Sweedske kroan

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Sweedske kroan (Sweedsk: svensk krona; mearfâld: svenska kronor; teken: kr; koade: SEK) is sûnt 1873 de muntienheid fan Sweden.

Ien kroan bestiet út 100 öre, alhoewol't de öre-munten sûnt 30 septimber 2010 net mear brûkt wurde. Produkten kinne noch hieltyd oanjûn wurde yn öre, mar de bedragen wurde by kontante betelling op hiele kroanen ôfrûne.

It muntjild is beskikber yn 1, 2, 5 en 10 kroanen en de biljetten binne beskikber yn 20, 50, 100, 200, 500 en 1.000 kroanen.

Sûnt 1995 makket Sweden diel út fan de Jeropeeske Uny, mar op basis fan de útslach fan in referindum oer de ynfiering fan de euro yn 2003 waard besletten om de kroan te behâlden.