Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Yndiaanske Niverheidsskoalle
fan Carlisle
Carlisle Indian Industrial School
Carlisle Indian School Logo.png
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type org. skoalle (ambachtsskoalle)
wurkmêd ûnderwiis oan Yndiaanske bern
fêstige yn Carlisle (Pennsylvania)
off. taal Ingelsk
oprjochte 1879
opdoekt 1918
oprjochter Richard Henry Pratt
offisjele webside
n.f.t.

De Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle (Ingelsk: Carlisle Indian Industrial School), offisjeel eins de Amerikaanske Yndiaanske Niverheidsskoalle (Ingelsk: United States Indian Industrial School) wie in ambachtsskoalle en kostskoalle foar Yndiaanske bern yn Carlisle (Pennsylvania), dy't fan 1879 oant 1918 bestie. De goedbedoelde lesmetoaden dy't der brûkt waarden, binne no tige kontroversjeel. De gebouwen fan 'e skoalle krigen yn 1966 monumintale status troch opname yn it Amerikaansk Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle waard oprjochte troch Richard Henry Pratt, in eks-kaptein út it Amerikaanske Leger mei foarútstribjende ideeën, dy't earder de kommandant fan Fort Marion, by St. Augustine, yn Floarida, west hie, doe't dêr in groep Yndiaanske kriichsfinzenen út 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fêstholden waard. Pratt wie fan miening dat Yndianen yn begjinsel like yntelligint wiene as blanken, en dat men harren inkeld de feardichheden oanleare moast dy't se yn 'e Westerske maatskippij nedich wiene, lykas kennis fan it Ingelsk, lêzen en skriuwen, it kristendom, ensfh. Dan soene se harsels rêde kinne en assimilearre wurde yn 'e blanke Amerikaanske befolking. Tsjintwurdich wurdt soks as kulturele genoside beskôge, mar yn in tiid dat it grutste part fan 'e blanke befolking letterlike genoside de bêste oplossing foar de Yndianen fûn, wie soks in ferljochte idee.

Nei't de finzenen fan Fort Marion frijlitten wiene, besleat Pratt syn ideeën yn 'e praktyk te bringen. Yn 1879 fêstige er in ynternaat foar Yndiaanske bern yn guon leechsteande legerbarakken yn 'e stêd Carlisle, yn 'e noardeastlike Amerikaanske steat Pennsylvania. In jier letter, yn 1880 kaam in nij boud skoallegebou ree. Dy Yndiaanske Niverheidsskoalle, sa't Pratt it ynstitút neamde, wie de earste kostskoalle foar Yndiaanske bern bûten in Yndianereservaat dy't troch de Amerikaanske federale oerheid bekostige waard. By oankomst waard it lange hier fan 'e Yndiaanske skoaljonges ôfknipt en krigen sawol jonges as famkes Ingelske nammen tawiisd. It ûnoffisjele biedwurd fan 'e skoalle wie: "deadzje de Yndiaan, rêd [dêrmei] de minske". De bern waarden te Carlisle oan in op militêre wize oardere bestean ûnderwurpen, en krigen liifstraffen as se har op lânseigen wize holden en droegen (troch bgl. har eigen taal te sprekken of oan har eigen goaden te bidden).

'Carlisle' ûntjoech him ta it model foar 26 oare Yndiaanske kostskoallen dy't it Buro fan Yndiaanske Saken yn fyftjin steaten en territoaria begûn, en foar hûnderten partikuliere ynternaten dy't oprjochte waarden troch sindelingen fan alderlei kristlike denominaasjes. Yn 'e krapoan fjirtich jier tusken 1879 en 1918 waarden mear as 10.000 Yndiaanske bern fan 140 ûnderskate folken en stammen nei Carlisle ta stjoerd, hoewol't neffens ien boarne yn al dy tiid en fan al dy bern mar 158 learlingen ek wurklik ôfstudearren.[1] It grutste tal learlingen bestie út etnyske Lakota, Odjibwe, Seneka, Oneida, Sjeroky, Apachen, Sjajinnen en Alaskaanske Inûyt.

In skoalfoto mei de learlingen fan 'Carlisle'.

Nei't Pratt it Buro fan Yndiaanske Saken yn it iepenbier ôfrinne litten hie om't dat de assimilaasje fan 'e Yndianen yn 'e blanke maatskippij behinderje soe, waard er yn 1904 twongen om mei pinsjoen te gean. Tsjin dy tiid wie de relevânsje fan 'Carlisle' al yn it neigean rekke, mei't der doe like goed ûnderwiis yn 'e reservaten sels foarhâns wie. De opienfolgjende direkteuren William A. Mercer (1904-1908), Moses Friedman (1908-1914), Oscar Lipps (1914-1917) en John Francis jr. (1917-1918) hiene it dreech troch ûnienichheden mank de dosinten en tsjinstelde druk dy't útoefene waard troch de Yndiaanske Kommisje en it Amerikaanske Leger. It tal learlingen naam fan 1900 oant 1914 stadichoan ôf, en ûnder de Earste Wrâldoarloch gie it sels mei in grutte sprong werom. Uteinlik waard besletten de skoalle te sluten, wat op 1 septimber 1918 barde.

Oansjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle wie in toanbyld fan 'e noarmen en wearden út it Amerikaanske Progressive Tiidrek. Guon Yndianen fûnen doedestiden dat de skoalle treflik ûnderwiis bea. Lykwols wurdt der tsjintwurdich mei skodholjen op weromsjoen, net yn it lêste plak troch de Yndianen, dy't ferskate generaasjes en in grut part fan harren kultuer en identiteit ferlearen oan 'e metoaden fan 'Carlisle' en ferlykbere kostskoallen. Trochdat der op 'e Yndiaanske âlden fan oerheidswegen faak druk útoefene waard om 'e bern nei de skoalle te stjoeren, en trochdat de bern yn Carlisle alles ôfnomd waard, kultuer, taal, religy, oant har eigen namme oan ta, sizze histoarisy en Yndiaanske aktivisten no dat 'Carlisle' syn learlingen en harren famyljes in generaasjeslange psychologyske skea tabrocht hat. Pas yn 'e 1970-er jierren ûntwrakselen de Yndianen yn 'e Feriene Steaten har oan it spûk fan Carlisle, doe't se har eigen ûnderwiisynstellings begûnen op te rjochtsjen, dêr't de lânseigen kultuer in fêst plak yn it lesprogramma krige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Witmer, Linda F., The Indian Industrial School, Carlisle, Pennsylvania, 1879-1918, Carlisle, 1993 (Cumberland County Historical Society), ISBN 0 96 38 92 304, op 'e omslach.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.