lieding fan it opperhaad Swarte Tsjettel namen de Sjajinnen diel oan nije ûnderhannelings dy't laten ta it Ferdrach fan Fort Wise. By dy oerienkomst stimden de ûndertekeners dermei yn om it grutte territoarium dat se yn 1851 taparte krigen hiene, yn te ruiljen foar in lytsich reservaat yn súdeastlik Kolorado. Wat de blanken net begriepen, wie dat de opperhaden dy't dit nije ferdrach tekenen yn begjinsel inkeld foar harsels sprieken: harren gesach wie net sa grut dat se har folksgenoaten har wil oplizze koene, en de measte Sjajinnen loeken har dan ek neat fan it Ferdrach fan Fort Wise oan en giene troch mei te libjen en jeien yn harren tradisjonele wengebiet.

It opperhaad Stomp Mês.

Yn 'e maityd fan 1864 begûn kolonel John M. Chivington, de befelhawwer fan 'e Territoriale Milysje fan it Kolorado-territoarium, yn opdracht fan 'e territoriale gûverneur John Evans, in rige oanfallen op Sjajinnen dy't har bûten it fêststelde reservaat opholden. Op 29 novimber 1864 foel Chivington it Sjajinske doarp fan opperhaad Swarte Tsjettel oan, hoewol't men dêr in wite flagge hyst hie. By dat raar ferneamde Bloedbad fan Sand Creek waarden tusken de 70 en 163 Sjajinnen, meast warleaze froulju en bern, koelbloedich fermoarde. De oerlibbenen, wêrûnder Swarte Tsjettel, joegen har by oare Sjajinske kampen, en as gefolch fan 'e slachting briek doe de saneamde Kolorado-oarloch út, wêrby't de Sjajinnen help krigen fan harren bûnsgenoaten, de Arapaho en Sû. Oant 1879 kaam der nea wer echt frede. Oer en wer waard der yn dy jierren hiel wat ôfmoarde, al loeken de Yndianen ornaris oan it koartste ein. Op 27 novimber 1868 foel de Amerikaanske kavalery ûnder generaal George Armstrong Custer it kamp fan Swarte Tsjettel oan 'e rivier de Washita oan, dat binnen de grinzen fan in nij Sjajinsk reservaat yn Oklahoma opslein wie. Yn dy Slach oan de Washita fermoarden Custer-en-dy mear as 100 Sjajinnen, op 'e nij meast froulju en bern. Under de deaden wie diskear ek Swarte Tsjettel, ien fan 'e wichtichste foarstanners fan frede mei de blanken.

Wite Buffel, in Noardlik Sjajinsk opperhaad dy't de rang fan serzjant bemachtige yn it Amerikaanske leger.

Op 25 juny 1876 fochten de Noardlike Sjajinnen en in lyts kontingint Arapaho ûnder lieding fan it opperhaad Twa Moannen mei harren Sû-bûnsgenoaten yn 'e Slach oan de Little Bighorn tsjin it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Dyselde miende dat er in mar amper ferdigene Yndiaansk kamp oer it mad komme soe, mar troch klearebare tafal hiene har yn 'e delling fan Little Bighorn doe nei skatting 10.000 Sû, Noardlike Sjajinnen en Arapaho sammele. De Amerikanen litten in tepletterjende nederlaach, en in grut part fan it 7de Kavaleryrezjimint kaam om, de drystmoedige generaal Custer ynbegrepen.

Nederlaach en reservaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Yndiaanske oerwinning duorre net lang, want der wie it Amerikaanske regear alles oan gelegen om 'e ear te rêden troch it ferset fan 'e Flaktestammen no sa fluch mooglik de kop yn te drukken. Yn 1877 wie de grutte mearderheid fan 'e Noardlike Sjajinnen twongen om him oer te jaan. Se ferwachten dat se, neffens de ôfspraken fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, fan 1868, nei it Grutte Sû Reservaat yn 'e Black Hills stjoerd wurde soene, mar ynstee waarden se nei it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma) deportearre om har yn it Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat, fan 'e Súdlike Sjajinnen en de Súdlike Arapaho, nei wenjen te setten. De libbensomstannichheden dêre wiene poermin, der wie net genôch iten en der hearske malaria. Op 9 septimber 1878 sette in grutte troep Noardlike Sjajinnen, ûnder lieding fan 'e opperhaden Stomp Mês en Lytse Wolf, wer ôf nei it noarden, in barren dat bekend kaam te stean as de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen. Nei't se útinoar gien wiene, waard de groep fan Stomp Mês ein septimber besingele en finzen nommen by Fort Robinson, yn Nebraska. Doe't dúdlik waard dat se weromstjoerd wurde soene nei it Yndiaanske Territoarium, besochten se op 8 jannewaris 1979 ûnder barre winterske omstannichheden út te brekken, wêrby't de measten fan harren, fral froulju en bern, omkamen. Dat barren krige de namme fan it Bloedbad fan Fort Robinson. Stomp Mês sels wist mei in stikmannich oaren te ûntkommen, en stoar fjouwer jier letter noch as frij man. De groep fan Lytse Wolf wist nei in lange tocht Montana te berikken, dêr't se úteinlings bliuwe mochten en har fêstigen yn 'e neite fan Fort Keogh (by it tsjintwurdige Miles City).

Ben Nighthorse Campbell, in earder Amerikaansk senator fan Noardlik Sjajinsk komôf.

Neitiid namen in protte Noardlike Sjajinnen as ferkenners tsjinst by it Amerikaanske leger, en waarden se ynset tsjin oare Yndiaanske folken, lykas de Nez Persé. By Fort Keogh kamen almar mear Noardlike Sjajinnen gear, wêrfan't de measten har koarte tiid letter in eintsje súdliker, oan 'e rivier de Tongue, nei wenjen setten. Op 16 novimber 1884 waard dêr yn opdracht fan presidint Chester A. Arthur it Tongue River Indian Reservation stifte, dat letter omneamd waard ta it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat. Yn 't earstoan hie it nije reservaat in oerflak fan 1.502 km², mar op 19 maart 1900 waard it yn opdracht fan presidint William McKinley fergrutte ta 1.797 km² troch der oan 'e eastrâne in stik lân oan ta te foegjen. Dêrop moasten de Sjajinnen dy't doe noch altyd bûten de grinzen fan it reservaat wennen, beëasten de rivier de Tongue, ferhúzje nei oare kant de rivier. Meitiid waard it de Noardlike Sjajinnen dy't by de Sû ynwennen yn it Pine Ridge Yndianereservaat fan Súd-Dakota, tastien om ek nei it eigen reservaat te ferfarren.

Sûnt de njoggentjinde iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noardlike Sjajinnen libje noch altiten deunby de Black Hills, it lân dat se as hillich beskôgje. Se hawwe harren kultuer, godstsjinst en taal witten te behâlden, en binne hjoed de dei ien fan 'e minmachtige Yndiaanske stammen yn 'e Feriene Steaten dy't it grutste part fan 'e grûn yn fan harren eigen reservaat yn 'e hannen hawwe, op 't heden 98%.

Sawol de Noardlike as de Súdlike Sjajinnen sprekke fan oarsprong it Sjajinsk, dat in Algonkwynske taal is. Harren eigen namme foar de taal is Tsêhésenêstsestôtse (gauris ferbastere ta Tsisinstsistots). It Sjajinsk wurdt skreaun mei in Latynsk alfabet dat mar 14 letters hat. Fan 'e Noardlike Sjajinnen yn it Noardlike Sjajinne Reservaat sprekke noch likernôch 1.200 de eigen taal. Hoefolle Noardlike Sjajinnen dy't bûten it reservaat wenje oft it Sjajinsk noch sprekke, binne gjin sifers oer bekend, mar as dat deselde ferhâlding hat as binnen it reservaat, soene it der tusken de 1.200 en de 1.300 wêze moatte. It sille der lykwols wierskynlik minder wêze, mei't it almeast de jongerein is dy't fuorttsjocht en de âlderein dy't efterbliuwt, wylst ûnder de âlderein ek de measte Sjajinsksprekkers binne. Fan 'e Súdlike Sjajinnen yn Oklahoma sprekke likernôch 800 noch Sjajinsk. Mei in sprekkerstal fan tusken de 2.500 en 3.000 is it Sjajinsk ien fan 'e gruttere Yndiaanske talen yn 'e Feriene Steaten.

Stamme-organisaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
Stamme Etnyske groep(en) Steat Haadkertier Populaasje Opmerkings
Noardlike Sjajinne Stamme
Northern Cheyenne Tribe
Noardlike Sjajinnen Montana Lame Deer 10.000 fêstige yn it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat
Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma
Cheyenne and Arapaho Tribe of Oklahoma
Súdlike Sjajinnen
Súdlike Arapaho
Oklahoma Concho 12.000 wêrfan likernôch 8.000 Sjajinnen
stammen sûnder erkenning yn 'e Feriene Steaten
Stamme Etnyske groep(en) Steat Haadkertier Populaasje Opmerkings
Tradisjonele Súdlike Sjajinne Naasje
Traditional Southern Cheyenne Nation
Súdlike Sjajinnen Oklahoma Concho 8.000

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.