Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat

Ut Wikipedy
De eardere Yndianereservaten yn Oklahoma. It Sjajinne en Arapaho Reservaat is it grutte dûnkerpearze flak yn westlik Oklahoma..

It Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat (Ingelsk: Cheyenne and Arapaho Indian Reservation) wie in Yndianereservaat fan twa nau besibbe Algonkwynske folken, de Súdlike Sjajinnen en de Súdlike Arapaho, yn it westen fan it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma). Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw briek de Amerikaanske oerheid alle ferdraggen dy't mei dy beide folken sletten wiene, en waard it reservaat opheft. Tsjintwurdich foarmet dit gebiet it Sjajinne en Arapaho Tribaal Statistysk Gebiet fan Oklahoma, dat troch oerheidsynstânsjes as it Amerikaanske Folkstellingsburo en it Buro fan Yndiaanske Saken foar statistyske oangelegenheden brûkt wurdt, mar dat gjin bestjoerlike ienheid foarmet.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oprjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat waard yn 1867 ûnder de kêsten fan it Ferdrach fan Medicine Lodge troch de Amerikaanske oerheid stifte, oarspronklik allinnich foar de Súdlike Sjajinnen. De Súdlike Arapaho krigen har eigen reservaat tawiisd yn Kansas, mar de lokaasje dêrfan stie har net oan, en hja wegeren har der nei wenjen te setten. Om't se oanjoegen de foarkar te jaan oan in mienskiplik reservaat mei harren tradisjonele bûnsgenoaten, de Súdlike Sjajinnen, waard it Súdlike Sjajinnereservaat op 10 augustus 1869 troch in dekreet fan presidint Ulysses S. Grant omfoarme ta it Sjajinne en Arapho Reservaat.

It reservaat lei yn it westlike part fan it Yndiaanske Territoarium, oan 'e noarderfoarke fan 'e rivier de Canadian. It waard begrinzge troch de Texas Panhandle yn it westen, de Sjeroky Utlit yn it noarden, net-tawiisd lân yn sintraal Oklahoma yn it easten, it Tsjikkesou Yndianereservaat en it Keddo-Witsjitta-Delawêr Yndianereservaat yn it súdeasten, it Kajowa-Komantsje-Apache Yndianereservaat yn it suden en Greer County yn it súdwesten.

Nei ôfrin fan 'e Oarloch fan de Reade Rivier, yn 1874, wiene frijwol alle Súdlike Sjajinnen en Súdlike Arapaho twongen om har yn it reservaat te fêstigjen. Hoewol't se dêr in goede Yndiaansk agint hiene yn 'e persoan fan John D. Miles, wiene de rantsoenen dy't har ferskaft waarden net genôch en faak fan minne kwaliteit, en rekken de lju oanhelle mei sykten. Jacht troch de Yndianen sels waard dreech makke trochdat harren op advys fan it Amerikaanske Leger munysje ûntholden waard. Boppedat waard it reservaat leechstreupt troch blanke jagers. Wylst de Yndianen frijwol net oan eigen fee komme koene, lieten Teksaanske feeboeren yllegaal har bisten op it grûngebiet fan it reservaat weidzje. De lêste bizons yn westlik Oklahoma waarden yn 'e winter 1877 op 1878 sketten.

Noardlike Sjajinnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1877 waarden boppedat sa'n tûzen Noardlike Sjajinnen út it noarden wei nei it Sjajinne en Arapaho Reservaat deportearre. Hja koene sa fier fan harren heitelân ôf net aardzje, en mei't se der stoaren oan sykten en fan 'e honger, besleaten se ûnder Stomp Mês en Lytse Wolf om in útbraak te dwaan. Sa fûn yn septimber 1878 de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen plak, wêrby't sa'n 350 Yndianen troch trije steaten efterfolge waarden troch it Amerikaanske Leger. In groep ûnder lieding fan Stomp Mês joech har úteinlik oer by Fort Robinson, yn Nebraska, mar doe't dúdlik waard dat se weromstjoerd wurde soene nei it Yndiaanske Territoarium, besochten se op 'e nij te ûntkommen, wat late ta it Bloedbad fan Fort Robinson. De groep fan Lytse Wolf wist nei in lange tocht Montana te berikken, dêr't se úteinlings bliuwe mochten en yn 1884 in eigen reservaat krigen, it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat.

Lânbou en beweiding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e 1870-er en 1880-er jierren leine in protte Súdlike Sjajinnen har yn it Sjajinne en Arapaho Reservaat ta op it bedriuwen fan lânbou. Troch de hieltyd weromkearende riten fan drûchte boekten se dêr lykwols mar midsmjittich súkses mei. In protte bern waarden nei de Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle, yn it Pennsylvania, ta stjoerd om Westerske kennis en gewoanten te learen. De Yndiaanske agint besocht in keppel kij op te bouwen om mei te fokken, mar dat rûn op 'e non doe't him fan hegerhân te ferstean jûn waard dat er de keppel ûnder de Yndianen ferdiele moast, mei as gefolch dat elts gesin trochinoar trije kij hie.

Yn 'e 1880-er jierren waard it meastepart fan in reservaatlân as weidlân ferhierd oan blanke feeboeren foar twa dollarsint de acre, likernôch in trêdepart fan wat in earlike priis west hie. Dêr ûntstie ferset tsjin, fral ûnder Sjajinnen dy't te Cantonment ferbleaune. Hja reägearren troch kij fan 'e feeboeren foar eigen konsumpje yn beslach te nimmen, wylst de ferskate Sjajinske krigergenoatskippen dielname fan 'e hiele etnyske groep oan lânseigen seremoanjes begûnen ôf te twingen, en de lju straften dy't it lân ferbouden of har bern nei kostskoallen stjoerden.

Mei dêrom tsjinne Miles yn maart 1884 syn ûntslach yn. Hy waard opfolge troch in D.B. Dyer, dy't gjin respekt hie foar de Sjajinnen en fan gefolgen net mei harren troch ien doar koe. Syn oplossing foar it Yndiaanske ferset wie om it leger te freegjen om troepen te stjoeren, wat him wegere waard. Doe't it konflikt tusken de Sjajinnen en de feeboeren eskalearre, griep presidint Grover Cleveland yn troch de feeboeren it reservaat út te bonsjoeren. It bestjoer fan it reservaat waard oerhevele nei it leger, en Dyer waard ferfongen troch in legerofsier, kaptein Jesse M. Lee.

Opheffing en allotment[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sjajinne en Arapaho Reservaat besloech in oansjenlik diel fan wat letter westlik Oklahoma wurde soe, en tsjin 1890 krigen de Amerikanen der spyt fan dat se de Yndianen sa'n soad lân taparte hiene. Under de Wet-Dawes, fan 1887, waard it Ferdrach fan Medicine Lodge brutsen. It lân fan it reservaat, dat altyd mienskiplik eigendom fan 'e stammen west hie, moast ferdield wurde ûnder yndividuële Yndianen. Wylst dat proses trochfierd waard, gie men noch fierder troch yn 1898 ûnder de Wet-Curtis alle reservaten yn it Yndiaanske Territoarium op te heffen. Tsjin 1910 wie it proses fan 'e ferdieling fan it lân (allotment) kompleet. Om't de Yndianen allegear yndividueel in beskate hoemannichte lân krigen, bleau der in protte reservaatlân oer. Dat wie foarútrinnend op 'e allotment al yn 1892 frijjûn foar kolonisaasje troch blanken. Foar de Yndianen bleau 2.144,7 km² oer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.