Springe nei ynhâld

American Sniper (film)

Ut Wikipedy
American Sniper
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Clint Eastwood
produsint Clint Eastwood
Robert Lorenz
Andrew Lazar
Bradley Cooper
Peter Morgan
senario Jason Hall
basearre op it boek fan Chris Kyle,
  Scott McEwen en Jim De Felice
kamerarezjy Tom Stern
muzyk Clint Eastwood
Joseph S. DeBeasi
filmstudio Malpaso Productions
Village Roadshow Pictures
RatPac-Dune Entertainment
Mad Chance Productions
22nd & Indiana Pictures
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Bradley Cooper
Sienna Miller
byrollen Luke Grimes
Jake McDorman
Cory Hardrict
Kevin Lacz
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 novimber 2014
foarm langspylfilm
sjenre biografyske oarlochsfilm
taal Ingelsk (ek wat Arabysk)
spyltiid 132 minuten
budget en resultaten
budget $59 miljoen
opbringst $547,1 miljoen
prizen 1 × Oscar

American Sniper is in Amerikaansk biografysk histoarysk oarlochsdrama út 2014 ûnder rezjy fan Clint Eastwood, mei yn 'e haadrollen Bradley Cooper en Sienna Miller. De titel betsjut "Amerikaanske Slûpskutter". It ferhaal giet oer de ûnderfinings yn 'e Irakoarloch fan Chris Kyle, in slûpskutter fan 'e Amerikaanske Marine, dy't fjouwer kear útstjoerd waard nei Irak en mei it befêstige deasjitten fan 255 opstannelingen de deadlikste slûpskutter waard yn 'e Amerikaanske militêre skiednis. De film wie basearre op Kyle syn autobiografy mei deselde namme. American Sniper krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, wûn yn 2015 de Oscar foar bêste lûdsmontaazje, en waard in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film joech lykwols oanlieding ta frijwat kontroverse omreden fan 'e ôfskildering fan 'e Irakoarloch en it personaazje fan in slûpskutter.

Chris Kyle wurdt yn 'e 1970-er en 1980-er jierren grutbrocht op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Teksas. Dêr leart er al jong om mei fjoerwapens om te gean en harten te sjitten by de jacht. Yn 'e 1990-er jierren is Kyle as folwoeksen man úteinset mei in wurkpaad as cowboy en rodeodielnimmer. Nei't er op 'e tillefyzje de ferslachjouwing sjocht oer de bomoanslaggen op 'e Amerikaanske ambassades yn Kenia en Tanzania troch Al-Qaida, wêrby't 224 deaden falle, fielt er him roppen om tsjinst te nimmen by de Amerikaanske Striidkrêften. De rekrutearringsofsier mei wa't er praat, riedt him oan om him op te jaan foar it trainingsprogramma fan 'e Navy SEALs, de kommando's fan 'e Amerikaanske Marine. Kyle trochstiet de leadswiere training en wurdt as SEAL útornearre om slûpskutter te wurden, om't er sa ûnbidige trefseker is.

Yn dyselde tiid moetet Kyle yn in bar deunby syn marinebasis de jonge frou Taya Studebaker, mei wa't er in relaasje kriget. Nei de oanslaggen op 9/11 wurdt syn ienheid yn 2003 foar it earst útstjoerd, nei Irak. Krekt foartiid trouwe hy en Taya. Yn 'e Irakoarloch binne de earste opstannelingen dy't Kyle deasjit in jonge fan in jier as tolve en in jonge frou, dy't in patrûlje fan it Amerikaanske Marinierskorps oanfalle wolle mei in Russyske anty-tankgranaat. Hoewol't er der earst bot mei ompakt, skoddet er de ûnderfining letter fan him ôf troch alle Irakezen as "barbaren" te sjen en eltsenien dy't him ferset tsjin 'e Amerikaanske militêre besetting fan it lân as "kweadoggers". Kyle is as slûpskutter tige súksesfol en kriget fanwegen it grutte oantal fijannen dat er deasjit fan 'e oare Amerikaanske troepen yn Irak al rillegau de bynamme "Legend" ("Leginde") taparte.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As syn ienheid op jacht is nei Al-Qaida-lieder Abû Mûsab al-Zarkawi, ûnderfreget Kyle op hurdhannige wize de húshâlding fan sjeik Al-Obeidi, dy't ûnder druk taseit om yn ruil foar jild de SEALs nei "De Slachter" te lieden, de ûnderbefelhawwer fan Al-Zarkawi. It plan rint alhiel mis as De Slachter yn ôfwêzigens fan 'e Amerikanen delkomt om wraak op Al-Obeidi te nimmen. As de SEALs weromkomme om 'e oerienkomst yn 'e praktyk te bringen, rinne se yn in mûklaach. Kyle, dy't neat dwaan kin om't er yn dekking fêstset wurdt troch in fijannige slûpskutter, moat tasjen hoe't de sjeik en syn jonge soan troch De Slachter fermoarde wurde. De fijannige slûpskutter is in Syrjer dy't himsels Mûstafa neamt en dy't earder in Olympyske medalje wûn hat yn it sportsjitten.

Net folle letter keart Kyle nei syn earste útstjoering werom nei de Feriene Steaten, dêr't syn frou Taya ûnderwilens op alle dagen rint. Yn 'e tiid dat er mei ferlof is, wurdt syn soan Colton berne. Taya merkt lykwols dat Kyle feroare is en allegeduerigen ôflaat wurdt troch syn ûnderfinings yn Irak. Se begjint oer him yn noed te sitten.

Oan it begjin fan syn twadde útstjoering nei Irak wurdt Kyle befoardere ta ûnderofsier. Syn ienheid makket jacht op De Slachter. De SEALs kringe it appartemint fan in Iraaksk gesin binnen dat útsjocht op in restaurant dat troch De Slachter as tydlike basis brûkt wurdt. As blykt dat de heit fan it gesin yn syn wente wapens ferberget, twingt Kyle him om 'e SEALs te helpen it restaurant binnen te kommen. Nei't dat slagge is, wurdt de heit lykwols troch de Amerikanen deasketten as er it gewear fan in sneuvele opstanneling oppakt. De Slachter naait út, mar Kyle besjit syn fuortridende auto, dy't dêrop ûntploft.

As Kyle nei syn twadde útstjoering thúskomt, is Taya krekt befallen fan in lyts famke. Kyle syn ferfrjemding fan syn gesin boazet lykwols almar fierder oan. Op syn trêde útstjoering nei Irak sjit Mûstafa in lid fan Kyle syn ienheid, Ryan "Biggles" Job, del, as dyselde fuort njonken Kyle stiet. Kyle fielt him dêr ferantwurdlik foar, mei't er syn maat krekt mei in petear ôflate fan 'e misje dêr't se mei oan 'e gong wiene. Biggles wurdt swierferwûne ôffierd nei de basis, mar as de SEALs beslute om fuortendaliks harren misje te ferfetsjen, wurdt in oar lid fan it team, Marc Lee, deasketten.

Wer thús driuwe Kyle en Taya fierder útinoar. Sy wol dat er ôfswaait út 'e marine, mar skuldgefoelens oer it lot fan Biggles, dy't yn it sikehûs by in operaasje komt te ferstjerren, twinge him om foar in fjirde útstjoering nei Irak werom te gean. Taya seit tsjin him dat it skoan wêze kin dat er thúskomme sil by in leech hûs.

Yn Irak wurdt Kyle tawiisd oan 'e jacht op Mûstafa, dy't hieltyd mear Amerikaanske slachtoffers makket. Dat is krekt de misje dy't er hawwe wol, om't er wraak nimme wol foar de dea fan Biggles. Syn ienheid wurdt temûk yn stelling brocht op it plat dak fan in gebou yn fijannich gebiet, dêr't se wei útsicht hawwe op leden fan it Amerikaanske Sjenykorps dy't in barrikade oan it bouwen binne. Mûstafa hat op dy lokaasje nammentlik al ferskate sjenysoldaten deasketten. As er wer ien omleit, sinjalearret Kyle him op in healwiis lange ôfstân fan 1.920 m. Hy beslút in skot te weagjen, ek al bringt er himsels en syn team dêrmei yn gefaar om't dat harren posysje ferriede sil oan 'e opstannelingen. Mei syn skot deadet er Mûstafa, mar syn posysje wurdt dêrnei bestoarme troch in grutte kloft opstannelingen. Midden yn 'e gaos skillet Kyle gûlend op in satellyttillefoan Taya op en seit dat er ree is om thús te kommen. Inkeld troch in ynfallende sânstoarm witte Kyle en syn ienheid oan 'e opstannelingen te ûntkommen. Sels wurdt er dêrby yn in skonk sketten en mist er suver it legerfiertúch dêr't se yn útnaaie. Syn skerpskuttersgewear bliuwt efter op it slachfjild.

Nei syn weromkear yn 'e Feriene Steaten swaait Kyle ôf út 'e marine, mar troch in lichte foarm fan posttraumatysk stress-syndroom hat er muoite om him wer oan it boargerlibben oan te passen. Hy komt by in psychiater telâne dy't him befreget oer syn ûnderfinings yn Irak. Kyle fertelt de man dat it him hielendal net dwerssit dat er teminsten 255 Irakezen deasketten hat, om't dat fijannen en kweadoggers wiene. Wat him psychysk tramtearret, is dat er mei syn wurk as slûpskutter net mear Amerikanen rêde kinnen hat. De psychiater seit dat er in sikehûs fol swierferwûne feteranen hat dy't rêden wurde moatte, en Kyle stimt deryn ta om dêrby te helpen. Sa begjint er mei oare feteranen te wurkjen, en dêrtroch helpt er himsels ek. Stadichoan went er oan syn nije bestean en wurdt er wer de man mei wa't Taya oarspronklik troud is en in goede heit foar syn beide bern.

Jierren letter, op 2 febrewaris 2013, seit Kyle syn frou en bern goendei en ferlit er syn hûs om te wurkjen mei Eddie Ray Routh, in feteraan dy't swier oanhelle is mei posttraumatysk stress-syndroom. In tekst oan it begjin fan 'e ôftiteling makket dúdlik dat er letter dy deis troch Routh deasketten wurde soe. Wylst de ôftiteling begjint, wurde wiere argyfbylden fan syn lykprekaasje en begraffenis toand.

Bradley Cooper.
Sienna Miller.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Chris Kyle Bradley Cooper
Taya Kyle Sienna Miller


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Marc Lee Luke Grimes
Ryan "Biggles" Job Jake McDorman
"D" Dandridge Cory Hardrict
himsels Kevin "Dauber" Lacz
sjeik Al-Obeidi Navid Negahban
Jeff Kyle Keir O'Donnell
Goat-Winston Kyle Gallner
kaptein Martens Sam Jaeger
Mustafa¹ Sammy Sheik
"De Slachter"² Mido Hamada
DIA-agint Snead Eric Close
Squirrel Eric Ladin
Wayne Kyle Ben Reed
kaptein Gillespie Brian Hallisay
kolonel Gronski Tim Griffin
luitenant-kolonel Jones Chance Kelly
sersjant-ynstrukteur Rolle Leonard Roberts
Deby Kyle Elise Robertson
Sara Marnette Patterson
de jonge Chris Kyle Cole Konis
de jonge Jeff Kyle Luke Sunshine
Colton Kyle Max Charles
predikant Troy Vincent
Eddie Ray Routh Vincent Selhorst-Jones

¹) in personaazje dat foar in part basearre is op 'e Irakeeske slûpskutter Djûba
²) in personaazje dat mooglik basearre is op Abû Deraä

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Slûpskutter Chris Kyle skreau y.g.m. ghostwriters Scott McEwen en Jim De Felice in autobiografy mei de titel American Sniper, wêryn't er benammen yngie op syn ûnderfinings yn 'e Irakoarloch. It boek ferskynde begjin 2012 en yn maaie fan dat jier waarden de filmrjochten derop oankocht troch akteur en filmprodusint Bradley Cooper. Dyselde hie Chris Pratt yn gedachten om 'e rol fan Kyle te spyljen, mar filmstudio Warner Bros., dy't it projekt finansiere soe, woe inkeld meiwurkje as Cooper sels de haadrol op him naam.

De echte Chris Kyle yn jannewaris 2012, in goed jier foar syn dea.

Yn maaie 2013, in fearnsjier nei't Kyle fermoarde wie, waard bekendmakke dat Steven Spielberg de ferfilming fan syn autobiografy regissearje soe. Spielberg hie it boek lêzen en wie derfan ûnder de yndruk rekke, mar hy woe mear psychologysk konflikt hawwe en stelde foar om in fijannige slûpskutter ta te foegjen dy't mei Kyle yn in persoanlike fete behelle rekket. Spielberg liet op basis fan in kombinaasje fan 'e autobiografy en syn eigen ideeën in senario skriuwe dat mar leafst 160 siden besloech. Om't Warner Bros. lykwols beheinings oan it budget stelde, dat net mear $59 miljoen bedrage mocht, konkludearre Spielberg lykwols dat er de film net meitsje koe sa't er him yn 'e holle hie. Dêrom seach er ôf fan it projekt en sei op 5 augustus 2013 ôf as regisseur. Op 21 augustus fan datselde jier waard Clint Eastwood ree fûn om 'e film te regissearjen.

Eastwood wurke by American Sniper op basis fan in senario dat skreaun wie troch Jason Hall. Behalven as regisseur wied er ek as produsint by it projekt belutsen, yn 'e mande mei Cooper, Robert Lorenz, Andrew Lazar en Peter Morgan. Hja wurken yn opdracht fan 'e filmstudio's Malpaso Productions, Village Roadshow Pictures, RatPac-Dune Entertainment, Mad Chance Productions en 22nd & Indiana Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Tom Stern. De opnamen setten op 31 maart 2012 útein yn Los Angeles. Der waard ek filme op lokaasje yn Santa Clarita (Kalifornje), El Centro (Kalifornje), Seal Beach (Kalifornje) en Marokko (dat trochgie foar Irak).

Der waard op 'e ôftiteling fan American Sniper nimmen neamd dy't de filmmuzyk makke hie, mar sûnt Mystic River, út 2003, hat Clint Eastwood sels de soundtracks fan syn measte films makke, en foar American Sniper wie hy de komponist fan it muzykstik Taya's Theme. Joseph S. DeBeasi komponearre de restearjende filmmuzyk en waard op 'e ôftiteling fermelden as 'muzykeditor'. De soundtrack fan American Sniper omfettet ek it liet Someone Like You fan Van Morrison, dat te hearren is by de brulloftssêne, en it muzykstik The Funeral fan Ennio Morricone.

De distribúsje fan American Sniper waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 11 novimber 2014 yn premiêre op it AFI Fest fan it Amerikaansk Filmynstitút (AFI), wêrnei't er op 25 desimber fan dat jier iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. American Sniper kaam op 19 maaie 2015 út op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige American Sniper oer it algemien positive resinsjes, sa't it gefal wie yn 'e artikels dy't Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter, Peter Travers fan Rolling Stone, Ignatiy Vishnevetsky fan The A.V. Club, Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times en James Berardinelli op syn eigen webside ReelViews deroer publisearren. Oaren, lykas Matt Taibbi yn Rolling Stone en Alex von Tunzelmann yn The Guardian fûnen dat de film in fierstente swart-wytbyld fan 'e Irakoarloch jout. Garett Reppenhagen, in slûpskutter by de kavalery fan it Amerikaanske Leger, foel yn in wolsprekkend artikel út nei de portrettearring fan Iraakske boargers yn American Sniper, dy't hy, oars as de Amerikaanske militêren yn 'e film, net beskôget as "barbaren", mar ûnderdiel fan freonlike kultuer dêr't de film neffens him ûntwittendheid, eangst en rasisme fierder foar oanfitere hat.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie American Sniper in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 294 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Oandreaun troch de wisse rezjy fan Clint Eastwood en in oangripend sintraal optreden fan Bradley Cooper bringt [de film] in ynkringende hulde oan syn wiere haadpersoan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle American Sniper ek in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 48 resinsjes.

American Sniper brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $350,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $197 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $547,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $59 miljoen betsjut dat in winst fan $488,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie American Sniper yn Noard-Amearika de meast opbringende film fan 2014 en de op ien nei meast opbringende oarlochsfilm ea (nei Saving Private Ryan). Wrâldwiid wie it de meast opbringende oarlochsfilm aller tiden en de meast opbringende film út 'e karriêre fan Clint Eastwood. Neffens in berekkening fan it tydskrift Deadline Hollywood soe de skjinne winst fan American Sniper $243 miljoen bedroegen hawwe.

Yn 2015 waard American Sniper nominearre foar seis Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste film, bêste akteur (Bradley Cooper), bêste adaptearre senario, bêste filmmontaazje en bêste lûdsmixing. De film wûn ien Oscar, foar bêste lûdsmontaazje (Alan Robert Murray en Bub Asman). Fierders wûn American Sniper in Critics' Choice Award foar bêste akteur yn in aksjefilm (Cooper) en in MTV Movie Award foar bêste manlike akteur (Cooper). De film waard fierders nominearre foar twa BAFTA's, in Empire Award, twa Satellite Awards en in Saturn Award.

American Sniper joech oanlieding ta frijwat kontroverse om't in protte minsken fûnen dat de Irakoarloch der iensidich yn beljochte waard. Boppedat fûnen tsjinstanners dat de film it libben ferhearlike fan in slûpskutter, dy't úteinlik net in soldaat mar in moardner wie. Der wiene demonstraasjes tsjin 'e film en der waard oproppen ta in boycot, hoewol't soks nei alle gedachten allinne mar in averjochts effekt hie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.