Springe nei ynhâld

Ychten

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 sep 2023 om 22.07 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ychten
Middenfeart yn Ychten
Middenfeart yn Ychten
Bestjoer
Provinsje Fryslân
Gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 250 (1 jannewaris 2023) [1]
Oar
Ferkearsieren N924
Postkoade 8537
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 52' NB, 5° 48' EL
Monumint "It bern is der noch" ta eare fan doarpsbewenners dy't yn de Twadde Wrâldkriich Joadske bern ferburgen hiene
Monumint "It bern is der noch" ta eare fan doarpsbewenners dy't yn de Twadde Wrâldkriich Joadske bern ferburgen hiene
Haventsje fan Ychten
Haventsje fan Ychten
Offisjele webside
Webstee fan Dolsterhuzen, Ychten en Ychtenbrêge
Kaart
Ychten (Fryslân)
Ychten
Kaart
Middenfeart yn Ychten
Himrik fan Ychten yn de eardere gemeente Lemsterlân

Ychten is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, oan de súdkant fan de Tsjûkemar. Under it doarp falt de buorskip De Kommisjepôle. Ychten foarmet mei Ychtenbrêge en Dolsterhuzen in trijelingdoarp en dy trije doarpen wurkje op in soad mêden gear. Ychtenbrêge hearde eartiids foar in part by Ychten.

Ychten hat 250 ynwenners (1 jannewaris 2023).[2]

Yn 1511 wurdt Ychten skreaun as Echtna, lizzende yn de gritenij fan Lemster Fiifgea. Dat it doarp âld is, docht wol bliken út âlde stikken fan it jier 1200 doe't der 23 húshâldings wennen. De tsjerke hat ek in rike histoarje en is neamd nei de hillige Laurentius anno 1597. Begjin 1825 hat de tsjerke in skûlplak en rêding west foar in soad minsken, want yn dat jier hat der in grutte oerstreaming west mei as gefolch dyktrochbraken. It wetter stie doe op in soad plakken 1.50 meter boppe it meanfjild. Fan de 182 wenten dy't doedestiids yn Ychten stienen, binne mear as 150 foar in part slim skansearre en ferdwûn. Krekt yn dy tiid wie de feanterij al drok oan 'e gong. De op it fjild steande foarrieden turf spielden fuort, fee ferdronk en dêrtroch wie de earmoedei ek tige grut.

Oant 1 jannewaris 2014 hearde Ychten ta de gemeente Lemsterlân.

Yn it gebiet fan Ychten binne yn de 19e iuw inkelde fearten groeven foar de ôffier fan turf. In foarbyld dêrfan is de yn it súdeastlike diel lizzende Klynsmafeart. Fierder de Middenfeart en de Giterske Feart, dy’t op it gebiet fan Eastersee lizze. Oarspronklik in gebiet mei in soad bosk ôfwiksele mei stikjes greidlân. Nei 1750 is dat foar in grut part fergroeven foar turfwinning en hat it gebiet yn de rin fan de tiid grutte feroarings ûndergien. Om 1840 hinne waard begûn mei de útfeante plassen drûch te meallen en yn kultuer te bringen. In pear perselen bringe dy perioade noch yn it sin en binne dêr werom te finen, ek de trije slúskes dy't foar de ôffier brûkt waarden binne noch yn it gebiet. De feanarbeiders makken romte foar de boeren. Lân wie wetter en wetter waard wer lân.

De Tsjûkemar is mei syn 2116 ha. de grutste mar fan Fryslân. Yn 1856 hawwe se drok dwaande west om de mar drûch te meitsjen. De plannen wienen hielendal rûn. Sa moasten der 6 wettermûnen boud wurde, in slûs, inkelde kilometers feart groeven en ek wegen oanlein wurde. De totale kosten waarden rûsd op fl. 459.165,00 of omrekkene fl. 218,65 de hektare. Dat it plan net útfierd is, kaam trochdat der net genôch jild oanlutsen wurde koe en ek de grûnsoarte wie net fan sokke bêste kwaliteit. Sadwaande is ien fan de grutste Fryske marren bewarre bleaun.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gemaal Ychten

Oan de Tsjûkemar stiet it restaurearre gemaal fan Ychten dat it wetter lost op de Fryske boezem. Yn 2001 waard it oanwiisd as Ryksmonunint. It hat ek funksje as eksposysjerûmte mei plak foar permaninte en tydlike histoaryske útstallings, mei it gemaal en de feanpolders as tema. It gemaal hat oant 1996 de hiele feanpolder fan Ychten bemealle. Foar de wettersporter binne in pear eilantsjes opspuite yn de mar mei de tapaslike nammen fan Tsjûkepôle en Marchjepôle. De nammen komme fan de leginde fan de Tsjûkemar. Yn Ychten stiet ek it stânbyld fan Tsjûke en Marchje. By dat stânbyld stiet in tekst dy't it ûntstean fan de Tsjûkemar ferklearret. Dy lytse leginde hjit De held en de draek.

1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2023
894 1261 1119 1025 995 1031 620 225 250

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2012 en 2021: Alle Cijfers.)

Berne yn Ychten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kommisjepôle, Hearenwei, Haadwei, Marpaad, Middenfeart, Middenwei.

De tsjerke en it hôf fan Ychten yn 2014

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje