Springe nei ynhâld

Japanske kwartel

Ut Wikipedy
Japanske kwartel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai kwartels (Coturnix)
soarte
Coturnix japonica
Temminck & Schlegel, 1848
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

     trekfûgel
     eksoat


De Japanske kwartel (wittenskiplike namme: Coturnix japonica) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e kwartels of echte kwartels (Coturnix). Dit bist is lânseigen yn East-Aazje en it noarden fan Súdeast-Aazje.[1] Lang waard it beskôge as in ûndersoarte fan 'e (gewoane) kwartel (Coturnix coturnix), mar no is dúdlik dat it eins ferskillende soarten binne. De Japanske kwartel is in omnivoar, dy't yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet in trekfûgel is. It is ek in foarm fan plomfee dy't yn Japan al yn 'e alfde iuw domestisearre waard. De IUCN klassifisearret de Japanske kwartel as gefoelich.

Lange tiid waard tocht dat de Japanske kwartel in ûndersoarte wie fan 'e (gewoane) kwartel (Coturnix coturnix), dy't yn Jeropa, Afrika en westlik en súdlik Aazje foarkomt. Mar de ferspriedingsgebieten fan 'e beide fûgels oerlaapje inoar by de Baikalmar yn Sibearje sûnder dat der hybridisearring foarkomt, en yn finzenskip blike de fûgels dy't fuortkamen út moedwillige krusings ûnfruchtber te wêzen. Dêrom wurdt de Japanske kwartel no algemien as in aparte, hoewol nau besibbe, soarte sjoen.

De fersprieding fan 'e Japanske kwartel is fierhinne beheind ta East-Aazje en it noarden fan Súdeast-Aazje. It briedgebiet fan 'e fûgel omfettet yn it Fiere Easten fan Sibearje de Transbaikal, de Amoerregio, it Kustterritoarium en it suden fan it territoarium Chabarovsk en it eilân Sachalin. Dêropta briedt de Japanske kwartel ek yn Mantsjoerije en it easten fan Binnen-Mongoalje yn Sina, yn it uterste noardeasten fan it ûnôfhinklike Mongoalje, yn it uterste noardeasten fan Noard-Koreä en yn Japan op Hokkaido en it noarden fan Honsjû.[1]

Tekening fan 'e kop fan in Japanske kwartel troch yllustrator Herbert Goodchild.

It oerwinteringsgebiet fan 'e Japanske kwartel leit súdliker en omfettet inkele súdlike dielen fan 'e Japanske eilannen Honsjû en Kjûsjû, it súdlike twatrêdepart fan it Koreaanske Skiereilân, it easten en suden fan Sina, Hainan ynbegrepen, en it noarden fan Birma, Tailân, Laos en Fjetnam.[1] Der bestiet in isolearre populaasje yn it Himalayasteatsje Bûtan, dêr't de Japanske kwartel in stânfûgel is.[1] Bûten syn oarspronklike ferspriedingsgebiet komt dizze fûgel ek foar yn Itaalje, dêr't er in troch tadwaan fan 'e minske yntrodusearre eksoat is.[1] Itselde jildt foar westlik Kenia, dielen fan Tanzania, Mozambyk, Malawy, Madagaskar, Namybje en Turkije, en de hiele Nyldelling fan Egypte oant Oeganda.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Japanske kwartel hat trochinoar in totale lichemslingte fan 16–18 sm. It gewicht bedraacht foar folwoeksen fûgels yn it wyld 90–100 g, wylst se yn finzenskip in gewicht berikke kinne fan 100–120 g. De Japanske kwartel is in kompakt boude hineftige fûgel, mei in sturt dy't kwa lingte net folle foarstelt. It fearrekleed is ljochtbrún oant bêzje mei dêrtrochhinne dûnkerbrune fearren. De kop is wat dûnkerder as de fearren op 'e rêch en de wjukken, wylst de bealch en oare ûnderste lichemsdielen just wat ljochter binne.

Der komt in beskieden mjitte oan seksuele dimorfy foar by de Japanske kwartel, mei't de hinnen oer it algemien wat foarser binne as de hoannen. In oar ferskil tusken de beide geslachten is dat by hoannen de fearren op it boarst igaal readbrún binne, wylst se by hinnen op dat plak in bleke kleur hawwe mei allegear dûnkere stippen dertrochhinne. De Japanske kwartel liket sterk op 'e (gewoane) kwartel (Corturnix coturnix), mar de beide soarten kinne útinoar holden wurde troch harren sterk ferskillende rop.

Fokalisaasjes fan in Japanske kwartel yn finzenskip.

It natuerlike biotoop fan 'e Japanske kwartel bestiet út steppes en oare flakten, wêrûnder ek greiden dy't yn agrarysk gebrûk binne en ikkers dy't beboud binne mei bgl. hjouwer, rys en koarn. Yn leechberchtme komt dizze soarte ek foar op berchgreiden en op berchskeanten yn 'e neite fan beekjes.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Japanske kwartel libbet benammentlik op 'e grûn en bejout him sadwaande mar komselden fier fan tichte begroeiïng ôf, middenmank wêrfan't er beskûl sykje kin tsjin predaasje. It is fierders in grut leafhawwer fan it nimmen fan stofbaden, wat er ornaris eltse dei wol in kear as wat docht. Dêrby wrot er de ierde earst los mei syn snaffel en poaten. Dêrnei smyt er de loskommen moude yn 'e loft en skoddet syn hiele fearrekleed op as it wer delkomt, sadat alle fearren mei stof oerdutsen reitsje. Saakkundigen ornearje dat dit hâlden en dragen sawol de fearren ûnderhâldt as helpt by it kwytreitsjen fan parasiten.

Twa normaal kleure aaien fan 'e Japanske kwartel en in abnormaal wyt aai.

De Japanske kwartel is in fokale fûgel, by wa't ornitologen sa'n 28 ûnderskate roppen fêststeld hawwe, oan 'e hân fan 'e omstannichheden en it hâlden en dragen by it uterjen fan 'e rop. Sa ferskille de roppen by dit bist nei geslacht. De measte roppen binne al oanleard as de pikenwiken âld binne, mar se bliuwe ridlik feroarlik oant de fûgels geslachtsripens berikke. De karakteristike, meast utere, saneamde kwartelslach fan 'e Japanske kwartel bestiet út twa koarte kraailûden, folge troch in lange triller.

Wat de fuortplanting oanbelanget, fertoane Japanske kwartels sawol monogaam as polygaam hâlden en dragen. In ûndersyk nei domestisearre Japanske kwartels brocht oan it ljocht dat in hin yn 'e regel in monogame of polyandryske bân foarmet mei ien of twa hoannen. Pearings mei oare hoannen kamen lykwols ek foar. De peartiid falt foar dizze fûgel yn 'e simmer. By de pearing grypt de hoanne mei syn snaffel de hin by de nekke beet en hâldt har dêr fêst wylst er har betrêdet. Nei de pearing lit de hoanne in karakteristyk pronkloopke sjen. Hinnen reägearje op it pearingsgedrach fan 'e hoannen troch òf stil sitten te bliuwen en sa mei te wurkjen, òf mei strutsten skonken stean te bliuwen en/of fuort te draven, wêrmei't se it besykjen fan 'e hoanne om ta pearing te kommen dwerseidzje. Soms giet it inisjatyf ta pearing út fan 'e hin, dy't dêrby foar de hoanne hinne en wer rint en sitten giet. Agresje fan 'e hoanne nei de hin ta liket it fuortplantingsproses te frustrearjen.

In pear Japanske kwartel-piken dy't krekt út it aai kommen binne.

Nei de pearing leit de hin 5–8 aaien yn in nêst, dat bestiet út in hastich yn 'e grûn útskrabe en krap mei plantegrien beklaaid dobke. De aaien weagje trochinoar 10 g en hawwe in kleur dy't útinoar rinne kin fan wyt oant blau oant ljochtbrún mei dêroerhinne altyd in patroan fan dûnkerbrune spikkels en plakken. It meastepart fan it brieden wurdt dien troch de hin, dy't geandewei it briedproses de hoanne almar minder om har hinne duldet en him úteinlik fuortjaget. Nei in briedtiid fan 15–16 dagen komme de aaien út. De piken binne nêstflechters, dy't koarte tiid letter it nêst al ferlitte kinne. Se wurde net fuorre troch de hin, mar op sleeptou nommen nei plakken dêr't se harsels fuorje kinne.

It meastepart fan it dieet fan 'e Japanske kwartel bestiet út sieden fan ferskate gerssoarten, wêrûnder dy fan lânbougewaaksen lykas hjouwer en rys. Dêrnjonken frette se ek griene plantedielen en lyts wrimelt: ynsekten, de larven fan ynsekten, en oar wringeleas dierte, lykas spinnen, tûzenpoaten en wjirms. Japanske kwartels ite en drinken benammen oan it begjin en oan 'e ein fan 'e dei, in foarm fan hâlden en dragen dy't fotoperiodisme hjit.

De Japanske kwartel hat de IUCN-status fan "gefoelich", hoewol't er yn it meastepart fan syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Nettsjinsteande dat bestiet der in delgeande populaasjetrend.

In Japanske kwartel.

De ierste oerlevere beskriuwings fan Japanske kwartels dy't yn Japan as domestisearre plomfee holden waarden, datearje út 'e tolfde iuw, mar der bestiet argeologysk bewiis dat de eigentlike domestisearring al yn 'e alfde iuw plakfûn hawwe moat. Oarspronklik waarden Japanske kwartels as foliêrefûgels holden om harren sang, en der waarden doedestiden geregeldwei wedstriden holden oer wa't de bêst sjongende kwartel hie.

Yn 'e iere njoggentjinde iuw begûnen kwartelfokkers yn Japan de fûgels ek te hâlden foar de produksje fan kwartelaaien, wat dêrsanne beskôge wurdt as in delikatesse. De kwartelaaiesektor florearre oant djip yn 'e tweintichste iuw, mar troch de Twadde Wrâldoarloch giene alle hast tûzen jier âlde foklinen fan sjongkwartels ferlern, wylst ek it meastepart fan 'e lechkwartels omkaam. It restant oan lechkwartels waard nei 1945 brûkt om 'e kwartelaaieproduksje wer op te bouwen en alle hjoeddeistige lechkwartels yn Japan geane tebek op dy grûnslach. In goede lechkwartel kin jiers sa'n 300 aaien produsearje, dy't net inkeld yn Japan iten wurde, mar ek eksportearre wurde nei oare lannen. Yndia, Sina, Itaalje, Ruslân en de Feriene Steaten hawwe ek har eigen kwartelaaiesektor mei Japanske kwartels dy't út Japan wei oankocht binne.

De Japanske kwartel wurdt beskôge as in monotypyske soarte, wat sizze wol dat der gjin ûndersoarten binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 Japanese quail (Coturnix japonica) yn 'e database fan Birdlife.org.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.