Lânsdielen fan Sweden

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De trije lânsdielen fan Sweden

Sweden kin yndield wurde yn trije lânsdielen: Götaland, Svealand en Norrland. Dizze lânsdielen omfette saneamde lânskippen, ek wol histoaryske provinsjes neamd, mar ha gjin bestjoerlike funksje. Dochs wurde de lânsdielen yn de deistige omgong wol brûkt, bygelyks yn waarberjochten.

Götaland is wat sawol oerflak as ynwennertal oanbelanget it grutste lânsdiel fan Sweden. It beslacht 97.841 km² en der wenje 4.776.001 minsken. Mei in oerflak fan 91.098 km² en 4.044.083 ynwenners is Svealand krekt wat lytser. It lânsdiel wêr't de minste minsken wenje is Norrland (1.175.039), mar it beslacht mei 261.292 km² wol fierwei it grutste gebiet.

Besjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]