Faith Hill
Faith Hill | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Audrey Faith Perry | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 21 septimber 1967 | |
berteplak | Ridgeland (Mississippy) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
sjenre | country, country-pop | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | gitaar | |
grutste hit(s) | This Kiss Breathe Cry | |
jierren aktyf | 1993 – no | |
prizen | 5x Grammy Award | |
offisjele webside | ||
www.faithhill.com |
Faith Hill (berne as: Audrey Faith Perry; Ridgeland (Mississippy), 21 septimber 1967), is in Amerikaansk countrysjongster, lietsjesskriuwster, muzikante, muzykprodusinte en aktrise. Se is ien fan 'e grutte stjerren fan 'e countrymuzyk, dy't troch de jierren hinne 5 Grammy Awards wûn hat, wylst se foar dyselde priis ek nochris 10 nominaasjes yn 'e wacht sleept hat. Hill hat wrâldwiid mear as 40 miljoen platen ferkocht. Har bekendste hits binne This Kiss, Breathe en Cry. Hill is troud mei countrystjer Tim McGraw, mei wa't se ferskate duëtten opnommen hat.
Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Faith Hill waard yn 1967 berne yn it plakje Ridgeland, yn 'e Amerikaanske steat Mississippy, justjes benoarden de stêd Jackson. Hja waard as poppe oannommen troch it gesin Perry, en groeide op yn it stedsje Star, op 25 km fan Jackson. Har pleechâlden wiene baptisten, en brochten Hill en harren beide biologyske soannen strang kristlik grut.
Hill har muzikale talint oppenearre him al ier, en doe't se sân wie, hie se har earste optreden. Dêrnei song se geregeldwei yn 'e ferskillende tsjerken yn har wenplak en de omkriten dêrfan, sawol de baptistyske as dy fan oare denominaasjes. Op har santjinde foarme se mei guon freonen in bandsje dat optrede by pleatslike rodeo's. Se studearre in blaumoandei oan it Hinds Community College, yn Raymond, mar yn 1986, doe't se njoggentjin jier wie, joech hja de skoalle deroan en ferfear nei Nashville, yn 'e steat Tennessee, it mekka fan 'e countrymuzyk, om te besykjen en meitsje har dream wier om in countrysjongster te wurden.
Yn Nashville[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 't earstoan woe it mei har karriêre net slagje. In audysje foar in baan as eftergrûnsjongster foar countrystjer Reba McEntire rûn op neat út, en nei't se in hoartsje T-shirts ferkocht hie, fûn se wurk as siktaresse by in útjouwerij fan blêdmuzyk. Teffens wurke se in skoft yn in McDonald's-restaurant, dêr't se in grouwéligen hekel oan hie. Yn 1988 troude hja mei Daniel Hill, dy't in liedingjaande funksje hie by in bedriuw yn 'e muzykyndustry. Yn 1990 begûn se in syktocht nei har biologyske mem, dy't se úteinlik fûn en mei wa't se briefke oant har memme ferstjerren.
Nei't in kollega har op in dei sjongen heard hie, waard Hill troch de lieding fan 'e útjouwerij frege om dêr demonstraasjesjongster te wurden. Yn deselde snuorje wurke se ek as eftergrûnsjongster foar lietsjesskriuwer Gary Burr, dy't it foar de moade hie om syn nije lieten te sjongen yn it Bluebird Cafe yn Nashville, om oan 'e weet te kommen hoe't it publyk deroer tocht. By ien fan dy optredens wie Bob Saporiti yn it kafee oanwêzich, dy't yn 'e direksje fan muzykprodusint Warner Bros. Records siet. Doe't dy Hill sjongen hearde, frege er har om audysje te dwaan, wat der úteinlik ta late dat Warner Bros. har in kontrakt oanbea.
Sjongkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hill har debútalbum, Take Me As I Am, kaam yn 1993 út. Dat hie goede ferkeapsifers, mei troch it nûmer Wild One, dat fjouwer wiken efterinoar op it earste plak yn 'e countryhitlist stie. Dat wie doe by froulike artysten al yn gjin tritich jier mear foarkommen. It album sels waard yn 'e Feriene Steaten sawol as Kanada trije kear platina. Koart nei de publikaasje fan Take Me As I Am rûn Hill har houlik lykwols op 'e klippen, en sy en har man skieden yn 1994. Har twadde album, It Matters to Me, wêrfan't de opnamen útsteld wiene fanwegen in operaasje oan in barsten ier op har stimbannen, ferskynde yn 1995. Dat waard op 'e nij, mei mear trije miljoen ferkochte eksimplaren, in grut súkses, en mei de titelsong behelle Hill har fjirde nûmer 1-hit.
Yn 'e maityd fan 1996 sette Hill útein mei it Spontaneous Combustion-toernee, mei countrysjonger Tim McGraw. Hill hie har doedestiden krekt ferloofd mei har eardere produsint Scott Hendricks, wylst McGraw krekt in ferloving ôfbrutsen hie. De beide sjongers krigen al mei gauwens in affêre, en nei't se ûntdieken dat Hill yn ferwachting wie fan McGraw syn bern, trouden se op 6 oktober 1996. It houlik hâldt noch altyd (mids 2014) stân, en se hawwe trije dochters, Gracie Katherine (1997), Maggie Elizabeth (1998) en Audrey Caroline (2001). Neffens eigen sizzen hawwe Hill en McGraw sûnt harren trouwen besocht om nea langer as trije dagen byinoar wei te wêzen.
Om't se swier en krekt troud wie, naam Hill fan ein 1996 in pear jier lins om te bekommen fan 'e foargeande hektyske jierren en om 'e kâns te hawwen in nij libben mei har man op te bouwen. Yn 1997 naam se mei McGraw it duët It's Your Love op, dat seis wiken efterinoar op nûmer 1 stean bleau, en dêr't se sawol Academy of Country Music Awards as Country Music Association Awards mei wûnen. Hill har trêde album Faith, dat wat minder klassyk country wie en wat mear oerhong nei popmuzyk, kaam yn 1998 út. It súksesfolste nûmer fan it album wie This Kiss, dat net inkeld nûmer 1 op 'e countryhitlist waard, mar dêr't se foar it earst mei trochbriek (mei nûmer 7) op 'e pophitlisten. Oare nûmers dy't it goed diene, wiene Just to Hear You Say That You Love Me (in duët mei McGraw), Let Me Let Go en The Secret of Life. Der waarden mear as seis miljoen eksimplaren fan Faith ferkocht.
Om 'e faasje deryn te hâlden, brocht Hill in goed jier letter, yn novimber 1999 Breathe út, har fjirde album. Dat skeat fuort nei de top fan 'e histlisten, sawol dy fan 'e countrymuzyk as dy fan alle sjenres mei-inoar, wêrby't it û.m. in nij album fan Mariah Carey foarby stribbe. Mei Breathe wûn Hill har earste Grammy Award (de wichtichste Amerikaanske muzykpriis), yn 'e kategory bêste country-album, wylst se mei de titelsong en it duët mei McGraw Let's Make Love noch twa oaren binnenhelle. Fan Breathe giene wrâldwiid krapoan 10 miljoen eksimplaren oer de toanbank. It jier 2000 markearre Hill har definitive trochbraak as in mainstreamstjer, mei ferskate dokumintêres oer har, in reklamekontrakt mei make-upmerk CoverGirl, foto's fan har op 'e omslaggen fan ferskate grutte tydskriften en har meiwurking as presintatrise oan sawol de útrikking fan 'e Grammy Awards as dy fan 'e Oscars.

Hill har fyfde album, Cry, dat yn 2002 útkaam, wie mear op popmuzyk oriïntearre as op country; likegoed fleach it daliks nei de top fan 'e albumlisten, net inkeld dy fan 'e popmuzyk, mar ek dy fan 'e country. Teffens wûn Cry in Grammy foar bêste country-album. Mei Fireflies, har sechsde album, dat yn 2005 útkaam, kearde Hill werom nei de wiere countrymuzyk. De debútsingle, Mississippi Girl, waard nominearre foar in Grammy yn 'e kategory bêste countrynûmer songen troch in frou, wylst it duët Like We Never Loved at All, mei Tim McGraw, in Grammy wûn foar bêste fokale countrygearwurking. Yn 2006, doe't se dat sûnt de berte fan har jongste dochter, fiif jier earder, net mear dien hie, setten Hill en McGraw tegearre útein mei in nij toernee, de Soul2Soul II Tour 2006. Dat waard mei $90 miljoen it bêstferkeapjende toernee út 'e countrymuzykyndustry ea. Yn 2007 brocht Hill noch in grutste-hitskolleksje út, The Hits, en yn 2008 ferskynde fan har in kryst-cd, Joy to the World. Teffens wurke hja mei oan McGraw syn album Let It Go, út 2007. Op it stuit wurket Hill oan in nij studio-album.
Filmkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1995 die Hill har earste ûnderfining as aktrise op, mei in gastrol yn 'e tillefyzjesearje Touched by an Angel. Yn 2002 waard har in wichtige rol yn 'e film We Were Soldiers oanbean, mar úteinlik betanke hja dêrfoar, en gie dy rol nei aktrise Madeleine Stowe. Har filmdebút makke Hill sadwaande yn 2004 yn The Stepford Wives, in remake fan regisseur Frank Oz fan 'e skriller mei deselde namme út 1975, wêryn't se Nicole Kidman, Matthew Broderick en Glenn Close as tsjinspilers hie. Hoewol't dy film mear as $101 miljoen winst makke, lieten de resinsinten der neat fan hiel, en Hill hat sûnt net mear aktearre.
Wol is hja op oare manearen by de filmyndustry belutsen bleaun. Sa song se yn 2000 it liet Where Are You, Christmas? dat ûnderdiel útmakke fan 'e soundtrack fan 'e film Dr. Seuss' How the Grinch Stole Christmas. Yn 2001 naam Hill in liet op foar de soundtrack fan 'e film Pearl Harbor (in ferfilming fan 'e Japanske oanfal op Pearl Harbor), dat oarspronklik troch de Kanadeeske sjongster Celine Dion songen wurde soe. Dat liet, There You'll Be, is ûnder resinsinten noch altyd har bêst ûntfongen nûmer, en it wie har grutste hit yn Grut-Brittanje. It waard nominearre foar in Grammy Award foar bêste fokale popnûmer, en foar in Oscar foar bêste oarspronklike liet.
Hill har liet Baby, You Belong, fan har cd Cry, waard yn 2002 brûkt as de titelsong fan 'e Disney-tekenfilm Lilo & Stitch. Yn 'e fideoklip dy't letter foar dat nûmer makke waard, wiene ek fragminten út 'e film opnommen. Yn oktober 2010 levere Hill mei it liet Give In to Me in bydrage oan 'e soundtrack fan 'e film Country Strong. Foar de film Life As We Know It, út 2010, mei Angelina Jolie, song Hill it nûmer All I Ever Wanted, dat brûkt waard foar de trailers en ek spile waard ûnder de ôftiteling.
Oare aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1999 brûkte Hill har toernee om in alfabetisearringsprojekt foar bern te te ûnderstypjen. Dat wie ynspirearre troch Hill har heit, dy't sels lang analfabeet wie. Fuort nei't New Orleans yn 2005 troffen wie troch de orkaan Katrina, setten Hill en har man, Tim McGraw, dy't ôfkomstich is út Louisiana, harren persoanlik yn om foarrieden nei oerlibbenen te bringen. Teffens joegen se ferskate benefytkonserten, wêrfan't de opbringst nei de Katrina-slachtoffers gie. Letter dat jier rjochten Hill en McGraw de Neighbor's Keeper Foundation ("Hoeder fan Jins Neiste Stifting") op, in goeddiedichheidsorganisaasje dy't him ynset foar de earste libbenbehoeften yn gefal fan grutskalige natoerrampen.
Yn oktober 2009 brocht Hill in eigen rûkersguod op 'e merk, ûnder de namme Faith Hill Parfums. Mids 2010 organisearre Hill mei McGraw in benefytkonsert fan ferskate country-artysten, wêrmei't mear as $2 miljoen ophelle waard foar de slachtoffers fan 'e oerstreamings yn maaie fan dat jier yn sintraal Tennessee, wêrby't 22 minsken omkamen en foar $2 miljard oan skea oanrjochte waard.
Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Studio-albums
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
1993 | Take Me as I Am | n.f.t. | ![]() ![]() |
1995 | It Matters to Me | n.f.t. | ![]() ![]() |
1998 | Faith | nominearre foar in Grammy Award foar bêste country-album | ![]() ![]() |
1999 | Breathe | wûn in Grammy Award foar bêste country-album wûn in American Music Award foar favorite country-album |
![]() ![]() ![]() ![]() |
2002 | Cry | nominearre foar in Grammy Award foar bêste country-album | ![]() ![]() ![]() |
2005 | Fireflies | nominearre foar in Grammy Award foar bêste country-album | ![]() ![]() |
- Kompilaasje-albums
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
1996 | Piece of My Heart | n.f.t. | n.f.t. |
2001 | There You'll Be: The Best of Faith Hill | n.f.t. | ![]() ![]() |
2007 | The Hits | n.f.t. | n.f.t. |
- Krystalbum
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
2008 | Joy to the World | n.f.t. | ![]() |
Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Eigen singles
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
1993 | Wild One | n.f.t. | n.f.t. |
1994 | Piece of My Heart | n.f.t. | n.f.t. |
But I Will | n.f.t. | n.f.t. | |
Take Me as I Am | n.f.t. | n.f.t. | |
1995 | Let's Go to Vegas | n.f.t. | n.f.t. |
It Matters to Me | n.f.t. | n.f.t. | |
1996 | Someone Else's Dream | n.f.t. | n.f.t. |
You Can't Lose Me | n.f.t. | n.f.t. | |
I Can't Do That Anymore | n.f.t. | n.f.t. | |
1997 | Who I Am | n.f.t. | n.f.t. |
1998 | This Kiss | wûn in ACM Award, in CMA Award en 2 TNN/Music City News Awards nominearre foar in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou |
![]() ![]() |
Just to Hear You Say That You Love Me (mei Tim McGraw) | wûn 2 TNN/Music City News Awards en 1 ACM Award; nominearre foar in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking |
n.f.t. | |
Let Me Let Go | nominearre foar in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou | n.f.t. | |
1999 | Love Ain't Like That | n.f.t. | n.f.t. |
The Secret of Life | n.f.t. | n.f.t. | |
Breathe | wûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou | ![]() | |
2000 | The Way You Love Me | n.f.t. | n.f.t. |
Let's Make Love (mei Tim McGraw) | wûn in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking | n.f.t. | |
2001 | If My Heart Had Wings | n.f.t. | n.f.t. |
There You'll Be (fan 'e soundtrack fan 'e film Pearl Harbor) | nominearre foar in Grammy Award foar bêste popnûmer mei sang nominearre foar in Oscar foar bêste oarspronklike liet |
n.f.t. | |
Breathe (remix) | wûn in ACM Award | n.f.t. | |
2002 | Cry | wûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou | ![]() |
2003 | When the Lights Go Down | wûn in CMT Flameworthy Video Music Award | n.f.t. |
One | n.f.t. | n.f.t. | |
You're Still There | n.f.t. | n.f.t. | |
Baby You Belong | n.f.t. | n.f.t. | |
2005 | Mississippi Girl | nominearre foar in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou | n.f.t. |
Like We Never Loved at All (mei Tim McGraw) | wûn in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking | n.f.t. | |
2006 | The Lucky One | n.f.t. | n.f.t. |
Sunshine and Summertime | n.f.t. | n.f.t. | |
Stealing Kisses | n.f.t. | n.f.t. | |
2007 | Lost | n.f.t. | n.f.t. |
Red Umbrella | n.f.t. | n.f.t. | |
2011 | Come Home | n.f.t. | n.f.t. |
2012 | American Heart | n.f.t. | n.f.t. |
- Gastsingles
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
1996 | Hope (mei ferskate country-artysten) | nominearre foar in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking | n.f.t. |
1997 | It's Your Love (mei Tim McGraw) | wûn 4 ACM Awards, 1 CMA Award, 1 CMT Music Award, 1 Billboard Award, nominearre foar Grammy Awards foar bêste countryliet en bêste fokale countrygearwurking |
![]() |
1998 | One Heart at a Time (mei ferskate country-artysten) | n.f.t. | n.f.t. |
2001 | Angry All the Time (mei Tim McGraw) | n.f.t. | n.f.t. |
2007 | I Need You (mei Tim McGraw) | nominearre foar 2 Grammy Awards foar bêste countryliet en bêste fokale countrygearwurking | ![]() |
2014 | Meanwhile, Back at Mama's (mei Tim McGraw) | n.f.t. | n.f.t. |
Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar it nûmer/album |
---|---|---|---|---|
1993 | ACM Award | wûn | bêste nije sjongster | n.f.t. |
1995 | TNN/Music City News Award | wûn | froulike stjer fan moarn | n.f.t. |
1997 | ACM Award | wûn | bêste single fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love |
wûn | bêste liet fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love | ||
wûn | bêste sangbarren fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love | ||
Billboard Music Award | wûn | single fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love | |
CMA Award | nominearre | sangbarren fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love | |
Grammy Award | nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei ferskate artysten) | Hope | |
TNN/Music City News Award | wûn | fideoklip fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love | |
1998 | ACM Award | wûn | bêste single fan it jier | This Kiss |
wûn | bêste fideoklip fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love | ||
wûn | bêste sangbarren fan it jier (mei Tim McGraw) | Just to Hear You Say That You Love Me | ||
wûn | bêste sjongster | n.f.t. | ||
CMA Award | wûn | fideoklip fan it jier | This Kiss | |
Grammy Award | nominearre | bêste countryliet (mei Tim McGraw) | It's Your Love | |
nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) | It's Your Love | ||
1999 | ACM Award | wûn | bêste sangbarren fan it jier (mei Tim McGraw) | Just to Hear You Say That You Love Me |
wûn | bêste fideoklip fan it jier | Breathe | ||
wûn | bêste sjongster fan it jier | n.f.t. | ||
Grammy Award | nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) | Just to Hear You Say That You Love Me | |
nominearre | bêste countrynûmer songen troch in frou | This Kiss | ||
nominearre | bêste country-album | Faith | ||
TNN/Music City News Award | wûn | single fan it jier | This Kiss | |
wûn | liet fan it jier (mei Tim McGraw) | Just to Hear You Say That You Love Me | ||
wûn | fokale gearwurking fan it jier (mei Tim McGraw) | Just to Hear You Say That You Love Me | ||
nominearre | fideoklip fan it jier | This Kiss | ||
wûn | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
2000 | ACM Award | wûn | bêste sjongster fan it jier | n.f.t. |
CMA Award | wûn | bêste sjongster fan it jier | n.f.t. | |
TNN/CMT Country Weekly Music Award | wûn | artyste fan it jier | n.f.t. | |
Grammy Award | nominearre | bêste countrynûmer songen troch in frou | Let Me Let Go | |
2001 | American Music Award | wûn | favorite country-album | Breathe |
wûn | favorite country-artyste | n.f.t. | ||
wûn | favorite pop/rockartyste | n.f.t. | ||
Grammy Award | wûn | bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) | Let's Make Love | |
wûn | bêste countrynûmer songen troch in frou | Breathe | ||
wûn | bêste country-album | Breathe | ||
2002 | Grammy Award | nominearre | bêste popnûmer songen troch in frou | There You'll Be |
2003 | CMT Flameworthy Video Music Award | wûn | meast seksy fideoklip fan it jier fan in froulike artyst | When the Lights Go Down |
Grammy Award | wûn | bêste countrynûmer songen troch in frou | Cry | |
2004 | Grammy Award | nominearre | bêste country-album | Cry |
People's Choice Award | wûn | favorite froulike muzykartyst | n.f.t. | |
2006 | American Music Award | wûn | favorite country-artyste | n.f.t. |
Grammy Award | nominearre | bêste countrynûmer songen troch in frou | Mississippi Girl | |
nominearre | bêste country-album | Fireflies | ||
wûn | bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) | Like We Never Loved at All | ||
2007 | Grammy Award | nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) | I Need You |
nominearre | bêste countryliet (mei Tim McGraw) | I Need You |
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|
- Amerikaansk administratyf meiwurker
- Amerikaansk winkelbetsjinner
- Amerikaansk sjonger
- Amerikaansk lietsjeskriuwer
- Amerikaansk muzikant
- Amerikaansk gitarist
- Amerikaansk country-artyst
- Amerikaansk muzykprodusint
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Alfabetisearringsaktivist
- Grammy-winner
- Persoan berne yn 1967