Springe nei ynhâld

Sûtajo (folk)

Ut Wikipedy
Sûtajo
algemiene ynformaasje
oare namme(n) Sutaio
taal Sûtajo
godstsjinst sjamanisme
historiografy
tiidrek < 18e iuw – ±1850
gebiet Grutte Flakten (Noard-Amearika)

De Sûtajo (Ingelsk: Sutaio) wiene in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat om 1850 hinne opgien is yn 'e Súdlike Sjajinnen. Fan 'e aparte etnyske groep is hjoed oan 'e dei suver gjin spoar mear oer, al libje de ôfstammelingen fan 'e Sûtajo noch altiten mank de leden fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma.

"Sûtajo" (Sutaio) is in ferbastering fan So’taa’e, de Sjajinske namme foar de Sûtajo. Sels neamden se har Šǔ’tai, en de ûntdekkingsreizgers Lewis en Clark sprieken fan Staitan, wat opfet is as in gearlûking fan Šǔ’tai-hitän (meartal: Šǔ’tai-hitänio, "Šǔ’tai-folk"). It is lykwols ûndúdlik wat de namme Šǔ’tai ynhâldt of wêr't er weikomt. In Sjajinske ynformant fan 'e wittenskipper George Bird Grinnell (1923) woe hawwe dat it ôflaat wie fan it Sjajinske wurd issuht, dat "heuvelrêch" betsjut. Mar dy en soartgelikense Sjajinske etymologyen binne fan twifelige wearde, mei't it wurd nei alle gedachten net fan Sjajinske oarsprong is.

De Sûtajo wiene in Algonkwynske stamme, dy't neffens de mûnlinge oerlevering fan ferskate Yndiaanske folken yn 'e achttjinde iuw oan 'e Jamesrivier wennen, yn it hjoeddeistige Súd-Dakota. Party skiedkundigen teorisearje dat hja in troep fan 'e Siksika-Swartfuotten wiene dy't út it noarden wei ôfsakke wie, mar dêr is gjin inkeld bewiis foar. Krektoarsom, Sjajinske boarnen binne der ienriedich oer dat de Sûtajo "in Sjajinske taal" sprieken (d.w.s., in taal of dialektfoarm dy't sa nau mei it Sjajinsk besibbe wie, dat se it mei muoite noch neikomme koene). De Sûtajo wiene yn 't earstoan allegeduerigen yn oarloch mei de Sjajinnen, dy't beëasten harren libben, mar úteinlings sleaten de beide stammen frede en waarden se bûnsgenoaten tsjin oare folken dy't dy kusten út taholden. Sjajinske boarnen jouwe oan dat de Sûtajo de bizonkopseremoanje en de inisjaasjeriten fan 'e sinnedûns by harren yntrodusearre hawwe, mar hâlde út dat de seremoanje fan 'e medisynpylk fan Sjajinske oarsprong is.

Tegearre stieken de beide stammen de rivier de Missoury oer, wêrby't de Sûtajo de foarhoede foarmen en de Sjajinnen harren folgen. Nei't se harren op 'e Grutte Flakten nei wenjen set hiene, begûnen de Sûtajo flucheftich yn oantal te belúnjen, mar likegoed beholden se harren selsstannigens noch lange tiid. Doe't de ûntdekkingsreizgers Lewis en Clark yn 1804-1806 harren ferneamde ekspedysje nei de kust fan 'e Stille Oseaan ûndernamen, makken se noch in dúdlik ûnderskie tusken de Sjajinnen en de Sûtajo, dy't se as twa aparte stammen beskôgen. De Sûtajo, dy't blykber bestiene út duchtige krigers mei in ferfrettende reputaasje, beswalken neffens it ferslach fan Lewis en Clark doedestiden de flakten bewesten de Black Hills.

It is ûndúdlik wannear't de Sûtajo úteinlings yn 'e Sjajinnen opgien binne. Harren ôfwikende taal of dialekt, har eigen klaaiïng en har tradisjonele seremoanjes beholden se yn elts gefal oant 1835. Teminsten oant dyselde tiid sloegen se harren kamp altiten apart op fan dat fan 'e Sjajinnen. It tinken ûnder saakkundigen is dat de grutte goalera-epidemy, dy't yn 1849 in grut part fan 'e Flaktestammen swier trof, in rol spile hawwe sil by de assimilaasje fan 'e Sûtajo. Yn 1851 libben se yn elts gefal mank de Sjajinnen, al wiene se der doe noch wol fan te ûnderskieden. Tsjintwurdich foarmje se in diel fan 'e Súdlike Sjajinnen dat persiis lykas alle oare troepen fan dat naasje is.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hodge, Frederick Webb (gearstaller), The Handbook of American Indians North of Mexico, 1906 (Bureau of American Ethnology).