Springe nei ynhâld

Swartpoatmurd

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 mrt 2024 om 18.28 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (gjin stobbe mear)
swartpoatmurd
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai lytse marters (Mustela)
soarte
Mustela nigripes
Audubon & Bachman, 1851
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet
  hjoeddeistige fersprieding troch reyntroduksjes
  yntroduksje bûten it hist. ferspriedingsgebiet
     histoarysk ferspriedingsgebiet
     mooglik histoarysk ferspriedingsgebiet (ûnwis)

De swartpoatmurd (wittenskiplike namme: Mustela nigripes), ek wol de Amerikaanske murd neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela). Dit bist is lânseigen op 'e Grutte Flakten en yn in diel fan 'e Rocky Mountains yn Noard-Amearika. It is karnivoar nachtdier dat solitêr libbet en waans dieet foar mear as 90% bestiet út prêrjehûnen. De swartpoatmurd is nau besibbe oan 'e (gewoane) murd (Mustela putorius) en de steppemurd (Mustela eversmanni), dêr't er him noch altyd mei fuortplantsje kin. Mei't de swartpoatmurd al desennia lang op it rântsje fan it útstjerren balansearret, wurdt er troch de IUCN klassifisearre as bedrige. De oarsaken fan alle swierrichheden fan dizze soarte binne dat er him tefolle spesjalisearre hat nei habitat en proai en dat er him ornaris mar stadich fuortplantet.

Fersprieding

Histoarysk korrespondearre de fersprieding fan 'e swartpoatmurd fierhinne mei (mar wie net beheind ta) de fersprieding fan trije fan 'e fiif soarten prêrjehûnen (Cynomys). Dat betsjutte dat er foarkaam fan it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan en dêrwei nei it suden oant yn it uterste noarden fan 'e Meksikaanske dielsteaten Sonoara en Chihuahua. Yn it tuskenlizzende gebiet fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten kaam de swartpoatmurd foar op 'e Grutte Flakten en yn it eastlike diel fan 'e Rocky Mountains. It areaal fan dit bist besloech dêre yn steatkundige sin: it eastlike twatrêdepart fan Montana, de westlike helte fan Noard-Dakota, it westlike trijefearn fan Súd-Dakota, it eastlike trijefearn fan Wyoming, it westlike fjouwerfyfdepart fan Nebraska, de uterste noardeastpunt fan Utah, hast hiel Colorado op in hoekje út it westen fan dy steat nei, de westlike helten fan Kansas en Oklahoma, it noarden Teksas, hiel Nij-Meksiko en it easten en noarden fan Arizona.

In swartpoatmurd yn finzenskip.

It iennichste plak dêr't swartpoatmurden op eigen krêft oerlibbe hawwe, is by Meeteetse, yn it westen fan 'e it streamgebiet fan 'e rivier de Big Horn yn Wyoming. Sûnt 1990 binne swartpoatmurden yn it wyld reyntrodusearre op û.m. de folgjende plakken: it streamgebiet fan 'e Shirley yn Wyoming; it Nasjonaal Faunareservaat UL Bend en it Fort Belknap Yndianereservaat yn Montana; it Nasjonaal Park Badlands, it Nasjonaal Gerslân Buffalo Gap en it Cheyenne River Yndianereservaat yn Súd-Dakota; de Aubreydelling yn Arizona; it Nasjonaal Faunareservaat Rocky Mountains Arsenal en by Wolf Creek yn Colorado; de Coyotedobbe op 'e grins fan Colorado en Utah; it Nasjonaal Park Grasslands yn Saskatchewan; en noardlik Chihuahua yn Meksiko.

Uterlike skaaimerken

Mantsjes fan 'e swartpoatmurd hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 50,0–53,3 sm, mei in sturtlingte fan 11,4–12,7 sm. Der bestiet in beskate seksuele dimorfy, mei't wyfkes yn 'e regel likernôch 10% lytser binne en dus in kop-romplingte hawwe fan 45–48 sm mei in sturtlingte fan 10,3–11,4 sm. De sturt makket altyd 22–25% fan 'e totale lichemslingte út. It gewicht fan 'e swartpoatmurd bedraacht 650 g oant 1,4 kg. Nuver genôch binne swartpoatmurden dy't yn finzenskip grutbrocht binne, lytser as harren wylde wjergaders, mar as se yn it wyld reyntrodusearre wurde, berikke se mei gauwens de gewoane lichemsgrutte foar wylde swartpoatmurden.

De swartpoatmurd liket tige op 'e gewoane murd (Mustela putorius) út Jeropa, mei as wichtichste ferskil dat er wat mânsker is en in grutter kleurkontrast fertoant tusken syn dûnkere poaten en syn ljochte liif. Kwa lichemsfoarm is de swartpoatmurd langhalich, mei in lange hals en koarte poaten. Hy is evoluëarre om syn proaidieren yn nauwe ûndergrûnske hoalen folgje te kinnen. De sturt is pluzich, suver in plomsturt allyk. De earen binne lyts en stekke net folle út fan 'e kop.

In swartpoatmurd fan deunby.

De pels fan 'e swartpoatmurd is feal gielich op 'e rêch, bealch en it meastepart fan 'e sturt. Op 'e kop en soms ek yn 'e nekke is it fealgiel fertroebele troch hierren mei dûnkere úteinen. De snút, wangen, wynbrauwen, earen en kiel binne wyt, mar heger yn it gesicht hawwe swartpoatmurden in dûnkerbrune oant swarte bân, dy't as in soarte fan masker ek oer de eagen hinne rint. De poaten binne swart, sa't de namme fan it bist al oanjout, en datselde jildt foar de sturtpunt.

Biotoop

Histoarysk kamen swartpoatmurden benammen foar op koartgerzige en mingdgerzige prêrjes, op steppes (mei fersprate boskjes strewelleguod of net) en op berchgreiden.

In dravende swartpoatmurd.

Hâlden en dragen

De swartpoatmurd is in nachtdier dat bûten de peartiid om in solitêr bestean liedt. It aktyfst is er fan 'e jûnsskimer oant de midsnacht en fan likernôch 4.00 oere nachts oant de midden 'e fan 'e moarn. Oerdeis jout er him del yn syn hoale, dy't ornaris in ferlitten (of leechfretten) prêrjehûnewente is. De boppegrûnske aktiviteit is it grutst oan 'e ein fan 'e simmer en it begjin fan 'e hjerst, wannear't de jongen fan dat jier selsstannich wurde en op 'e siik geane nei in eigen territoarium. Min waar lûke swartpoatmurden har neat fan oan, mar winterdeis kin slimme kjeld harren soms wol oant 6 dagen ynaktyf yn har hoale hâlde.

Swartpoatmurden binne tige territoriaal en se behâlde yn 'e regel jier op jier itselde territoarium. Foar wyfkes beslacht dat likernôch 16 ha en foar mantsjes sa'n 135 ha. It territoarium fan in mantsje oerlapet dat fan ferskate wyfkes, mar territoaria fan eksimplaren fan itselde geslacht oerlaapje inoar net. By Meeteetse, yn Wyoming, dêr't him de iennichst oerbleaune fan oarsprong wylde swartpoatmurdepopulaasje befynt, bedraacht de populaasjetichtens nei skatting ien swartpoatmurd op 60 ha.

De peartiid falt foar de swartpoatmurd yn febrewaris en maart. Dit bist is polygyn, wat sizze wol dat ien mantsje mei mear as ien wyfke pearet, mar dat wyfkes mar mei ien mantsje pearje. As in mantsje in tyldriftich wyfke tsjinkomst, besnuffelet er har genitalia, mar hy bespringt har pas as se in pear oeren byinoar binne. Dat is in hiel ferskil mei de hommelse en gewelddiedige pearingspraktyk fan 'e gewoane (Jeropeeske) murd (Mustela putorius). By de pearing grypt it mantsje it wyfke mei de tosken fêst yn it nekfel. De pearing duorret 11/2–3 oeren.

Jongen fan 'e swartpoatmurd koart nei de berte.

Oars as de measte oare martereftigen is de swartpoatmurd in spesjalist mei in leech fuortplantingspersintaazje. Yn finzenskip duorret de draachtiid 42–45 dagen, wêrnei't it wyfke yn maaie of juny 1–5 jongen smyt. Dy komme keal en blyn te wrâld en wurde troch it wyfke allinne grutbrocht. Mei 6 wiken komme se foar it earst boppe de grûn. Dêrnei ferdielt it wyfke de jongen oer ferskillende prêrjehûnehoalen om har eigen hoale hinne, ien jong per hoale. Dy gedrachsfoarm hat him mooglik ûntjûn om foar te kommen dat it hiele nêst yn ien kear útrûge wurde kin troch rôfdieren of in oerstreaming. Fan ein augustus oant begjin oktober wurde de jongen folwoeksen en geane se by de mem wei om in eigen territoarium te sykjen. In jier nei de berte binne se geslachtsryp.

Fretten

Mear as 90% fan it dieet fan 'e swartpoatmurd bestiet út prêrjehûnen (Cynomys). Dêrby giet it om trije soarten: de swartsturtprêrjehûn (C. ludovicianus), de wytsturtprêrjehûn (C. leucurus) en de Rocky-Mountainsprêrjehûn (C. gunnisoni). De rest fan it dieet bestiet út ferskate soarten kjifdieren, lykas mûseftigen (Muridae) en wrotmûseftigen (Cricetidae), en teffens út hazze-eftigen, lykas de prêrjehazze (Lepus townsendii) en de berchkatoensturtknyn (Sylvilagus nuttallii). Yn westlik Colorado, noardeastlik Utah, Wyoming en súdlik Montana wiene swartpoatmurden histoarysk bejagers fan wytsturtprêrjehûnen en moasten se oare proaien fine as de prêrjehûnen fjouwer moannen yn wintersliep giene. Yn Wyoming frieten se dan benammen soarten fjildmûzen (Microtus), wytpoatmûzen (Peromyscus) en echte mûzen (Mus). Eastliker wiene swartpoatmurden fan Saskatchewan oant Meksiko oarspronklik bejagers fan swartsturtprêrjehûnen. Om't dy gjin wintersliep hâlde, hoegde it menu dêr winterdeis net oanpast te wurden.

In swartpoatmurd pakt in prêrjehûn.

Natuerlike fijannen

De wichtichste atuerlike fijannen fan 'e swartpoatmurd binne de prêrjewolf (Canis latrans), de reade lynks (Lynx rufus), de sulverdas (Taxidea taxus), de keningsearn (Aquila chrysaetos), de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), de reade rûchpoatmûzefalk (Buteo regalis), de prêrjefalk (Falco mexicanus) en de prêrjerattelslange (Crotalus viridis).

Status

De swartpoatmurd hat de IUCN-status fan "bedrige", mei't de soarte geandewei de tweintichste iuw almar fierder efterútbuorke is. It fuortbestean hat in skoftke oan in rottich toutsje hongen, en it is noch net wis dat dit bist it rêde sil, al wurdt der troch natoerbeskermers tsjintwurdich alles oan dien om te bewissigjen dat dat wol it gefal wêze sil.

Skiednis

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan Noard-Amearika spile de swartpoatmurd in rol yn religieuze rituelen fan Yndiaanske folken as de Krieën (Crow), Swartfuotten (Blackfeet), Lakota, Sjajinnen (Cheyenne) en Pâny (Pawnee). Dit bist waard net opmurken troch de bekende Ekspedysje fan Lewis en Clark út 18041806, noch troch oare iere ekspedysjes troch wat letter bekend komme soe te stean as it Wylde Westen, lykas de ferskate reizen fan Thomas Nuttall of John Kirk Townsend. It bist waard sadwaande pas yn 'e Westerske wittenskip yntrodusearre troch it wurk fan biologen John James Audubon en John Bachman, dat yn 1851 publisearre waard yn it boek Viviparous Quadrupeds of North Amearica ("Libbenbernjende Fjouwerfuotters fan Noard-Amearika").

In swartpoatmurd yn it wyld yn Súd-Dakota (2008).

In skoftke waard de swartpoatmurd bejage foar de pelshannel, mar mei't de pelzen fan dit bist net yn tel wiene, hold dat al rillegau op. Fan dy tiid ôf waard de swartpoatmurd troch de blanke kolonisten fan syn wengebiet fral sjoen as skealik ûngedierte dat bestriden wurde moast. Dat gou noch folle mear foar syn foarnaamste fretten: prêrjehûnen. Dy groeven gatten yn it greidlân dêr't kij en hynders ûnder it rinnen of draven yn weisakken, sadat se de skonk brieken. En teffens frieten se it gers op dat ranchers harren fee tahawwe woene. Feeboeren setten sadwaande útein mei in útrûgingskampanje oangeande prêrjehûnen en rûgen dêrmei yndirekt ek de swartpoatmurd hast út. In oare ûntwikkeling dy't foar swartpoatmurden tige negatyf útpakte, wie de ûntginning fan prêrje ta boulân, dêr't prêrjehûnen net libje koene.

Sadwaande rekke it mei de swartpoatmurd fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ôf slim yn it neigean. De soarte waard yn 1979 foar útstoarn ferklearre, mar yn 1981 brocht de hûn fan in Lucille Hogg út Meeteetse, yn Wyoming, har in deade swartpoatmurd. Sa kamen biologen in restpopulaasje fan in stik as tweintich, tritich eksimplaren op it spoar, dy't by Meeteetse libbe oant de soarte yn 1987 yn it wyld útstoar. Tsjin dy tiid wie der lykwols yn finzenskip in fokprogramma opset troch de United States Fish and Wildlife Service, dat tusken 1991 en 2008 resultearre hat yn 'e reyntroduksje yn it wyld fan swartpoatmurden yn acht westlike Amerikaanske steaten en teffens yn súdlik Kanada en noardlik Meksiko.

Yn 2004 krige de swartpoatmurdepopulaasje in nije knau doe't der by de bisten yn Súd-Dakota in besmetlike en deadlike epidemy útbriek, de sylvatyske pest, feroarsake troch it firus Yersinia pestis. Dêrnjonken moatte natoerbeskermers yn harren krewearjen om 'e swartpoatmurd te rêden wrakselje mei belúnjende oantallen prêrjehûnen en oanhâldende tsjinwurking troch ranchers. Hjoed de dei binne der mear as 1.000 folwoeksen, yn it wyld berne eksimplaren yn 18 ûnderskate populaasjes, wêrfan't 4 no folslein selsrêdsum binne: twa yn Súd-Dakota en ien elk yn Arizona en Wyoming. Yn febrewaris 2021 waard der foar it earst mei súkses in swartpoatmurd kloand, in wyfke dat de namme Elizabeth Ann krige.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.