Mystic River (film)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Mystic River
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Mysticriver-logo.svg
makkers
regisseur Clint Eastwood
produsint Clint Eastwood
Robert Lorenz
Judie G. Hoyt
senario Brian Helgeland
basearre op de roman fan Dennis Lehane
kamerarezjy Tom Stern
muzyk Clint Eastwood
filmstudio Malpaso Productions
Village Roadshow Pictures
NPV Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Sean Penn
Kevin Bacon
Tim Robbins
byrollen Laurence Fishburne
Marcia Gay Harden
Laura Linney
Tom Guiry
Emmy Rossum
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 15 oktober 2003
foarm langspylfilm
sjenre neo-noir-detektivemisdiedrama
taal Ingelsk
spyltiid 137 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $156,8 miljoen
prizen 2 × Oscar
2 × Golden Globe
1 × César du Cinéma
1 × SAG Award
2 × Satellite Award

Mystic River is in Amerikaansk neo-noir-detektivemisdiedrama út 2003 ûnder rezjy fan Clint Eastwood, mei yn 'e haadrollen Sean Penn, Kevin Bacon en Tim Robbins. De titel ferwiist nei de rivier de Mystic yn it easten fan 'e Amerikaanske steat Massachusetts. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Dennis Lehane. It ferhaal giet oer trije mannen dy't as jonges de bêste freonen wiene: de earste is in âld-krimineel waans dochter fermoarde wurdt; de twadde is de plysje dy't dat misdriuw ûndersykje moat; en de trêde, dy't noch ompakt mei it seksueel misbrûk dat er as bern ûndergien hat, is de man dy't fan 'e moard fertocht wurdt. Mystic River waard troch de filmkritisy tige goed ûntfongen en wie ek in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn ferskate prizen, wêrûnder twa Oscars, twa Golden Globes, in César du Cinéma, in Screen Actors Guild Award en twa Satellite Awards. Sawol de beide Oscars as de beide Golden Globes wiene foar bêste akteur (Penn) en bêste byrol fan in akteur (Robbins).

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1975 spylje trije jonges fan in jier as alve, tolve, sabeare iishockey op in strjitte in Boston. It binne Jimmy, Sean en Dave. As se yn in rioelputsje de bal kwytreitsje dy't foar de puck trochgiet, skrasse se út ferfeling har foarnammen yn in stik trottoir dat krekt nij yn it beton set is. Dêrby wurde se trappearre troch twa âldere manlju yn in passearjende auto, dy't har foardogge as plysjes yn boarger. Se wolle witte wêr't de jonges weikomme. Jimmy en Sean wenje yn dyselde strjitte en wurde nei hûs stjoerd, mar Dave, dy't in pear strjitten fierderop wennet, moat mei yn 'e auto, sadat de mannen him thúsbringe en ris in goed wurdsje mei syn mem sprekke kinne oer syn hâlden en dragen en syn fernieling fan gemeente-eigendommen. Yntimidearre docht Dave wat him sein wurdt en stapt yn, en de auto riidt mei him fuort. Allinnich, de manlju binne gjin plysjes mar pedofilen, en Dave wurdt neitiid fjouwer dagen lang finzen holden yn in kelder en oanhâldend seksueel misbrûkt, oant it him slagget om te ûntkommen.

Fiifentweintich jier letter binne de trije freonen folwoeksen wurden en alhiel útinoar groeid. Jimmy Markum is in krimineel dy't twa jier yn it tichthûs sitten hat foar in oerfal en dêrnei syn libben bettere hat. Hy is no eigner fan in lytse supermerk yn syn âlde buert. Syn earste frou is stoarn oan kanker doe't er fêstsiet; út dat houlik hat er in dochter, Katie, dy't no njoggentjin jier is. Mei syn twadde frou Annabeth hat er twa jonge dochterkes. Sean Devine is by de plysje gien, dêr't er opklommen is ta de funksje fan resjersjeur. Syn frou Lauren, dy't swier wie, is in healjier lyn by him weigien. Se skillet him noch geregeldwei op syn mobile tillefoan op, mar seit dan gjin stom wurd. En Dave Boyle, dy't noch altyd psychysk yn 'e tiis sit troch wat him as bern oandien is, wurket as fabryksarbeider. Hy is troud mei Celeste, in nicht fan Annabeth, en hat mei har in jonge soan, Michael.

Katie slacht temûk om mei Brendan Harris, in jonge út 'e buert út in famylje dêr't har heit it ien of oar tsjin hat. As Katie op in jûn útgiet mei har freondinnen, sjocht Dave har yn McGill's, in pleatslike kroech. Letter dy nacht komt Dave fierstente let en ûnder it bloed thús, mei in djippe wûne oan 'e hân. Hy fertelt Celeste dat er ûnderweis nei hûs oerfallen is en dat er doe breinroer waard en de oerfaller sawat deaslein hat. De oare moarns wurdt Katie bûnt en blau slein en fermoarde yn in park weromfûn. Sean en syn partner, de swarte resjersjeur Whitey Powers, wurde op 'e saak set. Sadree't Jimmy ûntdekt wat der bard is, freget er syn âlde trewanten út syn kriminele ferline, de bruorren Savage, om in eigen ûndersyk nei de moard te begjinnen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sean en Powers ûntdekke al rillegau Katie har geheime relaasje mei Brendan Harris. It docht bliken dat sy en Brendan fan doel wiene om tegearre út te naaien nei Las Vegas, om dêr te trouwen en in nij libben te begjinnen. It útgean dy jûns wie Katie har ôfskie fan har freondinnen, dy't fan har plannen ôfwisten. Sean en Powers litte Brendan in leagendetektortest ûndergean, dy't er op treflike wize trochstiet. Dat befêstiget wat se dochs al fermoeden: dat er neat mei de moard te krijen hie. De jonge liket alhiel stikken te wêzen fan Katie har dea.

Ballistysk ûndersyk wiist út dat de kûgels wêrmei't Katie deade is, ôfsketten binne út in .38 Special-revolver: itselde fjoerwapen dat yn 1984 brûkt is by de oerfal op in sliterij troch Ray Harris, de heit fan Brendan. Dyselde wurdt lykwols al sûnt 1989 fermist. Oan 'e oare kant fertelt Brendan harren dat syn heit de húshâlding noch altyd ûnderhâldt troch eltse moanne $500 te stjoeren. Fan 'e revolver wit Brendan neat, sa seit er. Powers fertinkt Dave Boyle fan 'e moard, om't dyselde him fertocht hâldt en draacht en allegeduerigen oare ferlechjes oppenearret foar syn ferwûne hân. Dave syn aparte hâlden en dragen ûntrêstget syn frou Celeste sa, dat se op in stuit mei har soan Michael út 'e hûs giet en har yntrek yn in hotel nimt.

Celeste siket Jimmy op en fertelt him oer har fermoedens dat Dave by de moard op Katie belutsen is. Jimmy en de bruorren Savage nimme Dave allinne en ûndersteane him oer dy nacht. Dêrby jout Jimmy ta dat er Ray Harris fermoarde hat om't dy him oan 'e plysje ferret hie, wat resultearre yn syn twajierrige ferbliuw yn it tichthûs. Dave bychtet op dat er yndie de nacht fan Katie har dea immen fermoarde hat, mar dat it Katie net wie. Underweis nei hûs kaam er by in parkearre auto lâns, wêryn't in pedofyl him befredigje liet troch in jonge manlike prostituee. Doe't Dave dat seach, waarden de oantinkens út syn jonkheid him oermânsk en alhiel breinroer skuorde er de keardel út syn auto en sloech him dea. Jimmy leaut neat fan Dave syn ferhaaltsje en lûkt in grouwe knyft. Hy ûnthjit Dave dat er him libje litte sil as er tajout dat er Katie fermoarde hat. As Dave dat nei lang oantrúnjen docht, brekt Jimmy lykwols syn ûnthjit en stekt him dea, wêrnei't er syn lyk yn 'e rivier de Mystic smyt.

Underwilens giet Brendan nei it plak ta dêr't syn heite revolver ferburgen wie, en as er it wapen dêr net oantreft, wachtet er syn jongere broer Ray Harris jr. op as dy thúskomt, lykas altyd beselskippe fan syn maat John O'Shea. Hy befreget harren oer de moard op Katie, en as de antwurden dy't er kriget him net oansteane, slacht er harren yninoar. Dêrop lûkt John de revolver fan Brendan syn heit en wol him deasjitte, mar krekt op dat stuit arrivearje Sean en Powers, dy't it tillefoantsje nei de alaarmline oer Katie har moard yn ferbân brocht hawwe mei de beide jonges. Se ûntwapenje John en arrestearje him en Ray Harris jr. foar de moard. Letter lizze dy in folsleine bekentenis ôf. It docht bliken dat de jonges op 'e strjitte mei de revolver oan it omboartsjen wiene en troch Katie trappearre waarden. Harren besykjen om har safier te krijen dat se stilhâlde soe wat se sjoen hie, rûn folslein út 'e hân en einige mei har mishanneling mei in hockeystick en de jacht fan 'e beide jonges op it ferwûne fanke troch it park, dêr't se har op 't langelêst deaskeaten.

De oare moarns giet Sean nei Jimmy ta om him te fertellen dat er de moardners fan Katie wolfergoed opskoattele hat. Hy wol ek fan Jimmy witte oft dy ek wit wêr't Dave is, want dy is no de fertochte yn in oare saak: yn 'e bosk efter de kroech McGill's is it lyk fan in bekende berneferkrêfter oantroffen, dy't, sa liket it, mei de bleate hân deaslein is. Jimmy sit der dan raar hinne. Hy betanket Sean foar it oplossen fan 'e moard op syn dochter, mar heakket dêr oan ta: "Hiest it mar in bytsje flugger dien." Sean, dy't Jimmy langer ken as hjoed en juster, begrypt wat dat betsjut en freget him: "Silst no Celeste Boyle ek $500 de moanne tastjoere?"

Nei dat petear wurdt Sean wer opskille troch syn frou Lauren, en diskear ûntskuldiget er him derfoar dat er har by him wei dreaun hat. Dat wie blykber wêr't sy op wachte, want diskear antwurdet se him. Der folget in fermoedsoening, en Lauren en harren ûnderwilens berne dochter Nora komme by Sean werom. Underwilens giet Jimmy nei syn frou Annabeth ta en bychtet oan har op wat er dien hat. Sy treastget him lykwols en fertelt him dat er in kening is en dat keningen altyd de juste beslissing nimme. Letter, by in optocht troch de buert, is Dave syn soan Michael, dy't op ien fan 'e weinen meiriidt, teloarsteld as er syn heit net tusken it publyk sjocht. Sean en Jimmy sjogge inoar oan wjerskanten fan 'e strjitte, en Sean makket in fingerpistoal yn Jimmy syn rjochting, om oan te jaan dat er efter him oan komme sil. Jimmy spriedt dêrop de earms om te sizzen fan: "kom mar op".

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jimmy Markum Sean Penn
resjersjeur Sean Devine Kevin Bacon
Dave Boyle Tim Robbins


byrollen
personaazje akteur/aktrise
resjersjeur Whitey Powers Laurence Fishburne
Celeste Boyle Marcia Gay Harden
Annabeth Markum Laura Linney
Brendan Harris Tom Guiry
Katie Markum Emmy Rossum
Val Savage Kevin Chapman
Nick Savage Adam Nelson
Kevin Savage Robert Wahlberg
Ray Harris jr. Spencer Treat Clark
John O'Shea Andrew Mackin
Esther Harris Jenny O'Hara
eigner sliterij Eli Wallach (cameo)
Theo Kevin Conway
de jonge Jimmy Markum Jason Kelly
de jonge Sean Devine Connor Paolo
de jonge Dave Boyle Cameron Bowen
Michael Boyle Cayden Boyd
Lauren Devine Tori Davis
Pete Jonathan Togo
FBI-agint Birden Will Lyman
Eve Pigeon Ari Graynor
Dave syn maat yn 'e kroech Ken Cheeseman

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mystic River waard regissearre troch Clint Eastwood nei in senario fan Brian Helgeland, dat basearre wie op 'e roman Mystic River fan Dennis Lehane út 2001. Behalven as regisseur wie Eastwood ek as produsint by de film belutsen, yn 'e mande mei Robert Lorenz en Judie G. Hoyt foar de studio's Malpaso Productions, Village Roadshow Pictures en NPV Entertainment. Der wie foar de film in budget beskiber fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Tom Stern. Mystic River wie de earste film wêrfoar't Clint Eastwood sels de filmmuzyk makke (of alteast, de earste film wêrby't er dêrfoar útkaam). De opnamen fûnen plak op lokaasje yn Boston.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Mystic River waard fersoarge troch Warner Bros. De film giet op 15 oktober 2003 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mystic River waard troch de filmkritisy mei tige positive resinsjes ûntfongen. Sa skreau Peter Travers yn it tydskrift Rolling Stone: "Clint Eastwood stoppet alles dat er wit oer regissearjen yn Mystic River. Syn film beslûpt jin, begûchelet jin en hellet jin dan ûnderút. Je kinne it net ôfskodzje. Sa fêsthâldend, sa hypnoatysk, is it." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Mystic River in heech goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 206 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Ferankere troch it útsûnderlik goede aktearjen fan syn sterke rolbesetting is [de film] in somber drama dat him laachje foar laachje ûntjout en de trageedzje fan syn ferhaal mei oangripende krêft oerbringt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Mystic River in goedkarringspersintaazje fan 84%, basearre op 42 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mystic River brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $90,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $66,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $156,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $126,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2004 waard Mystic River by de Oscars nominearre foar prizen yn seis kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur (Clint Eastwood), bêste byrol fan in aktrise (Marcia Gay Harden) en bêste adaptearre senario (Brian Helgeland). De film wûn twa Oscars, foar bêste akteur (Sean Penn) en bêste byrol fan in akteur (Tim Robbins). By de Golden Globes waard Mystic River nominearre foar prizen yn fiif kategoryen, wêrûnder bêste dramafilm, bêste regisseur en bêste senario. Krekt as by de Oscars wûn de film by de Golden Globes de prizen foar bêste akteur (Penn) en bêste byrol fan in akteur (Robbins).

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Mystic River nominearre yn fjouwer kategoryen, foar bêste akteur (Sean Penn), bêste byrol fan in akteur (Tim Robbins), bêste byrol fan in aktrise (Laura Linney) en bêste adaptearre senario. De film wûn dêrfan lykwols net ien. By de Césars du Cinéma, de wichtichste Frânske filmprizen, wûn Mystic River de priis foar bêste bûtenlânske film. Mystic River wûn fierders in Screen Actors Guild Award (bêste manlike byrol foar Tim Robbins), twa Satellite Awards (bêste akteur yn in dramafilm foar Sean Penn en bêste adaptearre senario) en twa Critics' Choice Awards (bêste akteur foar Sean Penn en bêste byrol fan in akteur foar Tim Robbins).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.