Springe nei ynhâld

Star Wars: Clone Wars (telefyzjesearje út 2003)

Ut Wikipedy
Star Wars: Clone Wars
tillefyzjesearje
(Titelbyld yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
betocht troch George Lucas
ûntwikkele troch Genndy Tartakovsky
produsint Genndy Tartakovsky
Shareena Carlson (seiz. 3)
útfierend
   produsint
Brian A. Miller
regisseur(s) Genndy Tartakovsky
senario Bryan Andrews
Darrick Bachman
Paul Rudish
Genndy Tartakovsky
basearre op Star Wars-prequeltrilogy
muzyk John Williams (titelmuzyk)
James L. Venable (soundtrack)
Paul Dinletir (soundtrack)
tillefyzjestudio Lucasfilm
Cartoon Network Studios
distribúsje Warner Bros. TV Distribution
spilers
haadrollen Mat Lucas
James Arnold Taylor
Tom Kane
Terrence C. Carson
Anthony Daniels
Corey Burton
Grey DeLisle
Nick Jameson
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje
sjenre militêre science fiction-searje
fantasysearje
aksjesearje
aventoeresearje
seizoenen 3
jierren 20032005
tal ôfl. 25
spyltiid (ôfl.) 3-5 min. (seiz. 1 en 2)
12-15 min. (seiz. 3)
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
prizen Emmy Award
Annie Award
besibbe searjes Star Wars: The Clone Wars
Net te betiizjen mei Star Wars: The Clone Wars, in oare Star Wars-tekenfilmsearje, út 2008.

Star Wars: Clone Wars is in Amerikaanske tekenfilmsearje foar bern dy't rûn fan 2003 oant 2005, en dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje, dy't ta de sjenres fan militêre science fiction, fantasy, aksje en aventoer heart, waard basearre op 'e Star Wars-prequeltrilogy. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: Kloane-oarloggen". De searje folget de aventoeren fan 'e Jedi-ridders Anakin Skywalker en Obi-Wan Kenobi yn 'e Kloane-oarloggen, in troch de boasaardige Sith-master Darth Sidious beävensearre konflikt dat it hiele Stjerrestelsel yn gaos en geweld weisakje lit. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars moat Star Wars: Clone Wars pleatst wurde tusken de films Star Wars: Episode II – Attack of the Clones en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith yn. Yn totaal waarden der 25 ôfleverings makke. Star Wars: Clone Wars wûn trije Emmys en in Annie Award.

Star Wars: Clone Wars waard betocht troch George Lucas, de skepper fan Star Wars en de oare liedingjaanden by syn filmstudio Lucasfilm, as manear om mear action figures te ferkeapjen fan 'e personaazjes út 'e Star Wars-prequeltrilogy.

Star Wars: Clone Wars waard ûntwikkele troch animator Genndy Tartakovsky, de makker fan 'e eardere tekenfilmsearjes Dexter's Laboratory en Samurai Jack. Tartakovsky fungearre as de regisseur, de produsint (yn seizoen 3 mei Shareena Carlson) en ien fan 'e senarioskriuwers (yn 'e mande mei Bryan Andrews, Darrick Bachman en Paul Rudish). Brian A. Miller hie as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Tartakovsky joech Star Wars: Clone Wars in selde, wat op Japanske anime lykjende, styl fan animaasje as syn eardere tekenfilmsearje Samurai Jack.

De searje waard produsearre troch de Cartoon Network Studios yn opdracht fan Lucasfilm. De distribúsje waard dien troch Warner Bros. Television Distribution. De titelmuzyk waard komponearre troch John Williams, wylst de soundtrack fersoarge waard troch James L. Venable en Paul Dinletir. Star Wars: Clone Wars waard foar it earst yn novimber 2003 op 'e Amerikaanske telefyzje útstjoerd troch Cartoon Network. Der waarden trije seizoenen fan makke, mei yn totaal 25 ôfleverings: 10 elts yn seizoen 1 en 2, en 5 yn seizoen 3. De spyldoer per ôflevering bedroech yn 'e earste beide seizoenen mar 3 oant 5 minuten, mar de ôfleverings fan seizoen 3 wiene folle langer: 12 oant 15 minuten. De lêste ôflevering waard ein maart 2005 foar it earst útstjoerd.

Utgongspunt fan 'e plot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: Clone Wars spilet yn 'e ynterne gronology fan Star Wars tusken it twadde en trêde diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy yn, te witten: Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005). De searje folget de aventoeren fan 'e Jedi-ridders Anakin Skywalker en Obi-Wan Kenobi yn 'e Kloane-oarloggen, in konflikt tusken de Galaktyske Republyk en de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Dat is in boargeroarloch dy't yn it geheim feroarsake en manipulearre wurdt troch de boasaardige Sith-master Darth Sidious, dy't, sûnder dat immen it wit, it alter ego is fan 'e sa freonlik lykjende kânselier Palpatine.

De wichtichste ferhaalline fan seizoen 1 en 2 is de oanfal dy't it Grutte Leger fan 'e Republyk ûnder lieding fan Obi-Wan útfiert op 'e planeet Muunilinst, de thúswrâld fan 'e by de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels oansletten Yntergalaktyske Bankêre Groep. Obi-Wan syn padawan Anakin wurdt troch kânselier Palpatine persoanlik oansteld as befelhawwer fan 'e romteskippen dy't de oanfal ûnderstypje. Underwilens nimt de separatistyske lieder greve Dooku, de learling fan Darth Sidious, de Krêftgefoelige kriichster Asajj Ventress oan as syn eigen ynformele learling. Op oanstean fan Sidious stjoert Dooku Ventress der op út om Anakin te eliminearjen. Anakin wurdt dêrtroch midden yn in romteslach ôflaat en efterfolget Ventress nei de moanne Yavin-IV, dêr't er har yn in duël mei de ljochtsabel oermânsk wurdt troch krêft út syn lulkens te heljen, wat rjocht tsjin 'e lear fan 'e Jedi Oarder yngiet.

Om 'e sintrale ferhaalline hinne fine ferskate oare konfrontaasjes tusken Jedi en separatisten plak. Sa nimt master Mace Windu it op Dantooine ûnbewapene op tsjin in leger oarlochsandroïden, reizget master Yoda nei de iisplaneet Ilum om in pear yn 'e benearing rekke Jedi te rêden, fiert de amfibyske master Kit Fisto in ûnderwetterdetasjemint kloansoldaten oan op 'e oseaanwrâld Mon Cala en stjit in team fan Jedi op 'e planeet Hypori op 'e freze cyborg-generaal Grievous. Yn 'e earste ôflevering fan seizoen 3 stjoert Obi-Wan in team kloansoldaten nei Hypori om 'e Jedi Ki-Adi-Mundi, Shaak Ti, Aayla Secura en oaren te rêden. De Galaktyske Republyk sit tsjin dy tiid goed yn 'e lytse loege, dat nei ryp berie beslút de Hege Jedi Ried om Anakin te befoarderjen ta in folweardich Jedi-ridder.

Yn ôflevering 2 fan seizoen 3 springt de searje foarút nei it einstadium fan 'e Kloane-oarloggen, wannear't Anakin in machtige Jedi wurden is. Hy assistearret Obi-Wan by it ynnimmen fan in fêsting, rêdt it libben fan master Saesee Tiin yn in romteslach, en helpt ferskate Jedi om te ûntkommen oan krabdroïden. Obi-Wan en Anakin wurde der op útstjoerd om generaal Grievous te sykjen op 'e planeet Nelvaan, mar befrije dêr ynstee in kloft Nelvaanjers dy't ta slaaf makke en skeind binne troch de Techno Uny, in koepelorganisaasje fan grutte ûndernimmings, dy't him by de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels oansletten hat. Underwilens docht Grievous mei syn legers in wraam op Coruscant, dêr't it regear fan 'e Galaktyske Republyk syn sit hat. Nettsjinsteande it krewearjen fan Yoda, Mace Windu, Shaak Ti en oare Jedi-masters om soks foar te kommen, wit er dêr yn opdracht fan greve Dooku kânselier Palpatine te ûntfieren. De lêste ôflevering einiget as Obi-Wan en Anakin ôfsette om 'e kânselier te befrijen, sadat Star Wars: Clone Wars moai oanslút op 'e live-actionfilm Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith, dy't iepenet mei dy befrijing.

haadrollen
personaazje                                      akteur/aktrise
Jedi-ridder Anakin Skywalker Mat Lucas
Jedi-master Obi-Wan Kenobi James Arnold Taylor


weromkearende byrollen
personaazje akteur/aktrise
Jedi-master Yoda Tom Kane
Jedi-master Mace Windu Terrence C. Carson
C-3PO Anthony Daniels
greve Dooku Corey Burton
senator Padmé Amidala Grey DeLisle
kânselier Palpatine / Sith-master Darth Sidious Nick Jameson
Asajj Ventress Grey DeLisle
Jedi-master Agen Kolar James Arnold Taylor
Jedi-master Saesee Tiin Terrence C. Carson
Jedi-master Shaak Ti Grey DeLisle
generaal Grievous Richard McGonagle
Jedi-master Ki-Adi-Mundi Daran Norris
Jedi-master Kit Fisto Richard McGonagle
Jedi-master Luminara Unduli Cree Summer
San Hill Corey Burton
Jedi-master Stass Allie Grey DeLisle
luitenant-kolonel Cody André Sogliuzzo
Jedi-master Oppo Rancisis Fred Tatasciore
Jedi-master Even Piell Daran Norris
alle kloansoldaten André Sogliuzzo
kaptein Gregar Typho André Sogliuzzo
Jedi-master Qui-Gon Jinn Fred Tatasciore
padawan Bariss Offee Tatyana Yassukovich
K'Kruhk Kevin Michael Richardson
seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 10 7 novimber 2003 20 novimber 2003 Cartoon Network
2 10 26 maart 2004 8 april 2004
3 5 22 maart 2005 26 maart 2005

Star Wars: Clone Wars waard fia 20th Century Fox Home Entertainment yn 2005 útbrocht op twa dvd's: Volume One, mei alle koarte ôfleverings út seizoen 1 en 2, en Volume Two, mei de langere ôfleverings út seizoen 3. Sûnt 2 april 2021 is de hiele searje ek te sjen op streamingtsjinst Disney+.

Untfangst en resultaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De telefyzjekritisy wiene oer it algemien tige posityf yn harren resinsjes fan Star Wars: Clone Wars. Phil Pirrello fan SyFy Wire skreau yn 2021 dat Star Wars: Clone Wars de bêste Star Wars-tekenfilmsearje wie dy't ea makke wie. Hy fûn dat Genndy Tartakovsky "oan Star Wars de meast dynamyske bylden ea joech, wylst er alle aksje en konflikt út 'e Kloane-oarloggen sjen liet dy't Lucas út syn prequels op it grutte skerm weiliet." Liam Gaughan fan 'e webside Collider neamde de searje yn 2021 "syn tiid fier foarút" en fûn dat Star Wars: Clone Wars better gebrûk makke fan 'e fermiddens, planeten en technologyske ûntwerpen as de live-actionfilms fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. ComicBook.com skreau yn 2021 dat Star Wars: Clone Wars "it besjen wurdich is foar eltse fan fan geweldige animaasje."

Star Wars: Clone Wars wûn trije kear in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske priis foar telefyzjeprogramma's. Dêrby giet it yn 2004 om 'e Emmy foar bêste animaasjeprogramma fan in oere of mear (foar seizoen 1 en 2), en yn 2005 om de priis yn deselde kategory foar seizoen 3, mei dêropta de priis foar bêste persoan yn 'e animaasjeyndustry foar eftergrûnûntwerper Justin Thompson. De searje wûn yn 2006 de Annie Award, de wichtichste Amerikaanske priis foar animaasje, yn 'e kategory bêste animearre telefyzjeproduksje. Yn 2004 waard Star Wars: Clone Wars ek nominearre foar de Saturn Award foar bêste telefyzjepresintaasje.

Plak bûten de Star Wars-kanon

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't The Walt Disney Company yn 2012 de filmstudio Lucasfilm oernommen hie, waard yn 2014 besletten om it almar úttynjende Star Wars-hielal danich by te snoeien, troch alle romans dy't der troch de jierren oer útkommen wiene, út 'e kanon te skrassen, en teffens alle tekenfilmsearjes fan foar 2008. Dat betsjut dat de foarfallen út Star Wars: Clone Wars no net mear ta de Star Wars-kanon rekkene wurde, mar ynstee ta de apokrife Star Wars Legends hearre.

Star Wars: The Clone Wars

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Star Wars: The Clone Wars (telefyzjesearje út 2008).

Deselde perioade yn 'e ûntwikkeling fan it Star Wars-hielal (te witten: de Kloane-oarloggen) waard jitris oereide yn in oare tekenfilmsearje, Star Wars: The Clone Wars, dy't yn 2008 op 'e telefyzje kaam. Eins wie dat in reboot fan in Star Wars: Clone Wars út 2003.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)