Warcraft (film)

Ut Wikipedy
Warcraft
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Duncan Jones
produsint Charles Roven
Alex Gartner
Thomas Tull
Jon Jashni
Stuart Fenegan
senario Charles Leavitt
Duncan Jones
basearre op Warcraft fan
   Blizzard Entertainment
kamerarezjy Simon Duggan
muzyk Ramin Djawadi
filmstudio Legendary Pictures
Blizzard Entertainment
Atlas Entertainment
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Travis Fimmel
Paula Patton
Toby Kebbell
byrollen Ben Foster
Dominic Cooper
Ben Schnetzer
Robert Kazinsky
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 24 maaie 2016
foarm langspylfilm
sjenre fantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 123 minuten
budget en resultaten
budget $160 miljoen
opbringst $433,7 miljoen

Warcraft is in Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2016 ûnder rezjy fan Duncan Jones, mei yn 'e haadrollen Travis Fimmel, Paula Patton en Toby Kebbell. De film is basearre op 'e rige fideospultsjes fan 'e Warcraft-franchise. De titel betsjut letterlik: "Kriichskunde". It ferhaal folget de earste gewelddiedige moetings tusken minsken en oarken op 'e wrâld Azeroth, en wie dúdlik bedoeld om in basis te foarmjen foar fierdere ferfilmings fan it ferhaal út 'e fideospultsjes. De filmkritisy moasten lykwols neat fan 'e Warcraft hawwe. Hoewol't de film yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses waard, wie it resultaat yn 'e Feriene Steaten teloarstellend foar Blizzard Entertainment, de produsint fan 'e Warcraft-franchise, sadat ôfsjoen waard fan 'e produksje fan ferfolchfilms.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Draenor, de thúswrâld fan 'e oarken, is ferwoastge ta in libbensleaze rotsklompe troch de Fel, in foarm fan magy mei in gifgriene kleur, dy't libbenskrêft as brânstof brûkt. Gul'dan, in oark dy't tagelyk in machtige warlock is, hat de clans ûnder syn lieding feriene ta de Kliber. Hy brûkt de libbens op fan 'e lêste leden fan 'e troch de oarken ûnderwurpen rassen om in poarte te meitsjen nei in nije wrâld, Azeroth. Gul'dan liedt dêr in beheinde oarlochstroep hinne, mei de bedoeling om dêr nije finzenen meitsjen, de poarte te weriepenjen en de rest fan 'e Kliber nei Azeroth te heljen. Durotan, de haadman fan 'e Froastwolfclan, wurdt útnûge om him mei syn freon Orgrim Doemhammer en in groep Froastwolven by de oarlochstroep fan Gul'dan te jaan. Hy smokkelet syn oarehelte Draka troch de poarte, dy't op alle dagen rint. Wylst se troch de poarte giet, makket de ynfloed fan 'e Fel dat de befalling begjint. Fuort nei de oankomst yn Azeroth wurdt har stjerrende poppe berne, dy't Gul'dan yn it libben hâldt troch mei de Fel de libbenskrêft oan in hart te ûntskuorren om it de poppe ta te partsjen. Durotan neamt syn soan letter Go'el.

De oarken begjinne ûnder lieding fan Gul'dan en syn oarlochshaadman Swarthân de delsettings yn it omlizzende lân te oerfallen, mei as doel om 'e bewenners finzen te nimmen om as branje te brûken foar it weriepenjen fan 'e poarte nei Draenor. It docht bliken dat hja harren befine yn it minsklike keninkryk Stoarmwyn. Anduin Lothar, de legeroerste fan kening Llane Wrynn fan Stoarmwyn, bejout him nei in ûnder de foet rûn garnizoen, dêr't er de jonge tsjoender Khadgar treft. Dyselde wol de sneuvele manskippen ûndersykje om't er fiele kin dat der kwea by harren dea belutsen wie. Yn 'e stoflike omskotten treft er spoaren fan 'e Fel oan. Hy lit him troch Lothar nei de kening bringe, by wa't er der op oanstiet om 'e help fan tsjoender Medivh, de romrofte beskermhear fan Tirisfal, yn te roppen. Llane stjoert Lothar, dy't kunde hat oan Medivh, mei Khadgar op in griffioen nei Karazhan, de toer fan 'e tsjoender, om dyselde tynge te dwaan fan 'e oanwêzigens fan 'e Fel op Azeroth.

Mei Medivh jouwe Lothar en Khadgar harren by in ferkenningsmisje dy't sterke spoaren fan 'e Fel folget nei it wâld Elwynn. Dêr rinne se yn in mûklaach fan 'e oarken. Medivh brûkt in betsjoening om alle troch de Fel korrumpearre oarken yn ien kear te deadzjen, mar Swarthân, Durotan en Orgrim en inkele oaren, dy't noch net korrumpearre binne, oerlibje dat en naaie út. Op syn flecht befrijt Durotan de healoarkske slavinne Garona, dy't dêrnei troch Khadgar finzen nommen wurdt. Hja is de dochter fan in ûnbekende minsklike heit en in oarkske mem dy't libben ferbaarnd is om't se it libben skonken hie oan healoark. Mar har feardichheden op it mêd fan it oanlearen fan nije talen makken Garona weardefol foar Gul'dan, dy't har as tolk brûkte. Garona hat ûnderwilens fan 'e minsklike finzenen fan 'e oarken de minsklike taal al leard en is dêrom de iennichste oark dy't mei de minsken kommunisearje kin. Kening Llane en syn frou, keninginne Taria, de suster fan Lothar, beprate har om yn ruil foar har frijheid oer te rinnen nei Stoarmwyn. Garona docht út 'e doeken wat de plannen fan Gul'dan binne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid liedt Garona in groepke ferkenners, ûnder wa Lothar en Khadgar, nei it kamp fan 'e oarken ta, om 'e fijân te bespionearjen. Underwilens is by Durotan de reälisaasje trochkrongen dat de Fel ferantwurdlik is foar de ferwoastging fan Draenor. Hy sjocht dat deselde ferwoastging op Azeroth begjint yn in úttynjende sirkel om it kamp fan Gul'dan hinne, en beseft dat ek dizze nije wrâld ferwoastge wurde sil as it sa trochgiet. Hy begjint Gul'dan as de wiere fijân fan 'e oarken te sjen, en uteret syn noed tsjin Orgrim Doemhammer, dy't him derfan besiket te oertsjûgjen dat it allegear wol wat tafalle sil. As Durotan de spionnen by it oarkekamp gewaar wurdt, makket er fan 'e gelegenheid gebrûk om fia Garona te freegjen om in ûnderhâld mei kening Llane, oer in pear dagen oan 'e foet fan in hege berchpjuts yn 'e fierte, sadat de oarken fan 'e Froastwolveclan harren by de minsken jaan kinne om Gul'dan te ferslaan.

Underwilens hat Khadgar in boek bestudearre dêr't er yn 'e bibleteek fan Medivh yn Karazhan op mysterieuze wize hinne laat waard. Troch de kennis út it boek kriget er foar it ferstân dat Gul'dan de poarte nei Azeroth net op eigen manneboet iepenje kinnen hie: hy moat help hân hawwe fan immen op Azeroth dy't in yngeande kennis fan magy hat. Tsjin 'e rie fan Lothar yn beslút kening Llane yn te gean op 'e útnûging fan Durotan en riidt er mei Lothar, Khadgar, Medivh, Garona en in ôfdieling swierbewapene soldaten nei it ôfsprutsen plak ta. Hy en Durotan slute dêr in oerienkomst foar in mienskiplike oanfal op Gul'dan, mar harren ûnderhâld wurdt ûnderbrutsen as bliken docht dat Durotan ferret is troch Orgrim Doemhammer. De Froastwolven en minsken wurde oerfallen troch Swarthân en syn oarken. Medivh, dy't problemen mei syn behearsking fan magy hat dêr't er nimmen oer ferteld hat, smyt in trochsichtige barriêre op as de minsken har weromlûke, mar troch de ynspanning rekket er bewusteleas. In lyts groepke soldaten, ûnder wa Lothar syn soan Callan, komt fêst te sitten oan 'e ferkearde kant fan 'e barriêre. Callan wurdt troch Swarthân deade sûnder dat Lothar wat dwaan kin om dat foar te kommen.

Khadgar en Garona bringe de slim ferswakke Medivh werom nei Karazhan, dêr't Khadgar opmerkt dat de eagen fan Medivh in gifgrien skynsel útsmite. Hy beseft dat de grutte tsjoender korrumpearre is troch de Fel, en dat hy it west hat dy't Gul'dan holpen hat om 'e oarken nei Azeroth te bringen. Hy giet om help nei de Kirin Tor, in swevende stêd heech yn 'e loft dy't bewenne wurdt troch tsjoenders. Dêr wurdt er by de Alodi brocht, de skym fan in tsjoenster út in fier ferline, dy't him nei it boek yn 'e bibleteek fan Medivh laat hat en har lêste krêften brûkt hat om him by har te bringen. Hja fertelt him dat it oan him is om 'e wrâld te rêden en dat er op himsels en syn freonen fertrouwe moat. Hja wurdt wei yn it neat nei't hja him dit riedselige boadskip jûn hat: "út ljocht komt tsjuster en út tsjuster ljocht".

Underwilens fiert Swarthân yn it kamp fan 'e oarken op befel fan Gul'dan in suvering troch, wêrby't alle Froastwolven deade wurde. Orgrim, dy't no spyt hat fan syn ferrie, helpt Draka om te ûntkommen. Hja berikt in rivier, dêr't se de lytse Go'el yn syn draachwidze fuortdriuwe lit foar't se har tsjin har efterfolgers keart en omkomt. Yn Karazhan bychtet Medivh oan Garona op dat er har heit is, mei't er jierren lyn Draenor besocht hat, dêr't er in relaasje krige mei in oarkinne. Hy hjit har en folgje har hert, dat har ropt om nei Lothar te gean. Mei syn magy stjoert er har nei Stoarmwyn, dêr't Lothar rouwet om 'e dea fan syn soan en him troch Garona treaste lit. Yn Karazhan is Medivh lykwols, troch syn ynset fan magy foar Garona, noch fierder ferswakke, mei as gefolch dat de Fel him oermânsk wurde kin. Under ynfloed fan 'e Fel giet er nei Stoarmwyn ta, dêr't er kening Llane bepraat om mei mar trije legioenen soldaten by him in oanfal op it kamp fan 'e oarken te weagjen. Lothar besiket de kening dêrfan ôf te hâlden, en hy en Medivh krije wurden. As Medivh wat oer Callan seit, wol Lothar him fysyk te liif, wêrnei't kening Llane him fêstsette lit oant er wat ôfkuolle is.

Garona set mei kening Llane en syn trije legioenen ôf nei it kamp fan 'e oarken, dêr't Medivh harren treffe sil. Se ferwachtsje dêr ek fersterking fan 'e Froastwolven. Lothar wurdt befrijd troch Khadgar, dy't him meinimt nei Karazhan om Medivh út te skeakeljen. Dyselde is no alhiel de behearsking oer himsels ferlern en hat in reuseftige golem fan klaai makke, dêr't Lothar en Khadgar earst mei ôfweve moatte. Underwilens wurdt Durotan yn it oarkekamp befrijd troch Orgrim Doemhammer, wêrnei't er Gul'dan útdaget ta de mak'gora, it rituele twagefjocht, dat mank de oarken in hillige status hat. Under it gefjocht brekt Gul'dan alle regels troch de Fel te brûken om 'e libbenskrêft oan Durotan te ûntskuorren. Nettsjinsteande dat hâldt Durotan it langer fol as wa ek ferwachte hie, wêrmei't er ear wint, wylst de tasjende oarken inkeld minachting fiele foar Gul'dan. As er in trijetal fan harren lykwols mei de Fel it libben ûntskuord hat, wol de rest wol omlyk en jouwe se har mei tsjinnichheid wer ûnder syn hearskippij del.

Underwilens hat Medivh, dy't no yn in heal-demoanyske steat ferkeart, fanút Karazhan de poarte nei Draenor iepene, en Gul'dan begjint de finzennommen minsken te offerjen om 'e Kliber nei Azeroth te heljen. Kening Llane, dy't troch de krusige liken fan Froastwolvekrigers foar it ferstân krigen hat dat der gjin help fan Durotan-en-dy komme sil, liedt in frontale oanfal op it oarkekamp, mei as doel om 'e finzenen te befrijen. Underwilens witte yn Karazhan Lothar en Khadgar de demon te ferdylgjen troch de golem boppe-op him te smiten. Lothar set dêrnei fuortendaliks op syn griffioen ôf nei it oarkekamp om kening Llane te helpen. De wer ta himsels kommende Medivh is deadlik ferwûne rekke, mar brûkt syn lêste krêften om 'e poarte nei Draenor te sluten en ynstee in poarte nei Stoarmwyn te iepenjen, dêr't kening Llane de befrijde finzenen en it meastepart fan syn troepen trochhinne stjoert. Ear't er stjert, warskôget Medivh Khadgar, dy't him sûnder mis opfolgje sil as beskermhear fan Tirisfal, dat de iensumens fan dy funksje it kwetsbere plak is dêr't er om tinke moat.

By de dea fan Medivh giet de poarte nei Stoarmwyn ticht, en bliuwe Llane, Garona en in lyts tal minsklike soldaten besingele troch de oarken efter. Wylst Swarthân troch de oarkske rangen nei foarren komt om 'e ear te hawwen de lieder fan 'e fijân om te bringen, jout Llane oan Garona opdracht om him (Llane) ynstee te deadzjen. Dat soe har grutte eare en hege posysje mank de oarken jaan, en dêrmei de macht om frede te bringen tusken oarken en minsken. Garona foldocht mei tsjinnichheid oan syn fersyk en stekt him dea mei de dagge dy't har troch keninginne Taria jûn is. Se wurdt dêrnei troch de oarken ynhelle as nije lieder en ek troch Gul'dan as sadanich akseptearre. Lothar arrivearret te let om Llane te helpen en wol dan it stoflik omskot fan 'e kening weinimme, mar wurdt tsjinholden troch Swarthân. Om Garona yn eare en oansjen te belykjen, daget Swarthân Lothar út ta de mak'gora, mar Lothar weeft sûnder swierrichheden mei him ôf en nimt sa wraak foar de dea fan syn soan. Gul'dan wol Lothar likegoed ombringe litte, mar de oarken wegerje te dwaan wat er wol om't Lothar de mak'gora wûn hat. As er dan sels Lothar te liif wol, hâldt Garona him tsjin troch te sizzen dat gjin oark him mear folgje sil as er syn sin no trochset. Dat bringt de warlock ta ynkear en mei tsjinnichheid lit er Lothar ôfsette mei it lyk fan kening Llane.

Op 'e begraffenis fan kening Llane slute de lieders fan 'e oare minsklike naasjes yn 'e mande mei de dwergen en de elven in ferbûn om 'e oarkske opmars te kearen. Lothar wurdt ta lieder fan 'e mienskiplike legers beneamd. Under fjouwer eagen fertelt Lothar letter oan Khadgar dat er de dagge dy't Taria oan Garona jûn hie, út it lyk fan 'e kening lutsen hat. Hy konkludearret dat Garona harren ferret hat, ek al wol dat Khadgar net oan. Yn it no ferlitten oarkekamp siket Orgrim it lyk fan Durotan op, dêr't er in slachtosk út skuord om dy oan Go'el te jaan. Underwilens spielt de draachwidze mei de lytse Go'el deryn oan 'e igge fan 'e rivier oan, dêr't er ûntdutsen wurdt troch in groepke minsken.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Travis Fimmel.
Paula Patton.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Anduin Lothar Travis Fimmel
Garona Healoark Paul Patton
Durotan Toby Kebbell (as stimakteur)


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Medivh Ben Foster
kening Llane Wrynn fan Stoarmwyn Dominic Cooper
Khadgar Ben Schnetzer
Orgrim Doemhammer Robert Kazinsky (as stimakteur)
Swarthân Clancy Brown (as stimakteur)
Gul'dan Daniel Wu (as stimakteur)
keninginne Taria Wrynn Ruth Negga
Grommash Hellegjalp Terry Notary (as stimakteur)
kening Magni Brûnsburd fan 'e dwergen Michael Adamthwaite
Callan Burkely Duffield
Draka Anna Galvin
Alodi Glenn Close

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ferfilming fan 'e Warcraft-fideospultsjes waard yn maaie 2006 oankundige. Oarspronklik soe de film yn 2009 útkomme, mar dat waard letter opskood nei 2011. Dat jiers wie de film lykwols noch mar yn 'e preproduksjefaze. It wie oarspronklik ek de bedoeling dat Sam Raimi de regisseur wurde soe, mar yn jannewaris 2013 foel de kar op Duncan Jones, de soan fan sjonger David Bowie. As produsinten wiene by it projekt Charles Roven, Alex Gartner, Thomas Tull, Jon Jashni en Stuart Fenegan belutsen foar de studio's Legendary Pictures, Blizzard Entertainment en Atlas Entertainment. Der wie foar Warcraft in budget fan $160 miljoen beskikber.

It senario waard skreaun troch Charles Leavitt, mar oanpast troch Jones sadree't dy yn it projekt behelle waard. Yn 'e oarspronklike ferzje fan it skript wiene alle minsken goed en alle oarken kwea, mar Jones fûn dat in folslein efterhelle konsept en Blizzard wie it dêrmei iens. De kamerarezjy waard dien troch Simon Duggan, wylst Ramin Djawadi de filmmuzyk fersoarge. De opnamen fan Warcraft giene op 13 jannewaris 2014 fan start en duorren fjouwer moannen. De lêste filmdei foel op 23 maaie. De opnamen fûnen foar it meastepart plak yn Vancouver, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia.

De cast fan Warcraft yn 2015 by in parsekonferinsje op 'e San Diego Comic Con.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Warcraft waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 24 maaie 2016 yn Parys yn premiêre, en iepene dêrnei op 30 maaie yn 'e Britske en op 10 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. De byhearrende soundtrack waard ek op 10 juny 2016 op cd útbrocht. De film kaam op 13 septimber 2016 beskiber as digitale download en waard op 22 septimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De filmkritisy moasten net folle hawwe fan Warcraft, en joegen de film benammen negative resinsjes. De krityk konsintrearre him op it feit dat de makkers in film besocht hiene te meitsjen dy't stipet op net bepaald djipdollend boarnemateriaal dat nea bedoeld wie om in film te ûnderstypjen. Yn The A.V. Club skreau A.A. Dowd: "It sjen fan Warcraft lûkt jin nea yn it ferhaal, mar twingt jin ynstee om troch in djip moeras te wâdzjen fan mytology, útlis, opsichtige ljochtshoweffekten, healbakte karakterûntwikkeling en formulemjittige franchise-ûnderbouwing." Regisseur Duncan Jones omskreau er as "in talintearre science fiction-mearkebetinker dy't gillend yn deselde special effects-ôfgrûn fallen is dy't Peter Jackson opslokt hat by dy syn spitige Hobbit-syklus."

Neffens Helen O'Hara fan it Britske tydskrift GQ wie Warcraft op himsels in sterke ferfilming, mar waard de film ûnderúthelle troch it ûnwurkbere senario, dat fierstente breed opset wie foar in film fan twa oeren en dêrtroch gjin inkeld personaazje langernôch yn byld bringe koe om ta wat útdjipping te kommen. Dave Robinson fan Crash Landed priizge de ôfskildering fan 'e oarken yn 'e film, dy't neffens him oannimlik oerkamen. Dêr heakke er lykwols oan ta dat der "echt gjin djipgong yn it skript sit oan 'e minsklike kant fan 'e ôffreding."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Warcraft in leech goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 211 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] hat fisuele spanningsmominten by 't folop, mar dy – en de opfallende talinten fan regisseur Duncan Jones – binne fergriemd yn in trage en neibearende filmadaptaasje fan in populêr fideospultsje, dêr't net folle sinematyske wearde út blykt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Warcraft in goedkarringspersintaazje fan 32%, basearre op 40 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Warcraft brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $47,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $386,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $433,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $160 miljoen betsjut dat in winst fan $273,7 miljoen. Neffens The Hollywood Reporter hie Warcraft lykwols ferlet fan in opbringst fan teminsten $450 miljoen om finansjeel út 'e kosten te kommen, om't der in fermogen oan marketing útjûn wie. Feitliks soe de film dus goed $15 miljoen ferlies lit hawwe, wat benammen feroarsake waard troch de minne opkomst yn 'e Amerikaanske bioskopen. De teloarstellende opbringst yn Noard-Amearika makke dat Blizzard Entertainment (alteast foarearst) ôfseach fan it meitsjen fan mooglike ferfolchfilms.

Dochs wie Warcraft de earste film basearre op in fideospultsje dy't wrâldwiid in opbringst fan mear as $400 miljoen binnenswile. Yn 'e mande mei Terminator: Genisys wie it de iennichste film ea mei in opbringst fan boppe de $400 miljoen wrâldwiid dy't yn Noard-Amearika dochs minder as $100 miljoen opbrocht hie.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Warcraft waard nominearre foar twa Annie Awards: yn 'e kategoryen bêste special effects en bêste animearre optreden fan in fotoreälistysk personaazje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.