Springe nei ynhâld

The Blue Lagoon (film út 1980)

Ut Wikipedy
The Blue Lagoon
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Randal Kleiser
produsint Randal Kleiser
senario Douglas Day Stewart
basearre op The Blue Lagoon fan
   Henry De Vere Stacpoole
kamerarezjy Néstor Almendros
muzyk Basil Poledouris
filmstudio Columbia Pictures
distribúsje Columbia Pictures
spilers
haadrollen Brooke Shields
Christopher Atkins
byrollen Leo McKern
Elva Josephson
Glenn Kohan
William Daniels
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 20 juny 1980
foarm langspylfilm
sjenre romantyske dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 105 minuten
budget en resultaten
budget $4,5 miljoen
opbringst $58,8 miljoen (Noard-Am.)
filmsearje
filmsearje The Blue Lagoon
● folgjend diel Return to the Blue Lagoon

The Blue Lagoon is in Amerikaanske romantyske dramafilm út 1980 ûnder rezjy fan Randal Kleiser, mei yn 'e haadrollen Brooke Shields en Christopher Atkins. De titel betsjut "De Blauwe Lagune". De film wie basearre op 'e roman mei deselde namme fan Henry De Vere Stacpoole, en wie teffens in remake fan in eardere ferfilming, The Blue Lagoon út 1949. It ferhaal giet oer twa jonge bern dy't nei in skipbrek allinne fêst komme te sitten op in tropysk ûnbewenne eilân yn 'e Stille Súdsee en dêr tegearre opgroeie. De filmkritisy lieten de film yn harren resinsjes alhiel ôfrinne, mar nettsjinsteande dat groeide The Blue Lagoon yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses.

Yn 'e lêste jierren fan 'e njoggentjinde iuw is in Arthur Lestrange, in Amerikaan út in begoedige maatskiplik fermidden, op it sylskip de Northumberland ûnderweis fan Boston om Kaap Hoarn hinne nei San Francisco, om him dêr te fêstigjen. Hy is in widner en hy hat syn achtjierrige soan Richard by him, en ek syn like âlde omkesizzer Emmeline, dat in weesbern is. Nei't se troch in stoarm by Kaap Hoarn fan koers reitsje en fier de Stille Oseaan op dreaun wurde, brekt der op in dei brân út op 'e Northumberland. Bemanning en passazjiers moatte halje-trawalje it skip ferlitte, en de beide bern bedarje yn in roeiboat mei de âlde loaie skipskok Paddy Button. Yn tichte mist reitsje se it kontakt mei de oare boatsjes kwyt. Nei dagenlang op see omdreaun te hawwen, bringt de seestreaming harren by in wielderich begroeid tropysk eilân lâns, dêr't Paddy de boat nei ta roeit.

It blykt in ûnbewenne eilân te wêzen, mei tropysk reinwâld yn it binnenlân en in wyt sânstrân oan 'e kust. Se fine der swiet wetter út in welle om te drinken en fruchten, fisk en skaaldieren op te iten. It docht bliken dat der al earder skipbreklingen op it eilân fêstsitten hawwe, want Richard fynt in skelet, wylst Emmeline in fetsje rum oantreft (dat Paddy daliks yn beslach nimt). Paddy besiket foar de bern te soargjen, hoewol't er dêr eins hielendal net geskikt foar is. Hy leart se te fiskjen en wat se ite kinne en wat net, hoe't se mei knopen dingen fêstsette kinne, hoe't se fan palmblêden in hutte bouwe kinne en sa mear. Hy warskôget harren op skerpe wize tsjin it iten fan 'e felreade beien fan in plant dy't op it eilân groeit. As se dêrfan ite, sa seit, sille se yn 'e sliep falle en nea wer wekker wurde. De bern neame de fruchtsjes neitiid de 'yn-'e-sliep-fallersbeikes'.

As er him ris oan 'e oare kant fan it eilân bejout, treft Paddy dêr de restanten oan fan in minske-offer op in flakke stien dy't blykber as alter brûkt wurdt, foar in grutte opsteande rots dy't dizenich de foarm fan in minsklik gesicht hat. Hy beseft dat se dochs net allinne op it eilân binne, en ferbiedt de bern om ea noch nei de oare kant fan it eilân te gean. As se witte wol wêrom net, byt er harren ta dat it de wet is, dat je no ienris dwaan moatte wat de wet seit. Paddy spuit der net yn, as er him op in jûn, nei't se in pear moannen op it eilân binne, wer ris bedrinkt oan 'e rum dy't Emmeline fûn hat, giet er midden yn 'e nacht mei syn dronken kop in ein te swimmen. De oare deis treffe de bern him ferdronken oan op it strân fan in lyts eilantsje dat in pear hûndert meter foar de kust fan it gruttere eilân leit.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De beide bern bliuwe allinne efter, en op oanstean fan Emmeline ferlitte se it plak dêr't se mei Paddy wenne hawwe, om't it har drôf makket. Richard roeit de roeiboat by de kust fan it eilân lâns oant se in plak fine dat harren gaadlik liket, en dêr sette se har nei wenjen troch op eigen manneboet, mei de feardichheden dy't Paddy harren bybrocht hat, in nije hutte te bouwen.

As de jierren foarby geane en Richard en Emmeline teenagers wurde, reitsje se fereale opinoar. De gefoelens binne lykwols tige betiizjend foar harren, om't se nimmen hawwe dy't har wat útlizze kin. As se foar it earst de regels kriget, hat Emmeline alhiel gjin aan wêrom't se bliedt. Se rekket bot oerstjoer en ropt oan Richard om help, mar as er him nei har ta hastiget, fielt se skamte en wol se him net fertelle wat der is. Se wegeret om har troch Richard ynspektearje te litten op 'e siik nei wat er tinkt dat grif in wûne wêze moat. Hoewol't Emmeline fereale is op Richard, triuwt se him fuort as er foar it earst fysyk neieroankommen siket. Dêrop giet er nei in plak dêr't er allinne wêze kin en ûntdekt er wat masturbaasje is.

Om 'e safolle tiid hearre Richard en Emmeline it trommegeroffel fan 'e ynboarlingen as dy fan in oar eilân oerkomme om by it grutte rotsgesicht in minske-offer te bringen. Se wurde nijsgjirrich nei wa't dat lûd makket, mar Richard hâldt him trou oan 'e wet dy't Paddy harren oplein hat. Emmeline, lykwols, brekt temûk de wet troch op ferkenning nei de oare kant fan it eilân te gean, dêr't se it bloedige alter en it rotsgesicht sjocht. Mei't se it bloed assosjearret mei de krusiging fan Jezus, mient se dat it grutte gesicht God is. Neitiid bringt se eigen offers fan blommeslingers op it alter, en teffens besiket se Richard safier te krijen dat dy meigiet nei it grutte gesicht om te bidden. Richard, lykwols, is skokt dat Emmeline de wet brutsen hat en wol dêr neat fan witte.

As der foar it earst yn jierren in skip by it eilân lâns komt, stekt Emmeline it sinjaalfjoer net oan dat Richard foar sa'n gefal klearlein hat. Fan gefolgen fart it skip foarby sûnder de skipbreklingen op te merken. Richard, dy't him fan in oar part fan it eilân nei de hutte ta hastige hat, fart lulk út tsjin Emmeline, mar sy fertelt him, ta syn folsleine ferbjustering, dat it eilân no harren thús is dat se hjir bliuwe moatte. Richard besiket mei in eigenboud flot it eilân te ferlitten, mar it wurdt stikkenslein yn 'e brâning. As Richard wiet en mei in kwetst ego op it eilân weromkomt, laket Emmeline him út. Se krije rûzje dy't oanboazet ta in punt dat se inoar mei kokosnuten begjinne te bekûgeljen. Richard sines misse, mar Emmeline harres rekket Richard op 'e holle. Neitiid is er sa opsternaat dat er Emmeline út harren mienskiplike hutte smyt, dy't hy foar it meastepart boud hat.

Emmeline lûkt har werom yn in lytse útsparring yn in rots by it strân, dêr't se in ôfdaksje fan flochten palmtûken by bout. De rûzje mei Richard hâldt oan, mar as se by fersin op in giftige stienfisk stean giet en Richard har letter siik en swak oantreft, ferjit er op slach alles wat der tusken harren foarfallen is. Emmeline smeekt him om har by 'God' te bringen, dat Richard draacht har nei de oare kant fan it eilân, dêr't er har op it alter leit en bidt om har genêzing. As Emmeline wer opbetteret, bychtet Richard op hoe't er yn eangst sitten hat om har te ferliezen. Se groeie mear nei-inoar ta as ea tefoaren, en ûntdekke geslachtsmienskip. Op basis fan foto's fan in brulloft út in hutkoffer dy't Paddy nei it sinken fan 'e Northumberland út 'e see fiske hat, hâlde se in ymprovisearre trouwerij.

Neitiid hawwe Richard en Emmeline geregeldwei seks, oant Emmeline op in stuit grou wurdt en der net mear fan genietsje kin. As der op in dei wer trommegeroffel klinkt, is Richard bang dat Emmeline dêr lykas earder op ôfgien is. Hy hastiget him nei it rotsgesicht ta, mar treft Emmeline dêr net oan. Wol is er der út it strewelleguod wei tsjûge fan hoe't in stikmannich ynboarlingen ien fan harren brûke om in minske-offer te bringen. Richard is dêr raar fan, en lit Emmeline letter ûnthjitte dat se nea wer op it trommegeroffel ôfgean sil. Underwilens wurdt Emmeline almar grouwer. Richard hat dêr bot argewaasje fan en besiket har om 'e nocht safier te krijen dat se minder yt. Mei't Richard en Emmeline neat fan swierwêzen en fuortplanting ôfwitte, komt de berte fan in poppe foar harren as in folsleine ferrassing. Se neame it jonkje Paddy.

Ferskate jierren letter, as de lytse Paddy in pjut is, fart der wer in skip by it eilân lâns. Oan board is Richard syn heit Arthur Lestrange, dy't syn libben wijd hat oan 'e syktocht nei de ferdwûne bern. It tafal wol dat de lytse Paddy krekt foartiid yn 'e drek oan it boartsjen wie, en dat Richard en Emmeline har by him jûn hawwe. Lestrange en de bemanning sjogge troch de fierrekiker in jonge húshâlding wêrfan't de leden harsels hielendal mei drek ynsmaard hawwe, en komme ta de konklúzje dat it ynboarlingen wêze moatte, om't gjin beskaafde minske soks dwaan soe. Richard en Emmeline sjogge it skip wol, mar Richard is no sa gelokkich mei syn Emmeline en harren soan, dat er einlings en te'n lêsten syn besykjen opjout om it eilân te ferlitten. Se keare it skip de rêch ta en trijeresom ferdwine se yn it oerwâld.

Inkele dagen letter besykje se op oanstean fan Emmeline nochris it plak dêr't se nei de skipbrek it earst oan lân kamen, en dêr't se ferskate moannen mei Paddy wenne hawwe. Wylst Richard en Emmeline eefkes net goed om him tinke, brekt de lytse Paddy in twiich mei 'yn-'e-sliep-fallersbeikes' fan 'e plant ôf en bringt dy nei de roeiboat ta, dêrby it hâlden en dragen fan syn heit neibearend, dy't er itselde dwaan sjoen hat mei in tros bananen. As de boat mei Emmeline en de lytse Paddy deryn op drift rekket, triuwt Paddy ien fan 'e roeirimen út 'e boat. Emmeline kin der net by, dat se ropt Richard, dy't nei de boat ta swimt en ûnderweis de roeirym opfandelje wol. Der komt lykwols in haai op him ôf, en Richard moat swimme foar syn libben. Emmeline smyt de oare roeirym nei de haai ta om it bist ôf te skrikken. Dat wurket wol, en Richard kin ûnskansearre de roeiboat berikke, mar dan hawwe se hielendal gjin roeirimen mear, en de om it boatsje hinne rûntsjedraaiende haai keart tsjin dat se de yn 'e fierte driuwende rimen wer besette kinne.

Brooke Shields yn 1986.
Christopher Atkins yn 1981.

De boat wurdt troch de streaming fan it wetter meiskuord nei iepen see, en Richard, Emmeline en Paddy driuwe dêr dagenlang om. As Richard en Emmeline op in dei wekker wurde, sjogge se ta harren skrik dat Paddy it twiichje mei 'yn-'e-sliep-fallersbeikes' foar it ljocht helle en guon fan 'e beikes opiten hat. Om't se no beseffe wat Paddy Button bedoelde mei 'yn 'e sliep falle om nea wer wekker te wurden', ferlieze se alle hope op in goede ôfrin. Se ferdiele de oerbleaune beien yn twaen en ite dy op, wêrnei't se har mei syn trijen yn 'e boat deljouwe om te ferstjerren. Inkele oeren letter wurdt de roeiboat ûntdutsen troch it skip fan Arthur Lestrange. As bemanningsleden oan board fan 'e roeiboat geane, freget Arthur harren: "Binne se dea?" De kaptein antwurdet him: "Nee, mynhear. Se sliepe."

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Emmeline Lestrange (as teenager) Brooke Shields
Kathy Troutt (body double yn neakensênes)
Richard Lestrange (as teenager) Christopher Atkins


byrollen
personaazje akteur/aktrise                                 
Paddy Button Leo McKern
Emmeline Lestrange (as bern) Elva Josephson
Richard Lestrange (as bern) Glenn Kohan
Arthur Lestrange William Daniels
kaptein fan 'e Northumberland Alan Hopgood
kaptein fan it sykjende skip Gus Mercurio
lytse Paddy Lestrange Bradley Price
Paddy Lestrange (as poppe) Chad Timmermans

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Blue Lagoon wie basearre op 'e roman The Blue Lagoon, fan Henry De Vere Stacpoole út 1908. It wie teffens in remake fan 'e ferfilming The Blue Lagoon út 1949, mei Jean Simmons en Donald Houston yn 'e haadrollen. De film wie in persoanlik projekt fan regisseur Randal Kleiser, dy't al in protte jierren in grut bewûnderder fan 'e oarspronklike roman wie. Behalven as regisseur wied er ek as produsint by de film belutsen, foar de studio Columbia Pictures. Hy naam Douglas Day Stewart yn 'e earm om it senario te skriuwen. Nei't er yn 'e kunde kommen wie mei Richard Franklin, in Australyske regisseur dy't wurk socht yn Hollywood, kaam Kleiser op it idee om mei in Australyske filmcrew te wurkjen, wêrby't Franklin as tuskenpersoan fungearre.

Foar The Blue Lagoon wie in budget beskikber fan $4,5 miljoen. De kamerarezjy waard fierd troch Néstor Almendros, wylst Basil Poledouris de filmmuzyk fersoarge. De film waard foar it meastepart opnommen op lokaasje op Nanuya Levu, in eilân yn Fidzjy dat privee-eigendom wie, hoewol't der ek opnamen plakfûnen yn Fanûatû en Jamaika. Haadrolspylster Brooke Shields wie ûnder de opnamen fan The Blue Lagoon noch mar fjirtjin jier. Al har neakensênes waarden dêrom spile troch in body double, de 32-jierrige stuntfrou Kathy Troutt. Yn in protte topless sênes wie Shields har lange hier oan har boarsten fêstlime. Har tsjinspiler Christopher Atkins wie achttjin jier doe't de film opnommen waard, en hy die al syn eigen neakensênes.

It bestean fan 'e Fidzjiaanske kaamleguaan waard troch it sjen fan The Blue Lagoon ûntdutsen troch herpetolooch John Gibbons.

De floara en fauna fan Nanuya Levu waard yn 'e film prominint yn byld brocht, hoewol't der ek bylden tafoege waarden fan bisten dy't net op it eilân foarkomme. Ien fan 'e bisten dy't yn byld kamen, wie in lânseigen leguaan, dy't, sa bliek letter, noch ûnbekend wie by de wittenskip. Nei't herpetolooch John Gibbons, dy't ûndersyk die nei de Fidzjiaanske sebraleguaan, de film en dêrmei de bylden fan in him ûnbekende leguanesoarte sjoen hie, reizge er nei Nanuya Levu ta, dêr't er yn 1981 de Fidzjiaanske kaamleguaan (Brachylophus vitiensis) as nije soarte beskreau.

De distribúsje fan The Blue Lagoon waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 20 juny 1980 yn premiêre. Yn 1999 waard The Blue Lagoon op dvd útbrocht, en yn 2005 barde dat nochris, diskear yn 'e mande mei it ferfolch Return to the Blue Lagoon. Yn 2012 ferskynde de film yn in beheinde oplaach op blu-ray.

The Blue Lagoon krige oer it algemien tige negative resinsjes fan 'e filmkritisy, dy't fral it senario, de filmmontaazje en it aktearjen fan Brooke Shields ôfrinne lieten. Mear spesifike punten fan krityk wiene it as bespotlik idyllysk sjoene byld fan hoe't bern bûten de ynfloed fan 'e beskaafde maatskippij opgroeie soene, de as teloarstellend beskôge ôfrin fan 'e nei in klimaks fan bedriging opbouwende oanwêzigens fan ynboarlingen op it eilân, en it feit dat de film it publyk mûlterge mei seksualiteit, mar alle wiere seksuele aktiviteit op keine wize fertsjustermoannet. Oer de kamerarezjy fan Néstor Almendros wiene se lykwols foar it meastepart goed te sprekken.

De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert joech The Blue Lagoon 11/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "[De film] hie mooglikerwize ynteressant makke wurde kinnen as der ek mar op lykfol hokker wize serieus besocht wie en bring yn byld wat der echt barre soe as twa sânjierrige bern as skipbreklingen op in eilân fêst kamen te sitten. Mar dit is net in reälistyske film. It is in oant yn it rare ideälisearre românse, wêryn't de bern in hutte bewenje dy't derút sjocht as in houliksreissuite fan Club Med, wylst ûngeduerige ynboarlingen oan 'e oare kant fan it eilân minske-offers bringe." Ebert beskôge de ein, as de bern harren selsmoard oerlibbe blike te hawwen, ek as in leffe útflecht.

De Yasawa-eilannen yn Fidzjy, ien fan 'e opnamelokaasjes foar The Blue Lagoon.

It tydskrift Time Out skreau dat fan 'e film "oankundige waard dat er gean soe oer 'natuerlike leafde'; mar los fan 'it dwaan yn 'e iepen loft' is der neat natuerliks oan twa teenagers (sûnt har bernetiid al net mear bûn troch maatskiplike beheinings), dy't har oan 'e regels fan it houlik en de tradisjonele rolferdieling fan man en frou hâlde." Gary Arnold fan The Washington Post neamde de film "in skildereftige rapsody oer it oanlearen fan feardichheden, heit-en-memboartsjen, út te swimmen gean, genietsjen fan 'e natoer en begjinnen om jin seksy te fielen yn tropyske ôfsûndering." Hy hie yn 't bysûnder de gek mei it oanhâldende ûnfermogen fan 'e haadpersonaazjes om logyske konklúzjes te lûken.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Blue Lagoon in tige leech goedkarringspersintaazje fan 8%, basearre op 24 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskriuwt de film as "in leaflik stikje rommel" en as "in ûndogenske fantasij dy't tagelyk te kein is om echt fermaaklik te wêzen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Blue Lagoon in goedkarringspersintaazje fan 31%, basearre op 14 resinsjes.

It strân fan Nanuya Levu yn Fidzjy, ien fan 'e opnamelokaasjes foar The Blue Lagoon.

The Blue Lagoon brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada allinnich al $58,8 miljoen op. It is ûnbekend hoe grut oft de opbringst yn oare lannen en territoaria wie. Mar ôfset tsjin it budget fan $4,5 miljoen betsjut de Noardamerikaanske opbringst allinnich al in winst fan $54,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Nettsjinsteande alle krityk wie The Blue Lagoon dêrmei in grut kommersjeel súkses, en yn Noard-Amearika sels de op acht nei meast opbringende film fan 1980.

The Blue Lagoon waard yn 1981 nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste kamerarezjy (Néstor Almendros). De film waard ek nominearre foar in Golden Globe for bêste nije manlike stjer fan it jier, foar Christopher Atkins, en in Saturn Award foar bêste fantasyfilm. Fierders waard The Blue Lagoon nominearre foar de Young Artist Award foar bêste famyljefilm, Christopher Atkins foar de Young Artist Award for bêste jonge akteur yn in langspylfilm, en Brooke Shields foar de Young Artist Award for bêste jonge aktrise yn in langspylfilm. Shields 'wûn' de earste Golden Raspberry Award foar minste aktrise. Nettsjinsteande dat fêstige The Blue Lagoon har karriêre as aktrise.

Alve jier nei't The Blue Lagoon makke wie, waard yn 1991 in ferfolchfilm útbrocht: Return to the Blue Lagoon. Yn dy film wurdt loskes it ferhaal wer oppakt dêr't it oan 'e ein fan The Blue Lagoon ophâldt, mei it ferskil dat der foar retroaktive kontinuïteit soarge wurdt troch ienfâldichwei te stellen dat Richard en Emmeline yn 'e roeiboat dochs dea oantroffen waarden.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.