Göta älv

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Rin fan de Göta älv

De Göta älv is in Sweedske (kanalisearre) rivier yn de regio Götaland dy't it wetter fan de Vänermar yn it Kattegat en de Noardsee ôffiert.

De Göta älv mûnet by Göteborg oan de westkust fan Sweden yn it Kattegat út. Yn de omkriten fan de rivier wie yn it ferline in delsetting fan de Gauten. It Bohus Fort fan dy delsetting oan de rivier leit op de hichte fan de stêd Kungälv. Op dat plak spjalt de rivier him yn twaën; de noardlike stream hjit de Nördre älv en de súdlike hâldt de namme Göta älv.

By Trollhättan leit de Trollhättefallen en is yn de rivier in keardaam oanlein mei sluzen anneks en twa wetterkrêftsintrales om enerzjy op te wekjen. De sluzen meitsje dat de rivier befarber is. It keunstmjitige part hjit Trollhättekanaal. De Göta älv en it Trollhättekanaal foarmje tegearre it Götakanaal dat oer de Vänermar en de Vättermar dwers troch it suden fan Sweden rint en sadwaande it Kattegat mei de Eastsee ferbynt.

De wetterkrêftsintrale levere enerzjy oan de swiere stielyndustry yn Trollhättan en levere dêrmei in bydrage oan de yndustriële revolúsje fan dy kontreien. Yn de simmermoannen wurde de sluzen in pear minuten deis iepenset foar de toeristen.

Lâns de rivier bestiet in kâns op ierdferskowingen. Der binne 15 fan bekend yn de skiednis. De grutste wiene in de jierren 1150, 1648, 1950 en 1957.