Amerikaanske presidintsferkiezings (2020)

Ut Wikipedy
Amerikaanske presidintsferkiezings
<< 2016    •   3 novimber 2020   •   2024 >>
opkomst: 66,1%
wichtichste presidintskandidaten

Joe Biden
út Delaware
Demokratyske Partij

Donald Trump
út Floarida
Republikeinske Partij

fise-presidintskandidaten

Kamala Harris

Mike Pence

ferkiezingsútslach

306 kiesmannen
25 steaten + DC +
   NE distr. 2
81.268.867 stimmen
51,3%

232 kiesmannen
25 steaten + ME distr. 2

74.216.747 stimmen
46,9%

útslach nei steat
Utslach nei steat mei it tal kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje oanjûn. Der binne 270 kiesmannen nedich om te winnen.

De Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 fûnen plak op tiisdei 3 novimber 2020. De wichtichste gadingmakkers foar it presidintskip fan 'e Feriene Steaten fan Amearika wiene de sittende presidint Donald Trump as kandidaat foar de Republikeinske Partij en de eardere fise-presidint Joe Biden as kandidaat foar de Demokratyske Partij. De ferkiezings fan 2020, dy't yn hege mjitte dominearre waarden troch de pandemy fan it COVID-19-firus, wiene de 59e fjouwerjierlikse presidintsferkiezings yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten. De opkomst wie mei 66,1% de heechste sûnt 1900. Biden fersloech Trump sawol wat it tal stimmen oangie, as wat it tal kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje oanbelange. Neitiid wegere Trump lykwols syn nederlaach ta te jaan en utere er allegeduerigen beskuldigings fan stimbusfraude dy't gjin inkele basis yn 'e wurklikheid hiene.

Foarferkiezings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Republikeinske Partij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de foarferkiezings foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 ûnderfûn de sittende presidint Donald Trump yn 'e Republikeinske Partij hast gjin wjerstân doe't er oankundige in twadde termyn as presidint hawwe te wollen. Hoewol't Trump, dy't de Republikeinske Partij yn 2016 tsjin 'e wil fan 'e partijlieding 'kaapt' hie, troch in protte Republikeinske leden fan 'e Amerikaanske Senaat en it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen ferfijd waard, hied er in grut part fan 'e efterban fan 'e partij yn syn gryp witten te krijen. De politike elite yn Washington, D.C. en yn 'e ôfsûnderlike Amerikaanske steaten wie deabenaud om 'e eigen posysje te ferliezen as se har tsjin Trump kearden.

Ferkiezingslogo fan Donald Trump en Mike Pence.

Sadwaande wiene der inkeld in pear tsjinkandidaten dy't gjin inkele kâns makken, wêrûnder de eardere gûverneur fan Massachusetts Bill Weld, it eardere kongreslid út Illinois Joe Walsh en de eardere gûverneur fan Súd-Karolina Mark Sanford. Yn in protte steaten waarden troch de Republikeinske Partij lykwols net iens foarferkiezings holden, mei in ferwizing nei 1992 en 2004 doe't dat ûnder de sittende presidinten George H.W. Bush, resp. George W. Bush ek net dien wie. De foarferkiezings dy't àl holden waarden, wiene fierhinne pro forma. Trump koe op 'e Republikeinske Nasjonale Konvinsje, dy't fan 24 oant 27 augustus yn Charlotte (Noard-Karolina) plakfûn, sûnder swierrichheden de nominaasje as presidintskandidaat foar syn partij yn ûntfangst nimme. Hy keas syn sittende fise-presidint Mike Pence út om op 'e nij kandidaat foar it fise-presidintskip te wurden.

Demokratyske Partij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Demokratyske Partij wie nei fjouwer jier wanregear ûnder Trump (sa't de Demokraten dat seagen) in protte animo om Trump út it Wite Hûs te ferdriuwen. It wie lykwols folslein ûndúdlik wa't dat dwaan moast. Der wie by de Demokratyske foarferkiezings in breed fjild fan mear as tweintich kandidaten, wêrfan't de wichtichsten wiene: de âlde sosjalist Bernie Sanders út Nij-Hampshire, dy't by de foarferkiezings fan 2016 nipt ferlern hie fan Hillary Clinton; de progressive senator Elizabeth Warren út Massachusetts; de mear moderate senator Amy Klobuchar út Minnesota; de homoseksuele boargemaster Pete Buttigieg fan South Bend (Indiana); de etnysk Eastaziatyske ekonoom Andrew Yang; senator Kirsten Gillibrand út New York; ôffurdige Tulsi Gabbard út Hawaï; senator Cory Booker út Nij-Jersey; âld-ôffurdige Beto O'Rourke út Teksas; senator Kamala Harris út Kalifornje; miljardêr Michael Bloomberg fan New York; en Joe Biden út Delaware, dy't fan 2009 oant 2017 fise-presidint west hie ûnder Barack Obama.

Guon fan 'e gadingmakkers, ûnder wa Harris, dy't foarút troch polityk analisten as ien fan 'e grutste kânshawwers op 'e Demokratyske nominaasje sjoen wie, moasten noch foàr de earste foarferkiezings harren politike kampanje beëinigje omreden fan gebrek oan jild feroarsake troch minne prognoazes yn 'e opinypeilings. De earste foarferkiezings foar de Demokratyske Partij, op 3 febrewaris yn 'e steat Iowa, rûnen út op in ôfdijer doe't de nije app dêr't de resultaten mei trochjûn wurde moasten, it ôfwitte liet. Nei ferskate dagen fan gaos die bliken dat Buttigieg de foarferkiezings yn Iowa mei in noaslingte foarsprong wûn hie fan Bernie Sanders. In wike letter, op 11 febrewaris, waarden de foarferkiezings yn Nij-Hampshire wûn troch de Sanders. Ald-fise-presidint Joe Biden litte dêr in gefoelich ferlies troch yn gjin inkele county sels mar by de earste trije kandidaten te sitten. De foarferkiezings yn Nevada waarden op 22 febrewaris ek troch Sanders wûn, dy't dêr de stipe fan 'e grutte Latino-mienskip wist te krijen.

Ferkiezingslogo fan Joe Biden en Kamala Harris.

Tsjin dy tiid hiene de measte waarnimmers de kânsen fan Biden al foar dea ferklearre. Mar op 29 febrewaris waard er yn ien klap wer yn 'e race brocht doe't er troch de stipe fan 'e grutte Afro-Amerikaanske mienskip dêre mei ferrassende oermacht de foarferkiezings yn Súd-Karolina wûn. De beslissing fan 'e Demokratyske foarferkiezings foel op 3 maart, 'Supertiisdei', doe't tagelyk yn 14 Amerikaanske steaten en it ûnynkorporearre territoarium Amerikaansk-Samoä stimd waard. De dei waard karakterisearre troch de wûnderbaarlike weropstanning as presidintskandidaat fan Biden, dy't wûn yn Alabama, Arkansas, Firginia, Maine, Massachusetts, Minnesota, Noard-Karolina, Oklahoma, Tennessee en Teksas. Saakkundigen ferklearren dat troch derop te wizen dat twa oare moderate kandidaten, Buttigieg en Klobuchar, har foarôfgeande oan Supertiisdei út 'e striid weromlutsen hiene en harren stipe foar Biden útsprutsen hiene. Sanders wûn yn Kalifornje, Kolorado, Fermont en Utah, wylst miljonêr Michael Bloomberg, dy't al syn kaarten op Supertiisdei set hie, inkeld Amerikaansk-Samoä foar him wist te winnen.

As gefolch fan dy útslach loeken neitiid Bloomberg en in oare kandidaat, Elizabeth Warren, harren út 'e striid werom. Bernie Sanders, de lêste serieuze rivaal fan Biden, besleat him op 8 april út 'e striid werom te lûken mei it each op 'e almar fierder oanboazjende koroanafiruspandemy yn 'e Feriene Steaten. Ek spile, neffens de geroften, in rol dat op him ynpraat wie troch de eardere Demokratyske presidint Barack Obama. Biden waard neitiid oan 'e kiezers oanret troch Obama, Sanders en Warren. Tsjin 5 juny hie Biden genôch kiesmannen wûn om formeel syn nominaasje as de Demokratyske presidintskandidaat feilich te stellen. Dêrta waard er dan ek útroppen op 'e Demokratyske Nasjonale Konvinsje, dy't fan 17 oant 20 augustus yn Milwaukee holden waard, mar fanwegen de hearskende pandemy in fierhinne digitale foarm hie. Op 11 augustus makke Biden bekend dat er Kamala Harris útkeazen hie as syn kandidaat foar it fise-presidintskip. Dat wie opfallend, om't se ûnder ien fan 'e earste ferkiezingsdebatten hurd mei-inoar yn botsing kommen wiene.

Kandidaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kandidaten dy't yn alle of mear as de helte fan 'e steaten meidiene[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

presidintskandidaat fise-presidintskandidaat politike partij dielname
steaten/DC kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje % fan 'e kiezers
Donald Trump Mike Pence Republikeinske Partij 51 538 100%
Joe Biden Kamala Harris Demokratyske Partij 51 538 100%
Jo Jorgensen Spike Cohen Libertaryske Partij 51 538 100%
Howie Hawkins Angela Walker Griene Partij fan de Feriene Steaten 30 381 73,2%
presidintskandidaten
fise-presidintskandidaten

Oare kandidaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Gloria La Riva, foar de Partij foar Sosjalisme en Befrijing: die mei yn 15 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 195 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 37,0% fan 'e kiezers
  • Rocky De La Fuente, foar de Alliânsjepartij: die mei yn 15 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 195 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 34,7% fan 'e kiezers
  • Don Blankenship, foar de Grunwetspartij: die mei yn 18 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 166 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 31,2% fan 'e kiezers
  • Brock Pierce, as ûnôfhinklike presidintskandidaat: die mei yn 16 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 115 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 19,1% fan 'e kiezers
  • Kanye West, foar de Jierdeispartij: die mei yn 12 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 84 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 14,4% fan 'e kiezers
  • Brian T. Carroll, foar de Amerikaanske Solidariteitspartij: die mei yn 8 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 66 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 11,4% fan 'e kiezers
  • Jade Simmons, foar de Becoming One Nation: die mei yn 2 fan 'e 51 steaten (ynkl. it federaal distrikt), foar 15 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje of 2,7% fan 'e kiezers

Kampanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwerpen en ferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kampanje foar de algemiene ferkiezings op 3 novimber waard yn hege mjitte behearske troch de pandemy fan it COVID-19-firus en de oanpak dêrfan (of, sa't de Demokraten sizze soene, it gebrek oan oanpak) troch it regear fan Donald Trump. Presidint Trump en de Republikeinen besochten dat ûnderwerp safolle mooglik te negearjen en holden tsjin it driuwende advys fan 'e medyske stân yn grutte gearkomsten, wêrby't ferskate kearen grutte groepen minsken besmet rekken mei it firus. Trump politisearre ek it dragen fan mûlkapkes, dat as ien fan 'e wichtichste beskermingsmaatregels foar jinsels en oaren tsjin it firus sjoen waard. it meastepart fan syn oanhingers wegere út polityk stânpunt in mûlkapke te dragen en in protte fan dy lju leauden dat it koroanafirus folle minder gefaarlik wie as de dokters seine, of sels dat it hielendal net bestie en dat it in hoax fan 'e Demokraten wie.

In ferkiezingsbeämte himmelet in kieshokje yn Davis (Kalifornje) om besmetting mei it COVID-19-firus tsjin te gean.

Biden en de Demokraten, oan 'e oare kant, diene alles wat se koene om 'e minsken tsjin besmetting mei it koroanafirus te beskermjen. Se organisearren gjin gearkomsten, of alline mar guons dêr't net mear as inkele tsientallen minsken by oanwêzich wiene. De measten fan syn taspraken hold Biden yn 'e tillefyzjestudio yn 'e kelder fan syn hûs yn Wilmington (Delaware), dêr't se live wei streamd waarden oer it ynternet. Trump besloech dat yn it iepenbier ferskate kearen mei de gek. Biden rôp syn efterban op om safolle mooglik gebrûk te meitsjen fan 'e mooglikheden om harren stim oer de post út te bringen. Trump makke syn oanhingers kear op kear sûnder lykfol hokker feitlike ûnderbouwing wiis dat oer de post stimmen delkaam op it dwaan fan stimbusfraude.

Njonken de pandemy fan it koroanfirus wie ien fan 'e wichtichste ûnderwerpen fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020: it hâlden en dragen fan Donald Trump yn syn earste fjouwer jier as presidint fan 'e Feriene Steaten. Hy hie nammentlik allegeduerigen rûzje socht mei frijwol eltsenien, hy hie syn bêst dien om 'e ynstellings fan 'e Amerikaanske oerheid ôf te brekken en it fertrouwen fan syn oanhingers yn 'e Amerikaanske demokrasy te ûndermynjen, en hy hie neffens The Washington Post tusken syn ferkiezing ta presidint yn 2016 en ferkiezingsdei 2020 yn it iepenbier mar leafst 22.247 leagens ferteld. Oare wichtige ûnderwerpen wiene de desastreuze ynfloed fan 'e COVID-19-pandemy op 'e Amerikaanske ekonomy; de wiidfersprate boargerlike ûnrêst nei de dea fan George Floyd, in swarte arrestant, troch plysjegeweld yn Minneapolis; de faaie takomst fan 'e Obamacare-syktekostefersekeringswet; en de beneaming troch de Republikeinen, fuort foàr de ferkiezings, fan 'e konservative rjochter Amy Coney Barret yn it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, nei it ûntidich ferstjerren fan 'e progressive opperrjochter Ruth Bader Ginsburg.

De mienings fan fierwei it meastepart fan it Amerikaanske elektoraat lei al fier foar de ferkiezings fêst. De grutte mearderheid fan 'e Republikeinen stie as ien man efter Trump. De Demokraten koene oer it algemien syn bloed wol drinke. De ûnôfhinkliken yn 'e midden hongen yn oergrutte mearderheid nei de Demokratyske kant oer, fral doe't de Demokraten mei in (net bot linkse) kandidaat kommen wiene dy't se stypje koene, lykas Biden. Mar in hiel grut diel fan 'e Demokraten en ûnôfhinkliken en alle Republikeinen dy't op Biden stimden, diene dat net om't se sa entûsjast oer him wiene, mar om't se hoe dan ek fan Trump ôf woene.

Yn 'e rige foar in stimburo yn Cleveland (Ohio).

Debatten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trump en Biden soene trije kear mei-inoar yn debat gean. It earste debat, op 29 septimber 2020, ûnder lieding fan moderator Chris Wallace, rûn út op gaos doe't Trump oanhâldend troch Biden hinne prate en him allegeduerigen yn it wurd foel. Nei ôfrin waard it barren troch waarnimmers kwalifisearre as "gaoatysk en frijwol ynkoherint" en as in blamaazje foar de Feriene Steaten. Biden waard oer it algemien as winner oanwiisd, hoewol't der in minderheid fan analisten wie dy't stelde dat it debat yn remize einige wie. In opfallend elemint fan it debat wie Trump syn wegering om yn dúdlike bewurdings ôfstân te nimmen fan 'e rasistyske, faksistyske en gewelddiedige organisaasje Proud Boys.

It twadde debat gie oer om't Trump it net iens wie mei de maatregels dy't nommen wiene sadat de moderator tenei syn mikrofoan útsette koe as er net oan it wurd hearde te wêzen. It trêde debat fûn plak op 22 oktober ûnder lieding fan Kristen Welker en wie in stik fatsoenliker en oarderliker. Biden waard oer it algemien op 'e nij as winner oanwiisd, mar de debatten hiene amper ynfloed op 'e ferkiezings.

Opkomst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opkomst by de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 wie 66,1%, wat it heechste opkomstpersintaazje wie sûnt 1900. Beide kandidaten fan 'e grutte politike partijen giene rom oer it rekôr fan 69,5 miljoen stimmen hinne, dat sûnt 2008 op namme fan Barack Obama stie. Trump behelle mear as 74 miljoen stimmen en Biden mear as 81 miljoen, wêrmei't er in nij rekôr fêstige.

In kiezer mei mûlkapke foar bringt syn stim út yn Des Moines (Iowa).

Utslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferkiezingsdei en de dêropfolgjende dagen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e jûn fan 3 novimber, doe't de earste útslaggen fan 'e presidintsferkiezings binnenkamen, liek it der min út te sjen foar Biden, wylst it Trump foar de wyn gie. Dat wie lykwols in fertekene byld, feroarsake trochdat de stimmen dy't op ferkiezingsdei útbrocht wiene, it earste teld waarden. Fanwegen Trump syn leechlizzen fan stimmen oer de post en Biden syn oanpriizgjen dêrfan wiene nammentlik Republikeinske kiezers oerfertsjintwurdige op ferkiezingsdei, wylst de poststimmen foar it oergrutte part útbrocht wiene troch Demokraten. Geandewei de nacht fan 4 novimber, neigeraden dat men de poststimmen begûn te tellen, helle Biden Trump al rillegau yn.

By Amerikaanske presidintsferkiezings wurdt troch de kiezers net direkt de presidint keazen, mar de kiesmannen fan it Elektoraal Kolleezje. Dyselden kieze dan letter de presidint. Yn 48 fan 'e 50 Amerikaanske steaten en yn it federaal distrikt Washington, D.C. is it sa regele dat de winner yn dy steat alle kiesmannen fan dy steat kriget. Inkeld yn Maine en Nebraska wurde de kiesmannen ferdield neffens it tal stimmen dat útbrocht is op 'e presidintskandidaten. Troch dat systeem wie de útslach yn steaten as Kalifornje en New York, wêrfan't yn 't foar al fêststie dat se troch Biden wûn wurde soene, of Mississippi en Alaska, wêrfan't foarút al sein wurde koe dat se troch Trump wûn wurde soene, net sa ynteressant.

In lânkaart fan 'e Feriene Steaten mei de útslach fan 'e presidintsferkiezings fan 2020, mei dêrby it tal kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje per Amerikaanske steat op deselde grutte werjûn.

Wêr't nei sjoen waard, wie de útslach yn 'e saneamde swingsteaten, dêr't it mei de útslach beide kanten útgean koe. Dat wiene dêrom ek de steaten dêr't Trump en Biden it measte kampanje fierd hiene. It gie dêrby yn it foarste plak om Michigan, Pennsylvania en Wisconsin, de trije steaten dy't yn 2012 noch stimd hiene foar de Demokraat Barack Obama, mar dy't yn 2016 wûn wiene troch Trump. Fierders tochten de Demokraten ek in goede kâns te meitsjen om 'e Republikeinske steaten Arizona, Floarida, Georgia en Noard-Karolina te winnen, mei dêropta it twadde kongresdistrikt fan Maine en it twadde kongresdistrikt fan Nebraska. Der wiene sels Demokraten dy't tochten dat Teksas ryp wie om diskear foar harren te stimmen. De Republikeinen stiene wat dat oanbelange op efterstân, en lieken inkeld yn it Demokratyske Nevada kâns te meitsjen om in nije steat yn harren foardiel te 'kanteljen'.

Trochdat de útslaggen oer in perioade fan fjouwer dagen tergjende stadich binnenkamen, waard it in neiltsjebitend spannende ferkiezing. Fral de útslaggen yn Arizona, Georgia, Noard-Karolina en Pennsylvania lieten lang op harren wachtsje. Yn ferhâlding dêrmei die al rillegau bliken dat de Demokraten ek diskear Floarida en Teksas wer net wûn hiene, wylst it de Republikeinen net slagge wie om Nevada yn harren kamp te lûken. Ek wie op 'e moarn fan 4 novimber dúdlik dat de Republikeinen Michigan en Wisconsin ferlieze soene. Letter die bliken dat de Republikeinen Noard-Karolina en it twadde kongresdistrikt fan Maine beholden, mar dat se Arizona, Georgia, Pennsylvania en it twadde kongresdistrikt fan Nebraska (Omaha) ferlearen.

Tsjin 7 novimber wie genôch fan 'e útslach bekend dat Joe Biden ta winner útroppen wurde koe. Uteinlik soe bliken dwaan dat hy en Kamala Harris krapoan 81.269.000 stimmen krigen hiene oftewol 51,3% fan 'e stimmen, wat fertaald wurde koe ta 306 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje. Donald Trump en Mike Pence krigen krapoan 74.217.000 stimmen oftewol 46,9% fan 'e stimmen, wat delkaam op 232 kiesmannen. Dêrmei wie Joe Biden de presidint-elekt fan 'e Feriene Steaten.

Utslach yn sifers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

presidintskandidaat
fise-presidintskandidaat
politike partij stimmen % fan 'e
stimmen
kiesmannen yn it
Elektoraal Kolleezje
Joe Biden
Kamala Harris
Demokratyske Partij 81.268.867 51,31% 306
Donald Trump
Mike Pence
Republikeinske Partij 74.216.747 46,86% 232
Jo Jorgensen
Spike Cohen
Libertaryske Partij 1.865.620 1,18% 0
Howie Hawkins
Angela Walker
Griene Partij fan de Feriene Steaten 404.021 0,26% 0
oaren 626.299 0,40% 0
totaal 158.381.554 100,00% 538
totaal elektoraat en opkomst 239.247.182 66,10% n.f.t.

Utslaggen nei befolkingsgroepen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat befolkingsgroepen oangie, liek Joe Biden fral wûn te hawwen tanksij stipe fan progressiven (89%), moderaten (64%), oanhingers fan 'e Demokratyske Partij (94%), polityk ûnôfhinklike kiezers (54%), froulju (57%), net-troude minsken (58%), Afro-Amerikanen (87%), Latino's (65%), Amerikanen fan Aziatysk komôf (55%), roomsen (52%), joaden (69%), lju fan ûnder de 24 jier (65%), homo's en lesbiënnes (64%), kiezers dy't foar de earste kear stimden (64%) en stedsjers (60%).

Ek Yndianen stimden yn oerweldigjende mjitte op Biden, sasear sels, dat er yn it Navaho Yndianereservaat yn Nij-Meksiko en Arizona op guon stimburo's 97% fan 'e stimmen krige. De stimmen dy't er wist te winnen ûnder de Navaho, Hopy, Papago en Havasûpai droegen sterk by ta it 'kanteljen' fan it Republikeinske Arizona yn it foardiel fan 'e Demokraten. Yn it Republikeinske Montana kleuren de countys Demokratysk blau dy't dêr de Yndianereservaten oerlapen fan 'e Swartfoet Naasje, de Fort Belknap Yndianemienskip, de Noardlike Sjajinne Stamme en de Krieë Stamme. Itselde patroan wie te sjen yn Súd-Dakota dêr't Biden de countys wûn dy't de reservaten oerlapen fan 'e Cheyenne River Sû Stamme, de Crow Creek Sû Stamme, de Rosebud Sû Stamme, de Standing Rock Sû Stamme en de Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota. Yn Oglala Lakota County, in gebiet dat fierhinne gearfalt mei it Pine Ridge Yndianereservaat, behelle Biden bgl. 88% fan 'e stimmen.

De útslach fan 'e presidintsferkiezings fan 2020 nei county. (Wat blauwer, wat grutter de oanhing fan Joe Biden; wat reader, wat grutter de oanhing fan Donald Trump.)

Donald Trump skoarde it bêst ûnder polityk konservativen (85%), oanhingers fan 'e Republikeinske Partij (94%), manlju (53%), troude lju (53%), blanken (58%), protestanten (60%), lju fan boppe de 65 jier (52%), lju dy't tusken de $100.000 en $200.000 yn it jier fertsjinnen (58%), feteranen (54%) en plattelânsbewenners (57%). Yn Floarida wûn Trump de steat troch de stipe fan 'e manmachtige Kubaanske minderheid yn 'e stêdekloft fan Miami, dy't neat witte woe fan it neieroankommen fan 'e Feriene Steaten ûnder de Demokratyske Partij mei Kuba. Yn Noard-Karolina krige Trump in protte stipe fan 'e Yndianen fan 'e Lumby Stamme fan Noard-Karolina, nei't er harren federale erkenning ûnthjitten hie. Dêrtroch fersterke er de Republikeinske gryp op Robeson County en 'kantele' er Scotland County fan Demokratysk nei Republikeinsk.

Wegering fan Trump om syn ferlies ta te jaan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar, op en nei ferkiezingsdei besochten Donald Trump en in grut tal Republikeinen om 'e presidintsferkiezings te ûndermynjen en de útslach yn twifel te lûken troch oanhâldend bewearings te dwaan fan wiidfersprate stimbusfraude troch de Demokraten. Dat soe benammen bard wêze yn 'e steaten dy't Trump ferlern hie: Arizona, Georgia, Michigan, Pennsylvania en Wisconsin. Oerheidsfunksjonarissen yn alle fyftich Amerikaanske steaten en it federaal distrikt Washington, D.C. koene lykwols gjin inkel bewiis fine foar sokke bewearings. Chris Krebs, de troch Trump sels oanstelde direkteur fan it Cybersecurity and Infrastructure Security Agency (CISA), in ynstânsje fan 'e federale oerheid dy't oer de befeiliging fan 'e ferkiezings gie, makke bekend dat de presidintsferkiezings fan 2020 de feilichste en earlikste ferkiezings út 'e Amerikaanske skiednis wiene, mei as gefolch dat er troch Trump út syn funksje ûntslein waard. Ek Trump syn eigen minister fan Justysje Bill Barr koe lykwols gjin bewizen fine foar grutskalige stimbusfraude.

Trump liet it der net by sitte en spande mei syn assistinten en bûnsgenoaten, ûnder wa foaroansteande Republikeinske leden fan it Amerikaanske Kongres, yn novimber en desimber 2020 mear as fyftich rjochtsaken oan tsjin 'e saneamde stimbusfraude. Mar syn team fan abbekaten, dat oanfierd waard troch de eardere boargemaster fan New York Rudy Giuliani, droech gjin greintsje bewiis oan foar harren bewearings, mei as gefolch dat de iene rjochter nei de oare harren saken net-ûntfanklik ferklearre en nei de foddekoer ferwiisde. De Republikeinske kampanje om fia de rjochter de ferkiezingsútslach feroare te krijen, berikte op 11 desimber syn hichtepunt doe't de rjochtsaak Texas v. Pennsylvania troch it Amerikaansk Heechgerjochtshôf wegere waard. De prokureur-generaal fan Teksas, Ken Paxton, frege yn dy saak oan it Heechgerjochtshôf, út namme fan syn eigen steat en santjin oare steaten mei in Republikeinsk regear, om alle stimmen yn Pennsylvania, Michigan, Wisconsin en Georgia ûnjildich te ferklearjen. As reden dêrfoar fierde er oan dat dy fjouwer steaten koart foar de ferkiezings yn ferbân mei de koroanapandemy feroarings trochfierd hiene oangeande de organisaasje fan 'e ferkiezings, dy't sadwaande yllegaal west hawwe soene. Hoewol't soks yn folle mear steaten bard wie, makken Paxton-en-dy inkeld beswier tsjin 'e gong fan saken yn 'e swingsteaten dy't Trump ferlern hie. By it fersyk oan it Heechgerjochtshôf sleaten har 126 Republikeinske leden fan it Amerikaanske Kongres oan. It Heechgerjochtshôf (de trije troch Trump sels beneamde opperrjochters ynbegrepen) besleat lykwols dat Teksas der neat mei te krijen hie hoe't oare steaten harren ferkiezings organisearren en dat Teksas dêrom hielendal net iens it rjocht hie om 'e saak foar de rjochter te bringen.

Oanhingers fan Joe Biden fiere feest yn Washington, D.C. nei't op 7 novimber de útslach fan 'e ferkiezings bekend wurden is.

Underwilens wiene der wertellings fan 'e stimmen oan 'e gong. Yn Georgia waard twa kear in wertelling dien: earst in wetlik fereaske wertelling om't de marzje tusken Biden en Trump dêr sa lyts wie, en doe nochris ien op fersyk fan Trump-en-dy. Dêrtroch feroare der lykwols struktureel neat oan 'e útslach. Yn Wisconsin hie Trump in wertelling oanfrege yn 'e beide grutste stêden, Milwaukee en Madison, dy't yn oerweldigjende mjitte Demokratysk stimd hiene. By eintsjebeslút die bliken dat Biden der troch de wertelling 87 stimmen by krigen hie. Trump hold lykwols oan mei it ûntkennen fan syn nederlaach en rôp himsels by ferskate gelegenheden út ta winner fan 'e ferkiezings. Hy en syn bûnsgenoaten giene ek troch mei it fersprieden fan oerdúdlik ûnwiere gearspanningsteoryen oer stimbusfraude, de iene noch fantastysker as de oare. Abbekate Sidney Powell woe sels hawwe dat de Demokraten om 'e ferkiezings te "stellen" help krigen hiene fan Fenezolaanske diktator Hugo Chávez, dy't yn novimber 2020 al sân en in heal jier dea wie.

Trump wegere ek mei te wurkjen oan 'e presidinsjele oergong nei it ynkommende regear fan Biden, in foarm fan dwerslizzen dy't troch guon politike analisten omskreaun waard as in passyf soarte fan steatsgreep. Pas nei't de útslach yn Michigan as ien fan 'e lêste swingsteaten definityf wurden wie, erkende Emily W. Murphy, it troch Trump oanstelde haad fan 'e General Services Administration (GSA), de oerheidsynstânsje dy't oer it frijjaan fan finansiering foar de presidinsjele oergong giet, Biden as de presidint-elekt. Neitiid bewearde Trump yn in Twitterberjocht dat er har dêr opdracht ta jûn hie, mar út har oarspronklik brief oan Biden die bliken dat se op eigen manneboet ta har beslút kommen wie. Op 14 desimber makke de útslach fan 'e stimming fan it Elektoraal Kolleezje mei 306 stimmen foar Biden en 232 foar Trump de ferkiezingsútslach definityf.

Trump wegere ek dy útslach te erkennen, al kaam der neitiid al stadichoan wat meiwurking fan syn regear op gong om 'e oername fan it lânsbestjoer troch Biden-en-dy ta te rieden. Trump hold fol dat hy de winner fan 'e ferkiezings wie en dat de ferkiezings him ûntstellen wiene. Dêrmei ûndergroef er moedwillich it fertrouwen fan it Amerikaanske elektoraat yn it ferkiezingssysteem. By ferkiezings foar de Amerikaanske Senaat yn 'e steat Georgia, dy't op 5 jannewaris 2021 holden waarden, fersloegen de beide Demokratyske kandidaten Jon Ossoff en Raphael Warnock harren Republikeinske tsjinstanners David Perdue en Kelly Loeffler mei trochdat in diel fan Trump syn efterban, troch syn oanhâldend praat oer stimbusfraude, weibleau en net stimde. De Demokraten krigen dêrtroch in nipte mearderheid yn 'e Amerikaanske Senaat yn 'e hannen.

In dei dêrnei , op 6 jannewaris, doe't it Amerikaanske Kongres de útslach fan it Elektoraal Kolleezje sertifisearje soe, bestoarmen breinroere Trump-oanhingers, nei't se dêrta by in fjurrige taspraak troch Trump sels oanset wiene, it Amerikaanske Kapitoal. Foar in protte Amerikanen dy't earder noch wol in beskate sympaty of partijtrou foar Trump field hiene, wie dat it brekpunt. Persiis in wike letter, op 13 jannewaris, waard Trump de earste presidint yn 'e Amerikaanske skiednis dy't foar de twadde kear troch it Hûs fan Offurdigen impeacht waard. Wer in wike letter, op 20 jannewaris, waarden Joe Biden en Kamala Harris ynaugurearre as presidint en fise-presidint fan 'e Feriene Steaten. Mei 78 jier wie Biden de âldste nije presidint út 'e Amerikaanske skiednis, wylst Harris de earste froulike, earste Afro-Amerikaanske en earste Súdaziatyske fise-presidint wie.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further Reading, op dizze side.