Springe nei ynhâld

Kwartel

Ut Wikipedy
kwartel

hoanne

hin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai kwartels (Coturnix)
soarte
Coturnix coturnix
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     eksoat (mar útstoarn)


De kwartel (wittenskiplike namme: Coturnix coturnix) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e kwartels of echte kwartels (Coturnix). It is foar it meastepart in trekfûgel, dy't briedt yn Jeropa (ek Fryslân), it Midden-Easten en Sintraal-Aazje, en oerwinteret yn dielen fan Afrika en Súd-Aazje. De skouwe, lytseftige kwartel is in omnivoar en nêstelet op 'e grûn. Hy moat net betize wurde mei de nau besibbe Japanske kwartel (Coturnix japonica), dy't yn grutte parten fan Aazje foarkomt en sterk op 'e gewoane kwartel liket. Beide fûgels binne oan har tige ferskillende rop útinoar te hâlden. De kwartel wurdt troch de minske ek op lytse skaal as plomfee holden, sawol foar it fleis as foar de aaien. De IUCN klassifisearret de kwartel as net bedrige.

De kwartel waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1758 troch de ferneamde Sweedske biolooch Carolus Linnaeus yn 'e tsiende edysje fan syn Systema Naturæ. Dêrby waard de wittenskiplike namme Tetrao coturnix yntrodusearre om't de kwartel yn 't earstoan by û.o. de auerhin (Tetrao urogallus) en de kuorhin (Lyrurus tetrix) yndield waard. It soartespesifike nammediel coturnix is it Latynske wurd foar "kwartel". De soarte waard letter yn it skaai fan 'e kwartels (Coturnix) pleatst troch de Frânske natoerûndersiker François Alexandre Pierre de Garsault.

In kwartel yn súdlik Portegal.

Lange tiid waard tocht dat de kwartel en de Japanske kwartel (Coturnix japonica), dy't yn in grut diel fan (eastlik) Aazje foarkomt, ien en deselde soarte foarmen. Mar de ferspriedingsgebieten fan 'e beide fûgels oerlaapje inoar by de Baikalmar yn Sibearje sûnder dat der hybridisearring plakfynt, en yn finzenskip blieken de fûgels dy't fuortkamen út moedwillich troch de minske feroarsake krusings ûnfruchtber te wêzen. Dêrom wurdt de Japanske kwartel no algemien as in aparte, hoewol nau besibbe, soarte sjoen.

Algemien foarkommen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kwartel briedt op hast it hiele fêstelân fan Jeropa, útsein yn 'e heechste kriten fan 'e Alpen. Yn it súdeasten omfettet it briedgebiet ek in grut diel fan 'e Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten, hiel Lyts-Aazje en Transkaukaazje. Yn it easten rint it yn Sibearje troch oant de Transbaikal, it westlike trêdepart fan Mongoalje en Sinkiang-Oeigoerje. It omfettet ek Sintraal-Aazje útsein súdwestlik Kazachstan en westlik Oezbekistan, en teffens it foarlân fan 'e Himalaya yn Yndia, Nepal en Pakistan. Op 'e Britske Eilannen en yn Skandinaavje is it briedgebiet mear fragmintearre, benammen yn Skotlân, Ierlân, Wales en súdlik Noarwegen en Sweden.

De kwartels út dit briedgebiet binne trekfûgels, dy't foar it meastepart earnewêr oars oerwinterje. Dat dogge se yn trije regio's. Yn it foarste plak is der in grut oaniensletten oerwinteringsgebiet yn eastlik Egypte, Sûdaan, de Sahellannen fan West- en Sintraal-Afrika, Súd-Sûdaan, Eritreä, Etioopje, Dzjibûty, Kenia, en dielen fan Oeganda, de Demokratyske Republyk Kongo en de Sintraalafrikaanske Republyk. Oard is der in lytser oerwinteringsgebiet dat it meastepart fan Angoala omfiemet mei oanbuorjende dielen fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, Sambia en Namybje. It trêde oerwinteringsgebiet bestiet út sintraal en súdlik Yndia, súdlik Pakistan, súdlik Afganistan en westlik Bangladesj.

As stânfûgel komt de kwartel fierders foar yn it suden fan it Ibearysk Skiereilân, dielen fan Sisylje en de Peloponnesos fan Grikelân, it noarden fan 'e Magreblannen Algerije, Marokko en Tuneezje, dielen fan East-Afrika (Oeganda, súdlik Kenia, noardlik Tanzania) en de Hoarn fan Afrika (it Etiopysk Heechlân), dielen fan Súdlik Afrika (eastlik Simbabwe, eastlik Súd-Afrika, Swazylân en súdlik Mozambyk), in diel fan sintraal Yndia en in brede stripe lân yn it noarden fan Súd-Aazje dy't rint fan Afganistan oant Bûtan. Fierders libbet de kwartel as stânfûgel ek op ferskate eilannen, wêrûnder it binnenlân fan Madagaskar en de eilannen fan Makaroneezje yn 'e eastlike Atlantyske Oseaan: de Azoaren, Madeara, de Kanaryske Eilannen en de Kaapverdyske Eilannen.

Op Mauritsius en Reünion, twa eilannen yn 'e westlike Yndyske Oseaan, is de kwartel ferskate kearen troch de minske yntrodusearre as eksoat. De fûgel hat him dêr lykwols net hanthavenje kinnen en der wurdt ûndersteld dat er dêr no útstoarn is.

Foarkommen yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek yn Fryslân komt de kwartel foar. Hy is hjir benammen werom te finen op hegere sângrûnen en yn grutte (nije) lânbougebieten, dy't oangeande lânfoarm wol wat weihawwe fan 'e steppe.[1]

In kwartel op 'e wjuk.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kwartel is in lytseftige, kompakt boude hineftige fûgel. Hy hat trochinoar in totale lichemslingte fan 16–18 sm. De sturt stelt, alteast wat lingte oangiet, net folle foar. De wjukspanne mjit 32–35 sm, en it gewicht bedraacht 70–140 g. Kwartels weagje it measte oan 'e ein fan 'e briedtiid, foar't se nei it suden tsjogge. Dêrby is de hin oer it generaal justjes swierder as de hoanne, hoewol't de hoanne in bytsje grutter is as de hin.

Kwartels hawwe in fearrekleed dat op 'e boppeste dielen fan it lichem (kop, nekke, rêch, sturt) streekbûnt brún is, mei wat dûnkerbrune en ljochtere fearren dertrochhinne. Fral de rêch is dúdlik dûnkerbrún en ljochtbrún streekt. De bealch is folle ljochter, bêzje oant krêmkleurich, en dûnkeret op 'e kiel wat ta. De kop is brún oant dûnkerbrûn mei krêmkleurige streken fan 'e snaffel nei de efterholle dy't boppe de eagen lâns en derûndertroch rinne. Oars as in protte hineftigen hat de kwartel net folle seksuele dimorfy: ôfsjoen fan it minime ferskil yn grutte ûnderskiedt de hoanne him inkeld fan 'e hin troch in wat dûnkerder kop en in witich kin.

Sa't it in trekfûgel betammet, beskikt de kwartel oer lange, sterke wjukken, dêr't er sûnder swierrichheden langere ôfstannen mei fleane kin. Dat is in grut ferskil mei in protte oare fazanteftigen, dy't mei har koarte stompe wjukken mar kwealk fan 'e grûn komme en net mear as koarte eintsjes fleane.

In slaande kwartel.

De kwartel is in fûgel fan it iepen fjild, salang't dat begroeiïng hat dy't heech genôch is om him te ferbergjen. Dêrta jout er de foarkar oan greiden en ikkers dy't beplante of begroeid binne mei earte, nôt, klaver, luzerne of heechsteand gers. Sompich ûnlân mei er ek wol oer. Fierders komt er yn East-Jeropa, Aazje en Afrika in protte foar op 'e steppe en yn Afrika ek op 'e savanne.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kwartel libbet op 'e grûn ynstee fan yn 'e beammen. Sadwaande is it in earsten rinner. As der gefaar driget, fleane kwartels net op, mar meitsje se har dravend út 'e fuotten om har tusken opgeande fegetaasje te ferskûljen. Mar dizze fûgel is sa skou dat men him mar komselden waarnimme kin. As er ienris tusken hege planten sit, is er suver net werom te finen. Mocht er dêr alris trappearre wurde, dan is syn earste reäksje om him foar dea tsjin 'e grûn oan te drukken. Helpt dat net, dan naait geandefoets út om in nij skûlplak tusken opgeande fegetaasje te sykjen. Pas yn uterste need sil er opspringe en fuortfleane.

Folle makliker is syn oanwêzigens fêst te stellen oan 'e hân fan 'e karakteristike, lûde, werheljende rop kwik-dit, kwik-dit, kwik-dit. Dat is de saneamde kwartelslach,[1] dy't de hoannen brûke om harren territoarium ôf te beakenjen. Dy oantsjutting wurdt ek tiidwurdlik brûkt: men seit fan 'e kwartel net dat er sjongt, mar dat er slacht. Hinnen bringe in folle sêfter en leechtoaniger pryt-pryt fuort.

Aaien fan 'e kwartel.

De hoannen berikke yn april it briedgebiet yn Jeropa en Aazje as earsten. Wannear't de hinnen inkele wiken letter arrivearje, hawwe de hoannen harren territoaria al fêstige. De briedtiid begjint omtrint mids maaie en kin mei ferskate lechsels oanhâlde oant ein augustus. Nei de pearing skrabet de hin op in beskûle plak in ûndjip dobke út yn 'e grûn mei in diameter fan 7–131/2 sm. Krap beklaaid mei wat plantedielen tsjinnet dat de kwartel ta nêst. Dêryn leit de hin mei hieltyd in tuskenskoft fan 24 oeren 8–13 krêmkleurige, dûnkerbrún bespikkele aaien. Dy mjitte 30 by 23 mm en hawwe in gewicht fan 8 g.

It brieden begjint pas as it lêste aai lein is en duorret 17–20 dagen. De piken binne nêstflechters, dy't koart nei't se út it aai kommen binne, it nêst al ferlitte. Se wurde net fuorre troch de hin, mar meinommen nei plakken dêr't se harsels fuorje kinne. De hin hâldt dêrby tafersjoch en fungearret nachts en by min waar as in boarne fan waarmte. De piken kinne mei 19 dagen al fleane, mar bliuwe 30–50 dagen by de mem. Se binne mei ien jier geslachtsryp, mar bringe dat earste jier ornaris mar ien nêst piken grut, wylst âldere fûgels ferskate nêsten yn it jier produsearje. Fan ein augustus oant oktober tsjogge de kwartels wer út harren briedgebiet wei om yn Afrika en op it Yndyske subkontinint te oerwinterjen.

Kwartels binne omnivoaren, dy't harsels fiede mei wat der op 'e grûn mar foarhâns is. Dat kin gers en sied wêze, mar ek ynsekten (faak larven), oare lidpoatigen of wjirms.

In kwartel yn súdlik Frankryk.

Kwartels en minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kwartel hat wrâldwiid de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Foar Jeropa hat de IUCN de kwartel lykwols de status fan "gefoelich" jûn. Dat hat te krijen mei oerbejaging yn it Middellânske-Seegebiet. Oant djip yn 'e tweintichste iuw wiene periodike ynvaazjes fan hûnderttûzenen kwartels yn Jeropa frij normaal, mar de lêsten fan dy ynvaazjes fûnen plak yn 1947 en 1964. De reden dêrfoar is dat yn in frij represintatyf jier as 2012 by de hjersttrek allinnich al op it Sinaïskiereilân troch fûgelflappen 3,4 miljoen kwartels fongen waarden. Foar hiele Egypte berûn dat oantal mooglik wol 12,9 miljoen. Yn 'e Jeropeeske Uny meie kwartels inkeld noch sketten wurde yn Malta (dat is in útsûndering dy't it Malteeske regear betongen hat as betingst foar de tatrêding fan it lân ta de Uny yn 2004).

Yn Nederlân bestie om 1900 hinne noch in grutte en winstjaande jacht op kwartels, mar dêr waard yn 1925 fan oerheidswegen it near op lein. Tusken 1940 en 1970 rekke it mei de kwartelstân yn Nederlân yn it neigean fanwegen de feroarings yn it lânskip dy't it gefolch wiene fan 'e meganisearring yn 'e lânbou. Yn 'e 1980-er jierren en de 1990-er jierren, yn 't bysûnder yn 1989 en 1997, wiene der oplibbings. Neffens SOVON bedroech it tal briedpearen yn 'e snuorje fan 1990 oant en mei 2007 tusken de 2.000 en 6.500. Sûnt 1985 is it ferrin fan 'e kwartelstân yn Nederlân lumich, mar giet it earder omheech as omleech. Sadwaande stiet de kwartel net op 'e Nederlânske Reade List.

De kop fan 'e nominaat-ûndersoarte, Coturnix coturnix coturnix.
de kop fan 'e Súdafrikaanske kwartel, Coturnix coturnix africana.

Kwartels wurde ek op beheinde skaal as plomfee holden. Dêrby giet it sawol om fleiskwartels, dy't poer en allinne foar de slacht holden wurde, as om lechkwartels, dy't holden wurde foar de aaien. It fleis fan 'e lechkwartels einiget by harren dea ornaris as grûnstof foar kattefoer. Beide soarten kwartelhâlderij komme benammen foar yn Frankryk en Itaalje.

Fergiftiging troch koturnisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It komt foar dat it fleis fan kwartels giftich wurdt foar minsklike konsumpsje as de fûgels foar de slacht beskate planten iten hawwe, hoewol't noch altyd net dúdlik is om hokker planten it krekt giet. Ien op 'e fjouwer minsken dy't it fleis fan sokke kwartels ite, rekket siik troch wat oantsjut wurdt as koturnisme (in ferwizing nei de wittenskiplike namme fan 'e kwartel, Coturnix coturnix). Dy oandwaning wurdt karakterisearre troch seare spieren en kin teffens de wurking fan 'e nieren oantaaste.

Kwartels yn 'e minsklike kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Bibel wurdt yn haadstik 11 fan it boek Numeri beskreaun hoe't God troch in stoarm in reuseftige swaarm kwartels fan koers blies en op dy manear de hongerjende Israeliten dy't troch de Sinaïwoastyn doarmen, fan farsk fleis foarseach. Yn 1537 ûntwikkele Jane Seymour, de frou fan 'e Ingelske kening Hindrik VIII, doe't se swier wie fan 'e lettere kening Edwert VI, in net te sêdzjen longerjen op kwartelfleis. Dêrop krigen alle diplomaten om utens fan it Keninkryk Ingelân de opdracht om genôch kwartels te finen dat de keninginne itende holden wurde koe.

Der binne 5 (stân fan saken yn 2020) erkende ûndersoarten fan 'e kwartel (Coturnix coturnix):

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Pott, Eckart (oersetting en bewurking: Roodbergen, Sake P.), Fûgels, De Gordyk, 2005 (Bornmeer en It Fryske Gea), ISBN 978-9 08 04 22 032, s. 130.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.