Tornedelstersk
Appearance
(Trochferwiisd fan Meänkieli)
Tornedelstersk | ||
algemien | ||
eigen namme | meänkieli | |
lânseigen yn | Sweden en Finlân | |
tal sprekkers | 60.000 (1997-2009) | |
skrift | Latynsk | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Oeraalsk ● Eastseefinsk ● Finsk ● Meänkieli | |
erkenning as minderheidstaal |
Sweden | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | fit |
It Tornedelstersk (Tornedelstersk: meänkieli; letterlik: "ús taal") is in Finsk-Oegryske taal dy't yn de Tornedelling (Tornedalen) yn it uterste noarden fan Sweden sprutsen wurdt. Alhoewol't taalkundigen Meänkieli as in dialekt fan it Finsk beskôgje, is it sûnt 2000 in offisjele minderheidstaal yn Sweden. Yn it ferline waard de taal yn it Sweedsk tornedalfinska (Tornedellingfinsk) neamd.
Yn ferlyk mei it Standertfinsk is it Tornedelstersk dúdlik te ûnderskieden troch it ûntbrekken fan 19de- en 20ste-iuwske ûntwikkelings fan it Finsk. Meänkieli hat boppedat in protte lienwurden út it Sweedsk yn de deistige omgong.