Idaerderadiel
Idaerderadiel | |
---|---|
It eardere gemeentehûs fan Idaerderadiel yn Grou. | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Grou |
grutste plak | Grou |
ynwennertal | 8.892 (1981) |
befolkingstichtens | 136,8 / km² |
oerflak | 65,00 km² |
tal doarpen | 8 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Idaerderadiel |
opheft | 1984 |
opgien yn | Boarnsterhim |
no part fan | Ljouwert |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
Idaerderadiel, ek stavere as Idaarderadiel (Nederlânsk en offisjeel: Idaarderadeel) is in eardere gemeente yn 'e midden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 in befolking fan 8.892 minsken,[1] en besloech in oerflak fan likernôch 65 km².[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Idaerderadiel ûntstie as gemeente yn 1851, doe't troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke alle gritenijen omfoarme waarden ta gemeenten. It wie in fuortsetting fan 'e âlde Gritenij Idaerderadiel, dy't tebek gie oant de fjirtjinde iuw. Idaerderadiel hearde ta it kertier Eastergoa.
By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 waard Idaerderadiel opheft en it gebiet fan 'e gemeente waard yn 'e mande mei dat fan Raerderhim en it grutste part fan Utingeradiel gearfoege ta de nije gemeente Boarnsterhim. Doe't Boarnsterhim by in nije gemeentlik weryndieling op 1 jannewaris 2014 opheft waard, kaam it hiele grûngebiet fan it eardere Idaerderadiel by de gemeente Ljouwert te hearren.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It haadplak fan Idaerderadiel wie Grou, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Eagum, Friens, Idaerd, Reduzum, Warstiens, Warten en Wergea.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|