Mad Max: Fury Road

Ut Wikipedy
Mad Max: Fury Road
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Mad Max Fury Road logo.png
makkers
regisseur George Miller
produsint Doug Mitchell
George Miller
P.J. Voeten
senario George Miller
Brendan McCarthy
Nico Lathouris
kamerarezjy John Seale
muzyk Junkie XL
filmstudio Kennedy Miller Mitchell
distribúsje Roadshow Films (Austraalje)
Warner Bros. (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Tom Hardy
Charlize Theron
byrollen Nicholas Hoult
Hugh Keays-Byrne
Rosie Huntington-Whiteley
Riley Keough
Zoë Kravitz
Abbey Lee Kershaw
Courtney Eaton
John Howard
Richard Carter
skaaimerken
lân/lannen Flag of Australia (converted).svg Austraalje
Flag of South Africa.svg Súd-Afrika
premiêre 7 maaie 2015
foarm langspylfilm
sjenre post-apokalyptyske science
   fiction
-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 120 minuten
budget en resultaten
budget $150-185 miljoen
opbringst $378,4 miljoen
prizen 6 × Oscar
1 × SAG Award
4 × BAFTA
1 × Saturn Award
1 × Satellite Award
10 × AACTA Award
4 × Empire Award
filmsearje
filmsearje Mad Max
● foarich diel Mad Max Beyond Thunderdome

Mad Max: Fury Road is in Australysk-Súdafrikaanske post-apokalyptyske science fiction-aksjefilm út 2015 ûnder rezjy fan George Miller, mei yn 'e haadrollen Tom Hardy en Charlize Theron. De titel betsjut "Mâle Max: De Wei fan Fuery". De film is it fjirde diel yn 'e Mad Max-filmsearje, dat tritich jier nei it trêde diel Mad Max Beyond Thunderdome (1985) folge. Mad Max: Fury Road fertsjintwurdige eins in reboot fan 'e franchise, hoewol't regisseur Miller de foarkar joech oan 'e term "op 'e nij besjen".

Yn in dystopyske wrâld nei de maatskiplike ynstoarting fan 'e Westerske kultuer folget de plot fan Mad Max: Fury Road de traumatisearre âld-plysjeman Max Rockatansky. Troch omstannichheden rekket dy behelle yn it besykjen fan 'e ienearmige oarlochsliedster Furiosa om 'e seksslavinnen fan 'e grizelige sektelieder Immortan Joe te befrijen en mei harren út te naaien yn in pânsere tankwein.

De tarieding foar Mad Max: Fury Road begûn al yn 1997, mar de produksje fan 'e film siet jierrenlang muorrefêst. Doe't er úteinlik útkaam, krige Mad Max: Fury Road oer it algemien tige loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy, en yn 'e bioskopen wied er ek in kommersjeel súkses. De film wûn seis Oscars, in Screen Actors Guild Award, fjouwer BAFTA's, in Saturn Award, in Satellite Award, tsien AACTA Awards, fjouwer Empire Awards en ferskate oare prizen. It wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms aller tiden.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in dystopyske wrâld nei de maatskiplike ynstoarting fan 'e Westerske kultuer as gefolch fan in kearnoarloch en de dêrmei gearhingjende tekoarten oan brânstof en drinkwetter doarmet de traumatisearre âld-plysjeman Max Rockatansky troch in woastinige woastenije. Hy wurdt tramtearre troch fizioenen fan deaden dy't er net rêde kinnen hat. Simpelwei oerlibjen is foar him it alderwichtichste wurden.

Op in dei krije de War Boys ("Oarlochsjonges") him yn 'e rekken en nimme him nei in koarte efterfolging finzen. De fanatike War Boys foarmje it leger fan 'e tirannike sektelieder Immortan Joe ("Unstjerlike Joe"), dy't himsels ta in libbene god makke hat oer de befolking fan 'e Sitadel, dat in oäze yn 'e woastyn is. Max wurdt nei dy út grutte rotspylders besteande oäze tabrocht, dêr't Immortan Joe syn oanhingers derûnder hâldt troch drinkwetter, dat er oppompt út in ûndergrûnske akwifer, strang te rantsoenearjen. Yn 'e Sitadel wurdt Max alles ôfnommen: syn auto, syn wapens en al syn oare besittings. Syn hier en burd wurde ôfskeard en hy wurdt brânmerke as besit fan Immortan Joe. Neitiid wurdt er troch Joe syn dokter, de Organic Mechanic, as 'bloedsek' brûkt (d.w.s. foar in bloedtransfúzje) foar de sike War Boy Nux, mei't Max in universele donor is.

Underwilens stjoert de walchlik misfoarme Immortan Joe ien fan syn meast fertroude ûnderbefelhawwers of imperators, de jonge ienearmige frou Furiosa, mei in pânsere tankwein nei syn fazallen yn Gas Town ("Benzinestêd") en op 'e Bullet Farm ("Kûgelbuorkerij") om nije foarrieden benzine en munysje yn te slaan. As Furiosa noch binnen it sicht fan 'e Sitadel in oar paad ynslacht dat nei fijannich gebiet liedt, kriget Joe in bang fermoeden. Hy hastiget him nei de mei in grouwe klûsdoar ôfsletten fertrekken fan syn fiifkoppige harem, tsjeppe jonge froulju dy't er útsocht hat om mei te fokken, en ûntdekt dat dy yndie útpykt binne.

Joe wol harren beslist weromhawwe, net inkeld om't er harren as syn eigendom beskôget, mar ek om't er longeret op in soan dy't him opfolgje kin. Hy hat twa folwoeksen soannen: Corpus Colossus, dy't in goed ferstân hat mar sa'n misfoarme liif hat dat er folslein helpbehoevend is, en Rictus Erectus, in bear fan in fint dy't sûn fan liif en lidden is, mar it ferstân fan in lyts bern hat. Joe mobilisearret dêrom syn War Boys en bringt in konfoai fan wûnderlike fiertugen op 'en paad, dêr't er de efterfolging mei yn set. Troch it ôfsjitten fan ljochtkûgels ropt er de help fan Gas Town en de Bullet Farm yn. Nux, dy't net yn 'e Sitadel efterbliuwe wol, set Max mei keatlings foar op syn auto fêst, sadat de bloedtransfúzje ûnderweis trochgean kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As it konfoai fan Immortan Joe de tankwein byhellet, ûntstiet der in gefjocht tusken Furiosa en de War Boys. Nux is wisberet om mei gloarje te stjerren, sadat er foar ivich mei Joe op 'e Wei fan Fuery yn it hjirneimels ride mei. Fan gefolgen wurdt de warleaze Max ek ferskate kearen yn libbensgefaar brocht, ta syn oanboazjende argewaasje. Om har efterfolgers ôf te skodzjen, riidt Furiosa de tankwein in sânstoarm yn. Dêrtroch rekket se yndie it meastepart fan 'e War Boys kwyt, mar net Nux. Dy makket fan syn auto in ridende bom dy't er oanstekke wol mei in fjoerpylk, mar ear't er dat dwaan kin, wit Max los te kommen en him tsjin te hâlden. De auto slacht om en rekket total loss, mar ûntploft net.

Nei't de stoarm lizzen gien is, ûntdekt Max dat er noch altyd mei in keatling oan 'e skynber deade Nux fêstsit. Dêrom sleept er dyselde mei nei de tankwein, dy't in hiel ein fierder ta stilstân kommen is. As Max by de tankwein arrivearret, ûntdekt er dêr net inkeld Furiosa, mar ek de fiif froulju fan Immortan Joe: Capable ("Feardich"), Cheedo the Fragile ("Cheedo de Brekbere"), Toast the Knowing ("Toast de Wize"), the Dag ("de Eksintrikeling") en The Splendid Angharad ("De Treflike Angharad") dy't op alle dagen rint. Max twingt harren om mei in betonskjirre it keatling tusken him en Nux troch te knippen. Furiosa komt him oer it mad mei de bedoeling him te deadzjen, wêrby't de fiif froulju har helpe troch oan 'e útein fan Max syn keatling te skuorren, mar nei in fjochtpartij komt Max úteinlik as winner út 'e bus. Dêrnei stelt er de tankwein om mei út te naaien, mar it docht bliken dat Furiosa in needstopskeakeler ynstallearre hat dy't de motor ôfslaan lit as de juste koade net ynfierd wurdt. Om't er sûnder har net fier komt, stiet Max mei tsjinnichheid ta dat Furiosa en de froulju fan Joe wer ynstappe.

Nux, dy't net dea mar bewusteleas wie en ûnderwilens wer by besleur kommen is, klimt temûk fan efteren op 'e tankwein en glûpt dêrwei nei de kabine om Furiosa te deadzjen, mar hy wurdt oermastere troch de fiif froulju fan Joe, dy't er út noch yn net ferwûnje mei. Nei't se him it mannewaar opsein hawwe oangeande syn bline fertrouwen op 'e godlikens fan Immortan Joe, smite se him út 'e truck. Hy keart neitiid werom nei it konfoai fan 'e War Boys, dat it spoar fan 'e tankwein wer oppikt hat en noch mar inkele minuten efterleit. It wurdt noch helte minder foar de flechtlingen as fan 'e iene sydkant de troepen fan Gas Town komme, ûnder lieding fan The People Eater ("De Minske-iter"), en fan 'e oare sydkant de troepen fan 'e Bullet Farm, oanfierd troch The Bullet Farmer ("De Kûgelboer"). Se kinne sadwaande inkeld rjochtroch, dêr't steile rotsheuvels harren it paad tichtsette.

Der bestiet lykwols in smelle kleau tusken de rotsen troch, en Furiosa hat yn 't foar frije trochtocht regele yn ruil foar benzine mei de motorbinde fan 'e Rock Riders ("Rotsriders") dy't de kleau behearskje. As dy sjogge dat Furiosa troch trije ferskillende legers fijannen efterfolge wurdt, fine se dat Furiosa har net oan 'e ôfspraken holden hat. Sy en Max wurde twongen om gear te wurkjen om oan 'e Rock Riders ûntkomme te kinnen. Dyselden litte op in tige smel plak mei springstofladings de kleau ynstoarte om Immortan Joe en syn bûnsgenoaten út harren gerjochtichheid te hâlden. Wylst Max en Furiosa noch mei de lêste efterfolgjende Rock Riders ôfweve, riidt Immortan Joe mei syn monstertruck oer de fallen rotsblokken hinne om fuortendaliks de efterfolging te ferfetsjen, wylst de rest fan syn troepen earst de barrikade út 'e kleau romje moatte sille foar't se fierder kinne.

Joe hellet de tankwein by, wêrnei't er Nux dêr wer oan board klimme lit mei de opdracht om Furiosa te deadzjen. Nux faalt lykwols op 'e nij, ta teloarstelling fan Joe. As Joe besiket de tankwein yn 'e smelle kleau yn te heljen, rekket Max yn 'e swierrichheden. Angharad komt him te help en falt fan 'e truck, wêrnei't se deariden wurdt troch Joe. Dat is net syn bedoeling, want hy woe har krekt tsjin eltse priis libben en wol weromhawwe, mar yn 'e kleau kin er net útwike, en as er dat dochs besiket, rôlet er syn monstertruck op 'e kop. Dat jout Max en Furiosa de gelegenheid om harren foarsprong wer te fergrutsjen.

Underweis leit Furiosa oan Max út dat se mei Joe syn harem útnaait nei "it Griene Plak", in oäze dêr't se har bernetiid trochbrocht hat (en dy't yn har oantins in idyllyske kwaliteit oannommen hat). Sy en har mem binne nammentlik, doe't se lyts wie, dêrwei ûntfierd troch de trewanten fan Joe. Underwilens ûntdekt de readhierrige Capable de oanwêzigens fan Nux, dy't him efterop 'e tankwein ferskûle hat nei syn ellindich falen foar de eagen fan syn god. Capable treastget him en plantet by him it idee yn 'e holle dat er miskien wol bedoeld is foar in gruttere lotsbestimming as te stjerren foar Immortan Joe.

Dy nachts komt de tankwein fêst te sitten yn in sompige krite. Furiosa en Max bringe de opmars fan Immortan Joe ta stilstân troch lânminen op syn paad te pleatsen, mar The Bullet Farmer, dy't in fiertúch mei rupsbannen hat en dêrom net bang is om fêst te reitsjen yn 'e drek, riidt om en set de efterfolging fuort. Troch in idee fan Nux slagget it om 'e tankwein los te skuorren. In skot dat Furiosa mei in skerpskuttersgewear nimt mei Max syn skouder as stipe, fernielt de skynwerper fan The Bullet Farmer en makket de man sels blyn trochdat er omfleanend glês yn 'e eagen kriget. Nei't de tankwein in lege heuvelrêch yn it dridzige lân berikt hat, giet Max op eigen manneboet werom om it op te nimmen tsjin The Bullet Farmer en syn mannen. Nei in ûntploffing op ôfstân yn it nachtlik tsjuster keart er ûnder it bloed werom mei in sekfol munysje en fjoerwapens.

Neitiid ride se de hiele nacht troch mei de tankwein, earst middenmank grizelige sompen en letter troch woastyn. De oare deis komme se by in wrakke toer lâns mei boppe-yn in healneakene jonge frou dy't om help ropt. Max is daliks op syn iepenst om't er in mûklaach fermoedet. Furiosa giet der allinnich op ôf en neamt har namme, ôfstamming en clanbân op. De frou, The Valkyrie ("Walkuere"), ropt dêrop de oaren fan har stamme op, dy't, sa't Max al tocht hie, ferskûle leine efter de omjaande sândunen. It blike oer it algemien âldere froulju te wêzen, de Vuvalini of "Folle Memmen", by wa't Furiosa foar har ûntfiering libbe. Se kenne Furiosa werom en leauwe har op har wurd as se ynstiet foar Max, Nux en de fjouwer froulju fan Joe. Furiosa wol dat se harren meinimme nei it Griene Plak, en se is der stikken fan as har oansein wurdt dat se dêr de foargeande nachts lâns kommen binne: alles dat der noch fan oer is, binne de grizelige, ûnbewenbere sompen, mei't der gif yn it wetter lekt wie dat alle planten deade.

Mei de Vuvalini briedt Furiosa neitiid in nij plan út: se sille de tankwein efterlitte en alles dat se drage kinne op 'e motorfytsen fan 'e Vuvalini lade, om 'e reuseftige sâltflakte oer te stekken dy't no foar harren leit, yn 'e hope dat se de oare kant berikke kinne foar't harren brânstof, fiktaalje en drinkwetter oprekket. Furiosa biedt Max oan dat er mei kin, mar hy slacht it oanbod ôf. Hy is fan doel wer op eigen manneboet ôf setten op nije omdoarmings, mar as er pleage wurdt troch in fizioen fan in lyts famke dat er net rêde koe, betinkt er him. Hy giet Furiosa-en-dy efternei en leit harren in oar plan foar: alles yn 'e tankwein te laden en werom te riden troch de kleau. As se dy langernôch barrikadearje kinne, en dêrmei de troepen fan Immortan Joe oan dizze kant fan 'e rotsheuvels ophâlde, kinne se weromgean nei de Sitadel om dy yn te nimmen. It bolwurk fan Immortan Joe is in Grien Plak op himsels, en boppedat is it ûnferdigene efterbleaun om't Joe al syn warbere mannen meinommen hat op syn efterfolging.

Om't ûnbekend is oft der wol in ein oan 'e sâltflakte is, liket Max syn plan Furiosa en de Vuvalini better ta as har eigen. Max, Furiosa, de fjouwer froulju fan Joe en de Vuvalini ride dêrom de tankwein werom nei de kleau. Dêrby komme se it kamp fan Immortan Joe en The People Eater foarby, dy't fannijs de efterfolging ynsette. Der ûntstiet in oangeande striid, wêrby't ferskaten fan 'e Vuvalini en in grut tal fan Joe syn War Boys omkomme. The Valkyrie wurdt deariden troch The People Eater. Toast wurdt finzen nommen troch ien fan 'e War Boys en ôflevere by Joe yn 'e auto. Ien fan 'e mannen fan The People Eater kringt de kabine fan 'e tankwein binnen en ferwûnet Furiosa slim mei har eigen dagge. Max kaapt it njonkenridende fiertúch fan The People Eater en brûkt dy fetsak as libben skyld as er troch Joe besketten wurdt, sadat Joe ynstee fan him syn eigen fazal deasjit.

As se de kleau wer yngeane, wit Joe syn auto foar de tankwein te krijen om dy te fertraagjen. Furiosa lit Nux it riden fan 'e tankwein oernimme, wylst se sels oerspringt nei Joe sy auto. Ferwûne as se is, rekket se der hast by troch en hat se de krêft net om harsels op te hisen. Dêrop jout Cheedo har út frije wil oer en wurdt troch Joe syn soan Rictus oan board fan 'e auto tild; sadree't se dêr is, helpt se Furiosa derby op. Underwilens befjochtet Max de mânske Rictus. Furiosa berikt einlings Immortan Joe, en as dy har deasjitte wol mei in revolver, liedt Toast him krekt langernôch ôf dat Furiosa ynstee him deadwaan kin. Neitiid springe Max, Capable, the Dag, en de oerlibjende Vuvalini oer fan 'e tankwein nei de auto fan Joe. Nux sil as lêste folgje, mar as de breinroere Rictus de motor fan 'e truck begjin te ûntmanteljen en de tankwein sadwaande efterop rekket, fynt Nux syn lotsbestimming troch foar de eagen fan Capable en de oaren it stjoer om te smiten en de tankwein yn it nauste part fan 'e kleau kantelje te litten, sadat hysels en Rictus omkomme en de kleau folslein tichtset wurdt foar Joe syn leger dat der efteroan komt.

Neitiid rêdt Max it libben fan 'e ûnderwilens hast deablette Furiosa troch har in transfúzje mei syn bloed te jaan. Yn 'e Sitadel oankommen is it folk net botte rouwich om it lyk fan Immortan Joe te sjen. De lêst oerbleaune loyalisten fan Joe wurde folslein oerstimd as Furiosa, de fjouwer froulju en de Vuvalini mei jûchhei ynhelle wurde. Wylst Furiosa nei de top fan ien fan 'e rotspylders hyst wurdt, wikselet Max, dy't middenmank de mannichte efterbliuwt, in blik mei har út ear't er him omdraait om syn eigen paad te gean.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Max Rockatansky Tom Hardy
imperator Furiosa Charlize Theron


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Nux Nicholas Hoult
Immortan Joe Hugh Keays-Byrne
the Splendid Angharad Rosie Huntington-Whiteley
Capable Riley Keough
Toast the Knowing Zoë Kravitz
the Dag Abbey Lee Kershaw
Cheedo the Fragile Courtney Eaton
the People Eater John Howard
the Bullet Farmer Richard Carter
Rictus Erectus Nathan Jones
Slit Josh Helman
the Organic Mechanic Angus Sampson
the Doof Warrior iOTA
the Valkyrie Megan Gale
the Keeper of the Seeds Melissa Jaffer
ien fan 'e Vuvalini Melita Jurisic
ien fan 'e Vuvalini Gillian Jones
ien fan 'e Vuvalini Joy Smithers
ien fan 'e Vuvalini Antoinette Kellerman
ien fan 'e Vuvalini Christina Koch
Corpus Colossus Quentin Kenihan
Glory the Child Coco Jack Gillies
Morsov Chris Patton
haadman fan 'e Rock Riders Stephen Dunlevy
Prime Imperator Richard Norton

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In fjirde diel út 'e Mad Max-searje nei Mad Max Beyond Thunderdome (1985) waard al yn 'e 1990-er jierren oankundige. Yn 1995 kocht de Australyske regisseur en filmprodusint George Miller de rjochten op it meitsjen fan fierdere films yn 'e rige werom fan 'e Amerikaanske filmstudio Warner Bros. Yn 1997 sette er útein mei de preproduksje fan in nije Mad Max-film, mar troch omstannichheden kaam de produksje jierrenlang muorrefêst te sitten.

Earst wie it de bedoeling dat de film yn 2001 opnommen wurde soe y.g.m. 20th Century Fox, mar dat koe net trochgean om't nei de terroristyske oanslaggen fan 9/11 fan dat jier, yn New York en Washington, D.C., de Amerikaanske dollar yn in frije fal belâne yn ferhâlding ta de Australyske dollar. Fan gefolgen tine it budget ynienen út as in razende, wat betsjutte dat der net genôch jild wie om 'e film te meitsjen. In nij besykjen yn 2003 rûn op 'e non doe't in drûge woastynlokaasje foar de opnamen 'bedoarn' waard troch hommelse reinfal, wylst de produksje net filmje koe yn Namybje omreden fan 'e transportbeheinings en soargen op it mêd fan feilichheid troch it útbrekken fan 'e Irakoarloch.

De produksje waard doe foarearst op 'e lange baan skood. Yn 2007, nei't er de animaasjefilm Happy Feet makke hie, naam Miller it idee yn omtinken om fan 'e nije Mad Max-film in tekenfilm te meitsjen. Dêr stapte er lykwols al rillegau wer fanôf. Yn 2009 kundige er oan dat de opnamen yn 2011 einlings begjinne soene, in planning dy't letter foarúthelle waard nei novimber 2010. Underwilens wie dúdlik wurden dat Mel Gibson, dy't de titelrol yn 'e foargeande trije Mad Max-films spile hie, net yn dy rol weromkeare soe, om't er der, fiifentweintich jier nei Mad Max Beyond Thunderdome, te âld foar wie. Ynstee waard yn juny 2010 de Britske akteur Tom Hardy cast as Max Rockatansky. Omtrint deselde tiid waard ek de Súdafrikaanske aktrise Charlize Theron cast as imperator Furiosa. Foar rol fan 'e antagonist Immortan Joe waard Hugh Keays-Byrne cast, dy't 36 jier earder ek al de wichtichste antagonist spile hie yn 'e alderearste Mad Max-film.

Yn it neijier fan 2010 waard de produksje fan Mad Max: Fury Road op 'e nij in jier útsteld. Doe't de opnamen yn novimber 2011 einlings úteinsette soene yn 'e omkriten fan Broken Hill, yn 'e outback fan 'e Australyske steat Nij-Súd-Wales, jage it waar fannijs de boel yn 'e bulten: de treasteleaze woastynlokaasje dy't útkeazen wie, feroare troch ûnferwachtse rein yn in greide oerdutsen mei blommen. Sadwaande waard besletten om út te wiken nei Namybje. Uteinlik giene de opnamen dêr op 26 juny 2012 dan einlings fan start. Der waard ek filme yn Potts Hill en Cranebrook, yn it westen fan 'e stêdekloft fan Sydney. De opnamen duorren oant yn desimber 2012, wylst reshoots yn novimber 2013 plakfûnen.

Mad Max: Fury Road waard regissearre troch George Miller nei in senario fan himsels y.g.m. Nico Lathouris en de Britske striptekener Brendan McCarthy. As produsinten wiene Doug Mitchell, P.J. Voeten en Miller sels by it projekt belutsen foar de filmstudio Kennedy Miller Mitchell. Mad Max: Fury Road wie (neffens de IMDb) in Australysk-Súdafrikaanske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan nei skatting $150 oant 185 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Seale, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Nederlânske muzikant Junkie XL, oftewol Tom Holkenborg.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Mad Max: Fury Road waard yn Austraalje fersoarge troch Roadshow Films en yn it meastepart fan 'e rest fan 'e wrâld troch Warner Bros. De film gie op 7 maaie 2015 yn premiêre yn Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood. Op 14 maaie wie der in fertoaning bûten de kompetysje om op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, wêrnei't Mad Max: Fury Road op 15 maaie yn 'e Australyske bioskopen iepene. It byhearrende soundtrackalbum mei de filmmuzyk fan Junkie XL ferskynde op 12 maaie 2015 by platemaatskippij WaterTower Music. Mad Max: Fury Road kaam op 11 augustus 2015 beskikber as digitale download en waard op 1 septimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

It kostúm fan Charlize Theron yn har rol fan 'e ienearmige imperator Furiosa.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Mad Max: Fury Road oer it algemien tige loovjende resinsjes. De film wurdt troch de measte resinsinten beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms dy't ea makke binne. Peter Bradshaw fan 'e Briske krante The Guardian joech de film 4 fan 5 stjerren en omskreau him as "ekstrafagant sljochtsinnich, gehoarferdôvjend kakofoanysk en folslein oer de skreef geand". Hy neamde Mad Max: Fury Road ek "in bizarre konfoai-efterfolgingsaksjeskriller yn 'e post-apokalyptyske woastyn". Neffens Lindsay Bahr fan it parseburo Associated Press liet George Miller mei Mad Max: Fury Road sjen dat films "net inkeld keunst [wêze koene], mar [ek] radikaal fizjonêr".

Yn it Amerikaanske tydskrift Forbes joech Scott Mendelson de film in 10 op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau: "Mad Max: Fury Road is in opmerklike en glorieuze film, net inkeld ien fan 'e grutte aksjefilms fan ús tiid, mar ek in grutte film dy't moai gelegen komt […]." Scott Collura fan IGN parte de film in 9,2 ta op in skaal fan 1 oant 10, en skreau: "De folslein oer de meuch geande stunts en eksintrike personaazjes en ûntwerpen binne allegear tige wichtich foar Fury Road, […] mar it is it alles yn it skaad stellende gefoel dat de film unyk is, it stribjen fan 'e film om mear te wêzen as gewoan noch wer in aksjefilm, dat it yndrukwekkendst is."

Oan 'e oare kant moast Mick LaSalle fan The San Francisco Chronicle net folle fan Mad Max: Fury Road hawwe. Hy hie wol lof foar de kamerarezjy en it aktearjen fan Charlize Theron, mar kwalifisearre de film as gehiel as "ien lange, saaie efterfolging".

Mad Max: Fury Road krige net allinne lof taswaaid fan 'e (measte) filmkritisy, mar ek fan feministen, dy't tige ynnommen wiene mei de dominante rol fan Theron yn 'e film as imperator Furiosa, en it brede ferskaat fan a-typyske froulike rollen, fan 'e opstannige haremfroulju fan Immortan Joe oant de gewearswaaiende Vuvalini. Aktivisten foar de rjochten fan handicapten priizgen Mad Max: Fury Road ek, omreden fan 'e positive, net-stigmatisearjende ôfskildering fan lju mei geastlike en lichaamlike beheinings yn 'e film.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Mad Max: Fury Road in tige heech goedkarringspersintaazje fan 97%, basearre op 419 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei opwinende aksje en in ferrassend grutte hoemannichte ferhaalstof bringt [de film] George Miller syn post-apokalyptyske franchise mei it gaspedaal oan ûnderen ta yntrape wer ta libben." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Mad Max: Fury Road in goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 51 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mad Max: Fury Road brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $153,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $224,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $378,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $150 oant 185 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $193,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Mad Max: Fury Road in kommersjeel súkses en de op achttjin nei meast opbringende film fan 2015.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mad Max: Fury Road waard yn 2016 nominearre foar tsien Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste film, bêste rezjy, bêste kamerarezjy en bêste fisuele effekten. De film wûn seis Oscars, foar bêste filmmontaazje (Margaret Sixel), bêste produksje-ûntwerp (Colin Gibson en Lisa Thompson), bêste kostúmûntwerp (Jenny Beavan), bêste fisazjy en hierstilearring (Lesley Vanderwalt, Elka Wardega en Damian Martin), bêste lûdsmontaazje (Mark Mangini en David White) en bêste lûdsmixing (Chris Jenkins, Gregg Rudloff en Ben Osmo).

Itselde jiers waard Mad Max: Fury Road by de Golden Globes mar nominearre yn twa kategoryen, foar bêste dramafilm en bêste regisseur (beide prizen giene nei oare films). By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Mad Max: Fury Road nominearre yn sân kategoryen, wêrûnder bêste kamerarezjy, bêste special effects en bêste lûd. De film wûn fjouwer BAFTA's, foar bêste filmmontaazje, bêste produksje-ûntwerp, bêste kostúmûntwerp en bêste fisazjy en hierstilearring. De film wûn ek in Screen Actors Guild Award foar bêste team stuntlju yn in film.

De cast en crew fan Mad Max: Fury Road yn 2015 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes (mei yn 'e midden regisseur George Miller en rjochts fan him yn 'e giele jurk aktrise Charlize Theron.

By de AACTA Awards, de wichtichste Australyske filmprizen, waard Mad Max: Fury Road yn desimber 2015 nominearre yn tolve kategoryen, wêrûnder bêste aktrise (Charlize Theron), bêste orizjinele senario, bêste kostúmûntwerp en de publykspriis. De film wûn acht AACTA Awards, foar bêste film, bêste rezjy (George Miller), bêste kamerarezjy (John Seale), bêste filmmontaazje, bêste lûd, bêste orizjinele filmmuzyk (Junkie XL), bêste produksje-ûntwerp en bêste special effects (Andrew Jackson, Tom Wood, Dan Oliver, Andy Williams). Yn jannewaris 2016 waard de film ek nominearre foar trije AACTA International Awards, wêrûnder de priis foar bêste ynternasjonale aktrise (Theron). De film wûn twa AACTA International Awards, foar bêste ynternasjonale film en bêste ynternasjonale rezjy.

By de Saturn Awards waard Mad Max: Fury Road yn 2016 nominearre yn tsien kategoryen en wûn de film ien priis, foar bêste aktrise (Theron). By de Satellite Awards waard de film nominearre yn fjouwer kategoryen en wûn er ek ien priis, foar bêste kamerarezjy. By de Britske Empire Awards waard de film nominearre yn tsien kategoryen en wûn er de prizen foar bêste soundtrack, bêste produksje-ûntwerp, bêste kostúmûntwerp en bêste fisazjy en hierstilearring. De film wûn ek twa Japanske Kinema Junpo-prizen, foar bêste bûtenlânske film en bêste bûtenlânske regisseur. De film waard fierders nominearre foar trettjin Critics' Choice Awards (wêrfan't er njoggen wûn); fjouwer MTV Movie Awards (wêrfan't er ien wûn); en twa Teen Choice Awards (net wûn).

Ferfolchfilms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2011, doe't George Miller, Brendan McCarthy en Nico Lathouris it definitive senario skreaune foar Mad Max: Fury Road, ûntdieken se dat se ferhaalstof genôch hiene foar noch twa ekstra films. Ien dêrfan wie in spin-off-film mei imperator Furiosa as haadpersoan, dy't Mad Max: Furiosa komme moast te hjitten. Foar de oare waard meitiid de wurktitel Mad Max: The Wasteland keazen. Yn july 2019 ferwiisde Miller yn in fraachpetear nei in trêde takomstige film, doe't er sei: "Der binne twa ferhalen, beide oer Mad Max, en ek in Furiosa-ferhaal."

Miller hie hope om alteast Mad Max: Furiosa fuort nei Mad Max: Fury Road meitsje te kinnen, mar dat bliek idele hoop. Yn novimber 2017 spande syn studio Kennedy Miller Mitchell in rjochtsaak oan tsjin harren Amerikaanske finansier en distributeur Warner Bros. nei't der heechoprinnend spul ûntstien wie oer in útkearde bonus fan $7 miljoen. Yn 2019 wie Miller lykwols hoopfol oer de takomst fan 'e Mad Max-franchise, mei't er sei: "We binne it noch oan it oplossen. We moatte dit Warners-ding útspylje litte, mar it liket wol dúdlik dat it [meitsjen fan 'e ferfolchfilms] derfan komme sil."

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Mad Max (filmsearje)
Mad Max (1979) • Mad Max 2 (1981) • Mad Max Beyond Thunderdome (1985) • Mad Max: Fury Road (2015)