Ta dit skaai hearre 55 soartenmûzen dy't foarkomme yn Noard- en Súd-Amearika, mar fral machtich binne yn 'e kontinintaleFeriene Steaten. Hoewol't de wytpoatmûzen net mear as út 'e fierte besibbe binne oan echte mûzen (lykas de hûsmûs), lykje se der kwa postuer en lichemsfoarm tige op. De wittenskiplike nammePeromyscus komt fan it Gryksk foar "mûzen mei learzens oan", wat slacht op 'e ljochter kleure búk en poaten fan 'e soarten fan dit skaai. De bekendste en meast rûnom foarkommende soarten binne de hartemûs (Peromyscus maniculatus) en de wytpoatmûs (Peromyscus leucopus).