Country Airplay

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Country Airplay is in Amerikaanske hitlist mei sechstich plakken foar singles fan countrymuzyk, dy't útslutend gearstald wurdt op basis fan airplay: hoe faak oft in liet op 'e radio draaid wurdt. De list wurdt sûnt 20 jannewaris 1990 ienris yn 'e wike publisearre troch it tydskrift Billboard. De earste nûmer 1-hit op Country Airplay wie Nobody's Home fan Clint Black. De lieten dy't it langste op nû. 1 yn 'e Country Airplay-list stien hawwe, binne Amazed fan Lonestar (1999) en It's Five O'Clock Somewhere fan Alan Jackson en Jimmy Buffett (2003), dy't it earste plak allebeide 8 wiken fêstholden. More Than a Memory, fan Garth Brooks, út septimber 2007, is it iennichste liet dat op Country Airplay ea út it neat wei nei nûmer 1 ta sprongen is.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.