Tim McGraw
Tim McGraw | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Samuel Timothy McGraw | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 1 maaie 1967 | |
berteplak | Delhi (Louisiana) | |
etnisiteit | ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() | |
wurkpaad | ||
sjenre | country | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | gitaar | |
grutste hit(s) | Don't Take the Girl It's Your Love Live Like You Were Dying | |
jierren aktyf | 1990 – no | |
prizen | 3x Grammy Award | |
offisjele webside | ||
www.timmcgraw.com |
Tim McGraw (folút: Samuel Timothy McGraw; Delhi (Louisiana), 1 maaie 1967), is in Amerikaansk countrysjonger, lietsjesskriuwer, muzikant, muzykprodusint en akteur. Hy is ien fan 'e grutte stjerren fan 'e countrymuzyk, en hat troch de jierren hinne 3 Grammy Awards en withoefolle oare prizen wûn. McGraw hat yn 'e Feriene Steaten allinnich al mear as 40 miljoen platen ferkocht, wat him ta de op twa nei bêstferkeapjende country-artyst en de op sân nei bêstferkeapjende artyst aller tiden makket. Syn bekendste nûmers binne Don't Take the Girl, It's Your Love en Live Like You Were Dying. Hy is troud mei countrystjer Faith Hill, mei wa't er ferskate duëtten opnommen hat.
Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
McGraw waard yn 1967 berne yn Delhi, yn 'e Amerikaanske steat Louisiana, as it ienlingsbern fan Elizabeth Ann "Betty" D'Agostino, in servearster, en Frank Edwin "Tug" McGraw jr., dy't letter yn 'e Feriene Steaten ferneamd wurde soe as honkbalspiler foar de New York Mets en de Philadelphia Phillies. McGraw is fan tige mingd etnysk komôf, mei't syn pake oan memmeskant Italjaansk wie en syn beppe oan memmeskant Iersk, wylst er oan heiteskant Ulstersk (d.w.s. Noardiersk protestantsk), Ingelsk, Skotsk, Frânsk, Nederlânsk, Tsjechysk en Dútsk bloed hat.
McGraw syn heit Tug spile yn 1966 honkbal foar de Jacksonville Suns, en wenne yn Jacksonville yn in apartemint boppe dat fan 'e famylje D'Agostino. Betty D'Agostino gie doedestiden noch nei de middelbere skoalle, en doe't hja in relaasje mei McGraw syn heit krige en swier rekke, waard hja troch har âldelju nei famylje yn Louisiana ta stjoerd om it bern te krijen. Tim McGraw waard troch syn mem grutbrocht yn it plakje Start, yn Louisiana. Hy droech de efternamme Smith en miende dat syn styfheit Horace Smith syn biologyske heit wie. Yn 1978 fûn er by tafal syn eigen bertebewiis doe't er yn in kast nei krystpresintsjes socht, wêrnei't syn mem him fertelde hoe't it echt siet. McGraw besocht doe kontakt te krijen mei syn biologyske heit, mar dy ûntstried sân jier lang dat er syn soan wie, oant er McGraw einlings en te'n lêsten erkende doe't dy achttjin jier wie. Neitiid hiene hja in nauwe bân oant Tug McGraw yn 2004 kaam te ferstjerren.
As bern mocht McGraw graach oan wedstrydsport dwaan, wêrûnder honkbal. Nei de middelbere skoalle koed er troch in sportbeurs trochleare oan 'e Universiteit fan Noardeast-Louisiana (no de Universiteit fan Louisiana te Monroe). Yn dy snuorje learde er om gitaar te spyljen en song er út en troch as strjitmuzikant. Neffens eigen sizzen brochten syn keamergenoaten syn gitaar gauris wei op in sideplak om't er yn dy tiid fan gitaarspyljen noch net folle bakte. Yn 1987 kearde McGraw syn mem werom nei Jacksonville, yn Floarida, en McGraw gie mei. Hy learde noch in jier oan it Mienskipskolleezje fan Floarida te Jacksonville, mar doe joech er it learen oer en ferfear nei Nashville, yn 'e steat Tennessee, de haadstêd fan 'e Amerikaanske countrymuzykyndustry, mei as doel om in karriêre as muzikant te begjinnen.
Sjongkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei ferskate jierren yn Nashville omstipt te hawwen wêrby't er it neat te rom hie, loek McGraw yn 1990 de oandacht fan it platelabel Curb Records. McGraw hie in demo-single makke dêr't syn heit Tug in kopy fan krigen hie, en Tug draaide him wylst er mei in goekunde fan him út 'e plate-yndustry ûnderweis wie. In pear wiken letter mocht McGraw syn tape foar de platebazen by Curb ôfspylje, en dy beaen him op grûn dêrfan in kontrakt oan. Twa jier letter, yn 1992, hied er syn earste hitsje mei Welcome to the Club, in nûmer fan syn nei himsels neamde debútalbum.
Nei noch in pear oare lytse hitsjes brochten McGraw en Curb Records yn 1994 syn twadde album út, Not a Moment Too Soon, in nuveraardich tapaslike titel foar de cd dêr't er mei trochbriek. De earste single fan dy plaat, Indian Outlaw, liet nochal wat stof opwaaie om't de tekst delbûgend foar Yndianen oer wêze soe, en guon radiostasjons wegeren om it nûmer te draaien. De kontroverse joech McGraw lykwols bekendheid en die him dêrtroch mear goed as kwea. De twadde single fan Not a Moment Too Soon, mei as titel Don't Take the Girl, helle it earste plak op 'e countryhitlisten, en yn 1995 die de titelsong itselde.
All I Want wie McGraw syn trêde album, dat publisearre waard yn 1995, en daliks nei it earste plak op 'e country-albumlisten sprong. Der waarden mear as 2 miljoen eksimplaren fan ferkocht. De nûmers I Like It, I Love It en She Never Lets It Go to Her Heart wiene wer nûmer 1-hits, wylst trije oare lieten fan 'e cd yn 'e top 5 kamen. Yn 1996 gie McGraw op in toernee mei sjongster Faith Hill as syn iepeningsact. It bewuste toernee hiet The Spontaneous Combustion Tour ("It Spontane Untbrâningstoernee"), op 'e nij in tige tapaslike namme, want Hill en McGraw foelen as in blok foarinoar en krigen al mei gauwens in affêre, en Hill briek har ferloving mei muzykprodusint Scott Hendricks ôf. Doe't se ûntdieken dat Hill yn ferwachting wie, trouden sy en McGraw op 6 oktober 1996. It houlik hâldt noch altyd (mids 2014) stân, en se hawwe trije dochters, Gracie Katherine (1997), Maggie Elizabeth (1998) en Audrey Caroline (2001). Neffens eigen sizzen hawwe Hill en McGraw sûnt harren trouwen besocht om nea langer as trije dagen byinoar wei te wêzen.
McGraw syn folgjende album wie Everywhere, dat yn 1997 wer boppe-oan yn alle countrylisten stie en dêr't 4 miljoen eksimplaren fan ferkocht waarden. It duët It's Your Love, mei Hill, stie seis wiken efterinoar op nûmer 1, wûn sawol Academy of Country Music Awards as Country Music Association Awards, en waard nominearre foar 2 Grammy Awards (de wichtichste Amerikaanske muzykpriis). Oare topnûmers fan dizze cd wiene de titelsong Everywhere, Where the Green Grass Grows en Just to See You Smile, dat in rekôr fêstige troch 42 wiken lang yn 'e hitlisten hingjen te bliuwen. Mei syn fyfde album A Place in the Sun, út 1999, sette McGraw syn opmars fuort. Dy cd waarden sa'n 3 miljoen fan ferkocht, en nûmers as Please Remember Me, Something Like That en My Best Friend dominearren wikenlang de countryhitlisten. Oan 'e ein fan 'e jierren njoggentich naam McGraw noch twa duëtten op mei syn frou, dy't beide diel útmakken fan albums fan har. Just to Hear You Say that You Love Me wûn ferskate prizen, mar it wie Let's Make Love dat McGraw syn earste Grammy besoarge.
Yn 2000 kaam McGraw syn earste kompilaasje-album út, titele Greatest Hits, dat njoggen wiken lang boppe-oan yn 'e albumlisten stie, en dêr't krapoan 6 miljoen eksimplaren fan oer de toanbank giene. Dêrmei wie it ien fan 'e bêstferkeapjende albums út 'e skiednis fan 'e countrymuzyk. Datselde jiers rekken McGraw en kollega-sjonger Kenny Chesney op toernee yn Buffalo behelle yn in hângemien mei de plysje, nei't Chesney it yn 'e kop krige om in ritsje op in plysjehynder te meitsjen en de plysjes mienden dat er it hynder stelle woe. Doe't McGraw him dermei bemuoide, waarden beide sjongers arrestearre foar mishanneling, mar nei ûnderfreging sûnder oanklacht frijlitten. Under in konsert op it George Strait Country Music Festival, in pear wike letter, ferskynde Faith Hill oan 'e ein fan 'e jûn yn in plysje-unifoarm op it poadium om in ferraste McGraw ôf te fieren.
McGraw syn sechsde album, Set This Circus Down, kaam út yn april 2001, en omfette û.m. de hits Grown Men Don't Cry, Angry All the Time (mei Faith Hill), The Cowboy in Me en Unbroken. Teffens song er yn datselde jier it duët Bring On the Rain, mei sjongster Jo Dee Messina, dat op it earste plak yn 'e hitlisten binnenkaam. Yn 2002 brocht McGraw it album Tim McGraw and the Dancehall Doctors út, dat er tsjin 'e gewoanten fan de countrymuzyk yn mei syn toerneeband de Dancehall Doctors opnaam (yn 'e Amerikaanske country is it wenst om albums op te nimmen mei saneamde sesjemuzikanten, en toernees ôf te wurkjen mei toerneebands). McGraw woe mei dizze cd lykwols erkenning skinke oan 'e bydrage dy't syn fêste toerneeband oan syn súkses levere hat. It nûmer Real Good Man helle it earste plak en She's My Kind of Rain it twadde plak op 'e hitlisten.
Live Like You Were Dying wie McGraw syn achtste album, en kaam út yn 2004. De titelsong, dy't opdroegen wie oan McGraw syn biologyske heit Tug McGraw, dy't earder dat jiers oan in harsenstumor ferstoarn wie, waard in grut súkses, en wûn in Grammy Award en ferskate oare prizen. Oan 'e ein fan datselde jier hie McGraw noch in grutte hit mei Over and Over, in ûnwierskynlik duët mei hiphop-sjonger Nelly, dat tsien wiken lang boppe-oan 'e hitlisten stie. It wie McGraw syn earste oerstap nei in oar sjenre (dat fan 'e soft rock-ballad), en wie ek yn it bûtenlân in grut súkses, dêr't it in nûmer 1-hit wie yn Grut-Brittanje en yn 'e top tsien stie yn Denemark, Dútslân, Eastenryk, Kanada, Roemeenje en Switserlân.
McGraw syn Soul2Soul II Tour, fan 2006, ferkocht hast 1,1 miljoen kaartsjes en brocht krapoan $89 miljoen yn 't laadsje, wat it ta it bêstferkeapjende toernee út 'e skiednis fan 'e country makke. Yn 2007 kaam der alwer in nij album út, Let It Go, wêrfan't de earste single, Last Dollar (Fly Away) op 'e nij in nûmer 1-hit wie, wylst If You're Reading This en it duët mei Faith Hill I Need You elts twa Grammy-nominaasjes yn 'e wacht sleepten. Yn dyselde snuorje wie McGraw ek aktyf as muzykprodusint, û.m. fan it duo Halfway to Hazard. McGraw syn tsiende studio-album, Southern Voice, waard útjûn yn oktober 2009, mei as súksesfolste nûmer It's a Business Doing Pleasure with You. It folgjende album, Emotional Traffic, dat úteinlik yn 2012 útkaam, wie McGraw syn lêste album foar Curb Records, mei't der spul ûntstien wie oer de publikaasje (yn 2008) fan in trêde kompilaasje-cd sûnder McGraw syn tastimming. De deilisskip waard yn 'e rjochtseal útfochten doe't McGraw dêrnei net mear foar Curb wurkje woe en de platemaatskippij him oanklage foar kontraktbrek, mar yn novimber 2011 stelde de rjochter McGraw yn it gelyk. Yn maaie 2012 tekene McGraw in nij kontrakt mei Big Machine Records, dêr't er yn 2013 syn tolfde studio-album, Two Lanes of Freedom, útbrocht. Op it stuit wurket er oan wer in nij album, Sundown Heaven Town, dat yn septimber 2014 útkomme sil.
Filmkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Behalven as sjonger is McGraw ek aktyf as akteur. Syn debút makke er datoangeande yn 1997, yn in ôflevering fan The Jeff Foxworthy Show, as de rivaal fan haadpersoan Jeff Foxworthy. Letter spile er û.m. in sheriff yn 'e film Black Cloud en in bazige heit fan in jonge footballspiler yn 'e film Friday Night Lights (beide yn 2004). Syn earste haadrol hied er yn 2006, yn Flicka, in ferfilming fan it bekende boek fan Mary O'Hara oer de leafde tusken in famke en in mustang. McGraw spile de rol fan 'e heit, dy't syn dochter net begrypt. Dêrnjonken produsearre er ek de soundtrack fan 'e film. Koart foar't Flicka útkaam, krige McGraw in eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame, op Hollywood Boulevard, tusken dy fan Julie Andrews, William Shatner en Greta Garbo yn.

Yn 2009 hie McGraw in wichtige byrol yn 'e film The Blind Side, as Sean Tuohy, de man fan Sandra Bullock har personaazje Leigh Anne Tuohy. De film wie basearre op it wierbarde ferhaal fan Michael Oher, in dakleaze Afro-Amerikaanske tiner út in brutsen gesin, dy't yn Tennessee, yn it Amerikaanske Suden, opnommen wurdt yn it blanke gesin fan 'e rike Tuohy's, dy't him helpe om syn talinten te ûntdekken. Foar har rol yn The Blind Side wûn Sandra Bullock in Oscar yn 'e kategory bêste aktrise. Yn 2010 kaam fierders de film Country Strong út, wêryn't McGraw in James Canter spilet, de man en manager fan 'e fiktive countrysjongster Kelly Canter (Gwyneth Paltrow).
Oare aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Njonken syn wurk is McGraw ek allegeduerigen djip behelle yn goeddiedige aktiviteiten. Sa rjochte er yn 1994 al it Swampstock-muzykfestival op yn syn bertegebiet yn noardeastlik Louisiana, dêr't elts jier 11.000 minsken op ôfkomme. De opbringst giet folslein nei de pleatslike mienskip, dy't der nije sportfjilden en sportnedichheden mei oanlein en oanskaft hat en der teffens kolleezjebeurzen foar de jongerein út 'e krite mei betellet. Fierders holp McGraw om jild byinoar te krijen foar it Country Music Foundation Hall of Fame and Museum, yn Nashville, en hold er yn it ferline geregeldwei lytse benefytkonsertsjes yn 'e stêden dy't er oandie op toernee, de jûns foarôfgeande oan it eigentlike konsert.
Fuort nei't New Orleans yn 2005 troffen wie troch de orkaan Katrina setten McGraw en Faith Hill harren persoanlik yn om foarrieden nei oerlibbenen te bringen. Teffens joegen se ferskate benefytkonserten, wêrfan't de opbringst nei de Katrina-slachtoffers gie. Letter dat jier rjochten McGraw en Hill de Neighbor's Keeper Foundation ("Hoeder fan Jins Neiste Stifting") op, in goeddiedichheidsorganisaasje dy't him ynset foar de earste libbenbehoeften yn gefal fan grutskalige natoerrampen. Dêrnjonken set McGraw him ek geregeldwei yn foar it Reade Krús, en mids 2010 organisearre er mei Hill in benefytkonsert fan ferskate country-artysten, wêrmei't mear as $2 miljoen ophelle waard foar de slachtoffers fan 'e oerstreamings yn maaie fan dat jier yn sintraal Tennessee, wêrby't 22 minsken omkamen en foar $2 miljard oan skea oanrjochte waard.
Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
McGraw hat der nea in geheim fan makke dat er lid fan 'e Demokratyske Partij is. Hy hat oanjûn grut respekt te hawwen foar de eardere Amerikaanske presidint Bill Clinton, en dat er yn 2008 en 2012 Barack Obama stipe. Yn fraachpetearen hat er yn 2006 en 2008 ferskillende kearen oanjûn dat him skielk in karriêre yn 'e polityk wol wat taliket. Sa soed er wol senator of mooglik gûverneur fan syn thússteat Tennessee wurde wolle.
Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Studio-albums
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
1993 | Tim McGraw | n.f.t. | n.f.t. |
1994 | Not a Moment Too Soon | wûn in American Music Award foar album fan it jier | ![]() ![]() |
1995 | All I Want | n.f.t. | ![]() ![]() |
1997 | Everywhere | wûn in CMA Award foar album fan it jier | ![]() ![]() |
1999 | A Place in the Sun | wûn in CMA Award foar album fan it jier | ![]() ![]() |
2001 | Set This Circus Down | wûn in American Music Award foar bêste country-album | ![]() ![]() |
2002 | Tim McGraw and the Dancehall Doctors | n.f.t. | ![]() ![]() |
2004 | Live Like You Were Dying | wûn in American Music Award foar album fan it jier | ![]() ![]() |
2007 | Let It Go | nominearre foar in Grammy Award foar bêste country-album | ![]() ![]() |
2009 | Southern Voice | n.f.t. | ![]() ![]() |
2012 | Emotional Traffic | n.f.t. | n.f.t. |
2013 | Two Lanes of Freedom | n.f.t. | ![]() |
2014 | Sundown Heaven Town | (krekt útkommen) | (krekt útkommen) |
- Kompilaasje-albums
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
2000 | Greatest Hits | wûn in Billboard Music Award foar country-album fan it jier | ![]() ![]() |
2006 | Reflected: Greatest Hits, Vol. 2 | n.f.t. | ![]() ![]() |
2008 | Greatest Hits: Limited Edition | n.f.t. | n.f.t. |
Collector's Edition | n.f.t. | n.f.t. | |
Greatest Hits 3 | n.f.t. | ![]() | |
Limited Edition: Greatest Hits, Volumes 1, 2 & 3 | n.f.t. | n.f.t. | |
2010 | Number One Hits | n.f.t. | ![]() |
2013 | Tim McGraw & Friends | n.f.t. | n.f.t. |
2014 | Love Story | n.f.t. | n.f.t. |
Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Eigen singles
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
1992 | Welcome to the Club | n.f.t. | n.f.t. |
1993 | Memory Lane | n.f.t. | n.f.t. |
Two Steppin' Mind | n.f.t. | n.f.t. | |
1994 | Indian Outlaw | n.f.t. | ![]() |
Don't Take the Girl | n.f.t. | ![]() | |
Down on the Farm | n.f.t. | n.f.t. | |
Not a Moment Too Soon | n.f.t. | n.f.t. | |
1995 | Refried Dreams | n.f.t. | n.f.t. |
I Like It, I Love It | n.f.t. | ![]() | |
Can't Be Really Gone | n.f.t. | n.f.t. | |
1996 | All I Want Is a Life | n.f.t. | n.f.t. |
She Never Lets It Go to Her Heart | n.f.t. | n.f.t. | |
Maybe We Should Just Sleep on It | n.f.t. | n.f.t. | |
1997 | It's Your Love (mei Faith Hill) | wûn 4 ACM Awards, 1 CMA Award, 1 CMT Music Award, 1 Billboard Award, nominearre foar Grammy Awards foar bêste countryliet en bêste fokale countrygearwurking |
![]() |
Everywhere | n.f.t. | n.f.t. | |
Just to See You Smile | wûn in Billboard Award foar countrysingle fan it jier | n.f.t. | |
1998 | One of These Days | n.f.t. | n.f.t. |
Where the Green Grass Grows | n.f.t. | n.f.t. | |
For a Little While | n.f.t. | n.f.t. | |
1999 | Please Remember Me | n.f.t. | n.f.t. |
Something Like That | n.f.t. | ![]() | |
My Best Friend | n.f.t. | n.f.t. | |
2000 | Some Things Never Change | n.f.t. | n.f.t. |
My Next Thirty Years | n.f.t. | n.f.t. | |
2001 | Grown Men Don't Cry | n.f.t. | n.f.t. |
Angry All the Time (mei Faith Hill) | n.f.t. | n.f.t. | |
The Cowboy in Me | n.f.t. | n.f.t. | |
2002 | Unbroken | n.f.t. | n.f.t. |
Red Rag Top | n.f.t. | n.f.t. | |
Tiny Dancer | n.f.t. | n.f.t. | |
2003 | She's My Kind of Rain | n.f.t. | n.f.t. |
Real Good Men | n.f.t. | n.f.t. | |
Watch the Wind Blow By | n.f.t. | n.f.t. | |
2004 | Live Like You Were Dying | wûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in man; wûn 2 ACM Awards, 1 CMA Award en 1 CMT Music Award |
![]() |
Back When | n.f.t. | n.f.t. | |
2005 | Drugs or Jesus | n.f.t. | n.f.t. |
Do You Want Fries with That | n.f.t. | n.f.t. | |
My Old Stars | n.f.t. | n.f.t. | |
2006 | When the Stars Go Blue | n.f.t. | ![]() |
My Little Girl | n.f.t. | ![]() | |
2007 | Last Dollar (Fly Away) | n.f.t. | ![]() |
I Need You (mei Faith Hill) | nominearre foar 2 Grammy Awards foar bêste countryliet en bêste fokale countrygearwurking | ![]() | |
If You're Reading This | nominearre foar 2 Grammy Awards foar bêste country-liet en bêste countrynûmer songen troch in man | ![]() | |
Suspicions | n.f.t. | n.f.t. | |
2008 | Kristofferson | n.f.t. | n.f.t. |
Let It Go | n.f.t. | n.f.t. | |
2009 | Nothin' to Die For | n.f.t. | n.f.t. |
It's a Business Doing Pleasure with You | n.f.t. | n.f.t. | |
Southern Voice | n.f.t. | ![]() | |
2010 | Still | n.f.t. | n.f.t. |
Felt Good on My Lips | n.f.t. | ![]() | |
2011 | Me and Tennessee (mei Gwyneth Paltrow) | n.f.t. | n.f.t. |
Better than I Used to Be | n.f.t. | ![]() | |
2012 | Right Back Atcha, Babe | n.f.t. | n.f.t. |
Truck, Yeah | n.f.t. | ![]() | |
One of Those Nights | n.f.t. | ![]() | |
2013 | Twisted (mei Colt Ford) | n.f.t. | n.f.t. |
Highway Don't Care (mei Taylor Swift) | n.f.t. | ![]() | |
Southern Girl | n.f.t. | ![]() | |
2014 | Lookin' for That Girl | n.f.t. | n.f.t. |
Meanwhile, Back at Mama's (mei Faith Hill) | n.f.t. | n.f.t. |
- Gastsingles
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
1996 | Hope (mei ferskate artysten) | n.f.t. | n.f.t. |
1998 | Just to Hear You Say That You Love Me (mei Faith Hill) | wûn 2 TNN/Music City News Awards en 1 ACM Award; nominearre foar in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking |
n.f.t. |
2000 | Let's Make Love (mei Faith Hill) | wûn in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking | n.f.t. |
2001 | Bring On the Rain (mei Jo Dee Messina) | n.f.t. | n.f.t. |
2004 | Over and Over (mei Nelly) | n.f.t. | ![]() |
2005 | Like We Never Loved at All (duët mei Faith Hill) | wûn in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking | n.f.t. |
2008 | Nine Lives (mei Def Leppard) | n.f.t. | n.f.t. |
2012 | Feel Like a Rock Star (mei Kenny Chesney) | wûn in CMA Award | ![]() |
Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar it nûmer/album |
---|---|---|---|---|
1994 | American Music Award | wûn | album fan it jier | Not a Moment Toon Soon |
wûn | bêste nije manlike sjonger | n.f.t. | ||
Billboard Music Award | wûn | bêste nije country-album | Not a Moment Too Soon | |
wûn | bêste nije manlike artyst | n.f.t. | ||
TNN/Music City News Award | wûn | manlike fideoklipartyst fan it jier | n.f.t. | |
1995 | American Music Award | wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. |
1997 | ACM Award | wûn | bêste single fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love |
wûn | bêste liet fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love | ||
wûn | bêste sangbarren fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love | ||
Billboard Music Award | wûn | single fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love | |
CMA Award | nominearre | sangbarren fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love | |
TNN/Music City News Award | wûn | fideoklip fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love | |
wûn | manlike artyst fan it jier | n.f.t. | ||
1998 | Billboard Music Award | wûn | bêste countrysingle fan it jier | Just to See You Smile |
CMA Award | wûn | album fan it jier | Everywhere | |
Grammy Award | nominearre | bêste countryliet (mei Faith Hill) | It's Your Love | |
nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) | It's Your Love | ||
1999 | ACM Award | wûn | bêste fideoklip fan it jier (mei Faith Hill) | It's Your Love |
wûn | bêste sangbarren fan it jier (mei Faith Hill) | Just to Hear You Say That You Love Me | ||
wûn | sjonger fan it jier | n.f.t. | ||
CMA Award | wûn | album fan it jier | A Place in the Sun | |
wûn | sjonger fan it jier | n.f.t. | ||
Grammy Award | nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) | Just to Hear You Say That You Love Me | |
TNN/Music City News Award | wûn | liet fan it jier (mei Faith Hill) | Just to Hear You Say That You Love Me | |
wûn | fokale gearwurking fan it jier (mei Faith Hill) | Just to Hear You Say That You Love Me | ||
2000 | ACM Award | wûn | sjonger fan it jier | n.f.t. |
Billboard Music Award | wûn | manlike artyst fan it jier | n.f.t. | |
CMA Award | wûn | sjonger fan it jier | n.f.t. | |
National Fatherhood Initiative | wûn | heit fan it jier | n.f.t. | |
2001 | American Music Award | wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. |
Billboard Music Award | wûn | bêste country-album | Greatest Hits | |
wûn | bêste countrysingle-artyst | n.f.t. | ||
wûn | bêste country-album-artyst | n.f.t. | ||
wûn | bêste manlike country-artyst | n.f.t. | ||
wûn | bêste country-artyst | n.f.t. | ||
CMA Award | wûn | artyst fan it jier | n.f.t. | |
Grammy Award | wûn | bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) | Let's Make Love | |
2002 | American Music Award | wûn | bêste country-album | Set This Circus Down |
wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. | ||
2003 | American Music Award (jann.) | wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. |
American Music Award (nov.) | wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. | |
Grammy Award | nominearre | bêste countrynûmer songen troch in man | She's My Kind of Rain | |
Radio Music Award | wûn | bêste manlike country-artyst | n.f.t. | |
2004 | CMA Award | wûn | single fan it jier | Live Like You Were Dying |
NIAF Award | wûn | NIAF Special Achievement Award in Music | n.f.t. | |
People's Choice Award | wûn | favorite country-artyst fan it jier | n.f.t. | |
Radio Music Award | wûn | bêste manlike country-artyst | n.f.t. | |
2005 | ACM Award | wûn | single fan it jier | Live Like You Were Dying |
wûn | liet fan it jier | Live Like You Were Dying | ||
American Music Award | wûn | album fan it jier | Live Like You Were Dying | |
wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. | ||
CMT Music Award | wûn | meast ynspirearjende fideoklip | Live Like You Were Dying | |
Grammy Award | wûn | bêste countrynûmer songen troch in man | Live Like You Were Dying | |
People's Choice Award | wûn | favorite country-artyst fan it jier | n.f.t. | |
2006 | Grammy Award | wûn | bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) | Like We Never Loved at All |
People's Choice Award | wûn | favorite manlike artyst fan it jier | n.f.t. | |
2007 | Grammy Award | nominearre | bêste countrynûmer songen troch in man | If You're Reading This |
nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) | I Need You | ||
nominearre | bêste country-liet | If You're Reading This | ||
nominearre | bêste countryliet (mei Faith Hill) | I Need You | ||
nominearre | bêste country-album | Let It Go | ||
2012 | CMA Award | wûn | bêste sangbarren fan it jier (mei Kenny Chesney) | Feel Like a Rock Star |
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|
- Amerikaansk sjonger
- Amerikaansk lietsjeskriuwer
- Amerikaansk muzikant
- Amerikaansk gitarist
- Amerikaansk country-artyst
- Amerikaansk muzykprodusint
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Grammy-winner
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Iersk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf
- Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Tsjechysk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ulstersk komôf
- Persoan berne yn 1967