The Eiger Sanction (film)
The Eiger Sanction | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Clint Eastwood | |
produsint | Robert Daley | |
útfierend produsint |
Richard D. Zanuck David Brown | |
senario | Hal Dresner Warren B. Murphy Rodney William Whitaker | |
basearre op | de roman fan Trevanian | |
kamerarezjy | Frank Stanley | |
muzyk | John Williams | |
filmstudio | The Malpaso Company Universal Pictures The Zanuck Company | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Clint Eastwood George Kennedy | |
byrollen | Vonetta McGee Jack Cassidy Thayer David Reiner Schöne Michael Grimm Jean-Pierre Bernard Gregory Walcott | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 21 maaie 1975 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | spionaazjeskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 129 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $9 miljoen | |
opbringst | $14,2 miljoen |
The Eiger Sanction is in Amerikaanske spionaazjeskriller út 1975 ûnder rezjy fan Clint Eastwood, mei yn 'e haadrollen hysels en George Kennedy. De titel ferwiist nei in "sanksje" (yn dit gefal in eufemisme foar ferjilding) op 'e berch de Eiger, yn Switserlân. It ferhaal giet oer Jonathan Hemlock, in heechlearaar keunstskiednis en berchbeklimmer, dy't ek in pinsjonearre hiermoardner foar in (fiktive) Amerikaanske ynljochtingetsjinst blykt te wêzen. Hy wurdt troch syn eardere wurkjouwer sjantearre om werom te kearen foar ien lêste misje, wêrby't er de moardner fan in âlde freon by wize fan ferjilding om hals bringe moat. Om't de identiteit fan 'e moardner ûnbekend is, moat Hemlock him by in ynternasjonaal team fan alpinisten jaan, dat de noardwand fan 'e Eiger beklimme wol. De moardner makket dêr ek diel fan út, en Hemlock moat ûnder de beklimming útsykje wa't dat is en hoe't er dy persoan deameitsje kin foar't er sels út 'e ljochten holpen wurdt. Fan 'e filmkritisy krige The Eiger Sanction mingde resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in beskieden kommersjeel súkses.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heechlearaar keunstskiednis en berchbeklimmer Jonathan Hemlock is yn 1974 in keunstsamler dy't eigner is fan in kolleksje fan 21 skilderijen fan wrâldferneamde keunstners, wêrfan't de wearde yn 'e tsientallen miljoenen dollars rint. Hy hat dêrfoar betelle mei syn salaris as hiermoardner foar in (fiktive) Amerikaanske ynljochtingetsjinst dy't C2 hjit. Hoewol't er no 'pinsjonearre' is, wurdt er by syn earder wurkjouwer roppen, de direkteur fan C2, in man dy't inkeld bekend is ûnder de koadenamme "Dragon". It is fan oarsprong in Dútser, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch noch foar de nazys wurke hat. Hy is oanhelle mei in seldsume, slimme foarm fan albinisme, en ferkeart dêrom permanint yn it skimertsjuster, wylst er yn libben holden wurdt troch bloedtransfúzjes.
Dragon wol dat Hemlock tydlik by him yn 'e tsjinst weromkomt foar it útfieren fan twa 'sanksjes', in eufemisme foar offisjeel goedkarde moarden. De beide mannen dy't Dragon ombrocht hawwe wol, binne aginten fan in soartgelikense ynljochtingetsjinst fan 'e tsjinpartij yn 'e Kâlde Oarloch, dy't yn it Switserske Zürich in C2-agint mei de koadenamme "Wormwood" út 'e ljochten holpen hawwe om ynformaasje oer in nij Amerikaansk biologysk wapen te stellen. Fan ien fan dyselde is de identiteit bekend; fan 'e oare noch net. Hemlock stegeret it fersyk ôf, mei't er sok wurk net mear docht. Dêrop driget Dragon dermei om 'e Amerikaanske belestingtsjinst IRS attint te meitsjen op Hemlock syn keunstkolleksje. Troch dy sjantaazje jout Hemlock ta. Hy stimt dermei yn om ien 'sanksje' út te fieren yn ruil foar twa dingen: dûbel syn gebrûklike lean ($20.000, yn jild fan 2021 $110.000), en in offisjele ferklearring fan 'e IRS dat de tsjinst fan it bestean fan syn keunstkolleksje op 'e hichte is en dat der gjin belesting oer betelle hoecht te wurden. Dragon akselet foar de foarm noch wat tsjin, mar giet úteinlik akkoart.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Hemlock reizget ôf nei Zürich, dêr't er de fijannige agint Krüger en ien fan dy syn trewanten ombringt. Op 'e weromreis yn it fleantúch nei de Feriene Steaten, wurdt er fersierd troch in seksy negroïde stewardess dy't Jemima Brown hjit. Hy nimt har mei nei hûs en hat seks mei har, mar letter dy nachts, wylst hy sliept, stelt se syn $20.000 en de brief fan 'e IRS. De oare moarns fertelt se him oer de tillefoan dat it har spyt, mar dat se in aginte fan C2 is en dien hat wat har troch Dragon hjitten wie. Dragon wol it jild en it brief inkeld weromjaan as Hemlock ek de twadde 'sanksje' útfiert. Hemlock fielt dêr neat foar, oant Dragon útbringt dat agint "Wormwood" eins nimmen oars wie as Hemlock syn âlde freon Henri Baq. As er dat heart, stimt Hemlock yn mei it útfieren fan 'e 'sanksje' om wraak te nimmen. Hy easket, en kriget, fan Dragon in salaris fan $100.000 (omrekkene nei jild út 2021 $549.000) plus ûnkosten.
Hemlock en Baq tsjinnen foarhinne tegearre as kommando's yn 'e Fjetnamoarloch, wêrby't Baq Hemlock op in stuit it libben rêde. Se waarden doe ferret troch in trêde kommando, Miles Mellough, en Dragon jout oan Hemlock, by wize fan bonus, tastimming om dyselde ek te fermoardzjen. Mellough wie nammentlik as koerier fan 'e ynformaasje oer it biologyske wapen by de operaasje tsjin Baq belutsen, hoewol't er net ien fan 'e beide moardners wie. Wa't Krüger syn kompanjon dan wol wie, is noch altyd net bekend. It iennichste dat Dragon wit, is dat it giet om ien dy't wat mankepoatet en dat dyjinge lid is fan in ynternasjonaal team dat oankom simmer de noardwand fan 'e berch de Eiger, yn Switserlân, beklimme sil. Hemlock, mei syn ûnderfining yn berchbeklimmen, is de oanwiisde persoan om 'e Amerikaanske dielnimmer te ferfangen, sadat er ûnder de beklimming útsykje kin wa't de moardner is en mei dyselde ôfweve kin. Letter wurdt Hemlock thús opsocht troch Jemima, dy't har nochris ûntskuldiget foar har dieden, en fertsjutsket dat se fan Dragon gjin opdracht krigen hie om mei Hemlock op bêd te gean; dat wie har eigen inisjatyf, om't se op him falt. Hemlock wol lykwols net nei har harkje.
Hy reizget ôf nei Arizona, dêr't er foar de beklimming yn training giet by syn âlde freon Ben Bowman, dy't in berchbeklimmersskoalle runt. Bowman, dy't Hemlock inkeld ken yn syn hoedanichheid fan berchbeklimmer en neat fan syn eftergrûn as hiermoardner ôfwit, besiket Hemlock earst dielname oan 'e beklimming te ûntpraten, om't er him te âld fynt. As dat om 'e nocht is, seit er dat er oan syn ferplichtings as freon foldien hat, en bringt er út dat hysels ek mei nei Switserlân sil, as 'grûnman', oftewol tafersjochhâlder oer de tariedings foar de beklimming. Bowman ûnderwerpt Hemlock oan in strang rezjym fan lichaamlike oefenings, dat foar in grut part bestiet út tsientallen kilometers lange einen draven mei in rêchsek fol stiennen om. Mei't er sels te âld en grou is om mei te draven, set er dêrfoar in oantreklike jonge Yndiaanske frou yn, dy't George hjit mar dy't yn al harren tiid tegearre gjin stom wurd tsjin Hemlock seit.
Yn 'e berchbeklimmersskoalle fan Bowman, dy't trouwens mear wei hat fan in fakânsjeresort, kompleet mei swimbad en sinnebaaiende jonge froulju yn bikiny, wurdt Hemlock opsocht troch syn âlde fijân Miles Mellough. Dyselde wurdt bewekke troch in poatige liifwacht dy't Dewayne hjit. Mellough fertelt dat er syn nocht derfan hat om hieltyd oer it skouder sjen te moatten oft Hemlock ek efter him oankomt. Hy seit dat er de identiteit wit fan 'e moardner dy't Hemlock siket, en hy stelt foar dat er dy namme neame sil yn ruil foar it ûnthjit fan Hemlock dat dy him (Mellough) tenei gewurde litte sil. Hemlock seit dat er dat foarstel yn omtinken nimme sil, mar úteinlik beslút er dat de priis foar de ynformaasje te heech is. As er syn training sa goed as foltôge hat, wurdt Hemlock op in nacht opsocht troch George, dy't, noch altyd sûnder wat te sizzen, har útklaait en by him op bêd krûpt. Nei't se seks hân hawwe, besiket se him te ynjektearjen mei it iene of oare middel, mar it slagget Hemlock om alaarm te slaan foar't er it bewustwêzen ferliest.
As Hemlock wer bykomt, fertelt Bowman him dat it spul dêr't er mei platspuite is, sterk liket op morfine. George, dy't troch Bowman-en-dy fêstholden wurdt, hat bekend dat se troch Mellough betelle wie om Hemlock te drogearjen, wêrnei't Mellough perfoarst in spektakulêr soarte fan dea foar him beävensearje wollen hie. Hemlock hjit Bowman om George fierder mar gewurde te litten. De oare deis lokket er Mellough en Dewayne de woastyn yn, dêr't er Dewayne deasjit krekt op it momint dat dy him ek besiket dea te sjitten. Hy nimt Mellough finzen, riidt noch folle djipper de woastyn yn en lit him dêr efter om fan útdrûging en sinnestek om te kommen.
Neitiid reizgje Hemlock en Bowman nei Switserlân, dêr't se yn it Hôtel Bellevue des Alpes te Kleine Scheidegg de oare leden fan it team moetsje: de waanwize Dútser Karl Freytag, de dreaune Eastenriker Anderl Meyer en de Frânsman Jean-Paul Montaigne, dy't noch âlder is as Hemlock sels en inkeld oan 'e beklimming mei liket te dwaan om yndruk te meitsjen op syn oerhuorrige jongere frou Anna. Dat docht net folle fertuten, mei't Anna de jûns foar de klim om 'e nocht Hemlock besiket te ferlieden en letter op bêd rekket mei Freytag. Mei't der oer in dei as fjouwer min waar opkomst is, beslute de fjouwer alpinisten sa gau mooglik mei de beklimming útein te setten. Freytag, de lieder fan it klimteam, dy't in ûngebrûklike beklimmingsrûte foarstelt, lit allegeduerigen syn minachting blike foar Hemlock om't dy twa kear earder oan in beklimming fan 'e Eiger meidien hat, wêrby't it beide kearen op in mislearring útrûn is. Underwilens wurdt Hemlock opsocht troch Jemima, mei wa't er him fermoedsoenet. Se fertelt him dat Dragon noch altyd net de identiteit fan 'e twadde moardner wit, wat betsjut dat Hemlock dat sels útsykje moatte sil.
Nei in nacht yn it hotel sette de fjouwer klimmers moarns ier útein. De earste dei is it klimmen maklik en meitsje se goede foarderings. Op 'e twadde dei feroarsaket Freytag, dy't foarop giet, op in stuit in lytse rotslawine, wêrby't Montaigne in grouwe stien op 'e holle kriget. Hy draacht in helm, mar rekket dochs in skoft út 'e tiid en falt, en komt frij te hingjen oan syn feilichheidstou. Hemlock en Meyer kinne him mar mei muoite wer omheech skuorre. Nei't er wer bykommen is, hâldt er fol dat er skoan trochgean kin, mar de rest fan 'e dei hat er muoite om 'e oaren by te hâlden. Underwilens hâldt Bowman it yn felle kleuren klaaide team mei in tilleskoop yn 'e rekken fan it terras fan it hotel ôf. Dêr kriget Jemima fan Pope, in oare C2-agint, oan wa't Hemlock in grouwéligen hekel hat, te hearren dat de hiele operaasje oars sit as dat sy tinkt. De ynformaasje oer it biologysk wapen wie ferfalske en Dragon hie mei opsetsin soarge dat de fijân Baq yn it fizier krige. Syn dea wie fan it begjin ôf oan in yntegraal ûnderdiel fan it plan. De ynset fan Hemlock om 'e moardners fan Baq te eliminearjen is inkeld bedoeld om 'e fijân leauwe te litten dat de ynformaasje dy't fan Baq ôfnommen is, wier is. Jemima, dy't in folslein ferkeard (posityf) byld hie fan C2, beseft dat Hemlock gelyk hie oer de tsjinst, Dragon en Pope.
Tsjin 'e jûn fan 'e twadde dei fan 'e beklimming slacht it waar om en reint it in skoftke, wat mank giet mei it kelderjen fan 'e temperatuer. De rein befriest sadwaande sadree't it de berch rekket, wat it terrein foar de beklimmers tige ferriedlik makket. Yn 'e nacht komt Montaigne, dy't folle slimmer skeind wie as er blike litte woe oan syn ferwûnings te ferstjerren sûnder dat de oare beklimmers it merke. Pas de oare moarns ûntdekke se syn beferzen lyk. Se beslute dat se ûnder dizze omstannichheden net fierder kinne, mar it paad werom is ek tichtset. Hemlock nimt stilwei de lieding oer fan Freytag en mei stipe fan Meyer beslút er om fia in oare rûte omleech te gean oant boppe in tunnelfinster fan it Treinstasjon Eigerwand. Dêr sille se har oan touwen oer de râne sakje litte oant se op 'e hichte fan it finster hingje, wêrnei't Bowman en de rest fan it grûnteam harren nei binnen skuorre kinne.
Mei it stoflik omskot fan Montaigne by har begjinne se oan 'e drege ôfdaling oer in iisplaat dêr't se suver gjin hâldfêst hawwe. As se hast it doel berikt hawwe, ferliest Freytag alle grip op 'e ûndergrûn. Hy glidet oer de râne fan 'e ôfgrûn hinne en skuort Meyer en it lyk fan Montaigne mei de djipte yn om 1.200 meter leger te pletter fallen yn 'e delling. Inkeld Hemlock wit himsels te rêden troch krekt op 'e tiid in nije kram yn 'e rots te slaan. Hy wurdt troch de oaren mei de ôfgrûn yn lutsen, mar bliuwt in meter as fiif foar it tunnelfinster oanslein hingjen. Dêr sjocht er hoe't Bowman, waans eardere ferwûnings troch befriezingsferskynsels yn 'e kjeld opspylje, al mankepoatsjend op him ta komt. Hy begrypt dan dat de twadde moardner fan Baq net ien fan 'e oare trije klimmers wie, mar Bowman. Dyselde smyt Hemlock in tou ta dêr't er himsels oan fêstsette moat. Dêrnei moat er it tou dêr't er oan hinget, trochsnije en hoopje dat Bowman him net falle lit. Dat ferget in protte fertrouwen yn syn âlde freon, mar Hemlock hat gjin oare kar en docht it. Syn fertrouwen wurdt net beskamme: Bowman skuort him troch it tunnelfinster nei binnen ta.
As se letter yn 'e trein werom nei Kleine Scheidegg sitte, jout Bowman yn in petear ûnder fjouwer eagen ta dat hy al jierren lyn "by de oare kant" belutsen rekke is. Hy hâldt lykwols fol dat er gjin idee hie dat Krüger Baq fermoardzje soe. As Hemlock trochfreget, leit Bowman út dat syn belutsenens yn earste ynstânsje fia Miles Mellough rûn, oan wa't er wat skuldich wie om't dyselde Bowman syn dochter fan 'e drugs ôf krigen hie. Hemlock, dy't net wist dat Bowman in dochter hie, is ferheard. Bowman leit út dat George syn dochter is. Werom yn it hotel sitte Hemlock en Bowman tegearre op it terras as Jemima harren in tillefoan bringt om't der foar Hemlock skille is. It blykt Dragon te wêzen, en Hemlock lit de oare beiden meiharkje. Dragon is derfan oertsjûge dat Hemlock de oare trije berchbeklimmers mei opsetsin ombrocht hat om't er net útmeitsje koe wa fan harren de moardner wie. Dat is wat dat er sels dwaan soe, dat it komt him alhiel net frjemd foar. Hemlock makket him neat wizer. Dragon bewissiget Hemlock dat it jild nei him oermakke is en hopet dat se nochris gearwurkje kinne. Nei't er de hoarn dellein hat, seit Hemlock tsjin Bowman dat de twadde moardner neffens de offisjele lêzing op 'e Eiger stoarn is, en dat se it dêr mar by litte moatte. Bowman jout him mei in ferromme hert ôf. Hemlock en Jemima, dy't folslein desyllúzjonearre rekke is oer C2, risselwearje om harren relaasje fuort te setten.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jonathan Hemlock | Clint Eastwood |
Ben Bowman | George Kennedy |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jemima Brown | Vonetta McGee |
Miles Mellough | Jack Cassidy |
"Dragon" | Thayer David |
Karl Freytag | Reiner Schöne |
Anderl Meyer | Michael Grimm |
Jean-Paul Montaigne | Jean-Pierre Bernard |
Pope | Gregory Walcott |
George | Brenda Venus |
Dewayne | Dan Howard |
"Wormwood" / Henri Baq | Frank Redmond |
Anna Montaigne | Heidi Brühl |
Krüger | Walter Kraus |
blonde studinte | Candice Rialson |
juffer "Cerberus" | Elaine Shore |
hotelmanager | Siegfried Wallach |
"Buns" | Susan Morgan |
taksysjauffeur | Jack Frey |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Eiger Sanction is basearre op 'e skrillerroman The Eiger Sanction út 1972 fan Trevanian, it pseudonym fan Rodney William Whitaker. Hy wie in Teksaanske heechlearaar filmwittenskippen, en The Eiger Sanction wie syn earste boek, dat er mei opsetsin as in neibearing fan 'e James Bond-romans skreau. Filmstudio Universal Pictures kocht yn novimber 1972 de filmrjochten oan en hierde senarioskriuwer Hal Dresner yn om tegearre mei Whitaker de roman te adaptearjen ta in ferfilmber skript. Yn april 1973 waard de bekende akteur Paul Newman cast as Jonathan Hemlock. Oan him waarden twa ferzjes fan in senario foarlein, dy't beiden skreaun wiene troch Dresner en Whitaker tegearre. Newman fûn it beide neat. Hy wie teloarsteld en fûn de film fierstente gewelddiedich, dat it draaide derop út dat er him út it projekt weromloek.
Ein 1973 lei Universal in ferfilming fan The Eiger Sanction foar oan Clint Eastwood. Dyselde murk earnstige flaters op yn sawol de roman as it senario, dat tsjin dy tiid al trije ferzjes fierder wie. Eastwood hie gjin belangstelling foar spionaazje as ûnderwerp of de spionaazjeskriller as sjenre, mar dochs fielde er him ta it projekt oanlutsen. Dat hie te krijen mei syn persoanlike omstannichheden. Hy wie teloarsteld oer hoe't Universal Pictures mei de earste films omsprongen wie dy't hy regissearre hie, te witten: Play Misty for Me (1971) en Breezy (1973), dat hy woe eins by Universal wei om nei konkurrint Warner Bros. ta, dêr't studiobaas Frank Wells him in iepen útnûging jûn hie. Dat koe lykwols pas as er syn kontrakt by Universal úttsjinne hie, en dêrfoar moast er noch ien film meitsje. Yn The Eiger Sanction seach Eastwood de mooglikheid om Universal tefreden te stellen en himsels frijman te meitsjen, en, wat wichtiger wie, de film moast foar de helte op lokaasje yn 'e Switserske Alpen filme wurde, dêr't er effisjint wurkje koe (sa't syn foarkar wie) mei in lytse cast en crew, sûnder dat de studiobazen hieltyd oer syn skouder meiseagen.
Preproduksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 31 jannewaris 1974 makke Universal Pictures bekend dat Clint Eastwood as haadrolspiler en as ko-produsint by The Eiger Sanction belutsen wêze soe. Net folle letter waard er ek as regisseur ynhelle, mar dat waard pas yn maaie bekendmakke. Yn in fraachpetear yn 1976 lei Eastwood syn wichtichste probleem mei de roman en it dêrop basearre skript fan Dresner en Whitaker út: "Yn it boek besteane der gjin bannen. Oars sein: it personaazje dat oan it begjin fermoarde wurdt, hat gjin relaasje mei lykfolwa oars. Ik haw dat gewoan opnommen en besocht om him in bân mei de held te jaan, sadat de held motivearre waard. Sa't it boek skreaun waard, hied er gjin motivaasje foar wat dan ek. Hy die syn wurk poer foar it jild, gjin oare motivaasje, punt út."
Om it senario te ferbetterjen, frege Eastwood yn febrewaris 1974 de romanskriuwer Warren B. Murphy om help, mei't er dy syn romansearje The Destroyer bewûndere. Hoewol't Murphy noch it boek fan Whitaker lêzen hie, noch ea earder in filmskript skreaun hie, seid er syn meiwurking ta. Hy lies it boek en wie fral ûngelokkich mei de toan, dy't er belearend fûn foar de lêzer oer. Hy sette útein mei it senario fan Dresner en Whitaker en hie yn maart in earste kladferzje fan klear, om tsjin 'e ein fan 'e moanne mei syn úteinlike resultaat te kommen. Eastwood en Murphy wiene it deroer iens dat se dêrmei it bêste helle hiene út it materiaal dat se foar hannen hiene, al wiene se net ien fan beiden hielendal tefreden. Eastwood wie lykwols fan miening dat de autentisiteit fan 'e berchbeklimmingssênes, dy't him foar eagen stiene, de tekoartkommings fan it skript goedmeitsje soene.
The Eiger Sanction wie nammentlik de earste Hollywood-film dy't echt op in berch opnommen wurde soe; alle foargeande films oer of yn 'e bergen wiene filme yn 'e studio mei bergen makke fan papier-mâché en skildere eftergrûnen. Eastwood liet dêrom spesjaal oanpaste lichtgewicht kamera's ûntwerpe troch lûdstechnikus Peter Pilafian. Hy beloek ek Mike Hoover by de produksje, in berchbeklimmer dy't yn 1972 de foar in Oscar nominearre koarte dokumintêre Solo makke hie oer syn ienmansbeklimming fan 'e berch El Capitan yn it Nasjonaal Park Yosemite. Eastwood hie dy film sjoen en bewûndere him, dat hy hierde Hoover yn om himsels te trainen om der profesjoneel út te sjen by de klimsênes. Dêrfoar giene se tegearre te trainen yn Yosemite. De 44-jierrige Eastwood beklom dêr de 370 m hege Lost Arrow Spire, mar hoewol't er yn syn jonkheid wolris wat oan rotsklimmen dien hie, foel dy ûnderfining him raar ôf. Neffens Hoover folbrocht er de klim "mei absolút alhiel gjin technyk […], gewoan poer op spierkrêft."
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As produsinten wie Robert Daley by it projekt belutsen foar de filmstudio's The Malpaso Company (fan Clint Eastwood), Universal Pictures en The Zanuck Company. Richard D. Zanuck en David Brown hiene as útfierende produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $9 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Frank Stanley, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar't de opnamen foar The Eiger Sanction eigentlik úteinsetten, reizge Clint Eastwood yn july 1974 mei syn klimadviseur Mike Hoover, akteur George Kennedy en in lytse filmploech ôf nei Monument Valley, op 'e grins fan 'e Amerikaanske steaten Arizona en Utah. Se woene dêr in sênesekwinsje filmje wêryn't Jonathan Hemlock (Eastwood) en Ben Bowman (Kennedy) by wize fan training de Toatempeal beklimme, in 200 m hege rotspjuts mei in diameter fan 51/2 m. Dy formaasje stie lykwols yn it Navaho Yndianereservaat fan 'e Navaho Naasje, in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten.
Mei't de Toatempeal foar de Navaho in hillich plak is, lei de Navaho Naasje it near op beklimmings. Hoover prate lykwols mei de tribale autoriteiten en stelde ien lêste beklimming foar, wêrby't alle krammen (pitons) en oare soarten klimgereid fuorthelle wurde soene dy't by eardere beklimmings efterbleaun wiene, sadat de rotspjuts wer hielendal yn 'e âlde steat werombrocht wurde soe. De Navaho giene dêrmei akkoart. De beklimming waard útfierd troch twa alpinisten út Moab (Utah), Eric Bjornstad en Ken Wyrick. Dyselden klommen nei de top en hellen ûnderweis alle âlde troep fuort. Doe't se de top berikten, waarden se mei in helikopter oppikt, wêrnei't Eastwood en Kennedy mei in kameraman en in lûdsman op 'e top ôfset waarden foar de opname fan ien fan Eastwood syn lokkichste filmoantinkens: it ûndergean fan 'e sinne yn Monument Valley.
De eigentlike opnamen foar The Eiger Sanction setten op 12 augustus 1974 útein en duorren oant en mei ein septimber. Yn Switserlân striek de filmcrew del yn it Hôtel Bellevue des Alpes te Kleine Scheidegg, dat yn in delling yn it Berner Boppelân tusken de Eiger en de Lauberhorn yn leit. De beklimming yn 'e film soe fan 'e noardwand fan 'e Eiger wêze, dy't in hichte hat fan 3.967 m en yn it Dútsk bekend stiet as de Mordwand ("Moardwand"), om't der tsientallen berchbeklimmers omkommen binne. Doe't de opnamen foar The Eiger Sanction dêr úteinsetten, lei dat oantal op 41. De cast en crew waarden by de opnamen op 'e berch begelaat troch in team fan profesjonele berchbeklimmers út 'e Feriene Steaten, Kanada, it Feriene Keninkryk, Dútslân en Switserlân.
Eastwood besleat it dreechste filmwurk earst út 'e wei te romjen, wêrby't it gie om 'e sêne wêryn't Freytag de klimmers ûnder him by fersin bleatsteld oan in lytse rotslawine. Doe't de crew al risselwearre om mei de helikopter werom nei it hotel, betocht Hoover dat der noch gjin bylden wiene út it eachpunt fan 'e klimmers wei op wa't de rotsen delreinden. Dat, tegearre mei de 26-jierrige Britske klimmer David Knowles filme er dat. Doe't se neitiid wer omheech klommen nei de oaren, briek der ynienen in grut rotsblok fan 'e berchskeante los en batste op 'e beide mannen del. Knowles kaam dêrby om, wylst Hoover in brutsen bekken en swiere kniezings oprûn. Nei in ymprovisearre wake foar Knowles tocht Eastwood der serieus oer om 'e hiele produksje mar te skrassen, mar de oare klimmers ûntpraten him dat, mei't se him foarholden dat se allegearre de risiko's witten hiene foar't se har meiwurking taseine, en om't se net woene dat de dea fan Knowles hielendal sinleas wêze soe.
By in letter ûngelok op 'e filmset op 'e Eiger rûn kameraregisseur Frank Stanley ferwûnings op dy't him in skoft oan in rolstoel klústeren. Hy joech dêr Eastwood de skuld fan, om't dy syn rimpenens neffens him laat hie ta in gebrek oan tarieding op 'e drege filmomstannichheden op 'e berch. Eastwood stie derop om sels alle klimwurk en stunts te dwaan foar de rol fan Jonathan Hemlock, wat him op krityk kaam te stean fan profesjonele berchbeklimmers. In foarbyld wie de sêne yn 'e film wêryn't Hemlock oan in klimtou foar it tunnelfinster hinget, mei ûnder him inkeld de dellingflier, 1.200 m leger. Hy makket himsels fêst oan it tou dat it personaazje fan Ben Bowman him tasmyt, en snijt dan it tou troch dêr't er oan hinget. Dat wie allegearre echt, en wie it twadde (of it earste) tou knapt, dan wie Eastwood te pletter fallen. Sels rjochtfeardige er syn dwaan doe't er letter útlei: "Ik woe net in stuntman ynsette om't ik in telelins brûke woe om stadich hielendal yn te zoomen nei my gesicht – sadat men sjen koe dat ik it echt wie."
Oare dielen fan The Eiger Sanction, benammen de iepeningssênes, waarden op lokaasje opnommen yn 'e Switserske stêd Zürich, by de Grossmünster-katedraal en de Münsterbrücke oer de rivier de Limmat. De sênes yn 'e berchbeklimmingsskoalle fan Bowman en omkriten waarden opnommen op 'e Zion-Mount Carmel Highway, by de Zion Lodge, op 'e Checkerboard Mesa, by The Narrows, op 'e brêge oer de rivier de Virgin en op 'e Grotterûte, allegear yn it Nasjonaal Park Zion yn Utah. Inkele binnendoarsênes waard yn Monterey en Carmel-by-the-Sea yn Kalifornje opnommen.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Eiger Sanction waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 21 maaie 1975 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1975 op LP by platemaatskippij MCA Records en kaam yn 1991 op cd út by Varèse Sarabande. The Eiger Sanction waard op 15 desimber 1998 foar it earst útbrocht op dvd en op 10 novimber 2015 foar it earst op blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige The Eiger Sanction mingde resinsjes. It tydskrift Variety wie loovjend: "Eastwood […] is it slagge om skoandere spanning te stopjen yn 'e berchbeklimmings yn sawol Switserlân as Monument Valley, en ek de personaazjes binne moai ôfgrinzge. Syn rezjy toant in know-how dy't rûge aksje mooglik makket." De krante The New York Times omskreau de film as "in lang, dwaas, mar nea ferfeelsum […] melodrama", dat de tekoartkommings oan 'e plot kompinsearre mei "sikestûkjende" klimsênes.
Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte The Eiger Sanction 3 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "[Dizze film] hat in plot dy't sa fiersocht en betize is, dat we der net mear as fyftjin tellen tagelyk yn leauwe kinne, mar de aksjesênes binne sa yn beslach nimmend en de berchtopopnamen sa meislepend, dat ús dat neat skele kin. […] En sa sakje wy yn 'e sitewaasjes wei en wurde we ferlaat troch de bylden en genietsje we fan 'e ferskate tsjeppe fammen dy't it paad fan 'e held kruse, en as de plot nearne op slacht, no ja, net ien film is perfekt."
Guon resinsinten moasten lykwols neat fan The Eiger Sanction hawwe, lykas Joy Gould Boyum, dy't har der yn The Wall Street Journal oer beklage dat de film "skelmeftigens yn homoseksuelen en lichaamlik beheinden pleatst". Pauline Kael, in wenstige haatster fan it wurk fan Eastwood, skreau yn it blêd The New Yorker dat de film "in folsleine bespotting" wie.
Resintere beoardielings binne foar The Eiger Sanction oer it algemien positiver as kontemporênen. Sa konkludearre filmkritikus David Sterritt bygelyks yn 2014 yn syn boek Guiltless Pleasures: "Eastwood syn ûnsubtile rezjy hammeret it ferhaal effektyf te plak, mei lofweardige oandacht foar details yn it aktearjen." Yn syn resinsje foar de webside CombustibleCelluloid.com joech Jeffrey M. Anderson de film yn 2016 31/2 fan 4 stjerren en omskreau er him as "ferrassend effektyf, sels neffens hjoeddeistige mjitstêven." Hy fûn de beklimmingsbylden "echt oangripend" en neamde de film sels in "ûnderwurdearre hichtepunt foar in grutte regisseur." Christopher Ganger fan 'e Tampa Bay Examiner parte de film yn 2013 4 fan 5 stjerren ta en skreau: "De lânskipsbylden yn 'e Alpen binne sikestûkjende moai en de aksje yn dizze spionaazjeskriller is om op it puntsje fan 'e stoel sitten te gean."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Eiger Sanction in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 20 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet de film in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 5 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Eiger Sanction brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $14,2 miljoen op. De opbringst yn oare lannen en territoaria is ûnbekend. As men de opbringst yn Noard-Amearika ôfset tsjin it budget fan $9 miljoen, betsjut dat in winst fan $5,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaanske spionaazjefilm
- Amerikaanske skrillerfilm
- Ingelsktalige film
- Film fan Malpaso Productions
- Film fan The Zanuck Company
- Film fan Universal Pictures
- Film fan Clint Eastwood
- Film út 1975
- Film oer moard
- Film oer in hiermoardner
- Film oer in Amerikaanske geheime tsjinst
- Film oer berchbeklimmen
- Film oer albinisme
- Film oer wraak
- Film oer de Kâlde Oarloch
- Film oer biologyske oarlochfiering en wapens
- Film oer freonskip
- Film oer oerhoer
- Film basearre op in literêr wurk