Tim McGraw
Tim McGraw | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Samuel Timothy McGraw | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1 maaie 1967 | |
berteplak | Delhi (Louisiana) | |
etnisiteit | Dútsk Frânsk Iersk Ingelsk Italjaansk Nederlânsk Skotsk Tsjechysk Ulstersk | |
wurkpaad | ||
sjenre | country | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | gitaar, stim | |
grutste hit(s) | Don't Take the Girl It's Your Love Live Like You Were Dying | |
jierren aktyf | 1990 – no | |
prizen | 3 × Grammy Award | |
offisjele webside | ||
www.timmcgraw.com |
Tim McGraw (folút: Samuel Timothy McGraw; Delhi (Louisiana), 1 maaie 1967) is in Amerikaansk sjonger fan countrymuzyk, lietsjesskriuwer, muzikant, muzykprodusint en akteur. Hy is ien fan 'e grutte stjerren fan 'e Amerikaanske countrymuzyk, en hy hat troch de jierren hinne trije Grammy Awards en withoefolle oare prizen wûn. McGraw hat yn wrâldwiid mear as 80 miljoen platen ferkocht, wat him ta ien fan 'e bêst ferkeapjende country-artysten aller tiden makket. McGraw hat 16 studio-albums útbocht (teljier: 2023), wêrfan't 10 it earste plak fan 'e Top Country Albums-list helle hawwe, en 65 singles, wêrfan't 25 it earste plak fan 'e hitlisten Hot Country Songs en/of Country Airplay helle hawwe. Syn bekendste hits binne Don't Take the Girl, It's Your Love en Live Like You Were Dying. Hy is troud mei in oare countrystjer, sjongster Faith Hill, mei wa't er ferskate duëtten opnommen hat.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]McGraw waard yn 1967 berne yn Delhi, yn 'e Amerikaanske steat Louisiana, as it ienlingsbern fan Elizabeth Ann "Betty" D'Agostino, in servearster, en Frank Edwin "Tug" McGraw jr., dy't letter yn 'e Feriene Steaten ferneamd wurde soe as honkbalspiler foar de New York Mets en de Philadelphia Phillies. McGraw is fan tige mingd etnysk komôf, mei't syn pake oan memmekant Italjaansk wie en syn beppe oan memmekant Iersk, wylst er oan heitekant Ulstersk (d.w.s. Noardiersk protestantsk), Ingelsk, Skotsk, Frânsk, Nederlânsk, Tsjechysk en Dútsk bloed hat.
McGraw syn heit Tug spile yn 1966 honkbal foar de Jacksonville Suns, en wenne yn Jacksonville yn in appartemint boppe dat fan 'e húshâlding D'Agostino. Betty D'Agostino gie doedestiden noch nei de middelbere skoalle, en doe't hja in relaasje mei Tug krige en swier rekke, waard hja troch har âldelju nei famylje yn Louisiana ta stjoerd om it bern te krijen. Tim McGraw waard troch syn mem grutbrocht yn it plakje Start (Louisiana). Hy droech de efternamme Smith en miende dat syn styfheit Horace Smith syn biologyske heit wie. Yn 1978 fûn er by tafal syn eigen bertebewiis doe't er yn in kast nei krystpresintsjes socht, wêrnei't syn mem him fertelde hoe't it echt siet. McGraw besocht doe kontakt te krijen mei syn biologyske heit, mar dy ûntstried sân jier lang dat McGraw syn soan wie, oant er him einlings en te'n lêsten erkende doe't er mei achttjin jier mearderjierrich waard. Neitiid ûntjoegen hja in nauwe bân en holden dy oant Tug McGraw yn 2004 kaam te ferstjerren.
As bern mocht McGraw graach oan ferskate sporten dwaan, wêrûnder honkbal. Nei de middelbere skoalle koed er troch in sportbeurs trochleare oan 'e Universiteit fan Noardeast-Louisiana (no de Universiteit fan Louisiana te Monroe). Yn dy snuorje learde er gitaar te spyljen en song er út en troch as strjitmuzikant. Nei eigen sizzen brochten syn keamergenoaten syn gitaar gauris wei op in sideplak om't er yn dy tiid fan gitaarspyljen noch net folle bakte. Yn 1987 kearde McGraw syn mem werom nei Jacksonville, yn Floarida, en McGraw gie mei. Hy learde noch in jier oan it Mienskipskolleezje fan Floarida te Jacksonville, mar doe joech er it learen oer en ferfear nei Nashville, yn 'e steat Tennessee, de haadstêd fan 'e Amerikaanske countrymuzykyndustry, mei as doel om in karriêre as muzikant te begjinnen.
Sjongkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei ferskate jierren yn Nashville omstipt te hawwen wylst er it neat te rom hie, loek McGraw yn 1990 de oandacht fan platemaatskippij Curb Records. Hy hie in demosingle makke dêr't syn heit Tug in kopy fan krigen hie, en Tug draaide dat nûmer wylst er mei in goekunde fan him út 'e plate-yndustry ûnderweis wie. In pear wiken letter mocht McGraw syn tape foar de platebazen by Curb ôfspylje, en dy beaen him op grûn dêrfan in kontrakt oan. Twa jier letter, yn 1992, hied er syn earste hitsje mei Welcome to the Club, in nûmer fan syn nei himsels neamde debútalbum Tim McGraw.
Nei noch in pear oare lytse hitsjes brochten McGraw en Curb Records yn 1994 syn twadde album út, Not a Moment Too Soon ("Gjin Momint te Betiid"), in nuveraardich tapaslike titel foar de cd dêr't er mei trochbriek. De earste single fan dy plaat, Indian Outlaw, liet nochal wat stof opwaaie om't de liettekst delbûgend foar Yndianen oer wêze soe, en guon radiostasjons wegeren om it nûmer te draaien. De kontroverse joech McGraw lykwols bekendheid en die him dêrtroch mear goed as kwea. De twadde single fan Not a Moment Too Soon, mei as titel Don't Take the Girl, helle it earste plak op 'e countryhitlisten Hot Country Songs en Country Airplay, en brocht it sels ta it santjinde plak op 'e mainstreamhitlist Billboard Hot 100. De trêde single fan itselde album, Down on the Farm, helle oan 'e ein fan dat jier it twadde plak op 'e countryhitlisten, en yn 1995 behelle McGraw mei de fjirde single, de titelsong Not a Moment Too Soon, foar de twadde kear in earste plak.
All I Want wie McGraw syn trêde album, dat publisearre waard yn 1995, en daliks nei it earste plak Top Country Albums-list sprong. Der waarden mear as 2 miljoen eksimplaren fan ferkocht. De nûmers I Like It, I Love It en She Never Lets It Go to Her Heart wiene wer nûmer 1-hits, wylst trije oare lieten fan 'e cd yn 'e top 5 kamen. Yn 1996 gie McGraw op in toernee mei sjongster Faith Hill as syn iepeningsact. It bewuste toernee hiet The Spontaneous Combustion Tour ("It Spontane Untbrâningstoernee"), op 'e nij in tige tapaslike namme, want Hill en McGraw foelen as in blok foarinoar en krigen al mei gauwens in affêre. Hill briek har ferloving mei muzykprodusint Scott Hendricks ôf, en doe't bliken die dat se yn ferwachting wie, trouden sy en McGraw op 6 oktober 1996.
McGraw syn folgjende album wie Everywhere, dat yn 1997 wer boppe-oan yn Top Country Albums-list stie en dêr't 4 miljoen eksimplaren fan ferkocht waarden. It duët It's Your Love, mei Hill, stie seis wiken efterinoar op nûmer 1 yn 'e hitlisten, wûn sawol Academy of Country Music Awards as Country Music Association Awards, en waard nominearre foar 2 Grammys (de wichtichste Amerikaanske muzykpriis). Oare topnûmers fan deselde cd wiene de titelsong Everywhere, Where the Green Grass Grows en Just to See You Smile, dat in rekôr fêstige troch 42 wiken lang yn 'e hitlisten hingjen te bliuwen. Mei syn fyfde album A Place in the Sun, út 1999, sette McGraw syn opmars fuort. Dy cd waarden sa'n 3 miljoen eksimplaren fan ferkocht, en nûmers as Please Remember Me, Something Like That en My Best Friend dominearren wikenlang de countryhitlisten. Oan 'e ein fan 'e 1990-er jierren naam McGraw noch twa duëtten mei syn frou op, dy't allebeide diel útmakken fan albums fan har. Just to Hear You Say that You Love Me wûn ferskate prizen, mar it wie Let's Make Love dat McGraw syn earste Grammy besoarge.
Yn 2000 kaam McGraw syn earste kompilaasje-album út, titele Greatest Hits, dat njoggen wiken lang boppe-oan yn 'e albumlisten stie, en dêr't krapoan 6 miljoen eksimplaren fan oer de toanbank giene. Dêrmei wie it ien fan 'e bêst ferkeapjende albums út 'e skiednis fan 'e countrymuzyk. Datselde jiers rekken McGraw en kollega-sjonger Kenny Chesney op toernee yn Buffalo behelle yn in hângemien mei de plysje, nei't Chesney it yn 'e kop krige om in ritsje op in plysjehynder te meitsjen en de plysjes mienden dat er it hynder stelle woe. Doe't McGraw him dermei bemuoide, waarden beide sjongers arrestearre foar mishanneling, mar nei ûnderfreging sûnder oanklacht frijlitten. Under in konsert op it George Strait Country Music Festival, in pear wike letter, ferskynde Faith Hill oan 'e ein fan 'e jûn yn in plysje-unifoarm op it poadium om, ta hilariteit fan it publyk, in ferraste McGraw yn hânboeiens ôf te fieren.
McGraw syn sechsde album, Set This Circus Down, kaam út yn april 2001, en omfette û.m. de hits Grown Men Don't Cry, Angry All the Time (in duët mei Faith Hill), The Cowboy in Me en Unbroken. Teffens song er yn datselde jier it duët Bring On the Rain, mei sjongster Jo Dee Messina, dat op it earste plak yn 'e hitlisten binnenkaam. Yn 2002 brocht McGraw it album Tim McGraw and the Dancehall Doctors út, dat er tsjin 'e gewoanten fan 'e countrymuzyk yn mei syn toerneeband de Dancehall Doctors opnommen hie. (Yn 'e Amerikaanske countrymuzyk is it wenst om albums op te nimmen mei saneamde sesjemuzikanten, en toernees ôf te wurkjen mei toerneebands, en dy beide net trochinoar te heljen.) McGraw woe mei dizze cd lykwols erkenning skinke oan 'e bydrage dy't syn fêste toerneeband oan syn súkses levere hat. It nûmer Real Good Man helle it earste plak en She's My Kind of Rain it twadde plak op 'e hitlisten.
Live Like You Were Dying wie McGraw syn achtste album, dat útkaam yn 2004. De titelsong Live Like You Were Dying, opdroegen oan McGraw syn biologyske heit Tug McGraw, dy't earder dat jiers oan in harsenstumor ferstoarn wie, waard in grut súkses en wûn in Grammy Award en ferskate oare prizen. Oan 'e ein fan datselde jier hie McGraw noch in grutte hit mei Over and Over, in ûnwierskynlik duët mei hiphop-sjonger Nelly, dat tsien wiken lang boppe-oan 'e hitlisten stie. It wie McGraw syn earste oerstap nei in oar sjenre (dat fan 'e softrock-ballad), en wie ek yn it bûtenlân in grut súkses, dêr't it in nûmer 1-hit wie yn it Feriene Keninkryk en yn 'e top tsien stie yn Denemark, Dútslân, Eastenryk, Kanada, Roemeenje en Switserlân.
McGraw syn Soul2Soul II Tour fan 2006 waarden hast 1,1 miljoen kaartsjes foar ferkocht en brocht krapoan $89 miljoen yn 't laadsje, wat it ta it meast opbringende toernee út 'e skiednis fan 'e countrymuzyk makke. Yn 2007 kaam der alwer in nij album fan McGraw út, Let It Go, wêrfan't de earste single, Last Dollar (Fly Away) op 'e nij in nûmer 1-hit wie, wylst If You're Reading This en it duët mei Faith Hill I Need You elts twa Grammy-nominaasjes yn 'e wacht sleepten. Yn dyselde snuorje wie McGraw ek aktyf as muzykprodusint, û.m. fan it duo Halfway to Hazard. McGraw syn tsiende studio-album, Southern Voice, waard útjûn yn oktober 2009, mei as súksesfolste nûmer It's a Business Doing Pleasure with You. It folgjende album, Emotional Traffic, dat úteinlik yn 2012 útkaam, wie McGraw syn lêste album foar platelabel Curb Records, mei't der spul ûntstien wie oer de publikaasje (yn 2008) fan in trêde kompilaasje-cd sûnder McGraw syn tastimming. De deilisskip waard yn 'e rjochtseal útfochten doe't McGraw dêrnei net mear foar Curb wurkje woe en de platemaatskippij him oanklage foar kontraktbrek. Yn novimber 2011 stelde de rjochter McGraw yn it gelyk.
Yn maaie 2012 tekene McGraw in nij kontrakt mei Big Machine Records, dêr't er yn 2013 syn tolfde studio-album, Two Lanes of Freedom, útbrocht. Dat album omfieme û.o. Highway Don't Care, in duët mei Taylor Swift. Yn septimber 2014 kaam McGraw syn twadde album by Big Machine út, mei as titel Sundown Heaven Town. De grutste hit dêrfan wie Shotgun Rider, dy't wer ris it earste plak op 'e countryhitlisten helle. In nij studio-album, McGraw syn fjirtjinde, ferskynde yn novimber 2015, mei as titel Damn Country Music. Fan april 2017 oant en mei maart 2018 giene McGraw en Hill tegearre op toernee troch de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Ierlân. Underwilens kaam yn novimber 2017 by platemaatskippij Arista Nashville harren duëtalbum The Rest of Your Life út, dat meitelt as studio-album foar beide artysten. Yn febrewaris 2020 kearde McGraw werom by Big Machine Records, dêr't er yn augustus fan dat jier syn sechstjinde studio-album útbrocht: Here on Earth. Hy soe dêrmei ek wer op toernee, mar dat gie net troch fanwegen de koroanafiruspandemy.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Behalven as sjonger is McGraw ek aktyf as akteur. Syn debút makke er datoangeande yn 1997 yn in ôflevering fan The Jeff Foxworthy Show, as de rivaal fan haadpersoan Jeff Foxworthy. Letter spile er û.m. in sheriff yn 'e film Black Cloud (2004) en in bazige heit fan in jonge spiler fan Amerikaansk fuotbal yn 'e film Friday Night Lights (2004). Syn earste haadrol hied er yn 2006, yn Flicka, in ferfilming fan it bekende boek fan Mary O'Hara oer de leafde tusken in famke en in mustang. McGraw spile de rol fan 'e heit, dy't syn dochter net begrypt. Dêrnjonken produsearre er ek de soundtrack fan 'e film. Koart foar't Flicka útkaam, krige McGraw in eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame, op Hollywood Boulevard yn Los Angeles, tusken dy fan Julie Andrews, William Shatner en Greta Garbo yn. Yn 2007 hie McGraw in lyts roltsje yn 'e aksjeskriller The Kingdom as in oerlibbene fan in terroristyske oanslach op in Amerikaanske legerbasis yn Saûdy-Araabje. Yn 2008 spile er ien fan 'e bruorren fan it personaazje fan Vince Vaughn yn 'e krystkomeedzje Four Christmases.
Yn 2009 fertolke McGraw in wichtige byrol yn 'e film The Blind Side, as Sean Tuohy, de man fan Sandra Bullock har personaazje Leigh Anne Tuohy. De film wie basearre op it wierbarde ferhaal fan Michael Oher, in dakleaze Afro-Amerikaanske teenager út in brutsen gesin, dy't yn Memphis, yn it Amerikaanske Suden, opnommen wurdt yn 'e rike blanke húshâlding fan 'e Tuohy's, dy't him helpe om syn talinten te ûntdekken. Foar har rol yn The Blind Side wûn Sandra Bullock in Oscar yn 'e kategory bêste aktrise. Yn 2010 kaam fierders de film Country Strong út, wêryn't McGraw in James Canter spilet, de man en manager fan 'e fiktive countrysjongster Kelly Canter (spile troch Gwyneth Paltrow). Yn 2021 spile McGraw mei syn frou Faith Hill en akteur Sam Elliot ien fan 'e haadrollen yn 'e westernsearje 1883, in spin-off fan Taylor Sheridan syn súksesfolle neo-westernrige Yellowstone.
Oare aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken syn wurk is McGraw ek allegeduerigen djip behelle yn goeddiedige aktiviteiten. Sa rjochte er yn 1994 al it muzykfestival Swampstock op yn syn bertegebiet yn noardeastlik Louisiana, dêr't elts jier 11.000 minsken op ôfkomme. De opbringst giet folslein nei de pleatslike mienskip, dy't der nije sportfjilden en sportnedichheden mei oanlein en oanskaft hat en der teffens stúdzjebeurzen foar de jongerein út 'e krite mei betellet. Fierders holp McGraw om jild yn te sammeljen foar it Country Music Foundation Hall of Fame and Museum yn Nashville, en hold er yn it ferline geregeldwei lytse benefytkonsertsjes yn 'e stêden dy't er oandie op toernee, de jûns foarôfgeande oan it eigentlike konsert.
Fuort nei't New Orleans yn 2005 troffen wie troch de orkaan Katrina setten McGraw en Faith Hill harren persoanlik yn om foarrieden by de oerlibbenen te bringen. Teffens joegen se ferskate benefytkonserten, wêrfan't de opbringst nei de slachtoffers fan Katrina gie. Letter dat jier rjochten McGraw en Hill de Neighbor's Keeper Foundation ("Hoeder fan Jins Neiste Stifting") op, in goeddiedichheidsorganisaasje dy't him ynset foar de earste libbenbehoeften yn gefal fan grutskalige natoerrampen. Dêrnjonken set McGraw him ek geregeldwei yn foar it Reade Krús, en mids 2010 organisearre er mei Hill in benefytkonsert fan ferskate country-artysten, wêrmei't mear as $2 miljoen ophelle waard foar de slachtoffers fan 'e oerstreamings yn maaie fan dat jier yn sintraal Tennessee, wêrby't 22 minsken omkamen en foar $2 miljard oan skea oanrjochte waard.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]McGraw hat der nea in geheim fan makke dat er lid fan 'e Demokratyske Partij is. Hy hat oanjûn grut respekt te hawwen foar de eardere Amerikaanske presidint Bill Clinton, en yn 2008 en 2012 stipe er Barack Obama. Yn fraachpetearen hat er yn 2006 en 2008 ferskillende kearen oanjûn dat him skielk in karriêre yn 'e polityk wol wat taliket. Sa soed er wol senator of mooglik gûverneur fan syn thússteat Tennessee wurde wolle.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tim McGraw troude op 6 oktober 1996 mei sjongster Faith Hill. Hja hawwe trije dochters: Gracie Katherine (1997), Maggie Elizabeth (1998) en Audrey Caroline (2001). Nei eigen sizzen hawwe Hill en McGraw sûnt harren trouwen besocht om nea langer as trije dagen byinoar wei te wêzen. Se binne eigners fan Goat Cay, in lyts eilantsje yn 'e Bahama's dat se ûnoffisjeel omneamd hawwe ta L'Île d'Anges (Frânsk foar "it Eilân fan 'e Ingels"). Neffens de foto's dy't McGraw op it sosjaal medium Instagram pleatst fan it ferbliuw fan syn gesin op dat eilân, liket er him dêr benammen dwaande te hâlden mei angelfiskjen.
Yn 2015 rûsde it tydskrift Forbes it jierliks ynkommen fan McGraw op $38 miljoen. McGraw hat in fleanbrevet en besit in sportfleantúchje fan it model Cirrus SR22. Hy is de peetheit fan 'e soan fan akteurs Garrett Hedlund en Emma Roberts; hy en Hedlund rekken befreone nei't se allebeide spile yn 'e films Friday Night Lights en Country Strong.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]útbrocht | titel | label | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|---|
20 april 1993 | Tim McGraw | Curb Records | n.f.t. | n.f.t. |
22 maart 1994 | Not a Moment Too Soon | Curb Records | wûn in American Music Award foar album fan it jier | (6× platina) (2× platina) |
19 septimber 1995 | All I Want | Curb Records | n.f.t. | (3× platina) (platina) |
3 juny 1997 | Everywhere | Curb Records | wûn in CMA Award foar album fan it jier | (5× platina) (2× platina) |
4 maaie 1999 | A Place in the Sun | Curb Records | wûn in CMA Award foar album fan it jier | (4× platina) (platina) |
24 april 2001 | Set This Circus Down | Curb Records | wûn in American Music Award foar bêste country-album | (3× platina) (platina) |
26 novimber 2002 | Tim McGraw and the Dancehall Doctors | Curb Records | n.f.t. | (3× platina) (platina) |
24 augustus 2004 | Live Like You Were Dying | Curb Records | wûn in American Music Award foar album fan it jier | (4× platina) (platina) |
27 maart 2007 | Let It Go | Curb Records | nom. foar in Grammy Award foar bêste country-album | (platina) (goud) |
20 oktober 2009 | Southern Voice | Curb Records | n.f.t. | (goud) (goud) |
24 jannewaris 2012 | Emotional Traffic | Curb Records | n.f.t. | n.f.t. |
5 febrewaris 2013 | Two Lanes of Freedom | Big Machine Records | n.f.t. | (goud) (goud) |
16 septimber 2014 | Sundown Heaven Town | Big Machine Records | n.f.t. | n.f.t. |
6 novimber 2015 | Damn Country Music | Big Machine Records | n.f.t. | (goud) |
17 novimber 2017 | The Rest of Our Life (duëtalbum mei Faith Hill) |
Arista Nashville | n.f.t. | n.f.t. |
21 augustus 2020 | Here on Earth | Big Machine Records | n.f.t. | n.f.t. |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]útbrocht | titel | label | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|---|
21 novimber 2000 | Greatest Hits | Curb Records | wûn in Billboard Music Award foar country-album fan it jier | (6× platina) (2× platina) |
28 maart 2006 | Reflected: Greatest Hits, Vol. 2 | Curb Records | n.f.t. | (2× platina) (platina) |
29 april 2008 | Greatest Hits: Limited Edition | Curb Records | n.f.t. | n.f.t. |
6 maaie 2008 | Collector's Edition | Curb Records | n.f.t. | n.f.t. |
7 oktober 2008 | Greatest Hits 3 | Curb Records | n.f.t. | (goud) |
7 oktober 2008 | Limited Edition: Greatest Hits, Volumes 1, 2 & 3 | Curb Records | n.f.t. | n.f.t. |
30 novimber 2010 | Number One Hits | Curb Records | n.f.t. | (platina) |
22 jannewaris 2013 | Tim McGraw & Friends | Curb Records | n.f.t. | n.f.t. |
4 febrewaris 2014 | Love Story | Curb Records | n.f.t. | n.f.t. |
16 juny 2015 | 35 Biggest Hits | Curb Records | n.f.t. | n.f.t. |
21 oktober 2016 | McGraw: The Ultimate Collection | Curb Records | n.f.t. | n.f.t. |
15 juny 2018 | The Biggest Hits of Tim McGraw | Curb Records | n.f.t. | n.f.t. |
20 novimber 2020 | McGraw Machine Hits: 2013–2019 | Big Machine Records | n.f.t. | n.f.t. |
Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eigen singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | titel | prizen en nominaasjes | resultaat | album |
---|---|---|---|---|
1991 | What Room Was the Holiday In | n.f.t. | n.f.t. | Tim McGraw |
1992 | Welcome to the Club | n.f.t. | n.f.t. | |
1993 | Memory Lane | n.f.t. | n.f.t. | |
Two Steppin' Mind | n.f.t. | n.f.t. | ||
1994 | Indian Outlaw | n.f.t. | (platina) | Not a Moment Too Soon |
Don't Take the Girl | n.f.t. | (2× platina) | ||
Down on the Farm | n.f.t. | n.f.t. | ||
Not a Moment Too Soon | n.f.t. | n.f.t. | ||
1995 | Refried Dreams | n.f.t. | n.f.t. | |
I Like It, I Love It | n.f.t. | (2× platina) | All I Want | |
Can't Be Really Gone | n.f.t. | n.f.t. | ||
1996 | All I Want Is a Life | n.f.t. | n.f.t. | |
She Never Lets It Go to Her Heart | n.f.t. | n.f.t. | ||
Maybe We Should Just Sleep on It | n.f.t. | n.f.t. | ||
1997 | It's Your Love (mei Faith Hill) |
wûn 4 ACM Awards, 1 CMA Award, 1 CMT Music Award, 1 Billboard Award, nom. foar Grammy Awards foar bêste countryliet en bêste fokale countrygearwurking |
(4× platina) | Everywhere |
Everywhere | n.f.t. | (goud) | ||
Just to See You Smile | wûn in Billboard Award foar countrysingle fan it jier | (2× platina) | ||
1998 | One of These Days | n.f.t. | n.f.t. | |
Where the Green Grass Grows | n.f.t. | (platina) | ||
For a Little While | n.f.t. | n.f.t. | ||
1999 | Please Remember Me | n.f.t. | n.f.t. | A Place in the Sun |
Something Like That | n.f.t. | (2× platina) | ||
My Best Friend | n.f.t. | (platina) | ||
2000 | Some Things Never Change | n.f.t. | n.f.t. | |
My Next Thirty Years | n.f.t. | (goud) | ||
2001 | Grown Men Don't Cry | n.f.t. | n.f.t. | Set This Circus Down |
Angry All the Time (mei Faith Hill) |
n.f.t. | n.f.t. | ||
The Cowboy in Me | n.f.t. | (goud) | ||
2002 | Unbroken | n.f.t. | n.f.t. | |
Red Rag Top | n.f.t. | n.f.t. | Tim McGraw and the Dancehall Doctors | |
Tiny Dancer | n.f.t. | n.f.t. | ||
2003 | She's My Kind of Rain | n.f.t. | (goud) | |
Real Good Men | n.f.t. | (goud) | ||
Watch the Wind Blow By | n.f.t. | n.f.t. | ||
2004 | Live Like You Were Dying | wûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in man; wûn 2 ACM Awards, 1 CMA Award en 1 CMT Music Award |
(4× platina) | Live Like You Were Dying |
Back When | n.f.t. | n.f.t. | ||
2005 | Drugs or Jesus | n.f.t. | n.f.t. | |
Do You Want Fries with That? | n.f.t. | n.f.t. | ||
My Old Friend | n.f.t. | n.f.t. | ||
2006 | When the Stars Go Blue | n.f.t. | (platina) | Tim McGraw Reflected: Greatest Hits Vol. 2 |
My Little Girl | n.f.t. | (2× platina) | ||
2007 | Last Dollar (Fly Away) | n.f.t. | (goud) | Let It Go |
I Need You (mei Faith Hill) |
nom. foar 2 Grammy Awards foar bêste countryliet en bêste fokale countrygearwurking | (platina) | ||
If You're Reading This | nom. foar 2 Grammy Awards foar bêste country-liet en bêste countrynûmer songen troch in man | (platina) | ||
Suspicions | n.f.t. | n.f.t. | ||
2008 | Kristofferson | n.f.t. | n.f.t. | |
Let It Go | n.f.t. | n.f.t. | ||
2009 | Nothin' to Die For | n.f.t. | n.f.t. | |
It's a Business Doing Pleasure with You | n.f.t. | n.f.t. | Southern Voice | |
Southern Voice | n.f.t. | (goud) | ||
2010 | Still | n.f.t. | n.f.t. | |
Felt Good on My Lips | n.f.t. | (platina) | Number One Hits | |
2011 | Me and Tennessee (mei Gwyneth Paltrow) |
n.f.t. | n.f.t. | Country Strong (soundtrack) |
Better than I Used to Be | n.f.t. | (goud) | Emotional Traffic | |
2012 | Right Back Atcha, Babe | n.f.t. | n.f.t. | |
Truck, Yeah | n.f.t. | (platina) | Two Lanes of Freedom | |
One of Those Nights | n.f.t. | (platina) | ||
2013 | Highway Don't Care (mei Taylor Swift) |
nom. foar in Grammy Award foar bêste countryduo of -band | (3× platina) | |
Southern Girl | n.f.t. | (platina) | ||
2014 | Lookin' for That Girl | n.f.t. | n.f.t. | Sundown Heaven Town |
Meanwhile, Back at Mama's (mei Faith Hill) |
nom. foar in Grammy Award foar bêste countryduo of -band | (platina) | ||
Shotgun Rider | n.f.t. | (platina) | ||
2015 | Diamond Rings and Old Barstools (mei Catherine Dunn) |
n.f.t. | (goud) | |
Top of the World | n.f.t. | n.f.t. | Damn Country Music | |
2016 | Humble and Kind | wûn de CMT Music Award foar fideoclip fan it jier | (3× platina) (2× platina) | |
How I'll Always Be | n.f.t. | n.f.t. | ||
2017 | Speak to a Girl (mei Faith Hill) |
n.f.t. | n.f.t. | The Rest of Our Life |
The Rest of Our Life (mei Faith Hill) |
n.f.t. | n.f.t. | ||
2018 | Neon Church | n.f.t. | n.f.t. | Here on Earth |
2019 | Thought About You | n.f.t. | n.f.t. | |
2020 | I Called Mama | n.f.t. | n.f.t. | |
2021 | Undivided | n.f.t. | n.f.t. | |
7500 OBO | n.f.t. | n.f.t. |
Gastsingles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | titel | prizen en nominaasjes | resultaat | album |
---|---|---|---|---|
1996 | Hope (mei ferskate artysten) |
n.f.t. | n.f.t. | net op album útbrocht |
1998 | Just to Hear You Say That You Love Me (mei Faith Hill) |
wûn 2 TNN/Music City News Awards en 1 ACM Award; nom foar in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking |
n.f.t. | Faith |
2000 | Let's Make Love (mei Faith Hill) |
wûn in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking | n.f.t. | Breathe |
2001 | Bring On the Rain (mei Jo Dee Messina) |
n.f.t. | n.f.t. | Burn |
2004 | Over and Over (mei Nelly) |
n.f.t. | (goud) | Suit |
2005 | Like We Never Loved at All (mei Faith Hill) |
wûn in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking | n.f.t. | Fireflies |
2008 | Nine Lives (mei Def Leppard) |
n.f.t. | n.f.t. | Songs from the Sparkle Lounge |
2012 | Feel Like a Rock Star (mei Kenny Chesney) |
wûn in CMA Award | (goud) | Welcome to the Fishbowl |
2016 | Lovin' Lately (mei Big & Rich) |
n.f.t. | n.f.t. | Gravity |
May We All (mei Florida Georgia Line) |
n.f.t. | (3× platina) | Dig Your Roots | |
Forever Country (mei ferskate oare artysten) |
n.f.t. | n.f.t. | net op in album útbrocht |
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1997 | The Jeff Foxworthy Show | Lionel | gastrol; ôfl. Feud for Thought |
2000 | Sesame Street | himsels | gastrol; ôfl. #3919 |
2008 | Saturday Night Live | n.f.t. | as presintator; ôfl. Tim McGraw/Ludacris & T-Pain |
2011 | Who Do You Think You Are? | n.f.t. | geneälogyprogramma; ôfl. Tim McGraw |
2013 | Cake Boss | himsels | realitytillefyzjeprogramma; ôfl. A Cowboy In Hoboken |
2015 | Repeat After Me | himsels | gastrol; ôfl. 1x4 |
2016 | The Voice | n.f.t. | as adviseur; realitytillefyzjeprogramma |
2019 | Brad Paisley Thinks He's Special | n.f.t. | te gast |
2021 | Yellowstone | James Dutton | gastrol; 2 ôfl. yn seizoen 4 |
2021–2022 | 1883 | James Dutton | haadrol; 10 ôfl. |
films | |||
2004 | Black Cloud | sheriff Cliff Powers | |
2004 | Friday Night Lights | Charles Billingsley | nom. foar in MTV Movie Award foar bêste trochbraak fan in akteur |
2006 | Flicka | Rob McLaughlin | nom. foar in Critics' Choice Award foar bêste liet (My Little Girl) |
2007 | The Kingdom | Aaron Jackson | |
2008 | Four Christmases | Dallas McVie | |
2009 | The Blind Side | Sean Tuohy | |
2010 | Dirty Girl | Danny Briggs | |
2010 | Country Strong | James Canter | |
2015 | Tomorrowland | Eddie Newton | |
2017 | The Shack | Willie |
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | priis | resultaat | kategory | foar it nûmer/album |
---|---|---|---|---|
1994 | American Music Award | wûn | album fan it jier | Not a Moment Toon Soon |
wûn | bêste nije manlike sjonger | n.f.t. | ||
Billboard Music Award | wûn | bêste nije country-album | Not a Moment Too Soon | |
wûn | bêste nije manlike artyst | n.f.t. | ||
TNN/Music City News Award | wûn | manlike fideoclipartyst fan it jier | n.f.t. | |
1995 | American Music Award | wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. |
1997 | ACM Award | wûn | bêste single fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love |
wûn | bêste liet fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love | ||
wûn | bêste sangbarren fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love | ||
Billboard Music Award | wûn | single fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love | |
CMA Award | nominearre | sangbarren fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love | |
TNN/Music City News Award | wûn | fideoclip fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love | |
wûn | manlike artyst fan it jier | n.f.t. | ||
1998 | Billboard Music Award | wûn | bêste countrysingle fan it jier | Just to See You Smile |
CMA Award | wûn | album fan it jier | Everywhere | |
Grammy Award | nominearre | bêste countryliet (mei Faith Hill) | It's Your Love | |
nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) | It's Your Love | ||
1999 | ACM Award | wûn | bêste fideoclip fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love |
wûn | bêste sangbarren fan it jier (mei Faith Hill) | Just to Hear You Say That You Love Me | ||
wûn | sjonger fan it jier | n.f.t. | ||
CMA Award | wûn | album fan it jier | A Place in the Sun | |
wûn | sjonger fan it jier | n.f.t. | ||
Grammy Award | nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) | Just to Hear You Say That You Love Me | |
TNN/Music City News Award | wûn | liet fan it jier (mei Faith Hill) | Just to Hear You Say That You Love Me | |
wûn | fokale gearwurking fan it jier (mei Faith Hill) | Just to Hear You Say That You Love Me | ||
2000 | ACM Award | wûn | sjonger fan it jier | n.f.t. |
Billboard Music Award | wûn | manlike artyst fan it jier | n.f.t. | |
CMA Award | wûn | sjonger fan it jier | n.f.t. | |
National Fatherhood Initiative | wûn | heit fan it jier | n.f.t. | |
2001 | American Music Award | wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. |
Billboard Music Award | wûn | bêste country-album | Greatest Hits | |
wûn | bêste countrysingle-artyst | n.f.t. | ||
wûn | bêste country-album-artyst | n.f.t. | ||
wûn | bêste manlike country-artyst | n.f.t. | ||
wûn | bêste country-artyst | n.f.t. | ||
CMA Award | wûn | artyst fan it jier | n.f.t. | |
Grammy Award | wûn | bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) | Let's Make Love | |
2002 | American Music Award | wûn | bêste country-album | Set This Circus Down |
wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. | ||
2003 | American Music Award (jann.) | wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. |
American Music Award (nov.) | wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. | |
Grammy Award | nominearre | bêste countrynûmer songen troch in man | She's My Kind of Rain | |
Radio Music Award | wûn | bêste manlike country-artyst | n.f.t. | |
2004 | CMA Award | wûn | single fan it jier | Live Like You Were Dying |
NIAF Award | wûn | NIAF Special Achievement Award in Music | n.f.t. | |
People's Choice Award | wûn | favorite country-artyst fan it jier | n.f.t. | |
Radio Music Award | wûn | bêste manlike country-artyst | n.f.t. | |
2005 | ACM Award | wûn | single fan it jier | Live Like You Were Dying |
wûn | liet fan it jier | Live Like You Were Dying | ||
American Music Award | wûn | album fan it jier | Live Like You Were Dying | |
wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. | ||
CMT Music Award | wûn | meast ynspirearjende fideoclip | Live Like You Were Dying | |
Grammy Award | wûn | bêste countrynûmer songen troch in man | Live Like You Were Dying | |
People's Choice Award | wûn | favorite country-artyst fan it jier | n.f.t. | |
2006 | Grammy Award | wûn | bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) | Like We Never Loved at All |
People's Choice Award | wûn | favorite manlike artyst fan it jier | n.f.t. | |
2007 | Grammy Award | nominearre | bêste countrynûmer songen troch in man | If You're Reading This |
nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) | I Need You | ||
nominearre | bêste country-liet | If You're Reading This | ||
nominearre | bêste countryliet (mei Faith Hill) | I Need You | ||
nominearre | bêste country-album | Let It Go | ||
2012 | CMA Award | wûn | bêste sangbarren fan it jier (mei Kenny Chesney) | Feel Like a Rock Star |
2013 | British Country Music Award | wûn | ynternasjonale liet fan it jier (mei Taylor Swift) | Highway Don't Care |
Grammy Award | nominearre | bêste country-album | Two Lanes of Freedom | |
nominearre | bêste countryduo of -band (mei Taylor Swift) | Highway Don't Care | ||
2014 | Grammy Award | nominearre | bêste countryduo of -band (mei Faith Hill) | Meanwhile, Back at Mama's |
People's Choice Award | wûn | ikoan fan it jier | n.f.t. | |
2016 | CMT Music Award | wûn | fideoclip fan it jier | Humble and Kind |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|
- Amerikaansk sjonger
- Amerikaansk lietsjeskriuwer
- Amerikaansk muzikant
- Amerikaansk gitarist
- Amerikaansk country-artyst
- Amerikaansk muzykprodusint
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma
- Grammy-winner
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Iersk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf
- Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Tsjechysk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ulstersk komôf
- Persoan berne yn 1967