Springe nei ynhâld

Sweden

Ut Wikipedy
Konungariket Sverige
Flagge fan Sweden Wapen fan Sweden
Biedwurd: För Sverige – i tiden
"Foar Sweden - mei de tiid"
Folksliet: Du gamla, du fria1
"Do âlde, do frije"
Keninklik folksliet: Kungssången
Haadstêd Stokholm
Offisjele taal Sweedsk
Offisjele minderheidstaal Finsk
Jiddysk
Romani
Samysk
Tornedelstersk
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
- steatshaad Kening Karel XVI Gustaaf
- regearlieder Ulf Kristersson
Unôfhinklikheid 12e iuw, 1526
Oerflak 447.435 km²[1]
- lân 407.311 km²[1]
- wetter 40.124 km²[1]
Ynwennertal 10.120.242[2] (31-12-2017)
Befolkingstichtens 133,9 ynwenners/km²
Muntienheid Sweedske kroan (SEK)
Tiidsône MET (UTC+1)
- simmertiid MEST (UTC+2)
Nasjonale feestdei 6 juny
Ynternetdomein .se
Telefoan +46
ISO 3166 SE, SWE, 752[3]
1. Du gamla, du fria hat nea it steat fan offisjeel folksliet krigen, mar wurdt wol as sadanich brûkt.

Sweden, offisjeel it Keninkryk Sweden (Sweedsk: Konungariket Sverige), is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. Sweden grinzget oan Finlân en Noarwegen en is troch de Sontbrêge ferbûn mei Denemark. Wat oerflak oanbelanget is Sweden it fyfde grutste lân yn Jeropa. It hat likernôch 10,1 miljoen ynwenners en de haadstêd is Stokholm.

Sweden is in konstitúsjonele monargy mei in parlemintêre demokrasy. It is sûnt 1946 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1995 fan de Jeropeeske Uny en sûnt 2024 lid fan de NAFO. Tegearre mei de oare Skandinavyske lannen foarmet Sweden de Noardske Ried.

Kaart fan Sweden út de 17de iuw.

De Romeinske skiedskriuwer Tasitus wie de earste dy't oer Sweden skreau. Op basis fan de archeologyske fynsten kin sein wurde dat der yn de earste fiif iuwen nei Kristus in soad hannel west hat mei de Romeinen. Om 150 n.Kr. hinne wie Ptoleméus de earste dy't in kaart fan Skandinaavje makke. Yn de twadde iuw ûntstie yn it suden dêrfan it Runeskrift. Om 800 hinne begjint de tiid fan de Wytsingen. De minsken dy't doe yn it súdwesten fan Sweden wennen teagen fierder nei it westen ta, dyjingen dy't sintraal yn Sweden of oan 'e westkust wennen teagen nei it easten ta. Hannelsstêden lykas Birka wiene yn de tiid fan de Wytsingen fan grut belang.

Om 1300 hinne is de tiid fan de Wytsingen foarby en wurdt it lân kristlik. Mei Denemark en Noarwegen foarme Sweden yn 1389 de Uny fan Kalmar. Oan it begjin fan de 16de iuw ferliet Sweden de Uny, wêrnei't it deilis rekke mei Noarwegen en Denemark. De 16de en 17de iuw wiene in bluodderige tiid mei in soad krigen. Sweden wreide syn grûngebiet út en om 1660 hinne besloech dat it hjoeddeistige Sweden, it gebiet fan Finlân oant boppe Koerlân ta, en parten fan it noarden fan Dútslân.

Denemark, Poalen, Saksen en Ruslân setten útein mei de Grutte Noardske Kriich (1700-1721) dy't late ta it ferlies fan grûngebiet fan de grutmacht Sweden. It ferlear de Baltyske steaten en de gebieten besuden de Eastsee. De Grutte Noardske Kriich late ek ta in feroaring yn it hâlden en dragen fan Sweden, wat him oppenearret yn it feit dat Sweden nei 1814 jimmeroan yn elke kriich neutraal bleaun is, ek yn de Twadde Wrâldkriich. Sûnt 1995 is Sweden lykwols al lid fan de Jeropeeske Uny. Sweden hat him op 7 maart 2024 oansletten by de Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje.

Sweden leit yn it noarden fan Jeropa en yn it eastlike part fan it Skandinavysk Skiereilân. It is nei oerflak it fiifde grutste lân yn Jeropa en wurdt begrinzge troch Denemark, Finlân en Noarwegen. De omlizzende wetters binne de Botnyske Golf as part fan de Eastsee, it Skagerrak, it Kattegat en de Sont. It Skandinavysk Heechlân skiedt Sweden fan Noarwegen.

It heechste punt fan Sweden is Kebnekaise mei 2.097 meter boppe seenivo. In sompelân by Kristiansand wurdt mei -2,41 meter beskôge as it leechste punt fan it lân.

Kultureel, geografysk en histoarysk wurdt Sweden opdield yn trije lânsdielen (landsdelar): Norrland, Svealand en Götaland. Dy lânsdielen binne fierder opdield yn 25 saneamde lânskippen (landskap), ek wol histoaryske provinsjes neamd.

Sweden hat hast 96.000 marren grutter as ien hektare, dêr't de twa grutste fan yn it suden fan it lân lizze: de Vänermar (Vänern) en de Vättermar (Vättern). De langste rivier fan Sweden is de Göta älv. De twa grutste eilannen fan it lân binne Gotland en Öland.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Bestjoerlike yndieling fan Sweden.

Sweden hat 21 provinsjes (län): Blekinge, Dalarna, Gotland, Gävleborg, Halland, Jämtland, Jönköping, Kalmar, Kronoberg, Norrbotten, Skåne, Stockholm, Södermanland, Uppsala, Värmland, Västerbotten, Västernorrland, Västmanland, Västra Götaland, Örebro en Östergötland. Elke provinsje hat in eigen bestjoer (länsstyrelse) mei in gûverneur (landshövding).

Foar it regionale en lokale selsbestjoer is Sweden yndield yn 20 provinsjerieden (landsting) en 290 gemeenten (kommuner). Fan de 21 provinsjes is Gotland de iennichste sûnder provinsjeried. Om't dizze provinsje mar út ien gemeente bestiet, hat dy gemeente ek de foegen fan in provinsjeried.

Utsjoch op Nasjonaal park Stora Sjöfallet.

Sweden hat noch relatyf grutte gebieten dy't der noch sûnder wryt of slyt by lizze, benammen yn it noarden fan it lân en yn de berchgebieten oan de grins mei Noarwegen. Bosken beslaan in grut part fan it lân, mei foaral nullebosken yn it noarden en leafbosken nei it suden ta. Yn it uterste noarden giet it lânskip oer yn toendra.

De natuer wurdt yn Sweden troch de oerheid bewarre yn de foarm fan natuerreservaten en nasjonale parken. De natuerreservaten falle ûnder it provinsjebestjoer wylst de nasjonale parken ûnder de ferantwurdlikens fan de sintrale oerheid falle.

It noardwesten fan Sweden makket diel út fan Laplân (Sápmi), it ûnbegrinze wengebiet fan de Samen, de oarspronklike bewenners fan Noard-Skandinaavje. Yn Noard-Sweden binne natuerferskynsels lykas de middernachtsinne en it noarderljocht te sjen.

It klimaat fan Sweden is foar syn geografyske lizzing frij myld. Dat hat foaral te krijen mei de ynfloed fan de Atlantyske Oseaan mei syn waarme Golfstream. Dy soarget it hiele jier troch foar delslach en relatyf lytse temperatuerferskillen tusken simmer en winter yn it grutste part fan it lân. Fierder nei it noardlik heechlân ta binne dy ferskillen grutter en falt der minder delslach. De heechste temperatuer ea yn Sweden waard yn 1947 mjitten, doe't it yn Målilla 38,0 °C waard. It kâldst wie it yn 1966, doe't men yn Vuoggatjålme in temperatuer fan -52,6 °C registrearre.

Op 31 desimber 2017 hie Sweden 10.120.242 ynwenners, 1,3 prosint mear as in jier earder.[4] It hat dêrmei ien fan de fluchst groeiende befolkingen yn Jeropa. It suden fan it lân is oanmerklik tichter befolke as it noarden, en sa'n 85 prosint fan de minsken wennet yn stedske gebieten. De haadstêd Stokholm is mei 1,5 miljoen ynwenners de grutste stêd fan it lân, folge troch Göteborg en Malmö.

It noardlike lânsdiel Norrland, dat likernôch 60 prosint fan it Sweedske grûngebiet beslacht, is mei minder as 5 ynwenners de kante kilometer tige tinbefolke. Yn de bergen en de measte ôfhandige kustgebieten wenje hast gjin minsken. Dochs binne der fierder nei it suden ta ek tinbefolke gebieten, lykas it westen fan Svealand en de midden fan Småland.

De offisjele taal fan Sweden is it Sweedsk, in Noard-Germaanske taal dy't in protte oerienkomsten mei it Deensk en it Noarsk hat. Foar Sweden is it Noarsk oer it algemien frij ienfâldich te ferstean, mar dat jildt net foar it Deensk. It Finsk wurdt fan alle minderheidstalen yn Sweden troch de measte minsken praat, goed 5 prosint fan de Sweedske befolking. Oare erkende talen binne Meänkieli, Samysk, Romani en Jiddysk.

It Sweedsk waard pas op 1 july 2009 troch in nije taalwet de offisjele taal fan Sweden. Earder, yn 2005, waard troch it Sweedske parlemint al in kear stimd oer it foarstel om de taal in offisjele status te jaan, mar dêr wie doe krekt net genôch stipe foar.

Yn 2021 wie 53,9 prosint fan de Sweden lid fan de evangelysk-lutherske Sweedske Tsjerke. Ungefear 2 prosint fan de leden wennet geregeldwei sneinstsjinsten by. De reden foar it hege tal ynaktive leden is dat oant 1996 bern nei harren berte fansels lid waarden as ien fan de âlden ek lid wie. Sûnt dy tiid wurde allinnich doopte bern noch lid. Sa'n 275.000 Sweden binne hjoed de dei lid fan frije evangelyske gemeenten, en troch ymmigraasje binne der op 't heden likernôch 600.000 moslims.

Sweden is in konstitúsjonele monargy, dat wol sizze in monargy mei in monarch as steatshaad dy't beheind is yn syn foegen. Yn Sweden hat er lykwols alhiel gjin politike funksje, net by de formaasje fan it regear en ek net by it ôfkundigjen fan wetten.

It politike systeem fan Sweden is fêstlein yn fjouwer fûnemintele wetten (Sweedsk: grundlagar) dy't mei-inoar de konstitúsje foarmje:

  • Wet op de troanopfolging (successionsordningen) fan 1810
  • Wet op de parsefrijheid (tryckfrihetsförordningen) fan 1949
  • Wet op de regearfoarm (regeringsformen) fan 1974
  • Wet op de frijheid fan mieningsutering (yttrandefrihetsgrundlagen) fan 1991
De plenêre seal fan de Ryksdei, it Sweedske parlemint

Sweden hat in ienkeamerparlemint, de Ryksdei (riksdag), mei 349 ôffurdigen dy't om de fjouwer jier, op de twadde snein fan septimber, ferkeazen wurde. It is lykwols mooglik om it parlemint te ûntbinen en tuskentiidske ferkiezingen út te skriuwen, mar it fêste patroan wurdt dêr net troch ferbrutsen. It is dêrom dat der ek hast nea tuskentiidske ferkiezingen binne. De lêste kear dat dit barde wie yn 2015, en dêrfoar yn 1958.

Alhoewol't yn in protte lannen de parlemintsfoarsitter yn de steatsrjochtlike hierargy ûnder it steatshaad komt, hat er yn Sweden krekt taken dy't yn oare lannen it steatshaad takomme. Sa spilet er in wichtige rol by de regearformaasje. Nei de ferkiezings giet de parlemintsfoarsitter yn petear mei de partijlieders. Hy komt dan op basis fan de ferkiezingsútslach mei in kandidaat foar de funksje fan premier. It parlemint stimt dêr dan oer, en foar akseptaasje is in absolute mearderheid genôch. As in kandidaat fjouwer kear efterinoar net akseptearre wurdt troch de Ryksdei, moatte der binnen trije moanne nije ferkiezingen holden wurde.

Yn it Sweedske regear hat de premier in wichtige funksje. Sa gau't er troch it parlemint ferkeazen is, kiest er sels syn ministers en wiist er harren de ministearjes ta. De premier kin sels ek ministers ûntslaan. As in minister net langer troch it parlemint stipe wurdt, moat er syn funksje dellizze. As de premier om wat foar reden ek opstapt, falt it folsleine regear. De premier en de ministers binne oer it algemien út it parlemint ôfkomstich. Nei harren beneaming yn it regear behâlde hja in parlemintssit, mar harren parlemintêre taken wurde troch in ferfonger waarnommen. Om dy reden hat in minister wol it rjocht om as folksfertsjintwurdiger yn it parlemint it wurd te fieren, mar hat er gjin stimrjocht.

Yn Sweden komt relatyf faak in minderheidsregear foar, in regear dat net de stipe fan de mearderheid fan it parlemint hat. Dat is inkeld in bewuste strategy om de opposysje ynfloed op it regearbelied te jaan.[5]

Regionale en lokale polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op provinsjaal nivo besteane yn Sweden parallelle struktueren. De sintrale steat hat yn de provinsjes útfierende organen (länsstyrelse) dy't ferantwurdlik binne foar sosjale saken en regionale organisaasje. Alle provinsjale organen hawwe in gûverneur (landshövding) dy't troch it regear foar in tiidrek fan seis jier beneamd wurdt.

Sawol de provinsjes as de gemeenten hawwe harren eigen ferkeazen rieden en bestjoeren dy't oer in protte autonomy beskikke. Der binne 20 provinsjale parleminten (landsting), dy't yn de measte gefallen de ynwenners fan de oangeande provinsje fertsjintwurdigje. Fanwegen it grutte ynwennertal nimt de provinsje Stokholm in aparte posysje yn. Yn alle 290 gemeenten is der in gemeenteried dy't in gemeentebestjoer kiest.[5]

Sweden is in typysk útfierlân mei in neokapitalistyske ekonomy. De produkten hout, izererts en wetterkrêftenerzjy foarmje de basis fan in ekonomy dy't him foaral op de ynternasjonale hannel rjochtet. Sweden is it sânde rykste lân fan de wrâld wat BYP (Bruto Ynlânsk Produkt) de persoan oanbelanget, en de libbensstandert is der heech.

Lofthaven Stokholm-Arlanda út de loft wei

It Sweedske wegenet hat in lingte fan 214.800 kilometer, dêr't 2.145 kilometer fan autodiken binne.[6] Ien fan dy autodiken leit oer de Sontbrêge dy't Sweden mei Denemarken ferbynt. Oant 1967 waard yn Sweden oan de lofterkant riden. De dei fan de oergong nei it riden oan de rjochterkant wurdt Dagen H neamd.

De grutste lofthaven fan Sweden is Stokholm-Arlanda, dêr't yn 2017 mear as 26 miljoen passazjiers ferwurke waarden. Oare wichtige fleanfjilden binne Göteborg-Landvetter mei 6,7 miljoen passazjiers yn 2017 en Stockholm-Skavsta mei 2 miljoen passazjiers yn 2016. In protte minsken yn it suden fan Sweden meitsje lykwols gebrûk fan de lofthaven fan Kopenhagen, om't dy meastentiids tichterby is.

Sweden hat de twa grutste havenbedriuwen fan Skandinaavje: Port of Göteborg AB en Copenhagen Malmö Port AB.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Land and water area in square kilometer by region, type of area and year. Statistiska centralbyrån. Rieplachte op 1 maart 2018.
  2. Befolkningsstatistik - Nyckeltal för Sverige. Statistiska centralbyrån. Rieplachte op 1 maart 2018.
  3. Online Browsing Platform - Sweden. International Organization for Standardization. Rieplachte op 1 maart 2018.
  4. Definitive population statistics 2017. Statistiska centralbyrån. Rieplachte op 28 febrewaris 2018.
  5. 5,0 5,1 Kiesstelsel Zweden 2014. ProDemos. Rieplachte op 1 maart 2018.
  6. Sveriges vägnät. Trafikverket. Rieplachte op 28 febrewaris 2018.

Provinsjes fan Sweden Flagge fan Sweden
BlekingeDalarnaGotlandGävleborgHallandJämtlandJönköpingKalmarKronobergNorrbottenSkåneStockholmSödermanlandUppsalaVärmlandVästerbottenVästernorrlandVästmanlandVästra GötalandÖrebroÖstergötland
· · Berjocht bewurkje
Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje
Noardske Ried Flagge fan de Noardske Ried
Lannen:
Flagge fan Denemark DenemarkFlagge fan Finlân FinlânFlagge fan Yslân YslânFlagge fan Noarwegen NoarwegenFlagge fan Sweden Sweden
Autonome gebieten:
Flagge fan de Ålâneilannen ÅlâneilannenFlagge fan de Fêreu-eilannen Fêreu-eilannenFlagge fan Grienlân Grienlân
· · Berjocht bewurkje