Springe nei ynhâld

Pinjonmûs

Ut Wikipedy
pinjonmûs
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljewrotmûseftigen (Cricetidae)
skaaiwytpoatmûzen (Peromyscus)
soarte
Peromyscus truei
Shufeldt, 1885
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De pinjonmûs (wittenskiplike namme: Peromyscus truei) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartmûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dizze soarte is ferneamd nei de pinjondin, in soarte fan dinnebeam.

De pinjonmûs komt foar op it Kalifornysk Skiereilân, yn Meksiko, en fierders yn 'e súdwestlike Feriene Steaten oant yn súdlik Oregon en Wyoming. In isolearre populaasje, fan 'e ûndersoarte Peromyscus truei comanche, libbet yn 'e omkriten fan 'e Palo Duro Canyon yn 'e Teksaanske Panhandle.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.