Billboard Music Award

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Billboard Award)
Billboard Music Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar muzyk
útrikt troch Billboard
frekwinsje 1x jiers
datum maaie
plak Paradise (Nevada)
ynsteld 1989
1e útrikking 1990
offisjele webside
www.billboard.com/bbma/

De Billboard Music Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier (yn maaie) útrikt wurde foar de bêste wurken op it mêd fan 'e muzykyndustry. De tawizing wurdt dien troch it toanoanjaande muzyktydskrift anneks hitlist Billboard, en de útrikking, dy't foar it earst holden waard yn 1990, wurdt live útstjoerd op 'e Amerikaanske tillefyzje. De útstjoering waard oarspronklik hast tweintich jier lang fersoarge troch de stjoerder Fox, mar nei't dy it programma yn 2007 falle liet, waarden de Billboard Music Awards fjouwer jier net útrikt, oant ABC yn 2011 de útstjoering oppakte.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 't heden hawwe de Billboard Music Awards 37 fêste kategoryen (wêrfan't "artyst fan it jier", "album fan it jier", "liet fan it jier" en "nije artyst fan it jier" it wichtichst binne):

  • artyst fan it jier
  • nije artyst fan it jier
  • Top Billboard 200-artyst
  • Top Hot 100-artyst
  • bêste froulike artyst
  • bêste manlike artyst
  • bêste duo/groep
  • bêste country-artyst
  • bêste dance-artyst
  • bêste digitale muzykartyst
  • bêste kristlike artyst
  • bêste Latin-artyst
  • bêste rap-artyst
  • bêste R&B-artyst
  • bêste rock-artyst
  • bêste sosjale artyst
  • bêste streaming-artyst
  • spesjale prizen (net elts jier útrikt):
    • Artist Achievement Award (oeuvrepriis)
    • artyst fan it desennium
    • Billboard Century Award
    • Billboard Spotlight Award
    • Icon Award
    • Milestone Award
    • Millennium Award
    • Rising Star Award
    • Woman of the Year Award

Ofskafte kategoryen binne û.m.:

  • bêste nije manlike artyst
  • bêste nije froulike artyst
  • bêste alternative artyst
  • bêste nije groep/band
  • bêste digitale media-artyst
  • bêste EDM-artyst
  • bêste klassike crossover-artyst
  • bêste moderne rockartyst
  • bêste popartyst
  • bêste pop-punkartyst
  • bêste ûnôfhinklike album-artyst
  • bêste alternative album
  • bêste EDM-album
  • bêste klassike crossover-album
  • bêste popalbum
  • bêste ûnôfhinklike album
  • bêste nije liet
  • bêste alternative liet
  • bêste EDM-liet
  • bêste moderne rockliet
  • bêste popliet
  • bêste R&B-liet
  • bêste Rythmic Top 40-titel
  • bêstferkeapjende single
  • bêste soundtrack-single fan it jier

De winners fan 'e wichtichste kategoryen en de spesjale prizen fan 'e Billboard Music Award steane fernijd op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy, ûnder de kopkes Ceremonies (winners fan 'e wichtichste kategoryen) en Special Awards (winners fan 'e spesjale prizen).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.