Springe nei ynhâld

Minnie Devereaux

Ut Wikipedy
Minnie Devereaux
akteur
Devereaux (l.) mei kollega-aktrise Mabel Normand yn 1917.
Devereaux (l.) mei kollega-aktrise Mabel Normand yn 1917.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMinnie Devereaux
berne1869
berteplakCanadian (Oklahoma)
stoarn5 juny 1923 (53-54 jier)
stjerplak(Los Angeles
jierren aktyf19131923
offisjele webside
n.f.t.
Minnie Devereaux (rjochts) yn Food for Scandal (1920) mei Wanda Hawley en Margaret McWade

Minnie Devereaux (18691923) wie in Native American aktrise fan Yndiaansk komôf út it tiidrek fan 'e stomme film. Hja stie ek wol bekend as Minnie Prevost, Minna Prevost, Indian Minnie of Minnie Ha-Ha (in wurdspiling op it Yndiaanske personaazje Minnehaha, út Longfellow syn epysk gedicht Hiawatha).

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minnie Devereaux waard yn 1869 berne yn Oklahoma (Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma), as de dochter fan it Sjajinske opperhaad Mannich Hynder. Hja folge in oplieding oan 'e Yndiaanske Niverheidsskoalle yn Carlisle, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania.

Fan 1913 oant en mei 1923 spile Devereaux yn trettjin Amerikaanske stomme films, lykas Fatty and Minnie He-Haw (1914), Mickey (1918), A Daughter of the Wolf (1919), Rose of the West (1919), ‘If Only’ Jim (1920) en The Girl of the Golden West (1923). De rollen dy't hja fertolke wiene ornaris stereotype ôfbyldings fan Yndianen sa't dy doe sjoen waarden. Devereaux stoar yn 1923, yn 'e âlderdom fan 53 of 54 jier.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1913 Old Mammy's Secret Code fermeld as Minnie Prevost
1914 Fatty and Minnie He-Haw Minnie He-Haw
1915 The Coward Mammy
1918 Mickey Minnie fermeld as Minnie Ha Ha
1919 A Daughter of the Wolf Mrs. Beavertail
Rose of the West Natoosh fermeld as Minna Prevost
1920 Up in Mary's Attic harsels fermeld as Minnie Ha Ha
‘If Only’ Jim squaw
Food for Scandal Paola
1921 A Ridin' Romeo squaw
By Right of Birth fermeld as Minnie Prevost
1923 The Girl of the Golden West de squaw
Suzanna harsels fermeld as Indian Minnie

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.