Landsting (Sweden)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Yn Sweden is in landsting (mearfâld ek landsting) in selsbestjoerend oerheidslichem op it nivo fan de provinsjes. De landsting binne ferantwurdlik foar saken dêr't gemeenten te lyts foar binne, lykas it regeljen fan de sûnenssoarch en it iepenbier ferfier. In oar wurd dat gauris foar landsting brûkt wurdt is sekundêre gemeente, om oan te jaan dat de bestjoerstaken ferskille fan gewoane (primêre) gemeenten.

Op 1 jannewaris 1999 waarden de foegen fan de landsting yn de provinsjes Skåne län en Västra Götalands län útwreide, wêrnei't dy omneamd waarden ta regio's. Deselde feroaring ûndergie de landsting yn Hallands län yn 2011, en fan 2015 ôf barde dat yn nochris sân provinsjes. De benamming 'regio' is lykwols net offisjeel, want op papier binne de regio's noch hieltyd landsting.

Fan de 21 provinsjes is Gotlands län de iennichste sûnder landsting. Om't dizze provinsje mar út ien gemeente bestiet, hat dy gemeente ek de foegen fan in landsting.