Wytpoatmûs
| wytpoatmûs | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Peromyscus leucopus | ||||||||||||
| Rafinesque, 1818 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De wytpoatmûs (wittenskiplike namme: Peromyscus leucopus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). It is ien fan 'e meast foarkommende lânseigen kjifdieren fan Noard-Amearika. De wytpoatmûs is dreech te ûnderskieden fan ferskate besibbe soarten, lykas de eastlike hartemûs (Permyscus maniculatus) of de westlike hartemûs (Peromyscus sonoriensis). De wytpoatmûs is in solitêr libjend nachtdier mei in omnivoar dieet. De IUCN klassifisearret de dit bistke as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytpoatmûs waard yn 1818 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Frânske biolooch Constantine Samuel Rafinesque-Schmaltz. It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme dy't hy it bistke joech, leucopus, is Gryksk foar "wytpoat", fan λευκός, leukos ("wyt") en πούς, pous ("foet"). De wytpoatmûs heart ta it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus), dat ek oantsjut wurdt as de echte hartemûzen. Dit biske is min te ûnderskieden fan ferskate besibbe soarten, dy't ek rûnom foarkommen yn Noard-Amearika, lykas de eastlike hartemûs (P. maniculatus), de westlike hartemûs (P. sonoriensis) en de súdlike hartemûs (P. labecula).

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytpoatmûs is lânseigen yn 'e eastlike helte fan 'e Feriene Steaten, útsein op it Floaridaskiereilân en yn 'e Florida Panhandle en oangrinzgjende kontreien yn it suden fan Georgia en Alabama. Ek yn 'e noardpunt fan Maine, Opper-Michigan en it noarden fan Minnesota ûntbrekt dit bistke. Yn it westen rint it ferspriedingsgebiet lykwols oan 'e Rocky Mountains ta, en yn it súdwesten oant yn Arizona. Fierders komt de wytpoatmûs ek foar op it Kanadeeske diel fan 'e Grutte Flakten, en yn it suden fan 'e provinsjes Ontario en Kebek.
Yn Meksiko libbet de wytpoatmûs yn it noardwestlike part fan it Heechlân fan Meksiko en teffens yn in brede stripe by de kust fan 'e Golf fan Meksiko lâns oant de Lâningte fan Tehuantepec en de dieltsteat Oaxaca oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan. Der besteane isolearre populaasjes yn it noardwestlike diel fan it Jûkatanskiereilân yn Meksiko, op it eilân Cozumel, dat foar de eastkust fan Jûkatan yn 'e Karibyske See leit, en op 'e súdlike helte fan it Nij-Skotlânskiereilân yn 'e Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytpoatmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 9–10 sm, mei in sturtlingte fan 6,3–9,7 sm en in gewicht fan 20–30 g. De earen binne grut yn ferhâlding ta it lichem. It gesicht wurdt dominearre troch de grutte swarte kraaleagen.
De pels is op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke, rêch en siden) griis of readbrún oant dûnkerbrún, en op 'e ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch en poaten) wyt. De beide kleurflakken binne faninoar skaait troch in skerpe demarkaasjeline oer de fangen, de wangen en de snút. Ek op 'e sturt rint de twadieling yn kleur troch, mei in brune boppekant en in wite oant ljochtgrize ûnderkant. Mar de skieding is dêr lang sa skerp net as op it lichem.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytpoatmûs jout de foarkar oan kontreien mei in protte beamte of strewelleguod, mar komt ek foar yn mear iepen gebieten. Hy hat gjin muoite om him oan te passen oan minsklike oanwêzigens yn syn wengebiet. Hoewol't wytpoatmûzen skouwe bistkes binne, dy't harsels foar minsken ferbergje, sette se har dochs gauris nei wenjen yn 'e muorren fan 'e grûnferdjipping fan minsklike wenten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytpoatmûs is in nachtdier, dat foar it meastepart in solitêr bestean liedt. Party eksimplaren, benammen yn 'e noardlikste regioanen fan it ferspriedingsgebiet, hâlde in wintersliep, mar de measten binne it hiele jier rûn aktyf, ek as it winterdeis tige kâld is. Wytpoatmûzen binne treflike klimmers en besteegje in grut part fan 'e tiid oan it kladderjen yn beammen en strûken om te foerazjearjen. De dei bringe se rêstend troch ferskûle yn nêsten dy't se oanlizze yn beamholten, ûndergrûnske hoalen of yn dreech berikbere dielen fan gebouwen (lykas yn holle romten yn 'e wanden of ûnder de flier). Soms nimme se in ferlitten fûgelnêst oer dêr't se dan in dak oerhinne bouwe. Wytpoatmûzen binne territoriaal, mar harren territoaria kinne inoar oerlaapje.

De wytpoatmûs hat foar it meastepart fan syn ferspriedingsgebiet gjin spesifike peartiid. Hy kin him dêr it hiele jier rûn fuortplantsje, al binne der bertepiken yn 'e maityd en de hjerst. Yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet wurdt de fuortplanting troch itenskrapte by 't winter beheind ta de perioade fan maart oant en mei oktober. Nei in draachtiid fan 22–28 dagen bringt it wyfke dan 3–5 jongen te wrâld. Dy wurde keal, blyn en helpleas berne en binne de earste tiid folslein ôfhinklik fan fersoarging troch de mem. Der wurde jiers ferskate fan sokke nêsten smiten. Mei 12 dagen geane de eachjes iepen. De jongen wurde mei 21–28 dagen ôfwûn en binne mei 44 dagen geslachtsryp. De maksimale libbensferwachting foar in wytpoatmûs is 8 jier, wat tige lang is foar in wrotmûseftige. Mar yn it wyld bedraacht de trochsneed libbensferwachting yn it súdlike diel fan it ferspriedingsgebiet mar krapoan 4 jier, wylst dat sifer yn noardliker, kâldere kontreien sakket nei 1–2 jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wytpoatmûzen binne omnivoaren, dy't benammen sieden, nuten en fruchten (lykas beien) frette, mar njonken sokke plantaardige kost ek ynsekten lytsman meitsje, lykas rûpen en toarren. It binne yn 't bysûnder fûleindige natuerlike fijannen fan 'e eksoatyske plakker (Lymantria dispar), in motflinter dy't ôfkomstich is út 'e Alde Wrâld. Hjerstmis lizze se itensfoarrieden oan foar de kommende tiid fan krapte.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e wytpoatmûs binne slangen lykas de boskrattelslang (Crotalus horridus), de koperkop (Agkistrodon contortrix), de prêrjerattelslang (Crotalus viridis) en de Teksaanske rattelslang (Crotalus atrox); ûlen lykas de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) en de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata); en martereftigen lykas de Amerikaanske nerts (Neogale vison), de langsturtwezeling (Neogale frenata), de Amerikaanske marter (Martes americana), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de wezeling (Mustela nivalis) en de sulverdas (Taxidea taxus).
Ek moatte wytpoatmûzen oppasse foar stjonkdieren lykas it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis), it eastlik bûnt stjonkdier (Spilogale putorius) en it Amerikaansk bargesnútstjonkdier (Conepatus leuconotus); hûneftigen lykas de foks (Vulpes vulpes), de kitfoks (Vulpes velox), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus) en de prêrjewolf (Canis latrans); kateftigen lykas de reade lynks (Lynx rufus), de jagûarûndy (Herpailurus yagouaroundi), de oselot (Leopardus pardalus) en de ferwyldere en nuete kat (Felis catus); en oare lytse rôfdieren, lykas de Noardamerikaanske katfret (Bassariscus astutus).

Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytpoatmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dit bistke en syn kjitte kinne gefaarlik wêze foar de minske, mei't wytpoatmûzen dragers wêze kinne fan foar minsken gefaarlike sykten, lykas it hantafyrus en de sykte fan Lyme. Ek SARS-CoV-2 (it koroanafirus) wurdt maklik oerdroegen mank wytpoatmûzen.
De wytpoatmûs is de meast algemien as proefdier yn laboratoaria brûkte mûs nei de nuete mûs, dat de domestisearre foarm is fan 'e hûsmûs (Mus musculus). De domestisearre foarm fan 'e wytpoatmûs is de nuete wytpoatmûs (Peromyscus leucopus linville). Dat bistke wurdt ek wol as húsdier holden en komt troch keunstmjittige seleksje foar mei in pels yn in grut ferskaat oan kleuren.

Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 17 (stân fan saken yn 2025) erkende wylde ûndersoarten fan 'e wytpoatmûs (Peromyscus leucopus):[1]
- de Arizonawytpoatmûs (P. l. arizonae Allen, 1894) (Amerikaanske Súdwesten en oangrinzgjende dielen fan noardlik Meksiko)
- de Cozumelwytpoatmûs (P. l. cozumelae Merriam, 1901) (it eilân Cozumel foar de eastkust fan Jûkatan)
- de Firginiawytpoatmûs (P. l. easti Paradiso, 1960) (súdeastlik Firginia)
- de gewoane wytpoatmûs (P. l. leucopus Rafinesque, 1818) (de nominaat; súdeastlike Feriene Steaten)
- de Jûkatanwytpoatmûs (P. l. castaneus Osgood, 1904) (westlik Jûkatanskiereilân)
- de Lachiguiriwytpoatmûs (P. l. lachiguiriensis Goodwin, 1956) (eastlik Oaxaca)
- de Manomoywytpoatmûs (P. l. ammodytes Bangs, 1905) (it eilân Manomoy foar de kust fan Massachusetts)
- de Martha's Vineyardwytpoatmûs (P. l. fusus Bangs, 1905) (it eilân Martha's Vineyard foar de kust fan Massachusetts)
- de Nijskotlânske wytpoatmûs (P. l. caudatus R.W. Smith, 1939) (súdlik Nij-Skotlânskiereilân)
- de noardeastlike wytpoatmûs (P. l. noveboracensis Fischer, 1829) (noardeastlike fjirdepart fan 'e Feriene Steaten)
- de noardlike flaktewytpoatmûs (P. l. aridulus Osgood, 1909) (noardlike Grutte Flakten fan súdeastlik Saskatchewan oant noardwestlik Kansas)
- de Oaxacawytpoatmûs (P. l. affinis Allen, 1891) (eastlik Oaxaca en súdlik Veracruz)
- de okergiele wytpoatmûs (P. l. ochraceus Osgood, 1909) (sintraal Arizona)
- de Sintraalmeksikaanske wytpoatmûs (P. l. incensus Goldman, 1942) (sintraal Meksiko)
- de súdlike flaktewytpoatmûs (P. l. tornillo Mearns, 1896) (súdeastlik Colorado en súdwestlik Kansas oant West-Teksas)
- de swartrompwytpoatmûs (P. l. mesomelas Osgood, 1904) (súdeastlik San Luis Potosí oant súdlik Veracruz)
- de Teksaanske wytpoatmûs (P. l. texanus Woodhouse, 1853) (noardlik sintraal Teksas oant súdlik San Luis Potosí yn Meksiko)
De domestisearre ûndersoarte is de nuete wytpoatmûs (P. l. linville).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side, en ûnder: Literatur, op dizze side.
|

